| |
| |
| |
It swart-leaflik-skema
W. Cuperus: ‘Swart, mar leaflik.’
Wever, Frjentsjer.
De ûntwikkeling dy't Cuperus meimakke hat, is dy fan út soasiael forantwurdlikheitsbisef fuortkommende, en miskien troch persoanlike ûnderfining oansterke folksskriuwerij-foar-eigen-parochy nei de psychologyske nijsgjirrichheit nei de minske as yndividu. Neist greate winst bringt dy ûntwikkeling dochs ek forlies mei. Troch dy earste boeken fan Cuperus, breklik en brokkelich dat hja binne, waeit soms hwat fan in greate epyk; it algemiene byld dat my fan ‘De Gouden Tried’ bybleaun is, is dat fan in tsjuster hjerstlân ûnder sombere tryste wolkgefaerten, mei yn 'e fierte in wrimeljende massa arbeidersfolk. Sa evokatyf is it letter wurk net mear. En binammen syn twa lêste boeken meitsje jin dúdlik dat Cuperus it evenwicht net foun hat, dat er mei de minske-yndividuëel net klear is en ek, bin 'k bang, op dizze wize net klear komt. Net dat ik syn bisykjen om út it algemiene ta it bisûndere to kommen net wurdearje kin, wylst der safollen binne dy't yn bloedleaze selsherhelling altyd deselde winen troch har boeken waeije litte. Mar men sil dochs fan it bisûndere op 'e ien of oare wize wer yn it algemiene bidarje moatte, en dat sjoch ik by Cuperus jitte net, salang't syn psychologyske skema's sa toar binne.
Dêrom ek achtsje ik ‘De Pipegael’ syn bêste boek. Net allinnich is dêr de sprong nei de psychology weage en goed biteard, mar ek fynt de skriuwer der in nij milieu, en it rjochte evenwicht tusken de haedfiguer en dat milieu. Dêr kriget binammen de sûnde har gerak, de sûnde dy't yn eardere boeken op 'e eftergroun
| |
| |
weidoezele wie. Hwat Cuperus ynteressearret yn de minskesiel: de dûbele morael, de forhâlding tusken sûnde, skynsûnde, bravens en skynbravens, is dêr, sûnder al to folle skematyk, yn in rige fan fine, rake en psychologysk forantwurde trekjes útspile. Ek dat boek haw ik greate stylbiswieren tsjin. It is soms as hinget oan elk wurd fan Cuperus in net-forantwurde switdrip - net-forantwurde, om't it net salyk in wrakseling mei de taelmatearje liket as wol in wrakseljen mei de swiertekrêft fan it skriuwark. Ek fierder is der oan ‘De Pipegael’ it ien of oar mis. Miskien is it dit, dat oan 'e ein de chroniqueur himsels forriedt, it skema bleat komt dêr't er neffens wurket. Net dat de Pipegael de wei ta boete, bilidenis en formoedsoening fynt, is myn biswier, mar de greate distânsje dy't de skriuwer dêrby nimt, as hâldt er mei in fiis gesicht sa'n Rynk Tsjammes tusken tûme en finger op de earmslangte fan him ôf. Dat docht, sûnder it fiis gesicht, de chroniqueur fan it ‘En hja libben lang en lokkich’ ek, mar dêr is it de itige stylfoarm fan it mearke (ek dat yn 'e reäliteit), hjirre in teken fan ûnmacht oer it minskelibben. In preek is in to algemiene bikroaning fan in psychologyske roman, in utering fan in skematyk dy't net fan dit libben is.
Yn ‘Doeke Daan’ hat Cuperus, en dêr komt de skematyk op oare wize dochs wer om 'e hoeke, syn swarte siel, de skynfromme Doeke Daan in tsjinspylder jown yn in earlik, mar lyts en ûnbitsjuttend mantsje Jan Ines. Mar hja binne gjin evenwichtige tsjinstanders en ûnderweis bidarret Doeke Daan healwei yn 'e N.S.B., as iennichst biwiis fan noch hwat wyt in nei de mem útskaeijende, mar ûnkreaze dochter efterlittend om as koerierster yn 'e illegaliteit de sûnden fan de heit to dylgjen en wei to wurden yn in houlik mei de
| |
| |
neatsizzende soan fan de ûnderwilens ek neatsizzend wurden arbeidersman (dêrom dy ûnkreazens, wierskynlik!) Jan Ines. Knap bigoun yn in om syn ûnbitsjuttendheit sa ienfâldich-minsklik konflikt, rint it dea sadré as it op it útwurkjen fan dy fine nuances oankomt en moat de aktualiteit fan de oarloch as in deus ex machina oer de hollen fan de meispylders komme. En ek dy oarloch oertsjûget ús op gjin stikken nei: hwat hat it wiidweidich forslach fan in ûnder Dútske lieding steande parse-gearkomste mei it dwaen en litten fan de haedpersoanen to meitsjen (s. 151-153), hwat wearde hat soks as yllustratyf foarbyld fan it Dútske barbarisme? Cuperus skept dêr ôfstân, as chroniqueur, en hâldt tagelyk al to partikuliere triedtsjes yn 'e hannen mei de aktualiteit, n.b. via in fortsjintwurdiger fan ‘De Stim fan Fryslân’!
En nou is dêr dan Cuperus' nijste roman. Mislearre yn 'e sin fan ‘Doeke Daan’ is ‘Swart, mar leaflik’ net, it lit ús oan 'e ein net mei in heale oplossing sitte. Der sit sels in knap-forantwurde klimaks yn Greate Jantsje lêste wurden: ‘ik bin altyd in âlde stjonkert west - mar myn Boarch is goed’. Cuperus lit ús hjir de libbenstrageedzje, de ‘martelgong’ meibilibje fan dy ‘âlde stjonkert’ dy't wiermakket hwat it Heechliet (mei in oar doel nammers) ús foarhâldt. Har siel mei swart wêze, mar har leaflike kant uteret him aloan wer yn in suver daemoanyske leafde foar oannommen bern - al is dy animale, stienkâlde leafde by my hiel hwat oars as ‘leaflikens’, net folle mear as domme bisitsdrift, en miskien net mear as in wraek op it libben, dat har eigen bern ûntkeard hat. Yn alle gefallen: in gegeven, dat mooglikheden ynhâldt. De fout fan it boek liket my hjir to sitten, dat de skriuwer dizze ‘Greate Jantsje’ biwust opboud hat út har twa komponinten,
| |
| |
en fan har wêzen ek allinne dy komponinten útkomme lit. Hwat men yn de Pipegael noch foar in tafal oansjen koe en heechstens in forsin-om-in-bigjin-to-finen, oppenearret him hjir fannijs: de Pipegael syn mem wie in kring mei strebersallueres, syn heit in goedhinnige sokses, de mem wint de striid om soan syn siel, ergo: de Pipegael wurdt in stjonkert, in streber mei in dûbelde morael. Hjir is it efkes oars, mar net better. Swarte Gelf is in brút, in monstrum, in heale divel, Kike in sêftsedich goederjowsk minske - hja winne it beide, ergo: Greate Jantsje is beide, om barren of tagelyk. Mear as in skema is in minske net dy't yn it libben gjin oare kânsen kriget as domwei de oandielen fan heit en mem to prolongearjen - en Cuperus syn tokoart is, dat er dat skema net wit op to foljen mei de sa breanedige psychologyske nuances. Hy lit Greate Jantsje allerhande dingen dwaen, allerhande tinzen hawwe, allerhande bitinksels útbriede, hwant liep is hja, mar lyk as de beide bonkige earmtakken har út it lichem stykje, sa stykje út har siele dy beide brokken mem en heit, dy't har libben biskiede, harsels alle forantwurdlikheit der foar ûntnimme en har meitsje ta net mear as in grotesk natuerforskynsel.
Ik wol leauwe dat de oast sit yn Cuperus syn erflikheitsidé. In minske is altyd hwat oars as in yn twaën dielde optelsom fan hwat heit en mem bybringe, in ûneindich komplisearre wêzen, dêr't men miskien û.o. ek dy beide komponinten yn weromfine kin. As men it misforstân dêr siket, wurdt it ek dúdlik hwerom't ‘De Pipegael’ en ‘Swart, mar leaflik’ beide har oanrin hawwe yn in kreamscène. Yn 'e needgjalp fan in bernjende mem bigjint de magyske erflikheitsformule (A + B): 2 = C foar Cuperus to libjen. Dy algebrayske horoskoop biskiedt libben en lot fan de bi- | |
| |
skreaune persoanen. Men freget jin oanienwei ôf, of't dat libben oars forroun wie as de berte ûnder oare sljerren pleats hawn hie, as de Pipegael net de soan wie fan in al lang steryl tocht pear âlden, as greate Jantsje net de frucht wie fan in swiere kream yn in stoarmnacht. Symboalyske feiten dy't op harsels neat bitsjutte, biskiede yn dy symboalyske hoedanichheit mei gemak oer 250 siden proaza. Leit dat skema der ienris, dan liedt it mei wiskundige wissichheit op 'e dea ta, en hoecht men der mar hwat libbensûnderfiningen op to bouwen en dy sa goed sa kwea op it skema slaen to litten. Dat wol net sizze, dat dy libbensûnderfiningen altyd bryk en nuver en op harsels de muoite net wurdich wêze soene. Cuperus is in man fan libbensûnderfining, ja sels fan minskekennisse, as men dat bigryp net to wittenskiplik nimt. Hy wit it hâlden en dragen fan syn sujetten yn 'e situaesje by tiden treflik to byldzjen. Greate Jantsje, fjochtsjend (hwerom moatte de minsken by Cuperus altyd en erflik sa ‘woarstelje’?) foar it hâlden fan har oannommen bern tsjin de fouden fan it earmhûs, ek al hat men yn 'e groun fan 'e saek Jantsje leafde op in pypfol, is in episoade yn it boek dy't jin tige meinimt. Mar yn it boek as gehiel rekket dat stik yn 'e knoei, omdat it lyk as alles to folle nei it skema ta forbûgd is.
Binne myn psychologyske biswieren tsjin Cuperus gear to fetsjen yn de formule: in al to skematysk, op ûnforantwurde hereditaire faktoaren basearre ynsjoch yn minskene siel, myn stilistyske biswieren telle licht swierder, al kin men se fan dy oare faeks net alhiel skiede: psychologysk fielen foar nuances moat him needsaeklikerwize meidiele oan de foarmwurding fan it boek. Of krekt oarsom: subtyl taelfielen jowt ek it formogen om yn 'e minsklike siel djipper troch to kringen.
| |
| |
Cuperus syn foarmwurding is like star en formalistysk as syn sielkunde - mar dit wreekt him folle sterker. Is der mei in breklike psychology altyd noch in fascinearjend boek to skriuwen, yn in breklike tael net.
It is b.g. in ynoarme misfetting, dy't men by gâns hjoeddeiske Fryske auteurs tsjinkomme kin, dat de nou-tiid (it praesens historicum) altydtroch in spanningforheegjend stylmiddel wêze soe, dat men nei willekeur op alle forhalen en situaesjes tapasse kin. Hja miene dat de nou-tiid ús better direkt op 'e situaesje ynlibje lit, dat dy it lêzen aktivearret en ús it fielen jowt dat wy de biskreaune dingen foar ús eagen spyljen sjogge. Neat is fierder mis. Binammen de chroniqueur, dy't in minskelibben fan widze oant grêf út syn pinne floeije lit, knoeit de epyske gong en makket fan syn forhael in brokkelich, yn losse alineä's mei situaesjeforspringingen tobrutsen gehiel, sadré as er alle biperkingen farre lit en him alhiel op 'e nou-tiid útleit fan de earste oant de lêste folsin. Der binne yn dit boek blêdsiden dêr't amperoan elke folsin in alineä foarmet. Men stjit sadwaende fan de iene meidieling op 'e oare, en hat by it lêzen it fielen dat men rydt op in bolderwein mei fiifkantige tsjillen. Hwerom dan mar net meiiens it hiele boek neffens Ot en Sien yn wurdlidden yndiele? En yn dat ûnaesthetysk gehobbel spilet it praesens historicum syn nuvere ûnlogyske rol. It praesens historicum, dat wisten de Alden al, kin in treflik stylmiddel wêze yn in spanningssituaesje, mar oan ien tried wei brûkt is it in biwiis fan ûnmacht oer de continuïteit, in falsk en forriederlik middel ta skynlibbenens. Nei twa siden forliest it syn útwurking en liedt ús yn in stjittende monotony, dêr't elke praesensfoarm ús mei in nidich skokje wekkerskuort út 'e sfear fan it forline dy't it boek ús bilibje litte wol. It is moardzjend
| |
| |
foar de rêst, dy't it lêzen nedich hat. De epyske litteratuer, binammen as hja kronykmjittich is, freget in floeibere, bûchsume forteltrant, dêr't de situaesjes ûnneigeanber yn elkoar oerglide, sûnder skokken en sûnder lytse argewaesjes. Ik soe dit alle nou-tiid-oan-bidders yn Fryslân fan 'e dakken ôf taroppe wolle, by need mei in foarbyld fan Cuperus yn 'e hân (men kin se suver fan alle siden opskeppe):
‘Greate Jantsje bilibbet ien fan har net sa machtich folle willedagen.
En dit is ek to moai om oan 'e sédyk to bliuwen.
Hja hat al oer dizze saek ynsitten.
Tsjin de hearen hat hja opspat, mar it gie wol hwat tsjin har moed, hwant as it ris wier west hie, dan hie se it forlieze moatten, en dan, ja, dan soe se it nou net mear witte.
En nou komt it sa moai út, nou hat hja ek noch gelyk hawn.
Nou sille dy lju dochs yn 'e goedichheit ek wol ris ophâlde fan kreauwen, soe men hoopje.’
Ik haw mear biswieren tsjin Cuperus syn tael. Net salyk iens tsjin syn Frysk, al kin dat ek net altiten sprekken lije: woarstelje, it firmamint (5), ‘Der is Jantsje net fan tsjinne’ (35) holleskodzje (37), yn 't ûnsekere litte (50), allinnesteande froulju (59), ternauwerneed (115), op aller tonge (123), Sneins nei it barde (124: ‘na het gebeurde’), in muoilik fraechstik (132)‘ ‘En, heard Jantsje' forachtlik en bretael reägearjen’ (134: amtnerstael), op 'e hielen sitte (169), ‘Jantsje kin de skriuwer fan dit brief’ (179), ‘Jo binne net in forneamden-ien’ (fornamenien, 213).
Dan binne der fan dy nuvere staveringen fan frjemde wurden lyk as: spionnaesje (144), kamouflaesje 146), promofearret 173), konfênsje (200). Forkeard gebrûk fan (frjemde en eigen) wurden: sintra's (58), ‘dan slút se alle kombinaesje (bidoeld kontakt?) mei de oaren ôf’ (139), ûnfortsoenlik (151), ‘It alwittende
| |
| |
doarp mient al dat se (= it doarp) it wit’ (155), ‘Jantsje genietet sichtber fan de foudeflater’ (182: bidoeld de flater dy't de fouden makke hawwe). Yn it Frysk ûnwierskynlike sizwizen as: reilt en seilt (35), mei de Noardersinne fordwoun (180); in nuvere kontaminaesje as ‘lit har leafde dan oarsoartiger wêze as by oare minsken’ (153: ‘oarsoartiger .. as dy fan ..’ of: ‘oars... as by ...’). En de measte argewaesje haw ik hawn fan dy ivige forswierre attributive bipalingen, in oanwenst út 'e Hollânske amtnerijtael, dy't yn in ‘folksboek’ klisjé-eftich en stiif oandogge: De as fansels oanwiisde liedster (35), de sintra's fan de foar harren doedestiids bikende wrâld (58), de al âlde man (97), yn syn, nou lytse, húshâlding (98), it njoggentich jier âlde buorwyfke (141), dit dochs ek alhiel natuerlike forskynsel 156).
It is spitich dat by Cuperus, dy't dochs wol dingen ‘yn 'e holle’ hat, de skriuwdrift mar net ta foarmdrift wurde wol. En hwa't mei dy foarmdrift de gek ha woe en miene dat in skriuwer der wol sûnder kin, soe ik freegje wolle, hwer't syn eigen daeglikse maneuvels mei ‘Sanders’ en ‘Gillette’ oars ta tsjinje as om de minske to biwizen dat syn foarmdrift dochs djipper sit as it hier fan syn burd?
|
|