| |
| |
| |
9
tinken út 'e mythe wei
Oer E.B. Folkertsma, ‘Eachweiding’,
útj. Fa. J. Kamminga, Dokkum 1950.
Gjin skriuwer yn Fryslân wit ik dêr't foarm en ynhâld sa tige ien by binne, by hwa't sa tige de styl de man is, as E.B. Folkertsma. Gjin skriuwer ek, frjemdernôch, by hwa't ik sa klear it fielen haw, dat men him fan twa kanten oankomme kin: as stilist en as Frysk strider. Men soe oer dy beide aspekten fan ‘Eachweiding’ elk in skôging skriuwe kinne mei oars neat mien as de titel fan it skôge wurk. Hokker fan dy beide aspekten kieze foar dizze skôging? Of beide? En sa ja, hokker earst? Dat men dy fragen stelt, stelle moàt, biwiist de réaliteit fan de skieding. It is hwat oars as it forneamde dilemma foarm-ynhâld. It leit djipper. Hja binne net geargroeid troch de macht fan it esthetysk biwitten, it is net dat de ynhâld dutsen wurdt troch de foarmjowing, likemin dat de foarmkrêft mei-biskiedend is oer de ynhâld, sels net dat hja elkoar bifruchtsje. Wis, yn al syn literaire uteringen vibrearret de massiviteit fan de strider, yn al syn idéen vibrearret it kunstnerskip fan de berne stilist. En as men dan dochs foar de kar stiet: strider of kunstner, dan biwiist it faeks net mear as dat wy hjir twa kategoryen hawwe dy't men yn it westersk tinken út soarte fan har ûnforienigberheit of alteast prinsipiële fijannichheit skiede moat. It seit himsels, dat dizze skieding in abstraksje is, fan it libben sels allegeduerigen wjerlein. Dat wy der dochs net omhinne kinne, biwiist de smelle basis fan ús westersk tinken, dat de libbensforskynsels ûnderwurpen hat oan abstrakte kategoryen en gjin kâns sjocht om se wer ta har oarspronklike ienheit to forbinen, nettsjinsteande alle bisykjen. Us kar wie foar de ‘logos’ tsjin de ‘muthos’.
Miskien oppenearret him hjir it probleem fan de moderne ‘essayist’ en biskiedt dit probleem de eigenaerdige posysje fan
| |
| |
'e essayist tusken de dichter en de romancier yn. Foar de dichter (en oer syn wêzen forskil ik mei Folkertsma oanmerklik fan bitinken) is de oarspronklike libbensienheit jitte in réaliteit. Foar him bisteane de tinkkategoryen net of amper. De romanskriuwer lykwols moat it fan dy tinkstruktueren krekt hawwe, hy arbeidet mei rasionele ‘gegevenheden’ lykas it forhael, de intrige, de tendins, de morael. In gedicht fan foarm-sûnder-ynhâld kin in great gedicht wêze, in roman fan ynhâld-sûnder-foarm in greate roman. Mar de essayist taest gauris werom nei de oarspronklike libbensienheit fan de ‘muthos’, en moat it hawwe fan beide: sûnder ynhâld is syn wurk gjin essay, sûnder foarm is it gjin kunstwurk, mar op syn bêsten in stik wittenskiplik proaza lykas it ús út tûzen en ien dissertaesje oangappet. Sa bisjoen stiet dus de essayist tusken dichter en romancier yn en net lykas faek oannomd wurdt, noch fierder fan de dichter as de romancier. Dit forklearret mei-iens - mar it aventûr op skematisearjen en generalisearjen is sa great - dat der faek sa'n ynlike relaesje bistiet tusken dichter en essayist. Men soe den leau'k sprekkende foarbylden fan by elkoar swylje kinne. Nim Kloos, nim Valéry, nim Jac. Bloem en Aafjes en Marsman, nim Fedde Schurer, nim Eliot. It is net tafallich dat al dizze lju it sterkst binne yn har dichterlik en essayistysk wurk, it swakst yn har saneamd skeppend proaza, foarsafier't hja it skreaun hawwe. Fan Prof. van der Leeuw soe ik my fersen foarstelle kinne, in roman perfoarst net.
Nou leau ik, dat dizze twa-ienheit fan strider en kunstner, dy't foar de skôger dy eigenaerdige kar-út-twa meibringt, yn 'e figuer fan E.B. Folkertsma biskate nuodlike kânsen ynhat. In to sterke bining, yn it algemien, fan strider- en kunstnerskip kin foar strider en kunstner beide funest wêze. De strider kin him yn syn Projekten liede litte troch de yn 'e forbyldingssfear toevjende visy fan de kunstner en op ûnpraktyske sydpaden reitsje. De kunstner kin him meinimme litte fan de reëel-politike easken dy't it striderskip op him loeget en op praktyske, a-literaire sydpaden brocht wurde. De politikus is dan net langer in technysk
| |
| |
forlangstik fan de strider, mar absorbearret de strider. De strider, om it oars to sizzen, kin der ûnder strûpe yn 'e romantyske floed fan dream en fizioen. De kunstner kin, rjochtoarsom, fortoarstgje yn 'e toarre woastyn fan 'e lytse died en de lytse partijstrideraesje. It is hjir net it plak om Folkertsma syn gongen as strider-politikus yn 'e finesses nei to gean. It soe in lang forhael wurde fan de Jongfryske Mienskip oer Tsjûgenis, Kristlik Selskip, Twamanskip en Striidboun nei it geheimsinnich fordwinen út 'e Desintralisaesje-kommisje ta. Yn 't algemien kin men sizze, dat it Folkertsma west hat dy't de eask fan in ‘Fryske polityk’ it earst en it klearst, net mis to forstean, formulearre hat. Oer 't algemien ek mei men leau 'k wol sizze, dat hy oan de gefaren fan de twa-ienheit strider-kunstner moai goed ûntkomd is. Mar der sit yn syn optreden, kleare wurden of net, dochs in elemint fan ûnwissens. ‘De wisse lieder () motivearret net rij, en hat faken en jerne ûngelyk’, seit er op s. 108 fan dit boek. It mei wier wêze, binammen as kaei ta de karakteristyk fan dy oare lieder dy't mei ‘einleaze motivearringen’ striidt om dochs mar gelyk to hawwen. Mar yn wêzen is it in machtsspreuk dy't gearhinget mei de nuodlike forhâlding fan kunstner en strider. Dy twang nei twa kanten, it bisykjen om dy beide yn in hecht forboun gear to binen en to hâlden, hat op syn wêzen sûnder mis syn mark set. Syn proaza is it produkt fan in swiere inerlike wrakseling, it symbolisearret de swiere gong fan it individu dat twa kanten tagelyk út moat en: dochs ien wei gean wol. De spoaren fan dy swiere gong kin men it bêste bineikomme dêrre hwer't de kunstner oer de strider hinnetoetert, dêr't de strider útwykt foar de kunstner om't er in biskate ûnmacht fielt foar de feiten en de realia oer. It dúdlikst is it wol dêr't er de skiednis skriuwt fan de strideraesje yn en om it Kristlik Selskip. Dêr sjit Folkertsma mei esthetysk swier geskut wylst er oars net wêze hoegd hie as in tûk skerpskutter. Dêr forfalt er sels ta de flater dy't er de oare ‘lieder’ oanwreau: einleaze motivearringen. Dêr forplettert er de feiten (dy't ik wier net lytser hawwe wol as hja wiene) ûnder in monumentaliteit dy't foar dy feiten to folle eare bitsjut. ‘Habbe wy it net sein, earst Visser en
| |
| |
Wybenga en Wendelaer en ik, en doe v.d. Woude, ear't er dûmny wie, en syn maten, en doe Brouwer en Schurer en de Jong, en sa mannich in oarenien, dat dizze wei him dearoun?’ (s. 3). Sa'n suver Homearyske oanrin mei syn polysyndetyske opneaming en syn retoaryske frage-foarm sjit oer de feiten folslein hinne. Hjir is in blaesorkest fan 80 man op folle krêft oan it wurk, dêr't in tergjende fluit takinnen hie. ‘Hwant nearne jit yn Fryslân is Tsjûgenis de treddeljier fan syn bistean mei djipper meifieling en ynliker blidens lêzen as ûnder de jongfeinten fan it donker, ynbânnich, hertstochtlik Gaesterlân en it ljochte, iepene, wyn- en sé-trochrûze Lemsterlân; de deis fan 'e gearkomste noch mocht ik it fan in pear fan harren hearre’ (s. 12). Steande ûnder in eskenbeam yn it dizige, kymtobrutsen Ferwerderadiel, hat men oanstriid der oan ta to foegjen. Men soe jin ek ôffreegje kinne oft de skriuwer hjir krektsa oer skreaun hawwe soe, as er op dat stuit in sigaret opstutsen, in fiter fêstboun of in moaije faem rinnen sjoen hie.
Mar myn doel is net om to ridikulisearjen. Hwant it wol my oan, dat op dizze steden Folkertsma syn oarspronklike wêzen him forriedt. Sokke rigels nammentlik bringe ús hommels yn 't sin hwer't de oast sit mei dy antithese kunstner-strider. Dêr't dy twa mei elkoar oerheap lizze oppenearret him de oer-ienheit, de oer-boarne fan syn wêzen. It wie net samar dat ik Homearus der by helle. Ek yn it twadde sitaet binne de epitheta Homeriaensk. Folkertsma tinkt hjir út 'e mythology wei, lit my leaver sizze: út 'e mythe wei. It wol my oan, dat wy yn de gong fan dizze minske sjen kinne de gong fan de tinker-út-'e-mythe-wei yn de moderne westerske maetskippij. Oeral yn syn politike struktueren fine wy dy mythe werom. Yn 'e groun is de mythe ek biskiedend foar syn takomstprojeksje fan Fryslân. Ik tinkt hjirby noch net ienris fuortdaliks oan de mythe fan it yn fiere midsieuwen glânsgloarjende Frisia Magna, al stiet ek dat oanienwei op 'e eftergroun fan dizze skôgingen. Ek syn definysje fan ‘polityk’, al hoe tige ek rjochte op 'e réaliteit, giet regelrjocht fan de mythe út: ‘polityk is de driuw fan it bloed, om it idé reëel to meitsjen’ (s. 196).
| |
| |
Dizze mythyske tinkûndergroun stelt Folkertsma yn steat ta sa'n forbjusterjend heldere en greate visy op en analyse fan de kultuerproblematyk, lykas yn it opstel oer Tolstoj, in model fan ûnwittenskiplikheit, as ik it sa neame mei. Folkertsma mist hjir nammentlik hwat, dat de wittenskipsman wol hat: it formogen om to détaillearjen, to atomisearjen. Hwant út 'e mythyske sjenswize wei forsimpelet er de dingen faken ta in al to ienfâldige skematyk. Folkertsma kiest mei in intuïtyf ynsjoch hwat er nedich hat en lit it oare wei, ja sels, hy rekkent it as net to bistean. Great is de visy en hja giet rjocht op in doel ôf. Mar ek yn dat doel oppenearret har de mythyske tinkwrâld. Yn lêste ynstânsje wurdt Tolstoj ôfwiisd om't er, as 19de-ieuwer, net wist of net wie, hwat ‘wy’ as 20ste-ieuwers wol ‘witte’ of ‘binne’. It tokoart fan de 19de ieu is nammers evidint genôch, mar hokker winstpunt oangeande de minsklike wearde kin de 20ste ieu dêr foaroer sette? Ik bidoel: hokker winstpunt net foar ien of twa of hûndert ienlingen apart, mar foar ‘ús’, foar de biskaving, foar it minsklikheitsbisef?
Yn it negative sjogge wy de mythyske tinkstruktuer forskinen bygelyks dêrre hwer't Folkertsma syn visy jowt op it wêzen fan 'e dichter. Ek dy wurdt biskaet troch in to ienfâldige skematyk fan dichter en folk; ‘de dichter idealisearret yn 'e geast de realiteit’, seit er op s. 196, wylst polityk de driuw is fan it bloed om it idé reëel to meitsjen. Men sjocht hjir hoe't er de polityk skôget út 'e mythe wei en de dichter ta de steriliteit fan de geastlike abstraksje fordomme wol, dus winliken ta de... logos! Wylst, soe men sizze, yn wêzen de dichter al sa nei oan de mythe bisibbe is as it folk; ‘hwat it folk souner, dat is ûnliterairder, politiker libbet, hwat de kunst mear formidden habbe en bloeije sil’ (s. 201). Wier mei dit lykje, mar allinne as men frede hat by de ivoaren toer en frede by de ûnskuldige steriliteit fan de dichter, as men de mythe reservearje wol foar it folk en de dichter in frijkaertsje jaen om yn syn iensume lôzje fierder to abstrahearjen.
It is foar de ‘mythicus’ net sa maklik en fyn de wei ta de praktyske polityk. De politikus sit ‘midden yn 'e polityk’ op in biskaet stuit en hy théoretisearret der net oer. Hy bidriuwt
Anne Roelofs de Jong (1860-1940)
It kapitalistehûs, Langwar (yn better dagen)
Earste klasse 1932-1933 Iepenbiere Ulo-skoalle De Jouwer
| |
| |
polityk en ergert it him net. Yn Folkertsma syn oanienwei oanpriizgjen fan de polityk as de ‘wei dy't wy opmoatte’ sprekt lûd syn kommen út 'e mythe wei. Midden yn syn praktysk-politike wurksumheit lykwols kin de âlde Adam fan de mythe sprekke, en de mythicus eklipsearret út in kommisje of hinget in geheimsinnich flues om in politike striidorganisaesje hinne.
Men moat my goed bigripe, ik bidoel dit net as krityk, mar as karakteristyk. Hwant ik achtsje dizze mythyske ynstelling krekt de greate wearde en de greate bitsjutting fan de skriuwer Folkertsma. De ‘mythicus’ is nea opportunist, al moat er wolris in praktyske fear litte. De mythicus as strider hâldt ta yn de gânske folheit fan it libben en forliest him net yn 'e abstraksjes fan de wittenskipsman noch yn 'e redenrykdom fan de fak-politikus. Hy kin yndied sizze: ‘Jim habbe de redenen, mar ik hab gelyk’, s. 108).
Tinker út 'e mythe wei - dat bitsjut ek dat it mythysk elemint bihalven yn 'e politike projekten werom to finen is yn de taelfoarm. Fan de oergong folkstael-kultuertael hoech ik wierliken gjin foarbylden by to bringen. Dêr't Folkertsma taelbouwer is, dat wol sizze wurket om it rûge materiael fan de folkstael om to smeijen ta de heger foarm fan it kultuerbisit, is dat mooglik om't hy dy folkstael net sjocht lykas de folklorist, as in isolearre mateary dy't net forlern gean en dêrom opburgen wurde moat, mar as in ûnforwrigber en libben diel fan de mythe, dat, yn it flak fan de kultuer opheve, lykwols syn mythyske wearde bihâldt. Dêr leit it greate forskil mei Jan Jelles Hof en syn folgelingen. As Folkertsma arbeidet mei typysk folkse biswarringsformules lykas ‘Wis al’, ‘ei siker’, ‘woe 'k habbe’, ‘mar oars, hab ik soarch’, dan is dat prinsipiëel hwat oars as byhwannear't Hof dat docht: by dy is de taelfoarm net mear adékwaet oan syn útdrukkingswearde. Hof syn kopswiere idioomtael is it produkt fan rasioneel tinken sûnder mythyske ûndergroun; it idioom wurdt, mei doelen fan pittoreskheit en opperste gemoedlikheit, út syn mythysk milieu weihelle yn it (sub)literaire meidielingsflak.
| |
| |
Dat wol net sizze dat Folkertsma syn tael net ‘literair’ wêze soe. Literaire eleminten lizze as ûnmiskenbere biwiisstikken yn dizze tael forwurke: retoaryske fragen, tige gebrûk fan it predikatyf attribút (de bipaling fan gesteldheit: ‘(hy) giet in machteleaze ûnder’, s. 207-8; ‘al habbe hja Fries berne in diel yn it libben’, s. 195), analogyske wurdskepping (‘Fryslân hat nea steatgjeride macht hawn’, s. 134), variëarjende en útwreidzjende herhellingen (‘Hwerom dat ûnderskied? Hwerfoar dat ûnderskied?’, s. 56; ‘Mar hja woene gjin sizzen habbe, de froede mannen woene fan ús, domdryste feinten, gjin reden forstean’, s. 3; ‘It wol oannommen wurde of forwijd, oannommen folslein óf folslein forwijd’, s. 213, ritmyske spankrêft dy't troch it chiasme jitte forsterke wurdt). Ik jow mar in mannich foarbylden, om't in folsleine analyse fan dit proaza soe tofolle plak easkje. Lit my lykwols fêststelle, dat dizze ‘literaire’ boustiennen folslein organysk yn it gehiel lizze, dat hja net forwurde ta literaire oanstellerij, mar yn de mythyske monimentaliteit fan dit proaza funksionearje.
As ik de tael fan Folkertsma byldzje moast yn visuële symboalen, soe ik har blokkich en fjouwerkant neame wolle, massyf en fol, mar ôfroune troch it slypjen en forsliten, as in net to stuitsjen stream swiere swerfstiennen. Mar hjir kom ik op hwat ik mis yn dit proaza. Der is in tokoart oan ritmyske variaesje, to min dynamyk, to min tempo-ôfwikseling. Dat hâldt yn in tokoart oan flitsende feart, oan esprit, oan skerpte, oan fine humor. Dit proaza, it is dúdlik foar elk dy't Folkertsma syn kommen út 'e mythyske tinkwrâld folge hat, is net gien troch de smeltoun fan it Frânske intellektualisme. Fan geast is it mear Romeinsk as Gryks (nammers Augustinus kin men jin as Gryk net tinke), yn Westeuropeeske noarmen oerbrocht: mear Germaens as Romaensk, mear Dútsk as Frânsk.
Fansels is dit alwer net as krityk bidoeld, of it moast wêze in hiel persoanlike krityk dy't ik yn dit opstel leaver net biminge wol. Ik wol der allinne mei sizze, dat dit proaza, om't it net alle eleminten fan it moderne westersk tinken yn him opnommen hat, in biskate iensidigens fortsjintwurdiget. It mist in biskate, om
| |
| |
myn part ‘Frânske’ linichheit en finesse. Mar it wurdt oannimlik, bihalve út 'e mythyske ynstelling, ek al út it dea-inkelde feit, dat by de figueren dy't foar Folkertsma it 19de-ieuske Europa útmeitsje, wol Schopenhauer en Nietzsche binne, mar net Heinrich Heine, wol Flaubert en Zola, mar net Stendhal... Hwant de mythe leit yn it flak fan de earnst, en kin de godlike humor en de esprit allinnich as in ynbrek op en in oantaesting fan harsels.
As samling, as gehiel, by einsluten, is ‘Eachweiding’ net it monumint dat ‘Toer en Tsjerke’ wie. Men kriget by it lêzen iderkear wer it idé, dat in wreedaerdige demon hearske hat oer it gearstallen der fan. It is as hat Folkertsma him mei sin tsjin elke systematyske yndieling forset. Men sjocht yn dit boek gjin ûntjowing, gjin ‘lijn’, gjin kontinuïteit. Miskien is dit ek in útwurksel fan it mythyske tinken. De mythe ommers moat it ha fan de bloedwaerme chaos. De systematyske oardering fan ús moderne wittenskip is har frjemd en fijannich. De mythicus fordigent him mei dy natuerlike chaos tsjin syn oare ik, de politikus. De mythicus ken ús rasionalistysk tiidsbigryp net en lit dus alle eksakte datearringen wei. Mar faeks bin ik it slachtoffer fan myn eigen opskrift en is dit boek allinne mar sloarderich en ûnneitinksum by de printer ynlevere.
Dochs is it foar de Fryske literatuer in rike oanwinst. As paedwizer ta Fryske polityk is it boppedat in hantboek fan net to ûnderskatten wearde, in hoekstien ta it byld fan it libjende Fryslân en syn takomst.
|
|