grutter letter printe as dy fan de oare omroppen. Hy koe fansels de nammen fan de ‘eigen’ partij wol drome: G.J. Zwertbroek (dy't letter raer troch de koer foel), Arie Pleysier, Hugo de Groot, Johan Jong, Cor Stein, A.M. de Jong, Harry Wiggelaar, Nap de Klijn, Joseph Schmidt, Eddy Walis, P.J. Kers junior, Willem van Capellen, Rolien Numan - út beide kampen binne al heel hwat lju wei en mear as ien of twa yn in konsentraesjekamp -. De goeden en de forkearden. De goeden kamen bygelyks op it VARA-Zomerfeest, dat ek ien kear yn 'e oars wakker ‘liberale’ Hepkema's Boskjes op it Hearrenfean wie, ûnder oaren mei de Flierefluiters; en in kear yn Amersfoort, dêr't se mei in VARA-bus hinnegyngen, hy om't er lid wie fan it VARA-trio, mar dat is in heel oar sjapiter.
Hy - èn Tsjip, dat moat sein wurde - stiene neist elkoar, mar allinne yn 'e striid. De sterkste partij hiet AVRO, en der waerd soms om fochten, al sil der ek gâns grapjagerij by west hawwe. En frjemd - doe't hy en Tsjip in kear slaende deilis rekken - keas de AVRO-partij partij foar him, net foar Tsjip, om't dy yn in oar doarp wenne. Op in fytstocht nei Gaesterlân hiene hy en Tsjip beide in VARA-flachje op 'e fyts, sa'nien mei in reade flam, stiltsjes fan bûsjild kocht yn de koöperaesjewinkel op 'e Jouwer. Hy wist, dat syn heit in grut fijân fan flachfortoan wie en likegoed fan de yn dy tiid hearskjende spjeldtsjeswoede (ien fan de dingen dêr't de oarloch in ein oan makke hat). Syn heit sei altyd: Hwat je binne sit net yn 't uterlik, mar fan binnen. Dy VARA-flagge hat net lang tsjinst dien. En ik bin ús heit noch altyd tankber foar dat ynsjoch, dêr't ik sels as lid fan in klub dy't it insigne-dragen dochs wol seedlik forplichte achtet, mar min mei brekke kin.
Achteroubisjoen leau ik dat ik de politike kontroverse yn dy tiden tige oerdreaun en dramatisearre haw. In oar âld-sear út dy dagen die him folle searder. Hy hie, moat men oannimme, hysels hat it noait sa sjen kinnen, mar it feit moast akseptearre wurde, yn syn gesicht, binammen yn de stân fan syn eagen hwat dat guon lju foar ‘sinees’ forslieten. Yn syn doarp waerd dat dan ek soms syn bynamme, foarsafier't er neamd en by-neamd