| |
8
Der is oan en yn dat hûs oan de Breeddyk wol it ien en oar fortimmere, ear't ús heit foar gjìn jild (in pear tûzen goune) dat oare hûs kocht, dêr't de faillytsleine notaris F. (kwierich stappend eptich mantsje mei in sik; bihearde it jild fan gâns lytse lju, hie de earste auto fan it doarp, in partikuliere sjauffeur, in grut tún oan 'e oare kant fan 'e Tsjerkeleane, skean foar ús oer in eigen tennisbaen mei in grutte reiden tinte; it gyng allegear yn 't grut, mar ek wer mei in tragise ynslach; ik hear noch dat ‘Swarte Haeije’, in man út in omlizzend doarp dy't net alto alto wie, sa nou en dan oerkaem om op 'e strjitte to gûlen, dat notaris him bistellen hie; it faillissemint wie in skok yn it doarp en fier der bûten) útgyng, in ûnfoarstelbere heap rommel efterlittend, hwerûnder gâns boeken en de piano dy't ik hjir op myn keamer stean haw. Dat moat maitiids of simmers 1935 west hawwe. It
| |
| |
hûs hjitte in ‘Switsers lânhûs’, wie nochal ûnpraktys ynrjochte, mar hie mear alluere, mear romte en gâns mear hiem, dêr't ús heit syn túnkersdriften op útwjirje koe; parren, apels, prommen en fierder de griente dy't de tiid fan 't jier sei. Suver in kapitalistys hûs, dat wol, mar ús heit stie op it stânpunt (en ik haw him dêryn net to skande makke, al knaget it as probleem oan my), dat in ‘arbeider’ ek rjocht hie op de segeningen fan it kapitalisme. Doe't ús mem der út gyng, nei ús heit syn dea, yn 1961, is it foar 15 myl fan 'e hân dien en better net to witten hat it sûnt dy tiid praktys altyd leech stien.
Mar it Breeddykhûs is bilangriker, en dêr droom: ik noch wol fan - en ek in nòch earder hûs, in wenningstichtingswente oan 'e ein fan it Lyts Dykje, keal en earmoedich à la 1910, haw ik tige dizenige oantinkens oan, mei help fan in pear brúnachtige foto's, visuële resten dy't min yn wurden to fangen binne; in wintermiddei mei snie, bern op it sleatsje foarhûs, iksels op it potsje, sokssahwat. Ek dat is net myn bertehûs, hwant dàt stiet yn 'e Buorren, in boppehûs boppe hwat letter de winkel fan Mink wie. Der wie doe blykber ek al wenningneed; miskien dêrfandinne dat ús heit sa yn 'e war wie, dat ik op 'e bertekaertsjes op 1 desimber to boek stean, yn 'e krante op 31 novimber; sels haw ik it altyd op 30 novimber hâlden.
It Breeddykhûs dus. Djûre krisisbou út '14-'18 of koart dêrfoar, dêr't ús heit foar in soad sinten in soarte fan kantoar tsjin oanklapt hie. Hoe't dat finansiëel-technys yn elkoar siet, haw ik noait bigrepen: sûnt hoenear bouden gemeenteamtners sels kantoaren oan eigen huzen? Faeks hat de Gemeente der hier foar bitelle. Mar it is ek mooglik, dat ús heit krektlike priis-ûnbiwust west hat as ik bin en him ek dingen foar fiersto hege prizen oansmarre liet, om der mar ou to wêzen (him, net ‘kenne’ to litten). (It notarishûs wie yndied in gelokje!). In hwat somber, lytsboargerlik hûs, oerhearskjende kleur yn myn ûnthâld: brún, tominsten fan binnen. Oan 'e sydkant in wankel kompleks fan hinne- en turfhok-yn-ienen, mei de stank en it túch fan beiden; om it hûs hinne wie altyd gekôkôk fan hinnen. De forbinende doar tusken hok en hûs (kantoar) hiet yn it per- | |
| |
soanlik jargon fan ús mem stéfêst ‘sketsjedoar’, al haw ik noait bigrepen hwat dan it ‘sketsje’ wie; mooglik in bigryp út Gietsjerk meinommen. Achter it hûs, yn 'e hoeke tusken achterkeamer en kantoar, wie in stikje tún mei oardel fruchtbeam, de achterkant fan it hiem wie oufrede mei in flearhage en dêrachter in stjonksleat dêr't pisbakken op út kamem en dêr't by myn witten noait oars as blaumodder yn sitten hat, in pear hanbré djip. Yn de jierren dêr't it hjir om giet hat ús heit der in stylleas hok achter bouwe litten fan golf-plaetizer; op himsels in oanwinst, mar it keukentsje hie nou net folle útsicht mear; it húske stie net langer bûtendoar tsjin 'e sleat oan, mar by waerm waer wie dat gjin foardeel.
Achterútsicht hiene wy dus op greiden, de pleatsen fan Diken en Teroele, it aeisikersdomein fan ús heit, dêr't ik in pear kear hinkjend en krimmenearjend en kâldklomjend mei him omswurven haw, hy forwoeden trêdzjend, de knibbels foarút, mei in grutte pet djip yn 'e eagen en in prúmke achter de kiezzen, hwat er allinne mei it aeisykjen die; of wie it ‘kalmoeswoartel?’ Noch fierder, yn 'e kym, de beammen fan de strjitwei Snits-de Lemmer; wer tichterby, lofts, op in pear kilometer it ‘Stjerrebosk’, healwei Legemar, mei kuijer-leantsjes neamd it Grut en it Lyts Fjouwerkant; dêr haw ik, ûnder twang of frijwillich, heel wat sneintomiddeisfuotstappen litten.
It doarp wie gjin villa-buert ryk, en de Breeddyk mocht ek net sa neamd wurde. Mar bihalve wy en de gemeente-architekt wennen hjir nochal hwat rinteniers en rinteniers-widdouwen. Oan ús iene kant de hwat isolasionistise dames G., mem en dochter, oan 'e oare kant, mei in jister-reed der tusken yn, de goederlaekse âldfaem Gryt J. Foar ús oer wenne de rike, mar swart-sjende en hwat sombere en tige isolearre widdou M., mei in dochter dy't lerares Ingels wurden is of west hat, en in soan O., dy't ta domeny leare soe, hwat him noait wurden is, en mei hwa't ik wolris muzykmakke; hy oargelspile net ûnfortsjinstlik; hy wie in kurieuze persoan, in pear jier âlder as ik, dy't jierren letter op tragise en by myn witten noait alheel opheldere wize omkommen is by it silen op it Iselmar; hy wie in sésiler fan for- | |
| |
maet, mar ek ûnhandich en knoffelich, wurdt der sein.
Dêr wer neist, der fan skaet troch de letter yn forfal rekke tennisbaen fan de notarisfamylje, wenne Johannes Bast, in rintenierjend túnman-grientehanneler sûnder bern, lyts krigel nei blêdgroun en mansjester rûkend mantsje, ûnder hwaens bitûfte en fakkundige lieding ik ek in skoft, sûnder bliuwend sukses, it túnkjen bioefene haw yn syn omlizzend grut hôf. Hy wie ryk, hie in serre en in avro-flagge oan syn hûs, it ‘Hjerstsintsje’, en hat in lange jierren troch ús heit biheard kapitael neilitten foar it stichtsjen fan in nei him en syn frou to neamen doarpspark, dat der by myn witten noch net is, omdat it net yn 'e kream fan 'e planologen past. Foar him oer wenne de bikende doarpsdichter-rintenier Auke Piers Grondsma, dy't ik jierren lang nei en fan 'e buorren stappen sjoen haw as in tige swierlivich, reafallich, freonlik man mei in rossich-wyt sikje. Syn ienfâldige, lang net ûnfortsjinstlike ferskes oer it doarp en syn omkriten binne nei syn dea, yn 1942, bundele ûnder de (net sa tige Langwarder) titel ‘Wiel en Wâld’: in Wâld koene wy net, allinne de Hústerheidebòsk (en it Stjerreboskje) en de mar hiet ‘Wjillen’.
Net allìnne rinteniers biwennen doedestiids de Breeddyk; ek in timmerman, in pear boere-arbeiders en, yn in lyts húske, de warbere, earme widdou Ludzerts-Geartsje, dy't mei de bolkoer roun en de mem wie fan de jonge dy't sa omraek sweltsjetippe koe, dat er de bynamme ‘Platsaeijer’ droech; ien fan de deainkelde knapen dêr't boppemaster Venekamp net altyd baes oer koe. En flak neist Ludzerts-Geartsje stie dan wer de deftige wente fan de beide dames De Walle (Bé en Sophy, as 't my net mist), aristokratise doktersdochters dy't my - ik bitink se dêrom yn eare! - op it spoar fan Hjerre Gjerrits van der Veen set hawwe, troch har moaije, yn in grienmank fan Frysk, Stedsk en Hollâns fortelde forhalen út 'e Dokkumerwâlden. Foar harren stie it muorrefêst, dat master Hjerre de ûnechte healbroer wie fan syn grutte fijân (mar ek amtlike baes), de Baron; en dat soe dan earst in roman wurde, mar is jierren en jierren letter op in akademys proefskrift útdraeid, dêr't de geheime famyljerelaesje fan master en boargemaster mar amper mear in illegael
| |
| |
plakje yn bisette koe. Ik haw ta myn eigen djippe drôfenis gjin inkeld brûkber biwiis fine kind, hoe't ik ek mei bertedatums manipulearre haw. Al moat ik wol sizze, dat de ‘dames de Walle’, sa't se yn it doarp hieten, net de iennichsten wiene dy't der op útwoene, dat de Grouster keapmansdochter Wimke Durks ienris as tsjinst ‘faem’ yn it bêd fan de âlde Grouster Baron van Sytzama lein hie, dy't doe hastich en foar goed jild in skipper Gjerrit Hjerres opskarrele as remplasant. My yn master Hjerre syn stride- en skriuweraesjes fordjipjend, krige ik ek ynsjoch yn de mooglike oarsaek fan it skeel mei de De Walles: de Driezumer dokter Thys de Walle, earst in freon fan de liberalistise master, moast it letter gauris yn krante en blêd bilije, dat er, hoewol liberael en modern fan hûs út, de rike en almachtige, oer libben en dea kedizende Seigneur du village yn 'e kont kroep (sjoch dissertaesje, û.o. bls. 255 e.f.). Yn dit ljocht bisjoen wiene de beide doktersdochters net iens sá fan wrok forfolle tsjin de master yn hwa't se tominsen de artistike kronkel wurdearje koene. Ien fan harren hat my noch mei in lange antwurdlist geriifd, doe't ik mei it boek dwaende wie. Se wennen doe net mear yn Langwar mar, ik leau, yn Apeldoarn.
It Breeddykhûs sels. Ik tink dan binammen oan it kreakjende souderslûk boppe oan 'e trep, mei in leaden gewicht dat oer in katrol roun, oan trije kanten in stek om it trepsgat hinne; en dan de tsjustere gloppen en souderkes. Dêr haw ik ris in fioele sûnder snaren foun dy't, mei read byntjern bispoun, ynlieding waerd ta ien fan myn needlottichheden; ik foun ris papieren en brosjueren en priiskranten fan de Neo-Malthusiaanse Bond, de beppe fan de N.V.S.H., dêr't myn âlden dus lid fan wiene of west hiene of wurde soene; in pynlik wjerfarren, tocht my; op in oare kear foun ik dêr in boek mei op glêd papier oubylde printen fan huzaren en oare soldaten yn de styl fan de Frânse tiid; dêr haw ik jierren neitiid noch yn in grutte nostalgie om socht, mar nearne to finen. Op 'e souder trije sliepkeammerkes, dêr't ús omke K. ien fan timimere hat, ear't in libbenslange reumatyk him ta in ivich sittend man makke mei synise grapkes en practical jokes en in biskieden oeuvre fan Fryske toanielstik- | |
| |
jes; út 'e tiid fan dat timmerjen, ik skat it wie 1926 of 1927, datearret de iennichste echte rûzje tusken ús heit en mem, dêr't ik nochal fan ûnderstboppest wie. Letter haw ik der in lyts drama oan forboun; ús heit syn nei alle wierskynlikheit pûr-ûnskuldige freonskip mei in frommiske (March) fan de sjongforiening, wylst ús mem altyd stil thús siet. Myn grutte jonkheitseangsten lykwols konsintrearje har op it efterste keammerke, dêr't heit en mem sliepten en dat útseach it fjild oer dat fan Diken en Teroele út. Hwat wie der oan 'e hân. Yn Teroele - dat Piter Jelles syn folk der wei kaem en Eeltsje Halbertsma der in liet oan wijd hat fornaem ik letter pas - wie in kear in pleats oubrând, de pleats fan Minnema, en sa'n plak wie dan foargoed in oarde fan fordommenis en forflokking, dêr't ik myn religieuze oergroun op projektearre, dêr't ik net nei sjen doarst en dochs nei sjen móast - dat hat nochal hwat jierren duorre en ek yn dat opsicht bitsjutte it nije hûs in forromming.
Neist in lange rjochte gong mei in lyts finsterke lei de foarkeamer fan it hûs, de sneinse, dêr't ik net folle oantinkens oan haw. Méar oan it lytse, smûke achterkeammerke, dêr't ik de fan sigarereek en gesellichheit forjowne atmosfear nòch fan foar my krije kin op 'e middagen dat ús heit dêr syn politike petearen (debatten, neamden se it, mar se wiene it altyd mei elkoar iens en stokelen elkoar op) hie mei syn freon en partijmaet Pyt Swart. Dêr waerd om sa to sizzen polityk makke; fan it lân en fan 'e wrâld. Ik makke my lyts en ûnmerkber, om mar niks to missen. It gyng oer Troelstra, Vliegen, Schaper, Duys en hwa't mear de grutte mannen fan de S.D.A.P. wiene. A.B. Kleerekoper wie favoryt. De lettere Paul Kiès wie dan in grinsfiguer, oanfanklik wol yn oansjen as miskend geny, letter nei de bidelte sakke, noch ear't er as fascist alheel skeef gyng. De dea fan Piter Jelles, yn 1930, brocht rou yn 'e hûs, mear as dy fan Prins Hindrik (Poepen-Heinrich sei ús mem altyd), fjouwer jier letter. It ‘eigen’ deiblêd, Het Volk, forfong yn dyselde snuorje de âlde Ljouwerter, mar ‘omke Jan’ gyng mei oer. Us heit wie pessimist, Swart optimist: foar dy wie de oerwinning fan it sosialisme net fier mear ou. Hy wie riedslid en tige aktyf by forkiezingsaksjes.
| |
| |
Doe't de gemeentewurklju syn kalken leuzen op 'e dyk mei kwasten tar ûnlêsber makken, stie der de oare moarns like fleurich yn grutte kalken letters op 'e dyk nei Hústerheide: WEER MET TEER? WIJ KOMEN WEER. As 't my net mist, is hy as ryksamtner op oanstean fan de gemeentlike oerheit as in lestich man oerpleatst nei Amsterdam; dat moat yn 1933 west hawwe. Hy forliet doe syn húske op 'e Rylst, dêr't Marxistyswei PALVU op stie; de hele gong fan saken hat him in attak bisoarge dêr't er syn fierdere libben heal forlamme fan west hat, mar hy bleau like goed in warber man, ek doe't er nei syn pensioenearing wer yn Sint Nyk to wenjen kaem en de geakunde en skiednis fan Doniawerstal bistudearre en biskreau. Ut myn Amsterdamse earste oarlochsjierren haw ik tankbere oantinkens oan him en syn frou (opdracht ‘Fioele en Faem’). Hy is de ouroune winter stoarn.
Tusken de sneinse foarkeamer en it smûke efterkeammerke wie in soarte fan tuskenkeamer, dy't tagong joech ta it byboude kantoar en dy't troch de bou dêrfan oan 'e hússide mar in tin skreefke bûtenljocht mear krige. It wie in geheimsinnige, eins hwat nutteleaze keamer mei in tsjustere kast ûnder de trep en in skoudoar-forbining mei de foarkeamer. Yn dy keamer boarte ik mei myn 3 jier jongere suster, doe't ik dokter Bult konstatearjen hearde dat ús mem, dy't mei in swier liif op 'e divan lei, nei it sikehûs moast. Simmer 1930 moat dat west hawwe; it wie in bifalling mei komplikaesjes, in soarte fan paratyfus dêr't mem lang de neiwéen fan ûnderfoun hat; yn juny 1930 is myn broer yn it Snitser sikehûs berne, dêr't er, nei't ús heit stiif en strak folhâldde, rooms doopt is, hwat dan gjin bliuwend letsel meibrocht hat.
It kantoar, it útbousel dat ús heit op eigen kosten sette litten hie, wie ek it domein fan Auke K., de klerk, in soarte fan Flierefluiter, dy't him net sa bêst foegje koe yn it amtnersbistean: mislearre HBS-er (út ûnwil, net út ûnformogen), fjildman, aisiker, sportman, bûtendoarminske op en út, en dat siet dêr mar op in kantoarkruk. It baentsje dat him noch it measte lei fan alle dingen (oant hotel- en pensionhâlden ta) dy't er by de
| |
| |
ein hawn hat, wie dat fan meteropnimmer by it P.E.B., swalkjend op syn hege fyts mei in broadtsjesadel en in stadige forsnelling troch waer en wyn, fan hûs ta hûs, oeral wolkom en yn elks famyljegeheimen thús. Auke syn tragyk wie syn foarbyldige leafde foar in roomse faem dy't er as ‘ûnleauwige’ fan de klerus net hawwe mocht, mar dêr't er jierren en jierren letter, doe't sij al widdou wie fan in folle âldere man, dochs noch mei troud is. En hy mocht dan yn it politike alteast yn dy jierren '30 in bikearling fan ús heit en Pyt S. west hawwe, hy bleau ek yn dat stik fan saken in ienling, in frijbûtser, in rekalsitrant; yn it religieuze net minder. Yn 'e oarlochstiid doe't ik in skoft as ûnderdûker by de distribúsje wurke, hat er noch myn baes west, as haed fan de bûtentsjinst. Mar myn dierberste oantinkens oan him binne fan folle earder: de sjongûrkes op winterneimiddagen, dêr't ik soms de fioele oan tafoege. Auke bihearske de schlagers fan dy tiid út De Jantjes en Bleke Bet en het Meisje met de blauwe hoed, mar ek Adieu mein kleiner Garde-offizier, en Das muss ein Stück vom Himmel sein. Mar syn en ús sterkste muzikale troeven wiene dochs in mennich dramatise smertlappen, dêr't Silver threads among the gold, Aloaë, Seemann's Los en Rio Nachten my noch fan yn 't gehoar lizze, mei alle jeugdsentimint dat mar to pas to bringen is (yn ‘Fioele en Faem’ komme se ek foar, as repertoire fan de ienling Jeen Joukes Offringa). Wy skammen ús net foar triennen, al hie ik soms nuvere dwerse opstigingen om it romantys effekt to bidjerren. Auke koe ek wyskes produsearje troch mei syn pinne tsjin syn hol wang oan to tikjen, in avantgardistys effekt dat liket my ta sels oan Peter Schat en Karlheinz Stockhausen noch ûnbikend is. Yn de instrumintale tuskenspullen - soms op 'e mûlharp - liet ik myn oerfloedige fantasy de frije rin en al mei al wiene wy in machtich duo dêr yn dat kantoarke - dat is to sizzen, as ús heit net by honk wie. En as ik ien ding bigrepen haw, is it Auke syn ûnbidimbere frijheitsdriuw dy't to kear gyng ûnder syn - doe al - keale plasse.
Yn it kantoar stiene bihalve de griene brânkast twa skriuwburo's, ien fan ús heit, dat oan 'e foarkant, en Auke sines, oan 'e
| |
| |
sydkant. It publyk stie achter in houten stekje mei in soarte fan heechoppich houten tafeltsje dêr't ik wolris ûnder siet. It wie soms spannend, as der bilestingbitellers kamen to protestearjen tsjin to hege oanslaggen en ús heit it mannewaer opseinen, fan syn kant dan wer bidrige troch de mooglikheit fan in klacht foar mislediging fan in amtner yn funksje. In inkelde kear, lykas mei de grutte slachter Tseard of Tsjebbe Hooisma, dy't nei syn sin to folle bitelje moast, dêr't ús heit, dy't ommers mar ‘ûntfanger’ wie, ek neat oan dwaen koe, waerd it drigen mei fûsten en skellen, op 't kantsje fan slaende deilis. Dat ús heit as s.d.a.p.-er to boek stie, kin dêrby ek noch meispile hawwe.
En nou't it oer Auke K. giet, mei ien pynlik wjerfarren (ien fan myn fiasko's) net forswijd wurde. Wy wiene fansels thús nou net sà Oranje-gesind - op skoalfuifkes liet ik it Wilhelmus meast stilsittend oer my hinne gean - en doe't it doarp him opmakke om it forlovingsfeest fan prinses Juliana en prins Bernhard (it moat dus yn septimber 1936 west hawwe), plakte ik oan 'e ljochtpeal foar ús hûs in yn blokskrift en Hollâns skreaun ‘bulletin’ om bikend to meitsjen dat de Oranjeplannen om politike reden op it nipperke ousprongen wiene en de feestlikheden net trochgean koene, - zegt het voort. Auke, fan Hústerheide oanfytsen kommend, wie ien fan de earsten dy't it frjemde birjocht liezen; hy hie daliks troch hwa't de útfiner wie en makke de punaizes los. Yn dit stik haw ik Nederlâns earste provo west. Doe't de ‘echte’ provo's noch op har konsepsy wachten.
Yn ‘Voorspel’ fan Dr. L. de Jong lês ik op bls. 524 oer dyselde forloving: ‘De dagbladen van de sociaal-democratische Arbeiderspers getuigden van ‘zekere ongerustheid’ en ‘pijnlijke verwondering’. Dat kloppet dus in bytsje.
Ik fornim dat ik mei Langwar lang net klear bin; mar ik moat myn âlderdomsoankomsten ûnder de kwint hâlde. En der mei ek hwat to eameljen oerbliuwe foar in folgjende feestlike gelegenheit.
|
|