| |
| |
| |
11
de skrale eker
treastfers fan in konfrater
In lokwinsk is in ûndernimmen, nuodlik
as in gedicht, in speech, in blomryk wurd.
Lit in man swije en smoke, njuet en guodlik,
prûmkje byneed en stoarje yn 'e hurd.
De dichter's dream foel úttard fan syn stokje,
it fol healpoun waerd ta hwat eintsjegrús.
De dichters klomje gear om 't lêste slokje
en sitte yn komité's of snoarkje thús.
Hawar, hwat let it - fyftich, sechtich, mear ...
Foar swijend stoarjen bliuwt altyd wol tiid oer.
En hat it libben net de glâns mear fan alear,
wy bliuwe trou, mei 'n blink fan 't âlde striidfjûr.
En komt op't lêst ús Maet, wy fûstkje ôf
en huffe elkoar foar 't alderlêst op 't skouder.
Lead om âld izer: rotsjend op it hôf,
of skurve gloarje op 'e rommelsouder.
as ienris ...
As ienris de streamen dearinne,
gjin drift mear fart troch it bloed,
faeks kin men fannijs dan bigjinne,
faeks komt dan alles noch goed.
Men wurdt al griis om 'e sliepen
en sykhellet stadigeroan -
de dreamen dy't ienris jin griepen
wurde skraler mei elke moarn.
Men glimket en wit to birêsten
yn de ienris sa stelde wet:
de earsten binne de lêsten,
| |
| |
en in wei werom is der net.
Men wol net fierder mear springe
jin net mear yn 'e bochten wringe
fan dy't him bifrije wol.
Men wit jins forlies to dragen,
de delgong nimt men mei moed -
by it krimpen fan 'e dagen
faeks wurdt dan noch alles goed.
lytse triptyk foar reizgers
(op in thema fan Jan van Nijlen)
I
Ris dyn falys mei dreamen, jow dy ou,
slút oan by dy't foar de loketten steane.
Bidikerje mei niget de lânsdou:
stêdden, en boeren dy't in nôtfjild meane.
Toan greatsk dyn paspoart (kleur der ogen: blauw,
Bijzondere kenteek'nen: gene - earne
bliuwst op papier dyn ynlikst wêzen trou!)
it passe-partout foar dy't de wrâld om geane.
En is it doel yn 't sicht, wês dan in man
bireizge yn al syn lidden, dy't de hân
drystmoedich om syn koffer's hânsel heakket:
in globetrotter thús yn elts hotel,
dy 't wetter spetet oer syn stoffich fel.
Gjin focht to wrâld dy't al syn dreamen weakket.
II
Fordream de ûren yn in frjemde stêd,
sjoch nei kastielen net noch kathedralen;
drink dy oan sinneskyn en sûrstôf sêd:
dat is genôch foar har dy't doelleas dwale.
Sit op in bank yn 't park, oersjoch it mêd
fan memmen, berneweinen, hounen, skrale
| |
| |
mynhearkes dêr't de Tiid him wol mei rêdt,
en fammen dy't net nei dyn omskot tale.
Dit is it bêste diel: sa anonym
as sân of wetter fierder vegetearje,
fuotwaskje en smoke en in poëem probearje,
en fruchtleas stinne op in treflik rym.
Jow alles oer en glimkje en wit foaral:
Gjin dream fynt ea op reis syn klearst krystal.
III
Sjoch wer dyn eigen lân, wiskje út in trien
om sa'n goedhinnich, freonlik, froed gewraksel.
Wês bliid: hjir hastou earder stien en gien,
priuw wer fan d'eigen groun it yngoe baksel.
Haw leaf de popels mei har soppich grien,
de wide wetters: 's Hearen hearlikst maksel.
Dou bist wer thús, mei alles ien en mien.
Fykje út dyn dreameswolm en dyn wjeraksel.
Untdoch dyn koffer fan syn smoarge brol,
skuor frij dyn paspoart fyn, oan alle snippels,
en gean to gast oan spek en bêste jippels.
En bistou warch - dyn buorman is jit warger.
Kear op dyn basis as in earsum boarger
en doch dyn plicht wer sa't de dei it wol.
nachttrein
Yn 'e kym raest de nachttrein
| |
| |
hjerst
munsters as swierladen bisten
gjin hichten gjin lichten
gedichten fan dize en dampen
fan ûnk en tsjustere rampen
in man
In man yn himsels fortiisd
dy't swalket de wegen del
dêr't de wédom syn gongen wiist
skelet yn syn neaken fel.
In man dy't de wei nea leart
ear't de greate stoarm fan 'e dead
oer syn haed to waeijen bigjint.
In man dy't syn wrake swart
oan God en Syn ruoikjend reid
in man fan syn wrok fortard
en dy't smoart oan syn iensumheit.
| |
| |
dream
om myn kjeld en myn freze
lit it deiljocht wachtsje
foar it stopljocht fan dyn wil
set wrâlds ôfgryslik ûrwurk
mei de skynwerpers fan dyn
de sûnden fan juster en jimmer
ta in stjonkend griemmank
skjinwosken fan leagen en grom
forriizgje út dyn omearming
swart op wyt
Hjir stiet it swart op wyt:
der is gjin wei en gjin wet
gjin god en gjin sillichhyt
dat de siele knoeit en tofret
noch ienris mar ivich to let
| |
| |
fan 'e siel en syn soarch ûntset
slacht de swang fan syn flerken út
ear't it doek foar ivich slút.
dit liet
Dit liet is sûnder slot of sin
it hat gjin ein en gjin bigjin
it is net bitter en net swiet
it is mar amper mear in liet
in liet dat weiwaeit op 'e wyn
in sucht in twjirre dy't wer yn
it neat fordwynt út neat ûntstien
en ear't er wie al wer forgien
dit liet dat fan gjin wurden wit
in sykhel dy't it sitte lit.
|
|