| |
| |
| |
foar Douwe Tamminga
Ynpleats fan finsters op Europa iepen to setten, wurdt fan it Fryske hûs in aeklik rabbersnêst makke, dêr't Jan mei Alleman oerheap leit en Alleman mei Jan.
(D.A.T. oer De Teannewâdder, De Tsjerne 1963 nr. 5)
| |
| |
| |
1
de reade roas
Efter de skoalle lei in rûch en ûnsljocht sportfjild, dêr't de gymnastykmaster by goed waer syn kuorbalpeallen omheech hyste en dat oan 'e efterkant oufrede waerd fan in brede stripe heech opgeand beamguod, meast wylgen mei opfollingen fan toarnbeispul. By hege wyn roek it hjir sterk en prykjend fan it kofjebarnen yn it greate fabryk. En hjir hiene ek dy eigenaerdige jongesrituëlen pleats dy't hja boargemastermeitsjen neamden. Redeleaze opstigingen fan in massale, primitive seksualiteit, in sacre du printemps dy't in hiele keppel oanfleach om ien fan harren oan to taesten yn syn intymste ding. Hy hie it sels noait ûnderfoun, hy paste wol op, dêrfoar stie er nammers ek to folle bûten de jongesmienskip, faeks bitrouden se him net en tochten dat er mei it forhael nei boppemaster of polysje rinne soe. Se keazen leaver guont dy't de boel net forriede soene om't se bygelyks sels net skjin op 'e ribben wiene. Men hoegde ek net iens folle to dwaen om útkard to wurden, it barde soms samar, sûnder oanlieding, in pear kear yn 't jier miskien, moai grif foaral yn 'e maitiid, en it like ek gjin groeden yn 'e siel achter to litten, dêr fornaem er tominsten noait hwat fan. It wie allinne in wreedaerdich, sadistys formeits, in fornedering fan hwat bleat to lizzen dat neffens de seedlike wet bidutsen bliuwe moast, it soenoffer waerd brocht en dêrmei wie it forgetten, de wrâld tearde har wer yn normale proporsjes. Hy hie der dus bûten stien, lykas er meast bûten de dingen stie, it swit briek him al út as er der mar oan tocht dat dizze rein him ek bidrippe koe, hwerom net? Hy dreamde der soms fan, dat er wraksele mei in bigearige, hjit hymjende kloft dy't op him oanstrûsde en him oerstjalpe en him fornedere mei dat ûntbleatingsrituëel. Ienris, doe't it in jonge oanbilange dy't er net lije mocht, in narderige klier dy't fol gemiene streken siet, al wie 't dan in wees dy't by omkes en muoikes greatbrocht waerd, wied er sels meiroun yn 'e
| |
| |
kloft, mar op in distânsje, in part fan de kollektive woede wie sines, mar hy draefde op in distânsje en doe't it slachtoffer, de jonge dy't sûnder heit en mem troch it libben moast, mar dêroan net it rjocht ûntliende in rotsak to wêzen, yn in kliber jongeslichems biwuolle tusken de toarnbeiranken siigde om it machteleas to ûndergean, hied er him omkeard, tocht er efkes dat er spuije moast, hy doarst net to sjen, mar der wie goedbisjoen ek neat to sjen. Hy koarre hwat, mar spuide net, hy trille op syn skonken en hy bleau op in sadanigen oustân dat er harren altyd foarbliuwe koe oant binnen it feilige skoalstek, mocht it wêze dat de kliber ynienen om in oar slachtoffer omseach en him yn 't fizier krige, meiplichtige dy't dêr, neffens syn reputaesje fan braef jonkje, gjin rjocht op hie. Mar dat barde net. Noait barde it, dat se hìm toneikamen. Faeks fielden se yn har rûge sielen dochs dat je soks allinne dwaen mochten mei guods dy't der oer koene, de grouwe, gewante bûsten mei in steil wurd oer ‘der op lizzen’, de seksuëel wetigen. Dêr hearde hy net by.
Ienkear hie it him fan tichtby oangien, om't se in jonge boargemastermakken dêr't er hwat mei bifreone wie. It barde - lykas altyd - yn it middeisskoft, as se de brochjes by moai waer efter de skoalle opite moasten en net yn it tekenlokael mochten, de skoalle wie dan op slot. It gyng Tsjip oan, syn freon, in doarpsmaet, dêr't er allinne om dat freonwêzen al forplichtingen oan hie. Tsjip, de swakke skeakel tusken him en dat rûge skoaljongeswrâldtsje dêr't er djip yn syn siel sa bang foar wie. In hechte freonskip wie it net, mar yn 'e tiid dat it barde, joech it him it fielen dat er der ek byhearde. Hwat Tsjip dien of misdien hie, wie net alhiel dúdlik, mar it hie to meitsjen mei Frearkje, se moasten net sa mei har, sokssahwat hie Tsjip sein. En Okke, mankjirl, grouwe oester yn syn mansjesteren lange broek, it foarrjocht fan de alderâldste heechste-klassers, hie it measte mei Frearkje op, hie it, neffens de forhalen, it faekst mei Frearkje dien. Okke riisde oerein en joech it wachtwurd: boargemastermeitsje. De hele keppel riisde mei oerein, en in amerij seach er yn Tsjip syn deadsbinaude, oars sa guodlike ljocht-blauwe kealle-eagen, doe spile dy, ûnderútrôljend, de klompen
| |
| |
útskoppend, handich de wyk. Wied er sitten bleaun, dan soe der grif niks bard wêze, se wiene to ticht by it stek, ûnder de kastanjebeammen fan it sydplein en ûnder alle foarbygongers each. Mar Tsjip naeide út en de kloft achter him oan. Hysels bleau stean, yn syn hertstreek hammere it, syn skonken trillen ûnder him, it wie ek sa frekte tichtbij ynslein. Hy is myn freon, tocht er, ik moat him helpe. Mar hy holp net, der wie ek gjin helpensein oan, hy bleau dêr't er wie, hy sakke mar wer del yn it lange gers ûnder de kastanje, tusken breatrompkes en heal útiten stikken bôlle en skoalboeken en skriften. Troch in flues fan meilijen en wanhope seach er Tsjip mei de troep op 'e hakken yn 'e beamboskjes weiwurden, dêr't it Needlot oan him foltrutsen wurde soe. Hy holp dus net, hy wist fansels bêst dat it neat joech, dat se him dan ek by de kladden gripe soene, en hwa wie dêr mei holpen? Tsjip net. Hy wie ynlike tankber dat it him foabygyng, hy hie ek wolris sokssahwat oer dat-mei-Frearkje sizze wold, hwant dat roaide kant noch wâl, mar hy soe nou tonei mar oppasse. En hy wist him tagelyk in forrieder, ien dy't net foar syn freonskip stie, der letterlik foar omlizzen gyng. Hy hie de freonskip dus forbard, in lytse leffert wied er. Hy fielde him noch skurf doe't de hiele saek Tsjip al lang wer út it ûnthâld wei like to wêzen, dy bearde my dêr mar as wie der neat bard. Hy fornuvere him dêr oer. As men boargemastermakke wie, moast der winlik hwat yn jin foroarje, moast men in oar minske wurden wêze, om't jins eigenste geheim oantaest en skeind wie. Hwa bliuwt dan dy't er is. Mar de slachtoffers knopen har de gulp ticht, as der tominsten noch hwat to knoopjen foel, en gyngen oer ta de oarder fan de dei. Tsjip ek, al wied er dan triljend as in rébok op lange spjuchtige poaten foar de kloft útljept, skrik yn 'e blauwe eagen. En dan wie der noch de saek fan it forried. Men moast in freon dy't jin sa lef yn 'e steek liet dochs noait wer oansjen wolle. Mar Tsjip grypte, syn eangst oerwoun en de gulp rûchwei sluten, nei syn brochje mei ljirre en kôge fierder. Gjin spoen fan wrok, alles wie wer gewoan wurden, Tsjip allinne miskien yn 'e djipte justjes folwoeksener, mar sels dat wie net wis.
| |
| |
Dit wie fansels fan in folslein oare oarder as dat mei Frearkje, dat fielde hy bêst. En dochs kaem it út dyselde tsjustere, troebele boarne en hie it der dus mei to meitsjen. It wie hiel oars en dochs itselde. Tsjip hie him ynljochte hoe't je mei in faem - in mokkel, yn Tsjip syn wurden - oanmoasten. Eearst de broek út, dat gyng samar, en dan de skonken útinoar, dat woe soms net bêst, sa fierder. Tsjip hie it al neist him fytsende mei plastise gebearten útstjut, mei libbene yllústraesjes soene je sizze kinne, loshantsje fytsende, en wie dêrby lichtsjes superieur, om't er sa folle mear ûnderfining hie - mar híed er it wol ûnderfoun, tocht de freon, hied er it ek net fan hearren en sizzen? - en tagelyk hie Tsjip hwat fan tagedienens oer him, nou't er in achterbleaune freon in tsjinst foar it libben biwize koe. Der bleauwen yn it relaes ek noch tsjustere plakjes, de rol fan de hannen bygelyks, dêr't Tsjip sa drok mei wjokkele en maneuvele, hwat moasten dy hannen dêr by? Dat pleite dan wer net foar Tsjip syn yn djip bitrouwen diene bikentenissen oangeande dy tsjinstfaem fan harren buorlju. En goedbisjoen, hwat hie Tsjip syn útliz mei dat fan Frearkje to meitsjen? Dat like ommers in heel oare hanneling. Wol wer mei de hannen, ja, yndied in hanne-ling.
Dat fan Frearkje siet sa. Se wie in goedhinnich faem, in bloed-en-molken boeredochter mei reafallige wangen en ljocht slûk delhingjend hier mei spjeldtsjes gearboun. Se wie net ûnkreas, se wie ien fan de kreaste fammen fan 'e skoalle, alteast fan dyen dy't middeis oerbleauwen om't se bûtenút wennen, dy oaren stiene fier fan jin ou, libben yn in healstedske wrâld, al wie 't in stêd fan niks. Frearkje plichte dus ek har brochje yn of by skoalle op to iten, by min waer yn it tekenlokael, dêr't in blyn hynder noch gjin skea dwaen koe, de kalken byldtsjes en keulse potten sieten feilich efter slot. By goed waer ûnder de bleate loft. Frearkje wie gjin wyldepûst, gjin jongesgek, tocht him, sa seach se der net út en fan hûs út, wist er, wie se fan deeglike lju. Se wie allinnich to goed, faeks wist se amper hwat der mei har dien waerd. It wie einliks ek mar hwat in ûnsmaeklik spultsje, en miskien wie it ek wol frij of alheel ûnskuldich, hy wist dat sa lyk net. It wie yn alle gefallen op gjin stikken nei hwat Tsjip neamde
| |
| |
‘der op sitte’, it gyng lang sa fier net. It kaem hjir op del, dat Frearkje midden yn in bank siet mei har trompke, in blaueftich trompke fan in koekjefabryk mei in stompe toer der op en op 'e sydkanten lânskippen mei kij en wetter, en dat oan wjerskanten in jonge siet, altyd wie Okke der ien fan, de oare dat wiksele ûnder in stik of trije. Dy jonges krongen dan deun tsjin har oan en stieken harren hân ûnder it tafeltsje yn har broeksbokse en sieten dêr hwat to fimeljen. It doel wie, hy wist dat skoan, mei de fingers it plakje to finen dêr't de fammen in naedtsje hawwe en dat sa'n greate rol spilet yn jongesfantasijen, en dêr't folwoeksen manlju ek lang net fij fan wiene, as men ougean mocht op 'e forbeane boekjes dy't yn gruzige forknûkere omslachjes de rounte diene, en dêr't hy op in pikante, swart-bitomke passaezje ek wolris in skruten, sûndich each yn slein hie. De jonges hiene dan ûnder elkoar sa'n ferske, dat hy der by to pas brocht yn syn ûntroerjend-simpele symbolyk:
Een meisje wilde niet weten
dat zij een rode roos bezat,
hy wie moaiwis de iennichste dy't fielde dat it rymtechnys en ferskundich net sûnder wryt of slyt wie.
Eigenaerdich wie de réaksje fan Frearkje. Se forwarde har wol, dat moat sein wurde, se sloech soms fan har ou en sette de earmtakken toskoar yn 'e skoat, en soms moast se hwat gûle, it slûk hier foel dan oer de foarholle, om't de spjeldtsjes losrekken. Mar se die dat sa to sjen mei in gefoel fan omdôgens, it like as mocht se der ek wol wer oer, as biantwurde dit oan in soarte fan ynderlike driuw yn har. Se hie ommers maklik fuortrinne kinnen en yt har brochje earne yn in lunchroom op, dat diene wol mear bûtenfamkes. Se hie ek de boppemaster fan de skoalle warskôgje kinnen, ‘ome’, sa't er himsels plichte to neamen yn fortroulike riten. Ome wenne in healtûzen meter fan 'e skoalle ou, in stille, hwat ironys-filosofise man mei boarsteltsjehier en in kromme pipe. Man sûnder bern. In inkelde kear kaem Ome yn it skoft foar kontrôlle, mar de warskôging waeide al fier foar
| |
| |
him út en as Ome it tekenlokael ynkloste op syn swiere kistjes, wie alle seedlike dusoarder wer oan kant. Ome wie net liep genôch of to goed fan bitrouwen. En Frearkje hie der gjin forlet fan har hantaestlike oanbidders to forrieden. Se bleau sitten dêr't se siet, forwarde har soms, mar it wie har soms ek wol goed, tocht him. Hy siet der ek by to brochje-iten, it die him net iens folle, it wie in âlde tradysje sa't like en waerd akseptearre as de gewoanste gong fan saken. Net ien wist hwat der djip yn Frearkje omgyng, as se har reade roas nei hwat wrakseljen en wrotten - itsij dan echt of sabeare - priisjaen moast oan 'e hytsige fingerseinen fan dy baesmannen. Hy hie dat allegearre op in distânsje oansjoen, hy wist dat yn it libben in pakhûs fol geheim opsteapele lei, dat er faeks ek noch wolris ûntdekke of bimasterje soe, as de tiid ryp wie, hy hie de tiid wol, neat dreau, en dy geheimen hearde dit geheim ek by en it ferske fan de reade roas en de forhalen fan Tsjip en dat fan it boargemastermeitsjen - ien greate klobbe dêr't hysels bylâns en omhinne libbe, yn syn dingen fan oerdei alteast, syn dreamen dêr tocht er dan mar net lang oer nei.
Mar dat foaroare ynienen allegear, hy waerd sels partij mei, doe't Frearkje him in gunst biwiisde. In kears dat er syn iten forgetten hie en manmoedich tocht, hy koe it wol sûnder rêdde oant fjouwer ûre ta, treau se him spontaen mear as de helte fan har boerespekbroggen ta. Dat wie mear as in rojale famkesdied, it wie, sa fielde er dat, in symboal fan ienzens en bigryp, in forklearring fan solidariteit, omdat hy sokke smoarge dingen noait die. Miskien wie it sels in rop om help, in s.o.s. Hy krige in kaem en wist ynienen, Frearkje wie oars as de jonges tochten, se wie yn wêzen suver en geef, se wie allinne to guodlik, net sterk genôch, se hie to min oermacht en grif litte se dêr oan. Se joech him dus in teken fan suverens nei suverens, se wie yn wêzen syn kammeraet, al hiene se komselden in wurd wiksele. Se die in birop op him, dat ek. Hy fielde dat er read wie, hy oertocht dit allegear yn in lytse panyk, hy stammere hwat fan tankje en bigoun forwoeden yn 'e fûstgrouwe hompen bôlle mei triedderich
| |
| |
spek to biten, hy bearde mei opsetsin as wied er úthongere, úthongere út klearebare tankberheit. De triedden fan it spek rekken bitiisd tusken syn tosken en kiezzen, hy koe se net kwytwurde, hy haffele noch ûren neitiid op dy glêdde, taeije kringen om, hy woe se út piëteit net weidwaen. Mar troch syn hert roun dy hiele middei in waerme weach fan blydskip. Dy kears barde der nammers mei Frearkje ek neat, de knapen hiene it to drok mei it oerskriuwen fan algebrasommen. It barde wol mear dat se har yn har wêzen lieten.
Dy hiele dei wie hy oars as oars. Hy hie it fielen dat er sweve, opnommen waerd heech boppe de wrâld fan syn briederige tinzen - hy wist sels dat er net sa maklik libbe as dy oaren. Hy wie hwat in iensum bernspersoan, hy hie net folle oanhâld en syn moed stiek ek net út, hy bleau leafst hwat achterou, en wie nochal erchtinkend. Gjin dreamer - wie 't mar sa - earder in stinder, in stille wrotter yn hoeken en hernen.
Mar nou wie alles oars wurden, ljochter en moedjaender, der wie in faem yn syn libben komd, in ljocht, soun boerefanke, allinne to leaf en to goedhinne om har to ûntwinen oan de brutale kloeren fan Okke en syn maten. Gefoelens fan wjeraksel krústen troch syn blydskip hinne, jaloezy friet oan syn siel. Se moast, biredenearre er, in wearze hawwe yn dat tsjuster gewrot, yn al dy smoargens, se soe leaver patsje wolle en flij har holle tsjin immens skouder en flústerje leave wurdtsjes. Hy haette Okke, lykas er nea hate hie, in hate dochs noch formongen mei ûntsach. Hy wist nammers dat er Okke tonei op syn paed fine soe, hwant Okke, sa waerd der sein, gyng mei Frearkje, hie it mei Frearkje dien, faek genôch, as je dy forhalen leauwe mochten. Nou ja, der wie alle reden ta twivel. Tsjip forklearre it ta grutspraek, en hysels fielde ek wol, dat it iene min mei it oare yn 't lyk to bringen wie. Mar ek dan noch moast Okke neijown wurde, hy wie rojael, net neigeanderich, hy hie gjin oergunst, hy gunde in oar ek it geniet fan de reade roas, as se yn it oerbliuwerslokael trijerisom yn ien bank omhutselen. Mar pas op! Dat wie faeks om't mienskip yn it kwea it kwea makliker drage lit, de
| |
| |
dief siket altyd in hantlanger. As hy dus Frearkje fan dit kwea rêdde soe, sa mocht men it neame, rêdde, dan foun er Okke op syn paed en mooglik noch mear jonges, dy't nòu noch profyt hiene fan Okke syn grutmoedichheit, mar dy't dan mèi Okke oan 'e kant stean moasten. Hwant dit wie wol wis, às Frearkje sines waerd (ien op tsien of hûndert, dat wol), dan wie it finael út mei dat gegriem fan 'e Okkemannen. Hy tocht him yn, dat er, mei Frearkje kuijierjend, Okke op syn paed foun, great, sterk en machtich yn syn mansjester, fysyk superieur op syn learke- klompen. Dat wie ûntmoedigjend, hy koe Okke noait baes, ek net mei grutte gjalpen idéalisme yn syn hert. Koe himsels nou wol wysmeitsje dat er fjochtsje soe mei de grime en de wanhope yn syn sloppe bouten, kom nou, dêr kaem niks fati tolânne, hy soe har dan dochs yn 'e steek litte, útpike, har forriede en priisjaen oan de wrake, lykas er Tsjip forret hie, har oerlitte oan de bluisterige fingers fan Okke dy't nou yndied gâns mear easkje soe as hantaesten yn it tekenlokael. En de oare deis hied er dan by skoalle mar oppassen of it waerd boargemastermeitsjen, as it wrede wachtwurd Okke nei de kop fleach.
Mar it wie al net oars mear, syn forealens woeks mei de ûre oan, hy koe der dy naks net fan sliepe. Faeks koed er har moetsje op in stuit dat er Okke earne oars wist. Okke wie in grut fuotbalder en moast der wolris op út nei in doarp of stêd yn 'e omkriten, mei in reiden kofferke efter op 'e fyts of, as 't fier út 'e reek wie, mei in âld autobus fol sigaretsmokend jongfolk, spilers en supporters. Soms gong it om promoasje of degradaesje, der op of der ûnder. Hy wist dat se de ankomme snein noch al fier fan hûs moasten mei de klub, dan bygelyks koed er syn trekken waernimme, as it waer goed bleau en de kriich trochgyng, - in oukard fjild moast wol rekken mei hâlden wurde. Hy koe der net fan stillizze, fan dit plan, syn ûnrêst boaze mei de minút oan. Hy gyng fan 't bêd en skarrele yn syn boekeboel om oant er in stik papier foun. Hy skreau Frearkje in briefke, hy skreau it wol trije kear oer, hy wie oars moai linich mei de pinne, mear as mei de mûle, mar dit wie dochs wol in slim delikaet stik: hy
| |
| |
moast dúdlik wêze en him dochs ek net to folle bleatjaen, stel dat se ris net woe en him útlake en oaren it brief lêze liet? Mar hwerom sòe se net wolle, se hie him dochs it teken jown? Suverheit nei suverheit. As se dy jonges mei grypske fingers net oustegere, hoe soe se him mei syn goede bidbelings dan oustegerje? Hy hoegde ek allinne mar mei har to praten, har al pratendeweis losmeitsje fan dat ûnhuere mei Okke en sa yn it skoalskoft. Hy hie al in heel forhael foar him, hwat er sizze soe, hoe't er it ha soe. Oft hja echt mei him ‘gean’ soe, dat wie in twadden, dat koe men altyd noch sjen, dat hinge alheel fan it ‘praten’ ou. Hy ergere him ynienen dat in fêste bining him net ienris sa bot talake.
Hy hie it plak goed útsocht, hy koe de situaesje wol sahwat dêr by Frearkje en dy har pleats om. It wie dêr hwat boskich, in hege sânrêch midden troch de greiden, de lju soene har net sa gau sjen en fierderop wie in polderdyk dêr't se oan wrâlds iggen en einen ta kuijerje koene suver, lykme togearre. En hy hie de tiid ek goed útfigelearre, hy hie Okke en syn maten yn 'e âlde knetterjende en rikjende bus troch de buorren riden sjoen, dy kant oer wied er dus sa feilich as hwat, dat waerd wol seis ûre, as it spul al net, yn 'e rûs fan 'e oerwinning, op 'e weromreis yn in kroech hingjen bleau om bier en in pot biljerten. Hy wie ien stik ûnrêst fan binnen doe't er fuortfytste, de iensume bochtsjende binnendykjes út. In hwat tryste, dampige middei wie it, mei skiere fierten, earne sitte om fortroulik to praten, en elkoar to tútsjen, dat waerd grif niks, as de sinne der net troch briek. En sij hie nou wol knikt fan ja, dat it goed wie, de sneontomoarns foar skoaltiid en him oansjoen mei hwat frjemds, hwat freegjends, of mooglik sels hwat ûngerêsts yn 'e eagen, as woe se daliks witte hwat er mei har foarhie, hwat er mei har ‘biprate’ woe, mar se koe der noch bêst foar omlizzen gean, stel dat se bygelyks Okke om help of om rie frege. Hoe't je de saek ek draeiden, Okke hie âldere rjochten. Hy wie dus langn't wis fan har, doe't er har pleats yn 't each krige, âld, forware bouwurk mei in bochtsjende nael, heech, mar trochsichtich bimantele yn
| |
| |
iperen beammen. Bihindiger as er tocht hie, dat pleatske. Gjin heareboer, mar dêr wie 't faeks net iens minder om. Hy wie fiersten to bitiid, hy koe noch wol twa doarpen troch omfytse, mar faeks moete er dêr skoallematen, dy't der fornuvere hwat achter sykje soene: hy dêr allinne op sa'n stille, tryste sneinoerdei. Se soene him folgje kinne en dan wie de boel bidoarn. Hy skarrele dus fol ûngeduld hwat by dy boskjes om, siet in skoft op 'e pakjedrager fan syn stilsteande fyts en nifele hwat oan 'e triedtsjes fan de lampe om, foaroerbûgd doe't der in kloftke fytsende lju lâns kamen, gereformearde tsjerkegongers. Om 'e minút seach er op syn polshorloazje. Kaem se net, dan stie hy hjir foar pyt snot, dat wie it slimste net, in oar soe it net witte hoe en hwat, mar it soe himsels wol in knoei jaen, him weromsmite op syn binnenwrâldtsje, it soe alles ûngedien meitsje hwat er nou oan mooglikheden opboud hie.
Hy repetearre syn forhael: Siz, hwat ik sizze woe, hwat tinkt dy einliks fan dy Okke. Of, freonliker: fan Okke. En dan sij: In smearlap ju, moatst net tinke dat ik him lije mei. En hij: Dou kinst it by my better krije. En sij: Dat wist ik wol, ju, dêrom joech ik dij dy brochjes ek. En sa fierder. Of oars. Hwant der wiene gâns fariaesjes mooglik, en de measte hied er al bylâns west, útprobearre. Dat ‘better krijen’ wie net sterk; soks moast noch mar wiermakke wurde. Hy wist wol sekuer hwat er sizze soe, as sij op dy earste fraech sei: Och, net sa'n minne fint oars. Op dat ‘oars’ soed er ynheakje en dan de line tûk om 'e reak skeare en binammen net daliks dy Okke yn al syn seedlike fordoarnens fan 'e ra rinne litte. Diplomaet, heite.
Doe't de ousprutsen tiid tichterby kaem, fielde er syn skonken sêft triljen. It hie iderkear noch sa feilich fierou west, mar nou waerd it tinken, hy moast him toskoar sette, in kjirl útmeitsje, nou dat tútsjen wie it slimste net, dat rêdde er wol, mar it praten ear't je dêr oan ta wiene. En hy bigoun wer: Siz, hwat ik sizze woe... hwat tinkt dy einliks... En as se nou net kaem, hwat dan? Wer it horloazje, syn skonken trillen net to bidimjen, syn hert sloech om mâllens.
Mar se kaem wol, kreas op 'e tiid, se glimke al fan fierren, se
| |
| |
hie de sneinse mantel oan, ljochtbrún mei in bontkraechje om hals en polzen. Hy fielde him al in bytsje oerwinner, hy moast de leije yn 'e hannen nimme nou, hy trille ynienen net mear. Hy wachte op har, mei de iene skonk oer it seal fan de fyts. Se like him moaijer, kreazer ta as oars, lànger ek, serener, suverder, keiner, der wie neat bismodske oan har, as dat al oait it gefal west hie, hy forgeat it tekenlokael mei syn grize kalk rûgeljende muorren, hy forgeat it tryste neisimmerwaer. Si) remme en stapte ou, flak njonken him, har mantel rissele side-eftich, se seine ‘goeije’ tsjin elkoar, nou wie 't dan sa fier. Sille wy mar..., sei er. Ja goed, sei sij, der wie hwat fan blide forwachting yn har lûd, soene je sizze, eat fan in nij ûnthjit, lykas in minske mei in nijjiersgroet in nij libben bigjint.
Se fytsten de dyk út, aerdich fluch, hy bigoun to praten. Net ‘it’ forhael, dat kaem letter wol, earst in ynlieding, in fjildforkenning. Oer de skoalle, oer Ome, oer it húswurk. Dat gyng frij goed, it wie in stoffe sûnder ein en sûnder forplichtingen, it gyng lang net min. Hy seach har net rjocht oan, mar yn syn eachshoeke koed er har ljochtbrune mantel en in swym fan har fleurich postuer waernimme, hy seach har knibbels om barren op en del gean, hy seach har lofterhân op it stjûr lizzen, in lytse, stevige, hwat readeftige famkeshân, in oandwaenlik ding, strak soed er yn bitrouwen syn rjochter op har lofter lizze, strak, nou noch net, it praet wie der noch net neffens.
Ear't er der erch yn hie, wiene se yn it doarp fan Okke, it mocht dy namme amper ha, in stil buorrentsje sa op in sneinneimiddei en dan yn 'e hjerst. Hwat âlde, ûnsjogge huzen, in tsjerkje, in ein feart. Hy fielde dochs hwat fan grutskens: symboalys hied er Okke alteast oerwoun. De jonges hiene him einliks sjen moatten yn syn triomf, se soene it Okke fansels oerkrantsje jouns, dat der ûnder syn douwen sketten waerd, mar dan koene je altyd wer sjen. Dy oermacht fan Okke, dat koe bêst ris mear skyn as wurklikheit wêze. Hie hysels net altyd fiersten to folle in skytsek west, wist er wol hokker krêften yn him huzen? It fielen neist har to fytsen en har biroere to kinnen as er dat woe, mei de hannen, mei de knibbels, hàr hannen, hàr knibbels, dy't
| |
| |
er ûnder de iepen en ticht skende slippen fan har mantel op en del en op en del gean seach, dat fielen joech him krêft fan binnen. Hy soe Okke treast wêze, as dat fielen bistindige bleau. Mar der wie net ien fan de jonges op it grize buorrentsje oan de feart, allinne hwat stadige âlde minsken en in keppel rûpske hinnen, it wie sa stil as hwat, de dea ware roun suver. Dat gjin triomftocht en gjin striid mei Okke.
It petear stûke ûnderdehân, faeks dat ek by har de geast fan Okke, grypske hannen ynbigrepen, libben wie. En oars, it skoalle- en húswurkpraet wie ek sahwat op, woene jo net yn herhellingen forfalle. Sij moast bileaven net it idé krije, dat er oer neat oars prate en tinke koe. Bûten it doarp, it Okkedoarp, rieden se oer in lûd rotteljende brêge en doe it wide fjild wer yn. De fierte wie dizenich, hwat somber, it lân lei der keal en útstoarn hinne. It wierret net mei, tocht er, wy sitte hjir net goed, wy koene better nei dy boskjes op 'e sânrêch en dy polderdyk werom, dêrsa praet it grif makliker, mar hoe har dat to sizzen? Hjirre en sà koene se net prate, woe der gjin toan fan ynlikheit komme, dêrfoar wie kuijerjen nedich, dit op 'e fyts sitten mei pompende knibbels wie mar tiidforgriemen, hjir moast hwat op foun wurde en gau ek.
Sille wy mar werom? frege er. Ik moat strak noch oan myn húswurk, ik bin noch lang net klear. It wie rottich, sok sizzen, hwant hy wie al lang klear, hy wie hast noait net klear, en as it by ûngelok al wier west hie, dan wie 't noch rottich sizzen, hwant om in hânfol leafde hied er mei leafde alle skoalwurk forret.
Dou kinst wol nei hûs gean, sei se, mei hwat wrantelichheit yn har lûd, tocht him, ik kom allinne wol thús. In flater, wist er, mis is 't. Ik moat har raer oufallen wêze.
Né, ik wol dy thúsbringe, bisocht er de boel noch yn 't lyk to breidzjen. Ik lit dy hjir net allinne fytse, bist mâl?
Hy sei it justjes grapkjend, mar it koe krektlikegoed bazich klinke ek noch en it helle de berch fan trystens en misforstân dy't syn wurden tusken harren oproppen hiene, net omfier. En hy bigoun yn 'e goedichheit mar wer oer dy algebrasom, dêr't
| |
| |
se nyskes, noch gjin tsien minuten lyn grif, al sa'n lang forhael oer hawn hiene. Se gyngen - hy laette ûngemurken - net deselde wei werom, net wer troch it doarp fan Okke, mar in oare kans lâns, dêr't gjin doarpen leine sasear, allinne espeltsjes pleatsen en in klokhús fier de greiden yn. Hjir hie yn earder tiden mar west, wetter dêr't it raer spûkje koe by 't hjerst en winter. Nou allinne mar gers en iensumheit, god hwat wie it hjir iensum. It praet dôve wer út, hy wie der ek net by, mei syn fladderige tinzen oan de geakundelessen fan master Bouma. Hwat soe se tinke, tocht er, dat ik in slaef fan it learen bin? Dat moat hast wol. En 't is ek net iens helendal ûnwier, goedbisjoen. It hie nou ek gjin sin mear en bigjin oer Okke: Siz, hwat ik sizze woe... Ek in nuvere sin, trouwens, mei dat twa kear ‘siz’, hy moast dat dochs hwat oars ûnder wurden bringe as er der oan takaem, as it oait sa fier kaem, faeks better: Ju, hwat ik sizze woe... It duorre lang en it swijen waerd pynlik. Hoe har dúdlik to meitsjen dat er alheel net nei hûs woe, noch lang net, noch yn gjin dagen, om sa to sizzen, dat er allinne mar út wie op in better plak om to ‘praten’, om syn forhael ou to stekken, om har út 'e dridze fan Okke en syn maten wei to skuorren? Se fynt grif niks oan my, tocht er, en mei alle rjocht ek noch. Ik bin in deade pimel. Tominsten ik meitsje fan mysels in deade pimel. Hy seach fansiden, har hân oan it stjûr, har pompende knibbels tusken de jaspunten, har gesicht. Der wie yn 'e flecht wei net folle út op to meitsjen. Miskien stie it hwat noartlich, hwat ûntofreden oer de gong fan saken, mar dat wie har skuld dochs ek mei, hwerom hie se net daliks to kennen jown nei de boskjes ta to wollen, sij hie dochs like folle rjochten as hy? Se wie dochs meiforantwurdlik? En it kaem ek omdat se him net goed bigriep, omdat der misforstân stiek. Hjir moast hwat rêdden wurde, gau-gau. Hy sei ynienen, út in panyk wei, en waerd kjel fan syn eigen heas lûd: Ik haw myn húswurk al lang ou. It wie in needsprong.
Dou bist ek in nuvere prater, sei Frearkje, en niis seiste...
Ja, mar dat sei ik der mar om...
Dêrmei wie it praet wer út, en it lêste wie ek gjin sterk argumint, mar miskien bigriep se it nou hwat better, hy wie ynienen
| |
| |
ek sa skriklik wurch yn 'e skonken, miskien kaem it dêr fan dat er gjin wurden mear fine koe, it kaem net fan it ein fytsen, mar fan de spanning dêr't er mei tangele siet, earst dy spanning soe se wol komme en nou de spanning hoe sil dit biteare, hoe rêd ik myn gesicht? Fansels hie hij dy misrekken makke de forkearde kant út to riden, wei fan de idéale boskjes, dat wie syn misrekken, hy hie har frege, net oarsom, hy hie har liede moatten. En om nou by dy boskjes to kommen moasten se by har hûs lâns, dat frij deun oan 'e wei stie, soe se dat wolle? Doare? Nije spanning.
In pear hûndert meter foardat de pleats yn 't fizier kaem, stapte se rimpen ou en sei: Dou moatst nou mar werweromgean, ús heit en mem moatte ús net sjen, dy tinke dat ik nei Aukje bin.
Der wie, dat miste him nou perfoarst net, toloarstelling yn har lûd, se hie fan dizze middei hwat oars forwachte, en it lei oan him, sij hie genôch fan goeije wille west, se hie fleurich sjoen en glimke doe't se yn har nije mantel op him takaem. Mar hwat se sei, snie wol hout, hy hie der net fan werom. Dy âldelju hoege my net to sjen. Alles wie dus forlern, al syn nommele bidoelingen en grutte plannen rounen stomp op misbigryp, raenden wei yn in dize fan triennen. In brok skeat him foar de kiel. Mar hy moast it nochris bisykje, de ûnderste stien boppe, hy woe net in strontsek wêze dy't samar tsjin 'e groun lei.
Kinne wy net in eintsje kuijerje, dat fytsen is neat oan, sei er, dan kin men net prate. Sij sei net né, en hy libbe suver wer hwat op: it wie noch net forlern, der siet noch in kâns yn, mar hy moast op 'e slach passe. Dan sette wy ús fytsen hjir tsjin dizze hikke oan, sei er, en sij folge him. En doe kuijeren se, net yn dy boskjes, mar dat wie dan net oars. Koed er har yn 'e earm nimme? Né, better fan net, har heit en dy of de feint of de faem mochten der ris lâns komme. Mar hy naem nou dochs de lieding, sûnder wurden, natuerlikwei, hy naem har gewoan mei en miskien kaem it noch goed. Mar hy wie der ek net goed mear by, hy tocht der al mar oan hoe't er nou noch in bifredigjende ein forsearje soe, in lytse boppeslach meitsje, byneed yn tsien minuten, in ein dy't him net al to pynlik yn 't moed snije soe, hy
| |
| |
soe al tofreden wêze as 't der mar hwat op like, earfolle weromreis, bygelyks mei ien tút of mei in ouspraek om in oare kear ris wer en dan echt to kuijerjen. In earste kear ommers, dan wie it allegear noch hwat wennen, it soe wol bijdraeije, it soe wol better wurde, as dizze middei earst mar om wie, as er feilich thús siet, om him rêstich to birieden oer de folgjende kear en dan better bislein op 't iis. It moast nou mar oubreide wurde, hy koe ek altyd noch sizze dat er him net goed fielde, griperich. En dy ouspraek foar letter wie net iens noadich, dat koed er mei de pinne wol birêdde, en woe se dat net, nou ja, dan hied er yn alle gefal syn bêst dien.
Se rounen op it stille dykje, gjin mins to sjen fier en hein, earne wie godtank in sydpaed, hy laette har dat út en fornaem, it waerd suver hwat oar waer, de sinne kaem der troch, hwat skier en bleekeftich, mar mei noch in swymke simmergloede. Hy krige wer hoop, sij roun ommers noch altyd mei, sij krige grif ek wer hoop, der wie noch neat forlern, hy bea hast dat it noch goedkomme soe: it fortroulik petear: En ju, hwat ik sizze woe... Net dat ik my mei dyn saken bimoeije wol... Mar dy Okke... En dan dus biret in ein meitsje oan dat mei Okke, har binnenliede yn in oare, suverder mienskip, yn wêzen wie se rein, Frearkje, wie se dêr net foar skepen, foar dat mei Okke.
Dit paed, hy hie him godlof net forsind, dat wie in goed teken, dit paed roun mei in ombocht by it slúske lâns nei de polderdyk, de lange, ûneindige, bifrijende, dy't er syn syn plan foar plak útkeazen hie. It hert sloech him wer, oerstjûr, fan forwachting oer hwat him oer harren beide foltôgje soe nou. En se avensearden, hân yn hân, hwer hied er de drystens wei, by dat slúske lâns, harken efkes nei it donkere, lokjende rûzjen fan it wetter djip ûnder har, it koele riedselige wetter. En doe wiene se op 'e polderdyk, oan 'e lije kant gyngen se der by del, lieten elkoars hannen los, mei foar har út neat as greide, in gesicht fier, dêr't de skrale sinne in bidimme sêftreadige glâns oer lei.
Ik bin wurch, sei se, sille wy even sitte?
Soe 't net to wiet wêze? sei er, yn it gers taestende, de tinzen by har nije mantel. Dat wie in stommiteit, fansels, stel dat se
| |
| |
sei: O heden ja, mei myn sneinse klean. En hwat woe hy ommers oars en leaver as dêr sitte, wiet of net, knappe klean of net, hy wie sels ek sa wurch as in maits. It gers wie dampich, mar se gyngen sitten, neist elkoar. Der kaem in frede yn syn hert. Om't al syn flaters har hjoed sa kreas yn it neat oplosten, alles kaem yn 'e jamkste fâlden, syn fielen fan krêft woun oan, it komt wol goed, tocht er, nou foarsichtich-oan, en dochs noch in goede ein en in tút en dan ouprate foar in folgjende kear, en dan nei hûs. Hy soe aensens de wurden wol fine. Sij gyng noflik achteroer lizzen en riek har de lea, hy doarst amper to sjen hoe't se har tsjin de koele ierde oanflijde, yn har hele langte. It wie suver lekker lizzen yn dat earmoedich neisimmersintsje dat sa'n war die. Nou komt it, tocht er, nou moat ik it sizze: Ju, hwat ik sizze woe... Mar ear't er de siken foun hie, loek se him nei har ta, mei in sêfte, hoeden twang, dat syn boppe-ein skean oer harres kaem to lizzen. Foar it earst seach er har oan, hy seach yn har eagen, dy't, tocht him, hwat fochtich wiene, en donkerder blau as er altyd miend hie. Hy hâldde nou syn rêch dochs hwat stiif, om net al to hastich en ûnpersoanlik oan har twang ta to jaen. Der moast ommers earst praet wurde. Hy fielde har boarst roun en tagedien tsjin sines oan, hy fielde ek har skonken ûnrêstich dwaen tusken sines yn. It hat gjin doel mear, bitocht er mei hwat fan freze, om nou oer Okke to bigjinnen, Okke is net mear oan 'e oarder, se hat mei Okke oudien, ik haw Okke sûnder ien wurd oerwoun.
Hy moast dus oars, oare wegen lâns op har gemoed ta komme, dat fan Okke wie nou to idioat om oer to praten, hoe hied er him dêr dochs sa yn fêstbiten? Hy tocht noch altyd dat er it mei praten rêdde soe, mar hy wist it, sij tocht dat net, hy soe dêrom de goede wurden net fine kinne, hy frege him ynienen ou, soe se wol iens tagonklik wêze foar syn idéalen, foar hwat him sa heech en ûngrypber fier foar de geast sweve, de wurden dêrfoar liken sa fier fuort, sa boekeftich, sa ûnmooglik om bynei to kommen, dochs moast er dy wurden fine, wie it net om Okke geastlik de deastek to jaen, dan wol om hàr op to heevjen ta syn eigen sweevjende hichte. Hy socht om dy wurden, hy griep
| |
| |
der nei, syn rie to'nein, en hy krige gjin byt, en hy fielde har fuotten, har ankels tusken sinen yn, hy fielde dêroan dat se net prate woe, gjin forlet hie fan praten, dat se oars woe, dat se dat praten fan sines eins net iens wurdich wie, dat syn idele wurden yn 'e skrale wyn forwaeije soene.
En doe kaem ynienen djip út him wei in tsjustere weach, in Wetterfloed fan bigearte nei boppen, hy biet syn mûle yn harres fêst, hy wie himsels gjin baes mear, hy wie dwyl, hy hie dat lustgefoel yn syn lichem dat er nea sa kend hie en dat him dochs net alheel frjemd foarkaem, as hied er it altyd by him hawn. Hy tute har lang en forheftich en se waerd sêfter en slopper ûnder syn hertstocht, se streake him oer de rêch, se kroep wei, ûnder him, se makke har lyts en ûnderdienich, as woe se har alheel oan him útleverje, yn him opgean, harsels forlieze. Hy sweve yn in ekstaze, hy liet alle gepiel en gegriem, syn hiele mislike lyts wrâldtsje fier ûnder him, hy wie heech, hy wie frij, hy wie master. Se boarte mei syn hân, se streake syn hân, flak by har knibbel, syn hân biroerde har fleis, it fleis fan har bil, waerm en stevich en earlik. Hy koe syn hân net langer mear thúshâlde, alles sloech en kloppe fan binnen yn him, hy waerd oeribele sterk, syn spieren spanden, syn hân glied omheech, ûnder har mantel, ûnder har rok op, de waermte tomjitte, en by har broekje yn en earne song yn him dat ferske: een meisje wilde niet weten, dat zij een rode roos bezat... Hy fielde har wjerstân winnen, mar ek syn eigen krêft, hy lânne by it plakje oan, waerm fel, in boskje hier, waermte, fochtichheit, weakheit... van voren gespleten, van binnen vurig rood... syn fingers taestten en glieden, teisteren en diene, op wyld aventûr wyld wyld en doe hied er de slach al to pakken, fûl tsjin syn rjochter wang, it die searder as pine. Se makke har los, se ûntwynde har oan syn klamme hannen dy't helpleas yn 'e romte skaeiden, se klaude oerein. Se sloech har rok del en se gûlde sêft, sûnder lûd suver. Mar hy lei noch op it gers, foaroer nou, hy koe net oerein, hy doarst net op to sjen, hwant nou kaem it in skokkend fielen ûnder yn him der barde hwat yn him in net to kearen floed fan lust wie it in birûzing in dwylsin dy't heech opkaem,
| |
| |
heech, heech, dy't weagjend einige yn in folsleine leechte yn in fielen fan wanhopige swierte dat him troch de knibbels fear hy fielde op itselde stuit dat er wiet wie yn syn ûnderklean, waerm klam kleverich wiet, hy stoattele oerein en seach foarsichtich mar der wie neat to sjen útwindich faeks hie se syn skande syn hearlike skande net murken faeks net faeks net.
Doe gyngen se werom, swijend, de polderdyk del, by it slúske mei it rûzjende wetter lâns, in hele meter fan inoarren ou, gjin hannem dy't elkoar founen. By de fytsen sei se, sûnder him oan to sjen: Ik wist net datstou krektlyk wiest as dy oaren. Oars hie ik...
Se makke de sin net ou en hy sei der neat op werom, hwat soed er ek sizze, it wie ommers sa, se hie gelyk, hy wie krekt as dy oaren. Hy frege ek net om in nije ouspraek, hy soe it net iens wolle, stel dat sij it al woe. Mar sij woe it fansèls net, hy wie har net wurdich, hy wie krekt lyk as dy oaren.
En dat wie tagelyk ek de meagere treast dy't er foun doe't er allinne, mei leadene knibbels en in lege siel de púndyk delfytste yn de langer wer oanwinnende damp: hy wie dus net mear de mindere fan Okke. Ta in hichte koe men dêr grutsk op wêze.
|
|