| |
12
(1969). Ik rin noch allegeduerigen tsjin lju oan dy't my as dichter wakker au sérieux nimme. Dêr sit hwat yn - men kin nou ienris net al jins misse setten út it forline yn it Neat fordwine litte. Miskien hawwe se ek net helendal ûngelyk. It ‘fonkje’, leau ik, wie der wol, mar ik haw dochs mear in ferskemakker west as in dichter - as jo bigripe hoe't ik dat bidoel en sa net, ik bidoel foar in dichterskip is in libbenswize nedich: in absolútheit, in kosmise thrill of hoe't je 't neame wolle; net in fonk, mar in flam; in totaliteit; foar in ferskemakker is neat oars nedich as hwat wurdgefoelichheit, hwat technys ynsjoch en eventuëel hwat idelheit. Myn measte fersen binne ferskemakkerij en ik leau der net mear yn, às ik der oait yn leaud haw - dat jildt dan foaral dat forflokte, yn 2 miljoen eksemplaren printe en dus op alle Fryske boeketafels en -merken oant it jier 2097 ta foar f 1,50 etalearre boekje ‘Op koart front’ - ‘Fan tsien wâllen’, printe yn 3 miljoen stiks en sadwaende yn it jier 2173 noch op 'e frije merk foar 1 goune to bisetten, is technys en kompositoarys better, mar moat it dochs ek binammen ha fan in firtuoze technyk en yn minder mjitte fan postpubertaire, foar in grut part erotise
| |
| |
skoaljongesoergeioelichheit(al hat nimmen, sels Fedde Schurer net oan hwa't it opdroegen wie, my oait frege hwat ik bidoelde mei ‘spermatike fleagen’). As it net sa'n tiid en jild koste, kocht ik alle noch to krijen èn alle kochte eksemplaren op en forbrânde se. As it net sa'n grut wurd wie, soe ik oeral bikend meitsje litte: Ik erken se net mear. Wolle jo my folgje?
Doe kaem, as ousluting, yn 1949 dat boek ‘Frieslands Dichters’, dêr't de fortalingen, foaral dy fan my, net bêst fan binne (to pynlik, to letterlik, to binaud en pitepeuterich), dêr't de ynlieding fan troch gâns lju as in monumentael stik proaza sjoen waerd, mar, mei alle rjocht, troch Dr. R. Wiarda kreake is, en dêr't ik, it forwyt is fan nimmen minder as Jan Piebenga, to folle fan myn eigen dichtwurk yn opnommem haw (en neat fan sinen, mar dat hat er der net bysein; it wie, alteast foar my, ûnfortaelber). Dit forwyt is, leave lêzer - nou't ik ienris mysels dochs sa lekker oan it leechlizzen bin en myn démoed gjin grinzen ken - rjochtfeardige. Ik haw allinne in foech ekskús. Ik haw mysels sa rom fortsjintwurdige omdat ik doe, yn 1948-'49, foar de poëzij, ek de Fryske gjin oare takomst - en foar de bondel sels gjin oar slotakkoard seach as dizze út de Forum- en Podiumkôkpot oukomstige handige, mar guodkeape en ûndjippe gebrûkslyryk, dêr't ik doe yn Fryslân de meast ‘markante’ fortsjintwurdiger fan wie en dy't foar myn gefoel doe in modernistise, dúdlik út de impressionistise gealyryk weispringende toan joech, dêr't ‘wy’ ús mei bûten Fryslân ‘forkeapje koene’. It koe doe noch krèkt - en sa bisjoen hat ‘Frieslands Dichters’ in moaije ousluting west fan it ‘tonale’ tydrek. It hat miskien dom fan my west, dat ik doe noch net seach dat de poëzij, binammen dy yn Hollân, binnen ien of twa jier in kwartslach òm meitsje soe. Mar ‘Blurb’ is fan 1950-'51 en ‘Atonaal’ fan '51, dat ik kóé it doe ek noch net witte. Alhoewel, yn '46 al keas ik forwoeden foar Podium en tsjin Het Woord, fan Gerard Diels c.s. dy't mei de lettere eksperimentélen mear forbining hiene as de Podiumanen. Ik haw doe, al blomlêzende, heel biwust tocht: Ik doch der in fikse fluts fan dàt by. Nou't ik it noch efkes neigean, falt it mei de wanforhâlding ek noch ta: G.N. Visser 8
| |
| |
fersen, D.A. Tamminga 11, Sjoerd Spanninga 10, Freark Dam 6 en iksels 8. Neffens de kwaliteit roait it net, neffens de kwantiteit (doe) skilt it net alles.
De fersen dy't ik neitiid skreaun haw binne sahwat hàst op 'e fingers fan 2 hannen to tellen. Foar de aerdichheit, om't alle sûnden nou dochs foar 't ljocht komme, haw ik se hjirboppe ta in boeketsje gearboun ûnder in oan Rely Jorritsma ûntliende titel. De jiertallen binne tekenjend, tocht ik. Yn 1948-'51 noch de firtuoze maklikheit út 'e skoalle fan Greshoff en Van Nijlen, en it jier dêrnei noch in soarte opflakkering dêr't in héél lyts fonkje fan it nije yn knettert (mar ek wer to folle de doe al 12 jier deade Marsman), mar dy't it stjerproses net ûnaerdich werjowt. Gjin kâns op earherstel. Mar kwalitatyf tinkt my, al rymt it meastal noch as it slydjaget, dochs justjes better as it foarige. Sûnt dat jier, leave lêzer, biheart myn libben net mear oan de poëzij, as it dat ea dien hat. En dy't my as Frysk Dichter yn eare hâlde wol (hwant earlik, ik koe it noch altyd stikken better as Waling Dykstra en Hjerre Gjerrits van der Veen), wês sa goed en biskôgje dizze ‘skrale eker’ as myn úteinlike en foarlopich definitive dichterlike neilittenskip. Al it oare mei wei. Gráéch sels. En as jo wolle, dit ek. Hwant it klinkt my iderkear retoariser yn 'e earen.
(1969). Ik kin my yntinke, leave moedige lêzer, dat dizze einleaze rige selsoanklachten, selsûntkenningen, selsbiskuldigingen, selsfornederingen, selsfrustraesjes dêr't ik sa'n wurd om siz - en wy hawwe de ein noch net bisyld, wy binne amper op 'e helte - jo in kromke fortocht en tofolle fan it goede foarkomt. Biskiedenheit is in moaije deugd, mar it kin ek to gek wurde. En ik freegje my ynmoedich ou: hwat yn 'e fredesnamme mei dit dochs wêze? In foarm fan ekshibisionistise idelheit? Fiskje om kompliminten? Driuw om krityk foàr to wêzen? Langst nei meilijen en masochisme? Of is it miskien altyd sa'n yntryste boel as immen tobekskôget op it ouleine libbenspaed en him rekkenskip jowt fan bihelle plussen en minnen?
En wie ik nou noch fan hûs út in ûngelokkich mins, of immen
| |
| |
dy't altyd fan pech achterfolge waerd, in outcast, in tokoartdiene of in brokkepiloat. Mar ik haw nettsjinsteande alle flaters en misse setten in leave, skrandere en aktive frou en trije soune kringen fan bern, in reedlike lichaemlike kondysje, al koe 't mei minder kilo's ta, in goedboud eigen hûs, in snelle auto, in feilige fêste baen, in salaris fan alles mei alles mei ynbigrepen 40 myl, in geskikte baes, in lytse mar stabile freonerounte. Ik bin lid fan de P.v.d.A., fan de Vereniging van Letterkundigen en de Pen-club en it Genootschap (even opsykje) van Leraren aan Nederlandse Gymnasia, Lycea en Athenea (neutrael) en de N.S.V.H. en de Konsumentengids en de Rotary en de Kulturele Ried fan de gemeente Snits en de Raad voor de Kunst helendal yn Den Haech en fan it bistjûr fan Jeugd en Muziek Snits, it komité Keamermuzykfreonen en it komité Tsjerkekonserten en konsertmaster fan it Frysk Keamerorkest en lid ek noch fan de Fryske Akademy en de Maatschappij van Letterkunde en bigoediger fan it kankerfûns, in Helpkomité foar earme minsken fierfuort, it Frysk Orkest, de Ried fan de Fryske Biweging, it Fryske Berneboek, it Underwiisfûns foar de Fryske tael en noch in heel soad girostrookjes. Ik stean yn de W.P. en de Oosthoek en yn de Encyclopedie van Friesland en ik kom yn in geheimsinnich boekje fan Theun de Vries en Adriaan van der Veen skriuwt elk jier sahwat in hele pagina N.R.C, oer my fol, en hjir hawwe journalistike lju oer de flier west fan de Nieuwe Linie en de Telegraaf en it Algemeen Dagblad, der Clercken Cronycke, de Vara, de Vpro, de Ncrv en De Tsjerne, en ik krij brieven mei lof fan âldere dames op jierren en brieven mei skripsyfragen fan learlingen fan Kweek- en Detailhannelsfakskoallen, en ik hâld fan lêzen en fan lesjaen en fan túnkjen en fan de geit en de kat en de knyn en de goudfisk en fan myn buorfrou, ik help wolris sosiael minder bifoarrjochten in hantsje by de wâl op, ik haw in eigen wurkkeamer mei in eigen terras en in eigen stretchbêd en in elektrise skear- en in elektrise skriuwmasine en ik haw hwat jild op 'e sparbank en effekten fan ús heit urven ek noch, û.o. 3 pst. Nederlands Oost-Indië 1937, dêr't Soeharto noch altyd rinte fan bitellet. Mar elke kear as ik my dizze dagen (hwant it
| |
| |
Boek sìl ou, ik haw it Freark Laverman tasein en Douwe Tammlinga rekkent der nou ek op, en ik ha der in departemintale wurkbeurs fan Klompé en bysûnder forlof fan Rasterhoff foar krige, en se binne allegear like aerdich foar my en myn frou wol de finansiële klap wol mei opheine troch ouwaskjen en bitsjinjen yn kantines en kaffetaria's, mar dat haw ik noch keare kinnen) fordjipje yn papieren, brieven, dossiers en knipsels, komt der in fielen fan jammer en ellinde oer my, in soarte fan Sartriaense nausée. G.K. Van het Reve mocht wolle dat er safolle reden ta fortriet hie. Tat Twam Asi, dat bistou, siz ik easters-filosofys tsjin mysels, of leaver: wiestou. Mar it is net sentimenteel, net grappich, net fortederjend, it is allinne mar tryst, jassus hwat in rotsfear, hwat in rotmentaliteit, hwat in rotstik, hwat in rotwaer, hwat in rottiid. Hwat in rotfint. Even sykhelje, freonen.
Goedbisjoen hat er altyd al mei ‘mingde gefoelens’ en wjersin nei himsels weromsjoen. Hwerom hat er nei 1948 noait wer in bledside Fioele en Faem ynsjoen, hwerom hat er nei dat iene fan Kees Fens fortrape Vestdijk-boekje noait in twadde boekje mei kritiken gearstald, hwerom hat er it plan foar oersetting fan Fryske forhalen by Bruna farre litten, en kin er al dy rare boekjes út it forline - fersebundeltsjes, reedridderkes en ferslearen - allinne mei wearze lizzen en stean sjen, hwerom lizze sels smearlappen en labbekakken en bjinses en duvels en feestgongers sa fier achter him, dat erchtinken him bikrûpt as er mar oer 't skouder werom sjocht, en hwerom slacht nearens him tomjitte as er yn al dy tûzenen knipsels fan en oer himsels en oaren omsneupt en al dy brieven wer trochblêddet dy't er oaren en dy't oaren him skreauwen. Hwerom dat allegearre en noch folle mear dat er net allegear opwaeije litte wol, mar dat him it skamterea nei de kaken jaget?
Hy hat - en dêr litte wy it dan ynearsten mar by, leave taeije hoekhâldende lêzer - in aerdige kast fol boeken publisearre, hy kin der yn alle oprjochtheit oan tafoegje, dat er him net miskend fielt, dat er oer bilangstelling en erkenning net to kleijen hat en dat ek de Hollânse publisiteitsmedia him yn syn roerige jierren 1963-'64 lang net yn 'e kjeld stean litten hawwe - en dat
| |
| |
alles wylst er yn syn jeugd noch yn syn puberteit noch letter ek mar ien kear tocht hat dat er it, om sa to sizzen, ‘safierbringe soe’ om't elke opstiging fan datoangeande prompt en effektyf bistriden waerd fan op 'e loer lizzende minderweardichheitskompleksen. En as dàn it biskôgjen fan eigen sichtbere neilittenskip oan papier en printletters yn histoarys perspektyf sa'n fielen fan ûneindige trystens opropt, dan is der hwat skééf. Dan is óf de oars net iens sa grutte earsucht grutter as de formogens, of hat goddomme dy frekte Piter Wybenga doch noch gelyk hawn mei syn ‘krekt ien diminsje minder’ òf hat it wer ris bliken dien dat de Tate fan Mem Fryslân net streksum genôch is om fan in lyts talint in grut to meitsjen.
Der komt trouwens gjin ein oan de problemen. Nim bygelyks it fraechpetear dat Tiny Mulder mei my hawn hat en dat to finen is yn De Tsjerne, jannewaris 1967. Twa dingen springe my dan yn 't each. It earste is, dat ik mysels hjir allerhande dingen sizzen sjoch dêr't ik my net fan tobinnenbringe kin dat ik se doe sein haw, dêr't ik my net fan foarstelle kin dat ik se oait sein haw of sizze kinne soe of sein hawwe kinne sil. Dat kin dan lizze oan myn min ûnthâld, hwant Tiny hie har bânopnimmersdinges mei-nommen en dêr sil it fêst allegear op stien hawwe, safolle bitrouwen hab ik wol yn har en de technyk. It kin ek hjir oan lizze, dat ik doe, 3 jier lyn, wekkerder, opmyniepenster, pynterder, miskien sels skerpsinniger west haw as ik nou tink dat ik nou bin of doe wie, en dat pleitet dan foar my, of tsjin my, en it is ek mooglik dat Tiny har slachtoffers ta in steat fan ûnbigryplike clairvoyance opdriuwe kin mei har fragen en har persoanlikheit, en dat pleitet dan foar har.
En it twadde is, en dat snijt folle djipper yn siel en fleis, dat sij konstatearret dat ik sa faek sein haw (siz): Dat sil 't wol. 't Koe wol sa wêze. Miskien wol. Ik soe 't sa net sizze kinne. Dêr haw ik noch noait oer neitocht. Dat wit ik net sa krekt. Miskien hast wol gelyk. Hwat se dan eufemistys omskriuwt as: ‘hoe foarsichtich as er formulearret, hoefolle slaggen oft er om 'e earmtakke hâldt, as it oer himsels en syn eigen wurk giet.’
Ik leau (ik bin bang), dat se gelyk hat. It stiet trouwens op 'e
| |
| |
bân en dy lycht net. Mar it is wol pynlik. Ik soe sa fordomde graech wis fan myn saekjes wêze, lykas langer elkenien, yn polityk ,wittenskip, kunst, erotyk en iepenbiere omgong.
It leit jin lam. It bitsjut: net meidwaen kinne oan bygelyks al dy reboeljes en opskuorren, rellen, skandalen, revolúsjes en iepenbiere oanklachten en knokkerijen en publisiteiten en grutte bekken. Heelhwat loftse idéen binne my fan herten sympathyk, ja út 'e siel grypt, mar as se it ta kreet brocht hawwe, en dat dogge se allegear, hwant de wrâld is stiiffol kréative kreetmakkers, en ik moat der foar de dyk op, dan tink ik: Weg weze, mijn naam is haas. Dan bikrûpt my twivel en ûnmacht en ik fiel my lyts en lef en skurf en rjochts.
Ik haw in kearmannich meiroun yn in fredesdemonstraesje en ek echt wol fan herten, om't ik de polityk fan Amiearika yn Vietnam forkeard en funest en boppe-al útsichtloas achtsje. Mar Johnson - Moardner soe ik mei al myn goede wil net oer myn lippen krije kinne, ek al koe ik der in Wapenstilstân of in Nobelpriis mei fortsjinje. Sokken kinne se fansels niks mei. It is in foarm fan lamlullichheit dy't him deftich fortale lit yn relativisme. Mar mei relativisme birikke wy niks. De parlementaire wei rint dea. Ynspraek moat der wêze. Strjitstiennen en barrikades en molotovkokteels en polysjes peste, dat giet der mei. Ik wit it allegear wol hoe nedich as it gesach nei de miter moat en de kapitalistise ekonomy kapot, en myn hert is mei harren dy't der nei stribje en libje en demonstrearje mei burd en hier en transpiraesjegeur en al, en ik hoopje dat Gods genede ek mei harren is, mar ik tink: Och leave Jezus, hwat jutte se harsels en elkoar op, hwat blaze se heech fan 'e toer, de krete-makkers, de skilderij-makkers, de seksboekjemakkers, de aktuële-muzykmakkers en al dat diskussiëarjende, protestearjende en provosearjende folkje. Al dy roppers en skoppers, foar iepenheit en ynspraek en kunstbilied en meisizzenskip en tsjin establishment en tsjin de reginten en de polysjes en de bazen en de ûnderbazen en de ûnderûnderbazen en tsjin de universiteit en de Akademy en de stavering en de Tsjerne. Lang libje Fidel en Dubcek en Theodorakis. It giet allegear om hwat goeds. Ik kin it allegear wol
| |
| |
ynsjen en ik bin ek echt net to biroerd om in poat út to stekken. Der is in heel soad yn 'e wrâld dat skeef sit en better kin. En dêr binne tûzenen alle dagen foar yn 't spier, ministers en maetskiplike wurksters, keamerleden, monteurs en nutsbistjûrders, boargemasters en boppemasters, sosialisten en sa stadichoan, al hat it 50 jier duorre, ek net-sosialisten, sels pausen en professoren en fakbounsbistjûrders en jeugdlieders en polysjes en reklassearingsamtners en offisieren b.d. en fan justysje en wegewachten en fûgelwachten, iisklubbistjûrders en Feijenoord-supporters, sakelju en strjitmakkers, atoomgelearden en skoarstienreagers, se binne by tûzenen, ja mondiael bisjoen by miljoenjen, tink ris oan al dy miljarden Chinezen, allegear alle dagen weroan alle wiken 44 ûren of langer yn 't spier.
En der bart noch làng net genôch, dat wit ik wol. It soe better en moaijer en hurder moatte en kinne, en om dat sa fier to krijen binne dan wer oare lju dei en nacht yn 't spier, Den Uyl en Van Mierlo en Lankhorst en Biesheuvel en Jurgens. En dêrom fordom ik it om by foarrie en út prinsipe, út namme fan Marx of Marcuse, al dy lju dy't sa hurd en sa goed net kinne as se wolle of as ik wol of as in oar wol, to biskuldigjen fan kweade trou, fan tsjinkearen en machtswellust en reginte-mentaliteit en rjochtsheit en fascisme. Ik bidoel, ik haw it smoar oan dy godferdommese emosionéle iensidichheit, dat maklik oardieljen, dat absolutisme, dat bispotlik meitsjen en hunen, dat skoppen om 'e lol fan it skoppen, it folslein ûntbrekken fan relativearjen, selsirony en distânsje. Moai sein, dat wol, mar it bringt my ûnherroplik yn it rjochts-ekstremistys fordomhoekje by Koekoek en Von Thadden.
Hjoed (5 septimber) wer sa'n dei dat alles op je oukomt; nim allinne al de moarnspost. VN bringt in SEKS-nûmer. Krekt as je tinke, dat wy nou lang om let mei de seks sa njonkelytsen en út 'en rûgen sahwat klear binne, 20 grutte fynbisniene pagina's oer seks. It praten, freegjen en skriuwen oer seks wurdt bilangriker as de seks-sels. De seks-revolúsje moat net ouwachte, net makke, mar preke wurde. It is allegear alibi fan lju dy't wol graech wolle soene, mar net doare; dy't yn har hert wol graech wolle
| |
| |
soene, dat alle oare lju neaken op 'e strjitten rounen to pearjen en kohabitearjen en masturbearjen en alles hwat der op dit rykforsjoene mêd mear to forsieren falt. Mar sels bigjinne, né. In òar moat bigjinne en leafst ûnder it mom fan Kunst, yn toniel, opera of mjoezekel. As 't mar Kunst is, kin 't alles lije. Mar as dizze lju dan sa foar de seksuéle revolúsje binne, hwerom lûke se dan de konsekwinsjes net, troch ynpleats fan pyntere stikjes to skriuwen sels lûdop de seks-kou by de hoarnen to pakken, neaken to rinnen, to mastu-kohabitearjen etcetera. Dêr is moed foar noadich, mar my tinkt, dizze papieren pioniers moasten offers, fleislike, foar har idéael en takomstprojeksje oerha, har arrestearje, opslute, oulûke, kastrearje en martelje litte. Boppedat, sa lang as it in lyts ploechje is, kin de oerheit der mei oerfalweinen en waerme tekkens noch tsjin agearje, as echte rjochtsekstremistise konservativen, mar as tûzenen en tûzenen fan dy seksjonges en -famkes tagelyk en as ien MAN de taboedoarren forsearren en tûzenkoppich neaken it Leidsepleinsirkwy rounfleagen en de omstanders diene ek spontaen mei en dat waerd dêr ien tûzenkoppich lustpark fan seks en neakenheit, dan soe ús hele wet op 'e iepenbiere seedlikheit machteloas en lam yn syn himd stean, hwant hwer berget men al dy lju en hwa sil al dy lju oanpakke? 90 pst. fan it polysjekorps soe ommers mar al to graech de ryksfodden fan 'e lea strûpe en meidwaen. En hwerom soe boargemaster Samkalden him dan ousidich hâlde?
Ik bidoel: as elkenien it ècht wol, as it dêr dan dochs hinnemoat (en myn iepenheit en frijheitssin en langst nei in Lokkige Ludike Minskemienskip is grut genôch om eksplisyt fêst to stellen, dat dat de iennichste konsekwinte ein fan dit bigjin wêze kin), hwerom dògge dy jonges dat dan net?
Dat wie dan it seks-nûmer fan VN. De Miedema-tsjerkeboade dy't Trotwaer hjit, bringt û.o. in nije oanfal, nou yn 'e offisiële stavering, fan Fryslâns bikendste krete-bakker Trinus Riemersma, dy't wer ris tsjin de Akademy to kear giet. Hy blaest him út alle naden fan gewichtichheit. Hwant fordomd: Trinus wit àlles je kinne 't sa raer net bitinke, hy wit it, kin him yn eltsenien forpleatse, ken de smoarge hoeken yn 'e skurve siel fan Douwe
| |
| |
Tamminga krekt likegoed as de breidene boarstrokken fan juffer Tony Feitsma of Frou Rienks-Wallinga. Gjin geheim is him feilich en/of hillich. En de foarstanders fan de bisteande stavering: smearlapperij en kweade trou. En fansels bringt de post it deistige pak papier, tusken de 5 en de 6 kilo, fan de Ried foar de Kunst, dy't ynienen yn opspraek kommen as it toppunt fan de estebbelisjment, yn masochistise wanhoop alle kreten oait tsjin him ynbrocht, yn aparte periodiken gearbringt. Dan is der noch in troukaertsje fan in pear dêr't ik helendal net fòar bin, om't ik it nei trije moanne speak rinnen sjoch en hwat sille se dan biwege. En De Tsjerne - frek hwer is De Tsjerne? De Tsjerne is fan 'e moarn net kommen. Der moat hwat oan 'e hân wêze. Hy wie sa trou en je koenen huzen op him bouwe en Inne de Jong soarge altyd foar in dierber wurd fan treast en Durk van der Ploeg stie altyd klear mei in nij Frysk wurd dat noch yn gjin wurdboek to finen wie en Sjoerd Spanninga jubele altyd pagina's fol rym en ûnrym en dan net to forjitten de fêste kronyk fan Onno Harmens Sytstra. Hwat sille wy him misse, de goede trouwe âlde Tsjerne. Mar gelokkich is der dan nou it boek fan Drs. L. Pietersen en hawwe wy in sosiologise rêchbonke yn ús bistean krige. Om't ik hjoed dochs oan 't rotsoaijen bin nim ik dit mar even mei. It bitsjut ommers dat wy noch in skoftke fierder kinne, in heals fearns ieu of sa. My tinkt, prof. dr. W.J. Buma en Mr. Dr. K. de Vries har oerâlde stege grize memmesprake sil it mei dizze sifers ta grounslach noch wol oan it jier 1991 ta folhâlde. En dan sjogge wy wol wer. In aksy-komité of sa. Miskien komt der yn dat jier in ‘Skriuwersprinteboek’ oer my út en oars hawwe wy altyd noch Auke Boonemmer of Sjirk Linses van der Burg of Jan Linses van der Burg en net to forjitten Oebele Stellingwerf dy't yn 1997 100 jier dea wêze sil. En dan soe ik forgémy hast Jacobus van Loon Janssoan forjitte en Kornelis Harkes Landmeeter en dr. Lucius Columba Murray Bakker, al dy grutte stoere, geve, drege mannen út it skierâld dy't, dreech tsjin stoarm en twingerij en nettsjinsteande it feit dat de wylde sé al dy jierren jamk flamme hat op in hap út Friso's hern en de Aldehou syn brommen sims ûren fier yn 't roun dreunde, yn
| |
| |
kriich tsjin frjemdfolk, fjochtsjen, striden, wrakseljem mei wetterfloed, hoekhâlden hawwe yn, al weitsjend oer Aldfaers erf. Wy bitinke harren yn djippe earbied'nis, de helten fan ús skiednis.
|
|