| |
4
In fraech (dy't my noait troch immen steld is) (net troch de man dy't yn myn plak kaem) (net troch de journalisten dy't nòu alle klap- en oare sketen fan nije of ougeande of yn konflikten forsille tydskrifteredakteuren mei grutte koppen en martiale foto's plichtsje publyk to meitsjen) (ek net troch Jo Smit, dy't yn opdracht fan de Tsjerne-redaksje yn 1968 de skiednis fan ‘De Fryske literatuer 1945 1967’ skreau, dêr't myn namme oars in pear hûndert kear to faek yn foarkomt), dy fraech is: Hwerom binne jo yn 1953 dan wól út De Tsjerne gien?
| |
| |
Dit grutte geheim út myn beukerjierren is noait buorkundich wurden en miskien mei it gjin kwea der nou, après seize ans, lang om let skytskoarjend op wei nei de folwoeksenheit, in wurdmannich fan to sizzen. Ek yn De Tsjerne sels siket men omdôch om in forklearring. En dat sil myn eigen skuld west hawwe. Yn myn bitankbrief oan de redaksje haw ik forsocht myn ouskied net mei skynhillige tankwurden to fieren. De redaksje hat har kreas oan dat forsyk hâlden en ek nèt-skynhillige tankwurden stipt binefter hâlden. Myn brief, skreaun yn grutte woede, nim ik oan, oars soe ik se sa brún net bakt hawwe, wie sa:
Oan de Redakteuren fan
‘De Tsjerne’.
Snits, 16-9-'53
Achte meiredakteuren,
Hjirby diel ik jimme mei, dat ik mei 1 Oct. o.s. it redaksjeskriuwerskip delliz. De reden dat ik dit earder doch as myn doel wie (ik hie om myn drokte mei 1 Jann. '54 bitankje wollen) is de folgjende. Yn it Oktober-nûmer wurdt in artikel fan Piter Wybenga opnommen, dat fan toan en oanpak sa haetlik en sa krinkend is foar myn persoan en foar my as skriuwer, dat it my bitter ôffalt dat jimme ré west hawwe it op to nimmen. Mei opsetsin haw ik mei dit brief wachte om't ik jimme persoanlik oardiel oer dat stik op gjin inkelde wize biynfloedzje woe. De polemyk fan P.W. stiet op in sadanich peil dat ik der net op antwurdzje kin en dus ek net yngean wol op de dingen yn dat stik dêr't winliken wòl oer to praten wêze soe. De hear P.W. hat it idé hawn dat er my ‘ûntmaskere’ hat, en foar elkenien dy't dat stik lêst, kin ik net oars wêze as in tizekop, dy't al syn libbensdagen jeuzelpraet útstjitten hat. Boppedat hat ien fan de redakteuren sa ‘freonlik’ west, de tekst hjir en dêr hwat to bihoffenjen, mar frjemd genôch hat er dat krekt dien op dy plakken dy't kompromittearjend wiene foar de skriuwer fan it stik, en hat er it measte hwat kompromittearjend foar my wie, stean litten. Ik haw dy ‘forbettere’ tekst oan de hear P.W. jown om yn to sjen en hy hat dy foar akkoart tekene.
| |
| |
Ik bitankje der foar om myn bisykjen iderkear wer om de Tsjerne elke moanne fol to krijen, bileanne to wurden mei it fan redaksjewegen opnimmen fan de stjonkende aeijen fan Piter Wybenga. Wolle jim biwizen ha, lês it stik fan P.W. troch as it yn 'e Tsjerne komt. De oarspronklike tekst wol ik der wol byleverje. Ik fiel der neat foar om my op sa'n wize kompromittearje to litten. Foar de fan redaksjewegen sanksionearre greate bek fan P.W. wyk ik mei alle soarten fan (eigen) leafde.
Myn bislút stiet fêst. Myn meiwurking giet troch - mar ik wol net mear as redakteur de forantwurdelikheit foar de Tsjerne drage en winskje dat myn kopij bihannele wurde sil lyk as alle kopij. Foar it Oktobernûmer sil ik antwurdzje op de stikken fan Inne de Jong, A. Jousma en O. Postma, en de kopij foar bioardieling nei it nije redaksje-adres stjûre. Der leit fan my noch in forhael dat ik foar it Nov.nûmer ornearre hie.
Ik forsykje jimme my sa gau mooglik it adres fan myn opfolger op to jaen, ik kin dan de foarhannen kopij (folle is der net) en it archyf dêr hinne stjûre. It Sept.nûmer sil ik noch alhiel forsoargje, de printkladden en de honorarium-deklaraesje fan Piter Wybenga incluis. Mar myn tasizzing om foar it Okt.nûmer in lokwinsk oan Rixt to skriuwen lûk ik hjirby yn, omdat ik dat net oan tiid haw.
Op eventuële redaksjegearkomsten om de saek wer yn 't lyk to praten mei of sûnder help fan wodka, forskyn ik net. De Fa. Kamminga sil ik forsykje myn namme mei 1 Okt. fan it omslach ôf to heljen en ik freegje jimme yn de Meidielingen foar it Oktober-nûmer to setten dat ik net langer diel útmeitsje fan de redaksje. Sûnder tankwurdtsjes s.v.p.
Mei groetnis,
Anne Wadman (w.t.)
n.t. redaksje-skriuwer
Boppe it tikke brief stiet byskreaun: ‘Fortroulik’, en der ûnder as forklearring: ‘Ik wol dizze hiele saek bûten de publike opiny hâlde’. Mar as de redaksje hjirút de konklúzje lutsen hat, dat ik harren ‘forbean’ haw om oer myn ougean forantwurding ou to
| |
| |
lizzen, dan mei dat formeel miskien wol sa klinke; en ik sil der myn reden foar hawn hawwe, om dit sa krú op to stellen (woede, sei ik al + gjin sin oan einloaze palavers oer hoe en hwat en hwerom), dat nimt net wei, dat ik fansels gjin inkelde redaksje hwat dan ek forbiede koe. Ik bidoelde gewoan: om my hoecht it net; lit ús mar gjin publike rotsoai meitsje; ik hie doe sa nou en dan al it idé dat ik net sa bilangryk wie (bin) as ik soms sels tocht en as oaren my founen (fine). Hwat wie der oan 'e hân, dat sa myn woede wekkermakke, dat ik mei ien pinne-hael in ein makke oan myn safolle ûnthjittende Tsjerneredakteurskarrière?
As redaksje-skriuwer krige ik in ‘essay’ tastjûrd fan de hân fan Piter Wybenga, bidoeld as réaksje op in artikel fan my oer de ‘nije’ poëzij (‘Poëzij om de poëzij’ yn it juny-nûmer 1953) (in artikel dêr't ik sa fier net mei weirin as Jo Smit, mar dat dan dochs it probleem fan de eksperimentéle poëzij yn Fryslân stelde en it goed rjocht dêrfan, sij it miskien op forkearde grounen, foaropsette; in stik yn alle gefallen dêr't reedlik oer to ‘praten’ foel). Mar Piter Wybenga foel der mei de hele hûd oerhinne; syn réaksje wie yn wêzen in tige persoanlike en haetlike oanfal net sasear op myn tael- en dichtkundige forkundigingen as wol op myn persoan. (Ik mei der noch wol bysizze, dat dit en guon oare Tsjernologise artikels fan myn hân yn dy snuorje net altyd út oprjochte skriuwersneedsaek en literaire ropping fuortkamen, mar ek wolris út kopijkrapte, dêr't myn mei-redakteuren ek mear as in bytsje mandélich oan wiene).
De bilangstellende lêzer kin sawol myn stik as dat fan Wybenga neislaen yn De Tsjerne fan resp. juny en septimber 1953. D.w.s. net it oarspronklike stik fan Piter Wybenga, mar datjinge hwat redakteur Schurer der fan makke hie. Ik stjûrde nammentlik de kopij fan P.W. sûnder kommentaer by de redakteuren lâns en krige it op in stuit werom, troch Schurer op allerhande wizen bihoffene. Guon persoanlike haetlikheden oan myn adres wiene skrast of forsêfte, oare lykwols hied er stean litten (opmerking Douwe Tamminga 1969: ‘de slimste domheden wiene der út skrast’; ik wit net oft it ‘domheden’ wiene).
| |
| |
Mar it stik waerd nèt oukard en der kaem ek gjin útstel om oer ien en oar nochris to praten op in redaksje-gearkomste (Douwe Tamminga 1969: ‘it algemien bitinken fan de redaksje wie: A.W. weeft sels wol mei him ôf’; mar der binne sommige dingen dêr't men net sa maklik sèls mei ouweeft). Nimmen frege hoe't ik der ûnder stie. Paus Schurer, sa fielde ik de saek oan, hie syn non obstat jown en dêrmei wie de saek foar de kardinalen út. Ik persoanlik - mar fansels haw ik dat net fan to foaren tsjin ien fan de redakteuren sein, om't ik de mannen net biynfloedzje woe; en ik haw it stik opnommen om't ik altyd demokraet west haw - hie grutte biswieren tsjin a) it oarspronklike stik fan P.W.; b) tsjin de forsêftingen fan Schurer oanbrocht en dus tsjin de definitive tekst en c) tsjin de fanselssprekkendheit fan de gong fan saken. Net dat Piter Wybenga, him nuvergenôch fan to foaren ekskusearjend foar syn eigen ûndeskundichheit op dit gebiet, tsjin my polemisearre oer it probleem fan de dichterlike tael wie myn biswier, mar de wize en de toan hwerop, en yn it bysûnder dy iene sin dy't ik efkes oerskriuw en dy't ik, net juridys, mar moreelminslik in mislediging achte (en achtsje, al jow ik ta dat sûnt dy tiid - en dy pionierseare moat men Piter Wybenga jaen - ditsoarte fan smaedlike en hunende toan om sa to sizzen toan-oan-jaend wurden is yn it publike forkear):
‘Hjir komt de bitizing, dêr't Wadman net allinnich nou, mar altyd mei tangele sit, yn alle neakenens foar 't ljocht. Hwant hy hat ien grouwélich tokoart: hy hat krekt ien diminsje minder as oar soarte lju en dêrom hat er gjin doel oer geastlike wearden’. (Douwe Tamminga 1969: ‘mei dy “geastlike wearden” bidoelt P.W. “religieuze wearden”, sjoen út syn gereformeard klimaet wei’; myn fraech: bidoelt er dan mei ‘oar soarte lju’ ek allinne de gereformearden?).
Ik tocht sa likernôch sà: As Fedde Schurer òare persoanlike dingen út Wybenga syn tekst skrast of bislipet, en hy lit dizze ‘yn alle neakenens’ stean, en nimmen fan de mei-redakteurs jowt der fierder azem op
(sa tocht ik sa likernôch),
dan nim ik oan dat sij gek binne of ik, en wol ik yn gjinien fan
| |
| |
beide gefallen mear yn 'e redaksje sitte. Ik tocht: as P.W. ûngelyk hat, dan moat dat út 'e hâlding fan de redakteuren blike; en as er gelyk hat, dan hear ik út soarte net yn de redaksje fan in literair tydskrift. Schurer syn healbakken kastraesje fan it Wybengastik kaem foar myn gefoel sahwat hjir op del: P.W. skriuwt, dat A.W. in huorrejager is, en F.S. forbettert, dat A.W. in geregeld bisiker is fan ûntuchtlike huzen, en de redaksje lit it mar passeare (hwant A.W. weeft sels wol mei him ou).
Ik haw doe de saek gewoan ouhannele, yn myn funksje fan redaksje-skriuwer Piter Wybenga skriftlik frege o't hy mei de Schurerse foroaringen akkoart gean koe en en it stik yn De Tsjerne opnommen; as't my net slim mist der ek de printkladden noch fan neisjoen. Ik haw de redaksje meidield dat ik net langer redakteur wêze woe, sjoch hjirboppe. Ik haw trouwens noch mear dien. Ik haw Piter Wybenga, blykber yn ouwiking fan myn oarspronklike bidoeling, noch yn it novimber- en it desimbernûmer biskie jown, op twa dúdlik to ûnderskieden wizen, ien misledigjenderwize en ien serieus en fatsoenlik. Yn it novimbernûmer stiet fan myn hân fierder noch in forhael, en ik mien ek (mar hjir binne de histoarisi it net alheel oer iens), dat ik, alhoewol net offisiëel mear yn funksje, dochs de rinnende saken oant en mei it desimber-nûmer ouhannele haw. Ik hie dêr trouwens ek myn slûchslimme reden foar. It ‘Pitertuerlik praetsje’ (nov.nûmer) hie ik oan 'e redaksje net foarlein; ik haw it stikum opnommen; it is my letter wol dúdlik wurden, dat de oare redakteurs tsjin dat stik grutte biswieren hiene (Douwe Tamminga 1969: ‘ik hie allinne in oar forwar forwachte as dizze skeldkanonnade’; ik: dat oare forwar is ek kommen: yn it des.nûmer).
Ik wie der doe wis fan, dat myn earste replyk troch de redaksje ouwiisd wurde soe; miskien haw ik my dêryn forsind en gou doe ek al de letter hearskjende opfetting, dat redakteuren baes wiene oer har eigen kopij (m.o.w. dat in redakteur skriuwe koe hwat er woe, sûnder dêryn troch de oare redakteuren opkeard to wurden). Mar ek al hàt dy regel doe miskien al stilswijend foarskrift west, ik wie formeel gjin redakteur mear en ik foel dus formeel ûnder de rubryk meiwurkers. Hoe dan ek, ik haw it
| |
| |
Pitertuerlik praetsje opnommen of opnimme litten sûnder it fan tofoaren oan de redaksje lêze to litten; en dat hat noch myn earste noch myn lêste immoréle died west. Spyt, lykwols, lykas fan safolle immoréle dingen dy't ik by de ein hawn haw, haw ik hjir net fan skipe. Binammen net doe't ik jierren letter lies, dat Tamminga, foar de rjochter helle fanwegens mislediging fan in him Frysk skriuwer neamende persoan, him ûnder oaren en ‘en passant’ yn syn fordigening birôp op myn mislediging yn 1953, fan de net by de namme neamde Piter Wybenga. Ha, tocht ik, dat yn 'e krante lêzende, myn mislediging is blykber troch de literatuer-histoarje itige, klassyk wurden en hwawit in bytsje hillige ta ien fan de literaire spulrigels.
Wol grappich, tocht my.
En dat wie dan myn ouskied fan De Tsjerne, dêr't ik letter, nettsjinsteande Douwe Tamminga syn oandwaenlike noeden op dat stik, noait gjin minút spyt fan hawn haw. Fan Charlotte Bühler haw ik leard, dat Dimensionswechsel gjin ramp is. Der is altyd wol wer hwat oars. Ek fan Piter Wybenga syn kant hat de polemyk gjin forfolch hawn. Mar it gekke is, dat sels yn de omfallen boekekast fan Jo Smit, dêr't myn namme oars in pear tûzen kear útrôlle is, dit pitertuerlik konflikt gjin wjerslach foun hat; de namme fan P.W. is der net ien kear útrôlle; en dàt is nou ek wer ûnbillik...
|
|