wurde, dy Mebius Brandsma, théologant oan it Great-seminary to Rijsenburg, in munster yn it eksorsearjen en ekskommunisearjen, ûnder it motto: ‘Dem Schweinen ist Alles Schwein’. Hjir folget hwat ús Mebius - altyd neffens J.N. - it Fryske Folk to sizzen hat. Hâld jim goed beet, hwant it naeit der út!
‘Dr. Wadman is in man mei greate literaire kapasiteiten en dat hat hy ek sjen litten, mar hy is der noch net; en as men sa nou en dan ris syn literatuer en skriuwerij tonei komt en dizze bisjocht mei algemiene kriteria dan bliuwt der ek neat fan oer. Yn “Maatstaf” lies ik okkerdeis noch in stikje fan Wadman, dat ik allinnich mar fiis en goar neame kin. It bleau my ek yn 'e strôte stykjen, mar lokkich koe ik it noch útspuije... bah! Literair miskien (!) tige goed, mar der is ek noch hwat oars as literatuer. Ik ha my ôffrege, hwat Wadman ôfréageare moat, hwant yn elts gefal is der hwat. Soks kin ik persoanlik nou ienris net al to posityf sjen. En boppedat haw ik my ek ôffrege, hwat better yn 'e strôte (ik brûk noch altyd de terminology fan Wadman!) hingjen bliuwe kin: it “lêsfoer” fan de KFFB of in smoarch en goar fiis stikje literatuer, dat wier nei myn bitinken net reéel is en tsjûget fan ûnmannelikheit en ûnfolgroeidens. It hat sa'n soad foar as men wier soun is. It spyt my, mar ik kin dit persoanlik net kombinearje, hoe great dr. Anne Wadman yn de Fryske literatuer ek is foar my persoanlik en ek foar al dejingen, dy't hjir in waerm hert foar hawwe. Yn elts gefal haw ik my mei de krityk fan Wadman op de roman fan ds. Kuipers wol formakke.’
En nuver, as hie de duvel de hannen yn 't spul, krekt doe't ik oan it tikjen wie, kaem Frater Brouwer (net Gerben, mar Winfryd) hjir oan 'e doar mei hwat knipsels, û.o. de libbene by de deade, dêr't út bliken docht (en dat is J.N. krekt ûntkommen), dat ús freon Mebius, de manlike en folgroeide, de man foar hwa't it sa'n moai ding is, dat er ‘wier soun’ is, syn opstel einiget mei de ûnstjerlike folsin, dy't ik graech ta motto oer dizze hiele ‘Teannewâdder’ jiergong stelle wol: ‘Ik hoopje, dat it bisjen lije kin!’
Mar der siet nóch mear yn it pak fan Sj. ik bidoel Fr. Brou-