| |
| |
| |
Dichterlik duel
| |
| |
‘Folks’-dichter en
‘echte dichter’
Nei oanlieding fan P. Terpstra, Fryske Folksdichters.
In karlêzing út har wurk. Mei in ynlieding en libbenssketsen.
Fa. Osinga, Boalsert, 1946.
It wol my foarkomme dat Fedde Schurer yn syn iver om èn de folksskriuwerij royaelwei har gerak to jaen èn har tagelyk op in fatsoenlike ôfstân fan de ‘echte’ skriuwerij to distantiearjen, syn doel foarbysketten hat (Heerenv. Koerier fan 13-9-1946). Syn redenearring komt hjir sahwat op del, dat de namme ‘folksdichter’ in forsin, of leaver in grandioaze misfetting is, omreden men ek net prate kin fan ‘folkspianisten’ en ‘folksfuotbalders’. Nou is dat min of mear in swak argumint. It wurd ‘folkspianist’ mei dan net folksriem wêze, it ding dat it oantsjut is in forskynsel dêr't mannich muzikael ear it dei oan dei mei to krijen hat, men hoecht mar in bar of in kabaret yn to stappen of, as men dy net neist de doar hat, foar de glêzen fan mannich boargerlike wenkeamer stean to gean to harkjen. Ek in ‘folksfuotbalder’ liket my net sa'n ûnbisteanber wêzen ta as de hear Schurer suggerearje wol. Fuotbalje is in hiele ‘kunst’ en it feit dat men it ont nou ta yn ús kontreijen net as in ‘Kunst’ biskôget, hoecht ús net wiis to meitsjen dat men net de ien of oare dei prate sil fan de ‘fuotbalkunst’ en sa de wei iepenje foar ûnderskiedingen lyk as dy tusken in kunst-fuot- | |
| |
balder en in folksfuotbalder. As de ‘kultuer’ foargiet, sil de tael grif wol folgje.
As Fedde Schurer it ûnderskied tusken folks- en kunstdichter op dizze foet ôfwiist (yn theory dus) en tagelyk yn 'e praktyk dochs wer in skieding oanhellet, as er biwize moat dat folkskunst hwat oars is as echte kunst omt men by it earste net oan 'e earste byt priuwt dat it fan Douwe Annes of Freark Wigers is, dan makket er dêrmei de saek dan ek tige bitiisd en stelt tagelyk de kwestje moreel al to simpel. Hy kin him dan allinnich noch mar logysk rêdde, troch yn 'e goedichheit it wurd ‘folksdichter’ mar nei de fordommenis to forwizen en dêr sjit men net folle mei op, omt der dan dochs wer in oar wurd komme soe en faeks net iens in better.
Sûnder de forgeliking al to fier trochlûke to wollen, kinne wy dochs foar in suvere stelling fan saken moai goed trochbreidzje op dy folkspianist en dy folksfuotbalder. Hwant yn 'e groun komt it hiele gefal del op in ûnderskieding tusken dilettant en fakman (as men ek oan dizze wurden alteast net in to greate formele wearde takent). Yn it ljocht fan dizze ûnderskieding nammentlik binne alle kunsten, fan dichtsjen en pianospyljen ôf ont sleatsjespringen en fuotbaljen ta ûnder ien huodtsje to fangen. Elke dilettant (elke folksdichter dus) kìn fakman (‘echt’ dichter dus) wurde, as der mar bipaelde omstannichheden gunstich binne en der mar oan bipaelde bitingsten foldien is. Yn 'e groun binne wy allegear, ek de heechste springers op 'e Parnassus, bigoun as folksdichters, d.w.s. net omt wy ús biwust foar it folk útskreauwen of ienfâldich mar foar it folk skreauwen, mar omt wy de dingen seagen lyk as it folk se sjocht, mei deselde simpele en forsimpeljende eagen dêr't folk mei yn it waer sjocht of oare foar
| |
| |
forfolksdichterjen fetbere dingen docht. Wy skreauwen doe út 'e selde naïvens wei dêr't de man út it folk mei stiet foar de dingen fan de wrâld en it libben en biskreauwen ús primitive gefoelens fan lok of fortriet yn 'e selde banale biwurdingen as de folksdichters dat oan 'e ein fan har carrière noch argeleas dogge, en hiene allinnich op harren foar dat wy sa wiis of sa achteleas wiene sokke dingen foar ússels to hâlden of foar de Sinterklaesjounsrounte.
Doe, op in goede of in kweade dei ûntdieken wy dat wy net allinnich sjen kinne hwat wy sjogge en hearre kinne hwat wy hearre. Wy ûntdieken dat in libbensskôging hwat oars is as in resept fan 'e âldelju op 'e opfiedingsreis meikrige, dat in wierheit hwat oars is as in foarprevele praetsje, dat der in wriuwingsflak is tusken in wierheit en syn formulearring, dat men de dingen soms omdraeije moat om se goed to sjen, en boppe-al, dat men soms stelling hat to nimmen tsjin jins naïvens en tsjin jinsels om jinsels to wêzen.
By einsluten is der gjin serieus dichterskip mûglik sûnder in bipaelde aktivearringsskok dy't jin út it folksdichtersstadium weiskuort. Serieus-dichter-wurde is altyd it gefolch fan de ûntdekking fan de ien of oare problematyk, of, minder swierwichtich sein: fan dat der ien of oar heakket. In foarbyld dat as dúdlik biwiis fan ús stelling neat to winskjen lit: hoefolle folksdichters (d.i. noch-net-dichters of al-ferskemakkers) komme net ta dichtsjen troch in mislearre leafde of trochdat in faem dy't har net ha wol, de problematyk fan it ‘hert contra hert’ yn harren wekker makket?
De dilettant wurdt fakman, omt er net allinnich mear primityf waernimt, mar it waernomde ek forarbeidzje
| |
| |
moat, omt er earne mei himsels oer yn 't lyk komme moat, omt syn persoanlikheit yn it spul komt.
Ek dilettant en fakman binne wurden dêr't de gebrûkstradysje fingertsjok oan klibbet, men kin der net alles mei en kin der dochs ek wer ûnderskate tsjinstellingsaspekten ûnder biflappe. Men kin de klam lizze op minder of mear technyske feardichheit. Yn de dichterij is dat net of amper in faktor fan bilang. Men kin ek de klam lizze op 'e tsjinstelling tusken de man dy't út leafhawwerij yn syn frije tiid gedichtsjes makket en de man dy't dat om syn brochje docht. Mar ek dêr komt men yn de dichterij net fier mei. Ek de dichterfakman dichtet foar leafhawwerij, fakentiden is er allinnich fakman omt er oars neat hat as frije tiid, en in pûrechte dichter-fakman (sa eat as mei in úthingboerd: X. Ystra, Mr. Dichter) soe oars neat wêze as in stompsinnige rymke-makker-oan-'e-rinnende-bân, dy 't syn fêste dichtûren hat fan 9 ont 12 en fan 2 ont 6 en elke dei syn fêst kwantum rymwurk oan 'e setterij ôflevert. It foar ús tsjinstbere tsjinstellingsaspekt leit djipper as oan 'e oerflakte fan technyk en frije tiid, is mear in kwestje fan interne sekrety - fan moreel forantwurdlikheitsbisef miskien ek, en grif fan introspektive nijsgjirrichheit. De fakman is net langer, lyk as de dilettant, tofreden mei de fingerrêddens dy't syn momintlik forlet fan utering bifredigje kin. De dilettant konstatearret allinnich, bygelyks syn lok of syn fortriet en omt it allinnich in konstatearjen is, bliuwt syn dichterskip yn 'e oerflakte fan it deskriptive hingjen. Hy komt net fierder as simpelwei fêst to stellen, dat it ‘sa en sa’ is en dat er it ‘sa en sa’ sjocht, omt it net yn him opkomt, dat men in ding faek oan 'e efterkant bisjen moat om to witten hoe't it der oan 'e foarkant út sjocht. Mar op in stuit komt it freegjen (of it komt
| |
| |
net, fansels, omdat net alle geasten de gelegenheit krije om út 'e primitiviteit wei to brekken en ek mannich geast by hwa't dat al it gefal is de nije ynstelling net dichterlik reälisearje kin út poëtysk ûnformogen; yn alle gefallen, it kìn komme, troch in uterlike of in ynwindige faek tafallige oanlieding, in stjit, in skok), it bisef dat alle foarkanten oan in efterkant fêstsitte, dat in minske, alteast in dichtsjend minske op 'en dûr mei konstatearjen net ta kin, mar dat er diminsjes sykje moat, dat der in problematyk is. Dat momint, dy skok is de oergong (faek oan 'e bûtenkant amper merkber) fan de dilettant ta de fakman, fan de folksdichter ta de ‘serieuze’ dichter. En hwat dan Schurer syn Wytse Jâns of Iebele Durks oanbilanget - as de dichter der foar stiet problemen of in probleem forarbeidzje to moatten, dan kin men ynienen wol sjen dat it fan Douwe Annes of fan Freark Wigers wêze moat, dan wurdt de dichter syn persoanlikheit wekker en it eigene dat er oan en yn him hat fynt syn wjerslach yn in eigen technyk, aksint en taelgebrûk. Men priuwt de dichter fan fierrens.
It moaiste foarbyld yn ús Fryske litteratuer fan in stadige, mar wisse oergong fan folksdichter ta ‘dichter’ tout court fine wy wol yn Obe Postma, dy't de ûntwikkelingsgong ta de ein gien is en hwaens dichterskip driget yn de problematyk ûnder to gean. Mar ek Piter Jelles syn ûntjowing is ûnforklearber sûnder de oergong, de ‘skok’, dy't him fan folksdichter ta soasjael dichter makke. En miskien is ek it bisykjen fan Kees Jongsma (de iennichste jongere ûnder de folksdichters dy't P. Terpstra yn syn karlêzing in plak weardich achte hat) om ta hwat oars to kommen yn syn letter wurk, in weardefol foarbyld fan in foarlopich, en faeks ek. hwa sil it sizze, forgoed op ûnmacht ta
| |
| |
poëtyske foarmjowing ôfstuitsjend experiment, dat dêrom allinnich al wurdearring fortsjinnet, as men it forgeliket mei de bliermoedige trou dêr't F. J. de Zee en oaren elke wike wer har smoutichheden mei op it ‘folk’ loslitte.
Hjiroan lit it him ek maklik s jen dat it wurd ‘folksdichter’ wier net sa dom foun is as de hear Schurer ha wol. It is wier, ek de serieuze dichter skriuwt graech ‘foar syn folk’ of ‘foar it folk’ (dat winliks op itselde delkomt), al sil er him earder tofreden stelle mei Du Perron syn ‘enk'le fijne luyden’ as de folksdichter. En nammers: ek de serieuze dichter hat rjocht op it omtinken fan it folk. Mar men hoecht foar jins jalousie de métier noch net ienris earlik út to kommen om it forneare to kinnen dat it ‘folk’ (ûnforskillich oft men it nou ynterpretearret as de ‘natio’ of as it ‘plebs’, de greate, goare, stompsinnige massa, hwant ek in ‘natio’ kin maklik in stompsinnige massa wurde, sjoch efkes oer de grins) leaver in bek set op 'e folksskriuwerij as op 'e kunst. It folk taest net graech yn problemen, it hat it leafst dat wille en fortriet (en wille it alderleafst) him itensré foarset wurde, dat er se amper sûnder kôgjen trochslokke kin. En sûnder mis, der sit in soune en forstânnige tendinsje yn it gesichtspunt fan dy massa. Hwant like goed as men it serieuze kunstnerskip soms fordigenje moat tsjin de banaliteit fan de oerflakkichheit, moat men soms de oerflakkichheit fordigenje tsjin de banaliteit fan it serieuze kunstnerskip.
Hwat bliuwt der dus fan ús ûnderskieding oer? Net in absolút forskeel, fan dat folksdichterij essinsjeel hwat oars wêze soe as de serieuze skriuwerij, sa eat as rymkjende folklore neist it libben sels; der is net in forskeel yn plan, net in forskeel yn rang en stân, mar
| |
| |
in forskeel yn psychologyske ûntwikkeling. De folksdichter is neat as it primityf foarstadium fan ‘de’ dichter, hy bliuwt folksdichter ont syn lêste sike, as der net hjir as dêr earne in skok him foardocht, yn- of útwindich, dy't de trochgong biskiedt of de oergong markearret. Sadwaende dat men ûnder de rinteniers in opfallend great tal folksdichters en ûnder de folksdichters in opfallend great tal rinteniers oantreffe sil: in kwestje dus fan bistjurring dy't pleats ha sil dêrre hwer't de kâns op in skok yn in sfear fan algemiene forsêdding it lytste is.
En it leksum út dizze biskôgingswize kin foar ús serieuze dichtersman oars net wêze as dat er him likegoed to forwarren hat tsjin de ûnoantaestberens fan de serieuze skriuwerij (de greate K) - ommers ek hy hat syn ûnleagenber primityf forline, syn folksdichterlike atavismen dêr't er allinne tafallich op 'e tiid fan losheakke is en dus net ont syn bernskens oan hingjen bliuwt - as de folksdichter him to forwarren hat tsjin de har as kunst mei in lytse k oantsjinjende boargerlike of rintnierlike vulgariteit - ommers ek hy hat de mûglikheit ta deprimitivearring yn him, al sil er dêr faek lang op wachtsje moatte en fral: him in krûm erudysje oaneigenje, ek hy is in dichter-yn-potinsje, dat út it each fan de Geast wei sjoen noch altyd wichtiger is as allinnich mar skuonmakker of allinnich mar rintenier.
En oannimmend dat beide, dilettant en fakman, as ‘faklju’ like dôfhûdich har yn eigen terrein fêstbite wolle, mei men konkludearje dat der dus dochs noch wol in soarte fan skieding wêze moatte sil en bliuwe sil, salang't men fan beide kanten it grinsgebiet net yn wol, fanwegen de dichtminen en fanwegen de gunst fan de supporters.
| |
| |
By einbislút is it like dom jin op moai waer, glânzgjende stamboekkij en fruchtbere greiden blyn to stoarjen as wie der oars neat op 'e wrâld, as it dom is net to sjen dat der bihalven de tramtaesjes fan it hert en de harsentergjende problemen tusken minske en kosmos ek noch sokke dingen binne as moai waer, glânzgjende stamboekkij en fruchtbere greiden. Lit it libben net allegear poëzij-album-lektuer wêze - it is ek net allegear Litteratuer. En dat meije nou sa stadichoan sels de forklearre deadsfijannen fan Ivans en Vicky Baum wol witte.
|
|