2
Noait, wo'k leauwe, hawwe protters op in dak, ûnder de pannen, sa alderheislikst oangien as op dy earste april 1932, moarns tusken fiven en seizen. Dat wol sizze tsjottere, prottele, fluite, pipe, koerd, tsjânsele, kwêke, kraeid, mar ek mei flerken slein en mei poaten klaud. Dat moat in foarjiersdei west hawwe as noait tofoaren, in nasionale feestdei yn 'e fûgelskiednis.
Hy wie al ier en bitiid wekker dy deis, yn it âlde hûs oan de Langwarder Breeddyk, in hwat somber, lytsboargerlik hûs mei in oanboud kantoar, in krap túntsje foar, achter en oan ien sydkant, in wythouten túnbank foar it kantoar, achter en neist it hûs hinnehokken, in flearhage dy't oer in stjonksleat hong, letter noch byboud in hok mei in galvanisearre dak, doe wierskynlik allinne in lossteand húske tsjin 'e sleat oan.
Dy protters symbolisearje foar him it wekker wurden; se wiene as in forbjusterjend nij bigjin, in berte, in stream fan lûd en forwachting by it oangean fan dizze dei en, yn dit gefal, fan in nije libbensfaze. Dy deis reizge er mei syn swartswilken tas fol boeken op 'e fyts nei de Jouster Ulo-skoalle. De knyntsjedagen op 'e legere skoalle fan master Venekamp, by hwa't er to boek stie as it ‘aardrijkskunde-mannetje’, wiene foarby. Efterneibisjoen hied er nei it gymnasium moatten, yn Snits, mar syn âlden wiene net sa thús yn dy mateary en letter koene jo altyd wer sjen. De Mulo wie yn alle gefallen al in stap omheech.
It gebou stiet der noch, hecht oan 'e Hurddraversdyk, gâns opknapt, yn it wyt ferve nou, en útwreide, mar yn wêzen itselde noch. Baes wie master van B., in humane man mei brune snor en stoppeltsjehier, dy't himsels Ome neamde en in pear hûndert meter fan 'e skoalle ouwenne yn in hwat forskûl geand hûs mei in brechje. Syn forfanger wie master K., dy't ûnder oaren wiskunde en Frâns joech en oan dat lêste feit, haw ik altyd oannommen, syn eigenaerdige bynamme Pneu (fytsbân)