moat dat nou, Marijke?’ yn 1960 - it wie in soarte test case foar mysels, lit ús sizze: in literair der op of der ûnder - bisocht him in oardiel to ûntkloarkjen. Miskien bin ik der ek wol hwat lullich mei oankommen, mar ik hie yn dy dagen in grut forlet fan hwat wissichheit en ik wist dat er net lige soe. Hoe dan ek, nei lang sykjen en taesten fan myn kant kaem it antwurd - it bistie út ien wurd dêr't sels net de lúkse fan in grammatikale sin omhinne kaem en neat oan tafoege waerd - hy hie der slach fan om hookstrooks yn oar praet to fallen en jin de wei ou to snijen. Dat iene wurd, noait herhelle, noait forklearre, mar it klonk as in fonnis dipt yn lof, wie: ‘Knap’.
Op sa'n smelle basis koe echte fortroulikheit net bistean. Hy hat my nammers ek noait by de foarnamme neamd, lit stean ik him. Doukjen wie der net by. Ik sei Folkertsma, hy faek: Anne Wadman, folút. Doe't ik him De reade roas lêze liet, sizzend dat ik fan doel wie it foar de Rely-priisfraech yn to stjûren, karde er dat plan koart en noartsk ou as in soarte fan immoréle died. Mar ús eigenlike ‘konflikt’, as it dat wurd drage kin, lei net yn dy Reade roas, mar op it terrein fan it Kunstnersboun, yn de Sartre-affaire. Ik koe him, ek skriftlik, net dúdlik meitsje hwer't de oast by my siet - en hy fan syn kant hat ougryslike swier oan dy balke tild, der in skriklik drama fan makke, hwat it nou ek wer net wie, grif net tusken him en my, - hy hie trouwens de Sartre-fortaling sels op it Frysk neisjoen. Ienkear neitiid haw ik him noch moete en oansprutsen, earne yn in Ljouwerter kafé. Hy wie net tasjitlik, bleau noartsk. Ik achtsje de mooglikheit net útsletten dat er my mei syn minne eagen net herkend hat en net freegje woe: hwa binne jo? Hy woe in sterke, geve man, in sterk manlik lichem wêze, in soarte fan heros, in rots. In bril, teken fan dekadinsje en forfal, hat er nea drage wold, likemin as in kunstgebyt. It moat in wûnder hjitte, dat er ek yn it stedsforkear altyd syn wei foun hat, mooglik mei help fan ûnthâldmiddeltsjes of ûnder in spesiale hoedingel. It is wol dúdlik - net allinne op groun fan dy Reade roas - dat hy en ik elkoar literair net leine. Myn foarkar foar ûnheroyske manlju, foar de