| |
7
Oer dyselde gearkomste hannelt ek it folgjende stikje, út De Teannewâdder jiergong 1 nû. 3:
algra en de analfabeten
Yn pleats fan har ris tige ôf to freegjen hoe't hja in goed Frysk (en, eventuëel ek noch kristlik) boek skriuwe kinne soene, hawwe de K.F.F.B.-skriuwers, ûnder lieding fan coacher H. Algra, har op 'e ‘skriuwersbisite’ ris tige de mûle spield oer de brutaliteit fan de kritisi, binammen fan (alwer) Dr. A. Wadman. Dat it domme skriuwersfé fan de K.F.F.B. net wizer is, sil nimmen fornuverje dy't harren wurken ken, - hwer soene hja ek leard hawwe to leauwen yn de goede trou fan literaire deskundigen? Mar dat de hear Algra miende opmerke to moatten (neffens de Ljouwerter krante): ‘Al is bygelyks it fakmanskip fan in literair kritikus as dr. A. Wadman nóch sa great, as syn geastlike ynstelling bliuwt sa't dy is, sil hy nea by steat wêze om in boek, dat út in Kristlike geast wei skreaun is, rjocht to dwaen’, docht my sêft sein nij. As de hear A. goed op 'e hichte wie, soed er witte kinne, dat ik nea in boek ôfkard haw omdàt it kristlik wie. Wòl om't it yn myn each net kristlik genôch wie. Dat wol sizze: omdat in binypte, krinterige en lytsboargerlike geast ús as kristendom oanpresentearre waerd. Hy soe dan bygelyks de konklúzje lûke
| |
| |
kinne, dat myn earbied foar it kristendom to great is dan dat ik it forhouneloarte en bismodske hawwe wol. Hy soe dan fierder noch witte kinne, dat ik foar GOEDE kristlike skriuwers, lykas G. Mulder, Watse Cuperus, Ypk fan der Fear, Ulbe van Houten, Nyckle Haisma, altyd wurdearring hawn haw. Ek foar it boadskip dat hja bringe, al is it myn boadskip net. (Hy soe, tusken heakjes, by einsluten èk noch witte kinne, dat dr. A. Wadman yn syn Hollânske kritiken méar oandacht foar kristlike romans plichtet oer to hawwen as de kritisi fan alle greate Hollânske blêdden meimankoar). Mar wy hawwe de wurtel al yn 't lid. Ik praet hjir fan GOEDE kristlike skriuwers. It stel dat H. Algra oan syn lippen hong, heart dêr net by. Dat wie it útskot, de rankuneuzen, dy't har sûnder dêrta it rjocht to hawwen, skriuwers neame wolle. De analfabeten fan de Fryske kultuer. En nou kin in analfabeet in tige goed kristen wêze (al fynt men ek ûnder de net-kristliken goede analfabeten), allinne: sa'nien moast gjin boeken skriuwe.
(1969. Mei ien fan dy teven haw ik noch in soarte fan briefwiksel hawn. Se biskuldige my op dy KFFB-gearkomste, dat ik in boek fan har leechlein hie op groun fan it motyf, dat har man (lit ús sizze:) koalehanneler wie. Doe't ik har skreau en frege om swart op wyt to biwizen hwer't en hoe't ik dat sein of skreaun hie kaem der in ûntwikend praetsje, dat se it sels net heard of lêzen hie, en dat se fan my bêst oannimme woe dat ik it net sa bidoelde, mar dat immen oars, in freondin of sa, it sels heard hie en datit dus wol wierwie. Ik haw har doe weromskreaun, dat ik immen noait bioardielje sil op syn maetskiplike steat en dat ik yn it sitaet (dat ik ûndertusken yn in RONO-praetsje weromfoun hie) krekt oarsom wegere hie, by de bioardieling fan it boek rekken to hâlden mei dy maetskiplike steat, omdat de organen fan de KFFB krekt sa'n reklame makken foar it feit dat dit moaije boek skreaun wie troch sa'n ‘ienfâldige frou út it folk’. Antwurd haw ik net krige. Dat dogge kristlike folksskriuwers net. Moeke hat wierskynlik mei in nij boek dwaende west: ‘Syn woartel yn myn lid’. To drok, ma'je rekkenje.)
| |
| |
kristlike folkslektuer
Myn opmerkings oer ‘Algra en de analfabeten’ freegje in taljochting. Ik haw sein, dat ik foar GOEDE kristlike skriuwers altyd wurdearring hawn haw. Ek foar it boadskip dat hja bringe, al is it myn boadskip net. Oer dat ‘boadskip’ (fan de Analfabeten gauris as alibi brûkt) woe ik it noch efkes hawwe.
Mei it wurd ‘boadskip’ lykas hja dat brûke, wurdt fansels in blinders bytsje sein. Hwant hwer bistiet dat boadskip in concreto út? Noch ôfsjoen fan it feit, dat it suver altyd rjochte is ta lju dy't it boadskip net mear nedich hawwe - hwer is b.g. de kristlike roman dy't net ‘foar eigen rounte’, mar foar netkristliken skreaun is? - ôfsjoen dêrfan bistiet it boadskip ornaris út net mear as de bifêstiging fan it fan to foaren al fêststeande, lâns de wei fan in saneamde bikearing. Hear A of juffer B (né, suver altyd binne it yn Fryslân hearen dy't bikeard wurde moatte) is fan hûs út goed-kristlik, dat wol dan stilswijend sizze: orthodoks-herfoarme of gereformeard. Hy kriget it mei syn sûnden to kwea (meast fleislike of materiële of beide), rekket dêrby in stikhinne syn leauwe kwyt, der komt in krisis yn syn libben, yn 't slimste gefal forflokt er God - fierder sykte, in stjergefal yn 'e famylje of in ûngemak mei hynder, traktor, bromfyts of bolle - en al wrakseljendewei fynt er, meastal yn etappes, it leauwe werom. Ut.
Punt 1) Nea sil sa'n kristlike skriuwer ris in fan hûs út ûnleauwich man ta it leauwe bikeare litte. Dat soe pas nijsgjirrich wêze, en dêroer soe yn de Himel, sa liket my ta, mear freugde wêze as oer al dy goede kunde. Mar ûnleauwige lju-fan-hûs-út binne net de moeite wurdich, hja hearre der einliks net by, en sa'n bikearing past net yn it bihyplik wrâldbyldtsje fan ús Fryske episi.
Punt 2) De wêzentlike bitsjutting fan it forlies fan it leauwe wurdt yn dy boeken nea bidjippe (likemin nammers as meastal de wêzenlike bitsjutting fan it leauwe). De skriuwers geane nammentlik altyd stilswijend út fan de predestinearre tydlikheit fan it ûnleauwe-forskynsel, hja fordiskontearje dy al by foarrie yn harren forhael. Dat makket de bikearing praktysk
| |
| |
weardeleas, hwant it is gjin bikearing, allinne mar in weromkear fan in tydlike dwaelwei. It ûnleauwe hat dan ek noait in religieuze of psychologyske wearde yn himsels.
Punt 3) Ek it weromwinnen fan it leauwe nimt by alle wrakseling nea konkrete foarmen oan, it bliuwt altyd yn it algemiene, yn 'e dize. Hear A stekt God de hân ta en oer hoe't it fierder gyng tusken him en God gjin wurd. In bikearing is altyd foargoed, en probleemleas, lykas it leauwe-forlies yn wêzen probleemleas wie.
4) Konkrete punten fan tsjerke en dogmatyk komme nea oan 'e oarder, sels it tsjerkegenoatskip dêr't it om giet wurdt komselden by de namme neamd. In dea-inkelden hat de moed en sprek efkes, hast forûntskuldigjenderwiis fan de Greate en de Lytse Tsjerke, en dêr moatte wy it mei dwaen. Doopsgesinden, baptisten, artikel 31-ers, Jehova's, om mar hwat to neamen, bisteane net iens, modaliteiten binnen de Great Tsjerke likemin. Fan s.n. mingde houliken en de problemen dy't dêr oan fêstsitte (kinne) heart men suver nea (bihalven fansels yn it maetskiplike, as der stânsforskillen mei anneks binne, dêr kin it gjin kwea). Oer striid, skeel en hate tusken rjochtingen (ien fan de greate attraksjes fan de Reformaesje) wurdt net praet. Dit hiele gebiet is prinshearlik taboe, lykas ek it neamen fan it Frysk Deiblêd, n.c.r.v., c.b.t.b. en kristlik ûnderwiis yn syn ûnderskate kleuren. Roomske minsken komme yn dy kristlike boeken nea foar, dy rinne hja út 'e wei. En humanisten of bûtentsjerkliken of liberalen of frijsinnigen (‘nihilisten’, seit Algra, as ik it goed bigryp) komme wol foar, mar altyd as ienlingen, as aparte individuën, nea as groep. Dat makket harren ûngefaerlik en ek in bytsje bispotlik, ûnbidoeld (Hjir moat by sein wurde dat it oardiel oer de persoanlike morael fan dy net-tsjerkliken gauris gunstich is; faek wurde hja de tsjerkelju ta foarbyld steld; dat hoecht nou fan my ek wer net). Hja spylje dan ek nea in rol fan bitsjutting yn sa'n boek, it bliuwe kurieuze figuranten.
5) De krisissituaesje dêr't godsijtank de tsjerken hjoed de dei yn forkeare en dêr't de théologen in iepen each foar hawwe (tankber foar binne), is likegoed taboe yn kristlike romantsjes.
| |
| |
De tsjerke is de Tsjerke, út. In by himelsk dekreet ienris formearre en forabsolutearre Ynstitút. In statyske greatheit dêr't fierders neat fan to sizzen falt. In hillige abstraksje, dêr't op leger nivo hwat lytsminsklike karikatuerkes yn omtize. Dat bitsjut: ek de problemen fan praktyske tsjerklike morael en libbenshâlding en hwat dêr sjendereach yn foroaret (hwat mei in bilidend kristen àl en nèt op snein; de frou yn it amt; de meiwurking oan òare organisaesjes; kristlik tsjinoer iepenbier ûnderwiis; de oekumene, ik neam mar hwat my foar de fuotten komt) binne forbean terrein, lykas alles hwat leit yn it snijflak fan tsjerke en maetskippij, byg. de forhâlding tsjerke-politike partij, de trochbraek, de forhâlding a.r.-c.h., de moderne opfettings yn de Herfoarme Tsjerke, - forbean, forbean, forbean.
(1969: it wurd forbean kin fansels misforstân wekke; ik bidoel forbean fan binnenút, troch ûnmacht en geastlik analfabetisme; net fan boppen-ou; de dingen wurde altyd út 'e wurklikheit abstrahearre, út ûnwittendheit en gemaksucht; boppedat: de Fryske romans dêr't wy it oer hawwe (hiene, moat ik sizze, hwant it sil wol fordwine, noch earder as de K.F.F.B. sels) binne òf bikearingsromans yn forbân fan in forkearing; of forkearingsromans yn forbân mei in bikearing; yn wêzen is de bikearing foar de skriuwer meastal minder essensiëel as de forkearing).
6) Boppe-al: hwat hjoed de dei ek yn Fryslân forheftich oan 'e oarder is: de libbenshâlding fan de kristlike jongerein, de forskouwing, yn in rap tempo, fan jongelingsforiening nei teenagershow, fan harmoanium nei elektryske gitaer, fan Johannes de Heer nei Elvis Presley, fan Wilma nei G.K. van het Reve, de hiele teenagerij, dy't yn kristlike rounten minstens sa forheftich en rûzich resonearret as yn oare formiddens, - dat allegear bliuwt prinshearlik bidutsen yn ús Fryske kristlike folkslektuer. Suver nea is der in bisykjen oan 'e weet to kommen, hwat der ûnder de kristlike jongerein libbet en wurket (it boekje fan ds. Kuiper joech dêrfan in jammerdearlike karikatuer). De skriuwers hawwe op dat punt (en ek op it seksuële, mar dêr prate wy mar net iens oer) harsels de eagen tichtkliemd, òf ... hja doare gjin sliepende hounen wekkermeitsje. Hja libje froed en binammen from
Teatske de Jong (1888-1966)
Gatze Wadman(1887-1961)
| |
| |
mar boppe-al lytsboargerlik fierder yn har 19de-ieuske bigrypkes oer tsjerke, leauwe, minske en maetskippij.
(1969. Kristlik ûnderwiis is in 19de-ieuske tink-struktuer dy't (mei in soad bilestingjild)
omset is yn in 20ste-ieuske machtsstruktuer. Mei de groetnis oan in pear tûzen Gerbrandy's en Algra's).
Nou bin ik mar in nihilist, in bûtensteander, mar ik haw dochs de eagen ek wolris iepen. De moderne jeugd, ek de kristlike, fortoant in skriklik en soms tragysk, alteast bigreatlik tokoart oan ûnderskiedingsformogen, as men de kulturéle warberheden op it teenagerfront achtslacht. Ik moat der om laitsje, skodholje en in bytsje treurje tagelyk. Mar dat is allinne de iene kant fan de saek, lit ús sizze de negative. Der is ek in positive. Al dat kristlike teenagergedoch is foar my ien great biwiis, dat de kristlike jongerein net mear tinkt en net mear tinke wòl yn de tradisionéle antithese fan leauwe en wrâld, wy en de oaren, yn de itige kategoryen dêr't wy-âlderen de libbensforskynsels yn rubrisearje.
(1969: struktueren, sizze se nou, of seine se forline jier noch). Der is in geastlike trochbraek oan 'e gong dy't folle fierder grypt en folle djipper taest as hwat men dêr in politicis ûnder plichtet to forstean. Radio en t.v. (de reuzeswaei fan de n.c.r.v., de iepenheit fan dizze media foar oarstinkenden) hawwe dêr in oanpart yn, mar forklearje net alles. Dy ienfâldige frou dêr't de Ljouwerter krante fan forhelle, dy't yn alle argeleazens sei, dat sûnt har dochter yn it kristlike muzykklubke meispile (‘By in grouwenien wol ik har net ha!’) twa tige slimme stikjes ynienen wòl spile wurde koene: ‘Barcelona’ en ‘Jezus, leven van mijn leven’, - dy goede siel hat it wierskynlik net bigrepen hwer't it om gyng (hja libbet sels noch fol ynmoed by de antithese fan fyn en grou), mar via har gitaertokkeljende dochter levere hja hjir tagelyk it feilleas biwiis, dat dy jongerein, suver ûnbiwust, de dingen net mear antithetysk sjocht. Leauwe en wrâld yn ien sike, symbolisearre yn twa teenagerhits; de opheffing fan tsjinstellingen en kategoryen.
(1969. Yn de skriftueren dy't de geastlike grounslaggen fan de
| |
| |
Mammoetwet bigeliede, b.g. dy fan Drs. A.J.S. van Dam en syn Onderwijskundig Studiecentrum, wurdt altyd sa leaf en froed de klam lein op de sosialeyntegraesje, dy't fan de per Mammoetwet neistribbe greate skoalkompleksen útgiet. It is sa glûpend nedich dat Pyt fan de Bankwurker en Klaes fan de Bankdirekteur, ek al forskille har yntellektuële kapasiteiten gâns in ein, elkoar ûnderiendak moetsje kinne; in skoaldak, woltoforstean. Ik stim dat in stikhinne mei; sosiale en kulturéle kleauwen moatte sljochte wurde; yn 'e praktyk freezje ik wol dat Pyt en Klaes elkoar ûnder al dy tûzenen ûnder-ien-dak-sitters maklik misrinne kinne, mar hawar. Mar oer de geastlike yntegraesje of sels mar konfrontaesje wurdt noait praet; dat is taboe yn Nederlân. Dochs freegje ik my yn gâns sliepeloaze nachten ou, hwerom't Drs. van Dam c.s. der net op steane dat Pyt fan de humanistise bankwurker en Willem fan de gereformearde bankdirekteur elkoar ek ûnder ien skoaldak moetsje.
Se treffe elkoar wol yn de kofjebar, sizze jo. Akkoard, mar ik freegje my dan dochs noch ou o't it ekonomys sinfol en forantwurde is om, to wille fan dy kofjebars, safolle bysûndere skoallen yn stân to hâlden.
Ik soe dit oars net sizze, hwant ik haw neat op kristlike minsken en in abstracto ek neat op kristlik ûnderwiis tsjin. Ik mien trouwens dat myn eigen ûnderwiis by útstek kristlik is. Mar ik siz dit, om't der oars nimmen is dy't it seit. En Hindrik Algra moat dochs ek hwat to fretten hâlde).
En sjoch, as ús kristlike folksskriuwers, goede en byneed ek minder goede, har der nou ris ta setten om dìt soarte fan dingen oan to snijen en to sjèn, alteast net to mijen, yn pleats fan har ivige bikearingen mei of sûnder bolle, dan hoegden hja om my écht noch gjin hege superliteratuer to produsearjen, mar hja soene earlik midden yn it libben en it kristendom stean. Hja soene by al har breklikheden it lêzen wurdich wêze, omdat hja appellearren oan dingen dy't nou, hic et nunc, yn de minsken libje, dêr't hja alle dagen mei de noas op treaun wurde. Dàn soe harren ‘boadskip’ in libben en konkreet boadskip wêze en net
| |
| |
allinne in warskôgjende finger tsjin lju dy't it al lang witte.
Hwant it probleem dat it kristendom yn de minske delleit, is net horisontael: earst in tiid kristen, dan in skoft net (twivel en ûnleauwe) en dan wer oan 'e ein ta kristen (bikearing). It is fertikael: kristen en net-kristen tagelyk en trochinoar hinne, oan 'e lêste snok ta. Jo en ik, Hindrik Algra net útsûndere. Dêr komt gjin bikearing oan to pas.
(De Teannewâdder, lste jg. 1962, hjir en dêr lichtsjes foroare, oanpast en oanfold).
(1969. Hwat hjirboppe oer ‘analfabeten’ sein is, klinkt miskien ryklik wreed en agressyf. Mar ik tocht dêrby ek oan de selskritykloaze nayf-binypte geast dy't hearskje kin yn lytse, neare en sletten wy-ûnder-elkoar-formiddens. It liket soms as wol de KFFB himsels út dy neazichheit losmeitsje, troch b.g. sa nou en dan ek net-kristlike (of lit ik sizze: òars-kristlike) skriuwers yn har fûns op to nimmen. Geart Jonkman, Sjoerd Spanninga ensafh. It is my bêst, hear, ik bin ek foar mear iepenheit. Mar hwat is de sin dan noch fan dy ‘K’? Op dy wize wurdt de KFFB ommers ek ta in yn en om himsels bisteande machtsstruktuer; in firma mei in forkeard etiket).
|
|