rally stjûrd. Jury: mefrou A. van der Minne-Buma en de hearen Gerben Brouwer en H.K. Schippers. It kaem werom sûnder priis. Ik hie dêr frede mei: der soene wal folle better forhalen ynstjûrd wêze, tocht ik, mei myn bikende sprekwurdlike biskiedenheit. En de reade roas gyng wer yn 'e doaze, oant de redaksje fan ‘De Teannewâdder’ it wol opnimme woe.
Koart dêrnei moete ik, yn april 1961, op in feest to Grou yn alkoholise tastân de hear Gerben Brouwer. In forslachje fan dat petear yn ‘De Teannewâdder’, 1ste jg. nr. 3. Hy sei: ‘Hwat wie dat in pûrbêst forhael. Yn bitrouwen sein: it kaem yn 'e Rely-priis fier boppe-oan’. - ‘Dan hiene jimme my de priis jaen moatten,’ sei ik. Hy bigrânzge wiidweidich, dat dat net kind hie om wille fan it lêzerspublyk fan de Fryske Bibleteek, dêr moasten hja rekken mei hâlde.’
Achterou bitink ik, dat de man yn syn ûnnoazelheit miskien ek noch wol to goeder trou west hat. Hy hat faeks noait bigreper hwer't de taek en hwer't yn dizzen de fout fan de jury-leden lei. Ik hie it ynskikke kinnen, as it yndied in kwestje fan publikaesje west hie, lykas ik it ynskikke kind hie as se sein hiene: spitich, mar dat fan Hein F. Faber of Durk van der Ploeg wie better. Trouwens, de bitsjutting fan ‘De reade roas’ leit binammen yn it flak fan dat histoarys proses; net yn it suver literaire. Ik smyt it net wei, mar ik rin der ek net sa fier mear mei; it is myn literaire styl fan nòu net mear, it kliemt my hwat to folle.
Mar de fout fan de jury wie, dat se twa dingen (twa ‘foegen’) troch elkoar hinne helle: a) de eigenlike priisfraech; b) de eventuële publikaesje fan bikroande wurken yn it kader fan de Fryske Bibleteek. Rely Jorritsma, dy't in bêst en nommels mins wie, mar fan de hiele Frysk-literaire situaesje gjin reet snapte, is hjir in kromke mei skuldich oan, troch testamentair it earst-publikaesje-rjocht fan it bikroande wurk oan de Fryske Bibleteek to jaen en net to witten dat binammen yn Fryslân rjochten gauris foar plichten oansjoen wurde. It is de troch it Bibleteek-bistjûr oanwiisde jury dy't de prizen taken, op literaire grounen, it is in òare instânsje - it institút fan ‘samlers’ en