Kritysk konfoai
(1951)–Anne Wadman– Auteursrecht onbekend
[pagina 118]
| |
Kanaeltocht op synhountsjesYpk fan der Fear: ‘Ta him dyn bigearte’. Drukkerij Laverman N.V., Drachten 1949. It mânske boekdiel dat Ypk fan der Fear ûnder de titel ‘Ta him dyn bigearte’ de wrâld ynstjûrd hat, haw ik greate biwûndering foar as prestaesje, as geastlikyntellektuële krêfttoer. It is foar my sokssahwat as in litteraire Kanaeltocht, dy't ik namstomear wurdearje om't er mei sokke bihyplike middels, binammen mei sa'n nuodlike sykheltechnyk, folbrocht is. Ypk fan der Fear is gjin great skriuwster. Mar hja hat, miskien net de oanliz, dan dochs de oanstriid ta it greate. De romantyske driuw liedt har bûten de wenstige paedtsjes dy't de Fryske skriuwer, men soe hast sizze wolle: qualitate qua, folget: dy fan it lytse deskriptive, wjerkôgjende reälisme, it mei bitochtsume tsjeaken fynmeallen fan de wenstige brokjes Fryske lytsens, it stadich fuortsukkeljen yn it sok fan de seizoenen. Suver elts swymke normale, en foar Fryslân sa normative reälistyske Kleinmalerei ûntbrekt yn dizze roman, nettsjinsteande in oerfloed oan détailwurk. Faesje en hertstocht bihearskje it boek yn syn bêste einen, en dat is hast oeral dêr't de skriuwster har net driuwe lit op 'e wjukken fan har rhetoryk. Alles wurdt op it greate bihelle, kriget oansluting op it machtige libbensmystearje. Biwust of ûnbiwust, de skriuwster siket hwat Marsman neamd hat it ‘grootse bezielend verband’. Lykwols bitsjut dat ‘greate’ by har net it monumintale, dêr't it lytse yn fordize wurdt, de wrâld en de minske har skerpe kontoeren forlieze en it libben hast in mythysk oansicht kriget. Har minsken groeije net | |
[pagina 119]
| |
út ta monstruosa sûnder mear, ta mythyske skimen, likefolle forsimpele as forgreate. Ypk fan der Fear har atmosfear en har minsken bliuwe glêshelder fan toan, hja hawwe al it lytse en tafallige fan it libben sels sûnder ea it forbân mei de greate stream fan it libben to forliezen. As de skriuwster ús de klean úttekenet dêr't har haedfiguer har yn klaeit, dan fiele wy dy útwreidingen net as ciceronistyske leafhawwerij-yn-âlde-kostúms, mar wy ûndergeane dy détails as in soarte fan libbensbilang foar de haedpersoan: hja binne de reälia dy't de psychology bipale. It iene inkelde aspekt dat dit boek bihearsket, is it thema yn de titel jown - de leafde, opfette as in needlot dat ja seit en né seit. It Bibelsk motto dêr't de titel út gearlutsen is, fordúdliket yn syn imperative toan in heap, mar net alles, it is boppedat dûbelsinnich, om't ‘him’ en ‘Him’ hjir net sa fier út elkoar lizze. It ‘gefal’ dêr't it om giet is it folgjende: Hylck, de boerefaem út 'e feankriten by de Kúnder om, wurdt foreale op 'e boeresoan Siertsje Stoffelsma en hy op har. Syn heit, Barre Siertsjes, giet de forhâlding tsjin en twingt Siertsje om yn to gean ta in jildhoulik mei de forwoechsen Hinke fan Jan Roekeboer, en twingt Hylck ta in boask mei Gerke Stoffelsma, in forearme omkesizzer fan sines. De skeakel dêr't dat komplex om draeit is Siertsje, mar hy is in sloppenien, hy kin syn heit net oer en jowt bilies. Ik soe hjir eins efkes polemysk wurde moatte tsjin E. B. Folkertsma, dy't grif hjir ek wer in oantaesting fan de manlike superioriteit yn sjen sil, mar it soe my op sydpaden liede. Lit my boppedat mysels korrigearje: Siertsje is net salyk in sloppen as wol in ûnmachtigen ien, dy't de triedden dy't it libben foar him wynt net út 'e tiis hâlde, de libbensklobbe net fortarre kin. | |
[pagina 120]
| |
Yn alle gefallen, nei it thema sjoen is it in âld probleem, dat yn 'e Fryske litteratuer net seldsum is. Op 'e psychologyske oanfet nei en dy is yn steat en til dit gefal-fan-tsjingiene-leafde út it tradysjonele yn it bisûndere. Hwant dizze leafde rint net dea op in tipelsinnich waenidé fan in batske boer Barre Siertsjes, mar it liket as is dy Barre Siertsjes neat as in pion skoud fan it needlot, in wurktúch yn hannen fan in macht dy't er sels net bifiemet. It pleitet foar Ypk fan der Fear, dat hja dat wit to suggerearjen sûnder dat sa'n fatum nei de mythologyske lampe komt to rûken. Dizze mislearre leafde is needlot, gjin tafal, en hy mislearret ek út needlot, net út tafal. Dizze leafde ken ek gjin regeneraesje, in genêzing is net mooglik, foar Hylck net, net foar Siertsje - op himsels lykwols in punt dat tige swak oplost wurdt, ik kom dêr noch op. Soks to forarbeidzjen ûnderstelt by Hylck in biskaet fond oan geastlike ynhâld. Leafde as needlot, goed, mits dy har as needlot troch de wei fan de yntelliginsje biwust wurdt, oars bliuwt der neat oer as in animale, bline drift. En foar sà'n Hylck hie it libben in oerfloed oan regeneraesje brocht. Mar yn dy geastlike ynstelling fan Hylck lijt it boek oan in sintrale fout: de foaropsette en troch de titel stipe bidoeling om fan Hylck ìt type fan ‘de’ leafhawwende en foar har leafde bliedende frou to meitsjen. Sadwaende wurdt dy Hylckfiguer oan 'e iene kant de dizenige algemiene kant útdreaun, de kant fan it prototype, der't alle oaren ek min of mear de variearjende derivaten fan binne, is hja oan 'e oare kant psychologysk ryklik fyn bisnien - ik soe hast sizze wolle: fyn-ynlein. It probleem skout lykwols op nei in oare oarder. Dit boek is dúdlik in histoaryske roman, dy't ik rekkenje to spyljen (konkrete oanknopingspunten binne der net) sa rûchwei | |
[pagina 121]
| |
tusken 1840 en 1880. As ‘epos fan Gaesterlân’ wol it werom nei it foarige, nei pake en beppe tiden. Hylck lykwols kriget hjir en dêr yn har tinkfoarm hwat to moderns - har reäksjes binne sa likernôch dy fan in fanke út ús tiid, dat oan it plattelânsk analphabetisme en animalisme ûntgroeid is. Hja is, net yn har idéen salyk, mar wol yn har tinkstruktuer typysk ‘emancipearre’, as ik dat wurd hjir brûke mei. Faeks dat Ypk fan der Fear harsels to folle mei de Hylck-figuer identifisearre hat, dat it har oan ôfstân ûntbrekt, mar hwerom dan dit forhael fordrinke to litten yn histoaryske omballingen, dy't allinne forantwurde wurde kinne troch har plak yn de histoaryske tinkstruktuer? Ik leau net dat in jongfaem fan tusken 1840 en 1880, hoe ek fan it needlot yn 'e skjirre naem, neffens har yntelliginsje reägearje kin lyk as Hylck docht. Yntelliginsje is gjin eigenskip spesiael fan ús tiid, wis, mar hy folge yn it foarige in oare struktuer. It is net needsaeklik dat Vondel as 17de-ieuwer minder yntelligent is as Van Schendel as 20ste-ieuwer, mar it is in oare yntelliginsje. Hylck, hoe tige ek in frouminske fan fleis en bloed en gjin frêle popke, hat yn har tinkwize suver hwat ûndefiniëarber 20ste ieusks. Undefiniëarber ja, mar op ien of twa punten soe ik dat maklik biwize kinne. Op bls. 78 stiet: ‘Hylck stiet noch to wachtsjen, de film glydt troch’. Hjir tinkt Ypk fan der Fear mei har 20ste ieuske witnis, har 20ste ieuske tinkskema's foar Hylck en men fielt it as in anachronisme. Noch sterker is it folgjende. Hylck lit har noch al ris de reaksje ûntfalle: ‘Fijn!’ of: ‘Hwat is dat fijn’ (b.g. bls. 46,179). Hja bûksprekt hjir klear en bleat mei it lûd fan ús generaesje. Fijn is om to bigjinnen in Hollannisme, dat ik nammers de skriuwsters fan moderne famkesforhalen ek yn it Frysk jerne gunne wol. De fraech is | |
[pagina 122]
| |
mar of't it yn it Frysk fan 1880 bisteanber is - net as wurd salykGa naar voetnoot1) mar ik bidoel as symboal fan in geastlike reäksje, as struktureel tink-elemint. Hwant de lêzer moat my goed forstean: ik meitsje dizze opmerking net as krityk op Ypk fan der Fear har Frysk (dat oer 't generael sprekken lije kin), likemin jildt dizze krityk har ‘couleur locale’ yn inger sin. Dizze saek giet djipper: hja taest (al is it op in tige smel front, dat jow ik ta) de tinkstruktuer fan it boek oan. Yn de tiid dêr't Hylck har tinksysteem pleatst wurde moat, is sa'n situaesje fan Hylck út wei tocht, net bisteanber, wol neffens de feiten, de ‘gegevens’, mar net neffens har psychologyske reäksjes. De emansipearre 20ste ieu redenearret yn deselde situaesje oars as de 19de. Ypk fan der Fear har psychology is tige knap bytiden, mar hja springt út it histoarysk frame. Dizze hiele saek hinget nau gear mei myn haedbiswieren tsjin it boek: syn hymjende, stjittende styl. Ek dy forriedt in koartsluting, in tinkstrukturele fout. Wylst Ypk fan der Fear alle war docht om har forhael yn in histoaryske sfear to wikkeljen, bliuwt as it nypt de lokale kleur (ryklik opgnist mei folklore, Wyldemerk, Gaesterlânske bosk- en spoekromantyk) oan 'e bûtenkant. De binnenkant fan dit boek is folslein hjoeddeisk, alteast 20ste ieusk. Ik haw faker myn biswieren utere tsjin dy ivige nou-tiid as stylmiddel, en wol dat nou net wer dwaen. Mar ik wol al op in oare styleigenaerdichheit fan Ypk fan der Fear wize, dy't yn itselde flak leit. Net iens salyk binne it de koarte sintsjes, faek | |
[pagina 123]
| |
sûnder ynwindige spanning, net iens de sabeare-primitiviteiten lyk as: ‘Hylck sjocht inkeld har skurte. Age wipt it brief yn dy skurte’ (bls. 51, model ‘Poppe en Puppe’), mar binammen har irritearjende asyndeton-sucht. Ik bidoel it type sinnen sûnder bynwurden, sûnder herhelling fan it sinssubjekt: ‘Hylck giet Sitten, nimt it har tige nei, sjocht om har hinne, tinkt..’ Bls. 104: ‘Hja makket dêrmei Foekje op 'e nij oan 't bearen, hja heint de swarte flokjes op, soe graech himmelje wolje, kin 't hast net litte, mar hat har del to jaen ûnder 't Sneinsgebot’. It bynwurd ‘mar’ oan 'e ein komt to let om de hiele sin to rêdden. Dizze asyndetyske springstyl, aloan tapast op it tinken fan de minske, op syn reäksjes bihelle, is folslein yn striid mei de histoarysk-organyske sfear dy't it boek freget. Hy brekt al hwat der jitte oan 19de ieu yn libbet stikken, forbroazelet, forkrûmelet de hiele epyske sfear, de hiele tinkstruktuer. Ik wol net úthâlde dat it ûnmooglik wêze soe in histoaryske sfear binei to kommen mei moderne stylmiddels.Ga naar voetnoot2) Dan soe b.g. nea in histoaryske roman slagje kinne, dan soe ek de histoaryske film in contradictio wêze. Vestdijk hat yn syn ‘Vuuraanbidders’ biwiisd dat it mooglik is, mar hy is dan ek Vestdijk: in skriuwer fan moderne yntelliginsje, dy tagelyk him folslein oan ûnforskillich hokker forline assimilearje kin: hy docht dy beide dingen tagelyk. Lju mei minder geniale Einfühlung moatte by it binaderjen fan in histoaryske sfear tige hoeden to wurk gean, wolle hja gjin koartsluting provosearje. En sfear biskriuwe is | |
[pagina 124]
| |
noch hwat oars as de geastesstruktuer, de tinkmethoade fan de minske út in earder tiidrek werjaen. It wie as it my net mist yn in lêzing oer eigen wurk, dat de skriuwster de ‘hymjende’ styl fan har forhael forklearre (en dus ta in hichte fordigene) as in djippere needsaek, om't dy styl de hertstocht symbolisearre, stim joech. Fortaestbere ‘sex’, soe men sizze kinne. Yndie is de sex - en ik achtsje dat ien fan de greate kwaliteiten fan it boek, men hoecht de bledsiden 35 en 42 mar to lêzen - yn dit boek fortaestbere, mar dan net tròch de stylmiddels, mar nettsjinsteande de stylmiddels. Miskien is dizze styl oars net to witen as oan in biskate maklikens - de minske tinkt nou ienris maklik yn de Ot-en-Sien-foarm. It primitive as litteraire stylfoarm wol ús wol oan. Miskien ek leit it him oan de identifikaesje fan de skriuwster oan har Hylck- figuer dy't ik hjirboppe al signalearre haw. Hja wie to folle biologearre fan de Hylck-figuer, it probleem, de stoffe, om de foarm syn gerak to jaen, dy bisinke to litten ta de rêst dy't in histoarysk forhael easket. De hertstocht dy't hja, 340 siden lang, to symbolisearjen hie (yn de taelfoarm in absolute ûnmooglikheit!) kriget sadwaende op gâns plakken hwat koartamichs. De sykheltechnyk doocht by dizze Kanaeltocht net. Ypk fan der Fear swimt, soe ik hast sizze wolle, op syn hountsjes, en dat hja it rêdt biwiist mear de krêft fan har ‘spierballen’ (forjow dat ik efkes ûnhoflik wurd), i.c. har kriich, har wilskrêft, har ynoarme skriuwdrift, as har ynsjoch yn it ‘fak’ dat hja bidriuwt. Hja forbrûkt to folle kaloryën. Ek skriuwen is in ôfwikseling èn in ‘tagelyk’ fan spanning en ûntspanning, likegoed as it swimmen. Spanning jowt hja genôch, yn stoffe en yn styl, mar de ûntspanning blykt allinnich yn de stoffe, net yn de styl. Gjin momint wol hja dy stilistyke | |
[pagina 125]
| |
spanning saksearje litte, hja moast hertstocht produsearje à tout prix. Hja bliest dan har forhael op, pûst en blaest en slacht mei hannen en fuotten, om noch efkes yn it swimbyld to bliuwen. Rhetoaryske útbarstingen moatte dan de ûntspanning tsjinhâlde, natuer en folklore wurde mei gewelt oan dy hertstocht tsjinstber makke, de hiele atmosfear wurdt réstoomd ta it barren fan de hertstocht. Soms slagget har dat, b.g. yn de leafdenacht tusken Hylck en Siertsje. Mar faek fortink ik Ypk fan der Fear der fan dat hja (b.g. yn de passaezjes oer de Gaesterlânske spjirren) har Gaesterlân formythologisearret, net om it epos fan Gaesterlân to skriuwen, mar om Hylck har leafde ta hwat ûngewoans op to skroeven. Mythologyske rhetoryk moat dan de koartsluting tusken 19de en 20ste ieu weinimme, en Hylck wurdt yn de mythe opnommen. Mar hoe kin hja tagelyk wêze it prototype fan de ‘frou dy't leafhat en foar dy leafde bliede moat’? Dy rhetoryk wurdt by tiden seldsume banael. Sa op bls. 300: ‘It is Maeije! In ienfâldich wurd: Maeije, mar it omfettet in wrâld fan wyldens, oerstjûrens, ûnthjittings, skientme.’ En op bls. 232: ‘It is Gerke. Trije sokke lytse wurdtsjes njonken elkoar meitsje in wrâld út’. Just, mar sa wurdt in tinkfoarm, in tinkienheit ûnbiwust analysearre yn wurd-ienheden en hwa't soks dwaen mei, in Hylck út 1880 net. Rhetoryk dus, en fan it minste soarte. Oan 'e ein fan it boek rint it oer de hege skuon. Dy hiele spjirrebrân (sa omslachtich taret yn haedstik 82 mei syn spjirreboskers-romantyk), de sljochte Siertsje dy't der dwelmsuchtich yn oprint, folge fan Hylck, dy hiele nuvere opskroefde ein is, as er net fuortkomt út bleate sensaesjesucht, to forklearjen út it forlangen nei dramatysk fjûrwurk, nei in ‘klap op 'e fjûrpylk’, nei | |
[pagina 126]
| |
in greate apotheose. Symboalysk moat der de âlde gloarje fan Gaesterlân fortarre tagelyk mei de fjûrlottering fan Hylck har leafde. Der wurdt de natuer ôfferge Hylck har ‘ôftocht to dekken’. Wylst psychologysk dit boek fan in 20ste ieuske helderheit is, briedt de skriuwster oan de oare kant de natuer gear ta in sintrael elemint, dat al to persoanlik yngrypt. Sok in oplossing is gjin tragyk mear, mar hja ûntnimt it boek de tragyk, dy't krekt yn dy lêste haedstikken sa treflik biskreaun wurdt. Tragyk is net dizze oplossing, tragyk is de Hylck dy't ôfbroazelet nei't hja mear bern kriget en nei't Siertsje út har libben weifloeit, nei't hja de Hylck fan alearen net mear wie. Tragyk is it saksearjen fan de ‘sex’, net it kunstmjittich opdriuwen der fan om in ‘ein’ to krijen. Lykwols haw ik greate wurdearring foar dit boek. Hwant it is skreaun mei de folsleine oerjefte fan in kunstnerssiel. It is in appèl oan de meast folsleine, absolute leafde, net fortsjustere troch oerfloed fan ‘geast’, mar rounút basearre op in taestbere ‘sex’. Dat it dêrby in jefte op it alter fan de Gaesterlânske mythe wêze wol, mei hinnebruije. Dat der fragen fan religy en morael oproppen wurde, kin it boek allinne mar weardefoller meitsje. It probleem fan kollektive morael (Hylck is troud mei Gerke) en persoanlike morael (hja bringt út leafde har houliksnacht to'n ein by Siertsje), in probleem dêr't yn wêzen gjin oplossing foar is, tilt it boek fier út boppe de wenstige Fryske forsimpeling yn de triomf fan de kollektive morael. It boek, by einsluten, is skreaun út in greate bisieling, in greate oandrift. It faget mei ien streek gâns Fryske prutsromans oan kant en jowt in eachweid op 'e takomst. Dêrom bin ik der tankber foar. |
|