Mei Abraham fûstkje
(1969)–Anne Wadman– Auteursrechtelijk beschermd13Op bls. 84 fan ‘De Friezen en hun taal’ jowt Drs. L. Pietersen sifermateriael oer de forkeap fan Fryske boeken; ek yn forgeliking ta de Hollânse. Ik wol syn materiael noch syn konklúzjes net graech bistride. Mar neffens my hie it noch wol justjes konkreter kinnen. As oanfulling jow ik dêrom it folgjende. Nei de formelding dat Abe Brouwer syn ‘Gouden Swipe’ en Van Houten syn ‘Haitze Holwerda’ oer ‘tientallen jaren’ in oplage hellen fan resp. 23.000 en goed 10.000 (der hie noch by stean kinnen dat yn dy tientallen jaren ek de oarlochsjierren bitrutsen wiene, dy't troch mear as ien oarsaek tige lês-intensyf wiene), dielt P. mei: ‘Van de laatste jaren dateren “De smearlappen” van Anne Wadman (7000 exemplaren in zo'n drie à vier jaren - interessante vergelijking: de Nederlandse vertaling van dit werk bracht het in een paar jaren tot 30.000 exemplaren -) en in bijna dezelfde orde van grootte “Fabryk” van Trinus Riemersma.’ In telefoantsje mei my hie hwat ‘De smearlappen’ oangiet eksaktere gegevens opleverje kinnen. Hjir de forkeapsifers oer de earste 5 jierren (in jier bislacht hjir iderkear de 2de helte fan it iene jier plus de earste helte van it folgjende. It boek is forskynd yn okt. 1963): 5050 -1793 - 375 - 206 - 151 (2de hj. '68): 170. Nei 4 jier wie dat dus: 7424; nei 5 1/2 jier: 7745. Pietersen's sifer is justjes oan 'e lege kant. Teffens blykt, dat nei 2 jier de ‘groeikrêft’ der út is, mar dat de forkeap dêrnei, op in folle leger nivo fan tusken 150 en 375, frij konstant bliuwt. Hwat de Hollânse útjefte oanbilanget, dy helle yn 4 jier (hjir kalinderjierren rekkene fan 1965 ou): 15644 - 6934 - 4209 - 2891 (in ‘moaije’ konstante daling dus), mei in totael fan 29678, hwat mei Pietersen syn opjefte wol wer kloppet. Ik soe net graech ûnder de fortinking stean, dat ik it Trinus Riemersma en syn útjowers net gun, mar it ‘bijna dezelfde orde van grootte’ | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 89]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
kloppet yn alle gefal net mei gegevens dy't ik in pear jier lyn krige haw (Fryske ‘Fabryk’ tusken 4 en 5000, Hollânse tusken 1 en 2000; mar dat kin nou ûndertusken heger oproun wêze). Yn alle gefallen hie Pietersen hjir wol justjes eksakter wêze kinnen. Om't ik nou dochs dwaende bin, hjirûnder in oersjoch fan de hele boel sûnt ‘Yn 'e lytse loege’:
Foarsichtige konklúzje: fóár de Smearlappen nei 3 jier, sels yn 'e Fryske Bibleteek noch (lang) gjin 2000 eks. Nei de Smearlappen (yn dy har sok mei?) noch rojael boppe de 2500 mei ien boek; it folgjende sakket al, hellet yn 2 1/2 jier gjin 1600. En ‘De Feestgongers’ sille sa't it him oansjen lit, itselde byld jaen: nei 1 jier in 1200 eks. Ougeande line dus. Hwerby't ik opmerke moat, dat de konkurrinsje mei oaren (Riemersma, Van der Velde) hjir mooglik in rol spylje kinne soe. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 90]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Foar de folledichheit ek even de sifers fan de Hollânse útjeften:
Ja, ik haw wòl foargoed in goede profeet west, doe't ik yn nov. '63 tsjin Freark Dam sei: ‘sa lekker as mei “De Smearlappen” wurdt it noait wer’. Achteroubisjoen - en de hjir-bin-ik-jubeltoan fan dat interview leit der tsjûgenis fan ou - hawwe dat dochs wol myn grutte jierren west. Dêr helpt gjin wurkbeurs oan. En nou oer héél hwat oars. |