de reäliteit dêr't dit âlde Europa hjoed de dei yn libbet. Mar dochs, dizze forhearliking fan it geskitter en gesketter, dizze oranjelol yn in paradepakje, dizze forôfgoading fan Tromp, De Ruyter, Tsjerk Hiddes et tutti quanti, dit gejûchhei foar ‘ús’ flagge, foar ‘ús’ krêft, foar ‘ús’ kolonisaesjekapaciteiten, foar ‘ús’ plichtsbisef, dizze geast fan ‘Flinke kerels melden zich voor de Waffen-SS’, kearels dy't yn in flok en in sucht fan lijerige, slopankelige sukkels opkweekt wurde ta hurde, feardige, kante knapen, ré foar de ‘frische fröhliche Krieg’ - ik leau dat dêr in protest tsjin hearre litten wurde moat. Ien citaet, en de lêzer wit hwer't ik op doel (s. 135):
‘It like wol en it wie ek yndied sa, dat se harren hjir (op it opliedingsskip Atjeh - nomen est omen) thús fielden, ûndanks de discipline. Hja waerden nou echt jongkeardels! De rêch, eartiids faek slop, wie nou rjocht en strak en de holle stie los en ûnbihindere op 'e hals.
De fuotten, dêr faken samar hwat hinnebokseljend waerden nou optild en wer delset as fregen se omtinken! De hannen hwer't men eartiids faek forlegen mei wie, slop en altiten yn 't paed bongeljend, regelen har nou as fansels yn it rythme fan de gong’.
Giet men by de Marine om dàt to learen? My tinkt, dan kin men by tûzen gymnastykforieningen to rjochte.
Foar de rest soe ik forwize wolle nei de nijsgjirrige artikelrige ‘Volg het spoor terug’ fan J. B. Charles yn de ôfroune en de nije jiergong fan ‘Podium’.
It militarisme as hurde reälistyske needsaek is gjin probleem mear, spitigernôch. It militarisme as principe moast ek gjin probleem wêze. It militarisme as kleurich ferniske kin it net wêze en mei it net wêze. Mar it is ek sa - okkerdeis lies ik dat neffens it lêste opiny-ûndersiik 13 % fan de Nederlanders noch nea