Kritysk konfoai
(1951)–Anne Wadman– Auteursrecht onbekend
[pagina 137]
| |
It dichterskip mei it figebledDe ‘folksdichter’ is yn it Fryske kultuerbyld gjin probleem op libben en dea, mar wichtich is it dochs wol, omt it sa'n tige ‘provinsjael’ forskynsel is, en nijsgjirrich omt it gearhinget mei de sociologyske funksje fan it dichterskip. By it bisykjen om fan ditoangeande ta klearrichheit to kommen, moat men earne bigjinne, moat de diskussy op in biskaet punt losbarne. Dêrmei komt men foar it feit to stean dat men it bilang fan it útgongspunt forsearret. Yn ús iver om sa gau mûglik fjûr to sjen hawwe de hear Schurer en ik beide forwoeden de lont yn it wurd ‘folksdichter’ stutsen, wylst it eins foar ús beide like ienfâldich is om dat wurd relatyf to stellen, it fan syn mystike yn- en oan- hâld to ûntdwaen. It forskeel is sa op 't each net fan greate bitsjutting: Schurer wol nei dy operaesje mei it wurd bigien to hawwen, der net langer mei arbeidzje, omt it wurd to swier biladen wurdt. Ik haw dêr gjin biswier tjin. Der sit lykwols mear efter as dizze ûnskuldige kreauwerij-om-in-wurd. It giet by einbislút oan op 'e funksje fan it dichterskip yn 'e maetskippij en dêr is men net ien-twa-trije út. Ik haw, miskien dreaun troch in fielen fan solidariteit, de tryste moed hawn om de ‘echte dichter’ en de ‘folksdichter’ fan ien flak út wei to sjen. Ik leau ek yndie dat men yn beide gefallen fan ‘dichter’ prate kin, in prinsipiëel ûnderskied is der net, hja steane beide op 'e selde basis: it hantwurk. Men kin se ek beide ‘rimers’ neame, dat is mar krekt hoe 't men der foar oer stiet. De abslút a-poëtyske minske sjocht òf rimers en rimers òf dichters en dichters, al nei't er mei lytsachtsjen of mei earbiet it genus taelbiwurkers yn | |
[pagina 138]
| |
syn tinken biflapt. En foar in reëel sjen fan de dingen dêr't it hjir om giet dogge wy leau 'k goed ús effen op dit ‘objektyf’ en ‘wittenskiplik suver’ stânpunt to setten, al wie 't allinnich mar om to ûntkommen oan de mystike geheimtael fan de aestheten dy't miene dat in Muze sels skeppende krêft hat yn pleats fan allinnich mar in symboalyske funksje. Kreätyf formogen is in gearstald bigryp mei likefolle mystike as reële ynhâld en men docht goed sa folle mûglik op dy reële ynhâld oan to hâlden en dichtsjen to biskôgjen as net sasear in godlike genede of in foarm fan ynfeksje mei ‘Muzyske waensin’ as wol as in hantwurk, in ambacht (‘Ambacht achter gesloten oogleden,’ seit Achterberg). Op 'e basis fan dit hantwurk: it biarbeidzjen fan de tael, hat men alle rjocht en set in mysterieus forskil tusken dichter en rimer ynearsten oan kant. It forskeel dat der is, en dat wie de kearn fan myn redenearring, leit net yn in ‘letterkundich’ (faeks soe ik better sprekke kinne fan in taelbiarbeidzjend of ambachtlik), mar yn in psychysk flak. Dit psychysk forskil sil ek Schurer erkenne, en tagelyk de relativiteit der fan. Foar hwa't myn stik lêzen hat sil dúdlik wêze dat ik mei de klamkes dêr't ik it wurd ‘echte’ dichter yn bispjelde haw, neat oars bidoelde as de irony om it rare en ridikule wurd, lyk as dat fan guon brûkt wurdt, dy't it wurd ‘echt’ fuortdaliks spûntaen oan ‘surrogaet’ keppelje en dêrmei it misforstân skeppe dat de ‘echte’ dichter der wie foar't de ‘surrogaetdichter’ der kaem by wize fan opfulsel yn kritike tiden. Ik wol it krekt oarsom ha: yn it dichterskip is it ‘surrogaet’ primair, dus winliken ‘echt’, wylst it ‘echte surrogaet’ pas ‘echt’ wurden is troch de kultuer, dy't de primitivens om hals bringt. Teffens tsjinnen dy klamkes dus as warskôging tsjin de arrogânsje fan de | |
[pagina 139]
| |
fakdichter dy't yn it bisef fan syn kulturele en offysjeel bifêstige echtens oanspraek makket op ûnbigrinzge earbiet foar de heechheit fan syn geastlike status. Wylst ik mei de klamkes om it wurd ‘folksdichter’ neat oars foarhie as ek hjir in ‘to-plak-setten’, it wurd dúdlik efkes fan syn omballingen losweakjen. As de hear Schurer dêrút konkludearret ta in ‘karnaval fan de wurden’, dan kin ik dêrop yn lêste ynstânsje altyd noch anderje, dat wy ús hiele libben lang, foar safier't wy gjin 100% kliché-minsken binne, neat oars dogge as it karnaval fan it wurd bilibje. It wurd is nammers in kwesje fan net: Hwat docht it, mar: H wat doch ik der mei? Elk dy't net jeuzelt, d.w.s. ûntrochtocht spraeklûden útstjit, lûkt it wurd syn eigen pakje oan en makket it dêrtroch los fan syn funksje fan ‘greatste miene dieler’. Ik haw de folksdichter steld as yndie in dichter (taelbiwurker yn rym en mjitte, soe men sizze kinne), mar mei in psychysk tokoart, sjoen fan de kultuer út wei. De moderne folksdichter as it psychologysk foarstadium fan de moderne ‘echte dichter’. It folksdichterskip as it kultureel foarstadium fan it ‘echte dichterskip’Ga naar voetnoot1). Fan de moderniteit út wei fortoant dus de folksdichter yndie in psychysk tokoart, hy is in ‘rest’ dy't him noch hanthavet, en in rol spilet yn it hinne en wer weagjen, de ivige wrakseling tusken kultuer en natuer (ommers elk kultuerexces freget om natuer, elk natuerexces om kultuer). Dat psychysk tokoart nou moat de kearn fan it bisprek útmeitsje. Ik haw it, foarlopich en sûnder dêrmei in lêste wurd sein ha to wollen, oantsjut mei it wurd problematyk, omt ik leau dat | |
[pagina 140]
| |
yndie de problematyk de kearn is fan de kultuer. Nou is dit it swak sté yn myn redenaesje dat ik dat wurd problematyk net genôch omgrinzing jown haw, it miskien ek hwat to ing steld. Mannichien tinkt by problematyk oan algebra-sommen of harsenskraebjende yntellektuelen dy't it libben fan syn glâns ûntdwaen wolle troch oeral in probleem fan to meitsjen. Tsjinoer dizze fundamintele fraech nei de krekte ynhâld fan dat problematyk-bigryp wurdt de oanrin fan de diskusje ynienen parten minder wichtich. De iene helte fan de diskusje draeide nammentlik om de hâldberens fan it wurd ‘folksdichter’. De problematyske ynhâld fan dat wurd, lyk as Schurer sjen lit, warskôget sûnder mis foar in ûntrochtocht hantearjen der fan: foar it ‘What's in a name’ is hjir gjin plak. Dochs leau ik dat der by einsluten gjin biswier is om it wurd oan to hâlden, earstens omt it foar de Fryske tastân in reële ynhâld hat, twad omt it ek yn 't algemien net sa'n gek wurd is. Hwant, lyk as de hear Schurer ek al seit, Piter Terpstra en ik hawwe it net útfoun, it is net in wurd fan juster of hjoed, mar makket diel út fan dat hiele komplex dat wy rûchwei ‘folkskunst’ neame en dêr't fan de litteraire kant bigripen as ‘folksskriuwer’ en ‘folksskriuwerij’ yn meidogge dy't automatysk ‘folksdichter’ en ‘folksdichterij’ oan har forbine. En nou kin men wol lulk wurde op 'e tradysje en op it vocabulaire fan it Fryske folk dat dizze wurden (lit se dan yn in kultuer-milieu opkomd wêze) ytlike jierren lang foar in biskaet soarte fan litteraire ambachtslju brûkt hat, mar dêrmei hat men sa'n wurd net dea. Lit men my goed forstean: ik haw dit bigryp yn myn redenearring opfette as in suver Frysk bigryp, passend yn it Fryske kultuergehiel, en haw my net bikroade om de fraech hoe't it der yn oare litteratueren foarstiet. Hwat foar | |
[pagina 141]
| |
ús in probleem is hóecht it foar oaren net of net yn dyselde mjitte to wêzen. Dêrom is it ek nuodlik om, lyk as Schurer docht, lju as Burns, De Clercq en Speenhoff samar sûnder mear oan to heljen as de dei ex machina dy't myn concepty fan it folksdichterskip yn 'e groun boarje moatte. In twadde gefal fan force-majeure bigiet Schurer mei syn gelikenis fan de bolderwein dy't auto neamd wurde soe. De bolderwein hat, nei't my sa byleit, net in tradysje as ‘auto’ efter him dy't ús reden jaen soe om him nou tonei ek mar ‘auto’ neamen to bliuwen. Ik soe dêrom in oar foarbyld neame wolle, dat suverder slacht op 'e saek. As in motorfyts yn Fryslân fan de dei fan syn yntré ôf in ‘stomfyts’ hjitten hat, wylst elkenien wol wit dat it ding him net op stoom mar op benzinegas foarútbiweecht, is dat dan in reden om dat wurd út it vocabularium to skrassen mei it motyf dat it in ûnlogysk wurd is en dat in fyts-op-stoom nou ienris net bistiet? Docht men sadwaende de ‘spraekmeitsjende mienskip’ gjin ûnrjocht, dy't út 'e groun fan syn primitive fantasij wei dat wurd skepen hat dwers tsjin de diktatuer fan tael- en logica-skoalmasters yn? In oar foarbyld: soene men it wurd ‘tsjerkhôf’ aenst mar ôfskaffe moatte omt sa njonkelytsen alle tsjerkhôven folboekt binne en de lju hoe langer hoe mear op in ‘bigraffenisplak’ to rêsten lein wurde? Sa dwaende soe men de hiele wurdfoarrie fan elk folk op 'e helling bringe kinne en oanpasse by de moderne logica. Mar tael hat mear mei psychologica as mei logica to meitsjen. En dàn noch: tsjin it wurd ‘stomfyts’ likegoed as nei wierskyn mei in 50 jier tsjin it wurd ‘tsjerkhôf’ kin men logyske biswieren ha, mar tsjin it wurd ‘folksdichter’ net. Heechstens kin men noch freegje nei in | |
[pagina 142]
| |
neijer definiëarring, nei in spesifikaesje. Mei dy spesifikaesje bigjint Schurer al, as er syn, lit my it foar 't gemak mar neame: ‘Europeeske’ concepty fan it folksdichterbigryp yn twaën spjalt: ‘nasjonale dichter’ (Burns, De Clercq, Piter Jelles) en ‘dichters foar in spesiale, mar wol brede folkslaech’ (Koos Speenhoff). Botte logysk is dizze yndieling foar myn bigryp net. As ik it der goed foar ha is hjir sprake fan lektuer foàr de natio en oer de natio, en dêrfoaroer lektuer òer de ‘plebs’ foàr... de plebs? de natio? Hjir sjit Schurer syn yndieling tokoart. Hwant sjonge fòar in biskate groep wol noch net sizze dat men ek tagelyk sjongt fàn dyselde groep. Men docht it wiiste it sjongen fàn, dus de thematyk, by de yndieling bûten biskôging to nimmen en foar de spesifikaesje fan it folksdichterbigryp oan to hâlden op it sjongen fòar. It proses fan de krëativiteit hat sachts mear to meitsjen mei it hwerfòar as mei it hwêroer. As men dus it wurd ‘folksdichter’ ôfgeande op it hwerfoàr al yn twaën snijt, hwerom sil men it dan net yn trijen dwaen en, as dat mei twa net mûglik is, foar de trije in oerbôgjende formule sykje dêr't men se alle trije ûnder biflappe kin? Sadwaende soe ommers ek in wurd as ‘regio’ syn plak krije kinne tusken natio en plebs. Burns en dy sjonge foar de natio mei ynbigryp fan de plebs (oars is 't gjin natio), Speenhoff sjongt ek net foar syn plebs allinnich, mar miskien hat him ek sa eat as de natio foarskimere, Terpstra syn Fryske folksdichters sjonge foar it geafolk, mar ek by harren komt iderkear de totaliteit fan Fryslân, de naesje, nei foaren. En dan sjogge wy dat, alteast foar safier't dat ús hjir oangiet, de ûnderskieding tusken natio, plebs (en ek regio) lang sa djip net snijt as men út de wenstige wurdearringsaksinten op dy wurden | |
[pagina 143]
| |
opmeitsje soe. Yn alle trije gefallen ommers giet it om in greate, minder greate en noch minder greate, mar stjûrleaze en foarmleaze massa, in kliber, dy't mei in primitive foarm fan dichterlikheit ynfektearre wurde moat. In oansluting fan dichterswege (al of net biwust) by de primitive geasteshabitus fan de ien of oare massa. Der sil yndie wol forskil wêze tusken natio, plebs en regio, mar op 'e poëzij reägearje hja presiis allyk, en dêr giet it hjir mar om. De hear Schurer sil nea de yllúzje hawn hawwe dat syn striidsangen de kulturele élite fan it Fryske folk ‘poëtysk’ hwat diene. Hy skreau se dus net foar dy élite, mar foar de natio, dy't plebs wurdt, as men de ‘élite’ der út wei nimt. Wy hoege elkoar neat wiis to meitsjen: as Schurer syn ‘folksdichten’ better binne as dy fan party oaren, dan biwiist dat allinnich dat de hear Schurer as folksdichter better is as dy oaren, in feit dat er to tankjen hat miskien oan it feit dat er bihalven sa ynsidenteel folksdichter ek noch ‘echt dichter’ is. Nou moat men út myn wurdkar net opmeitsje dat ik it skriuwen fan út de primitiviteit foàr de primitiviteit forachtsje, likemin as men miene moat dat ik myn ienheit fan natio, plebs en regio forachtsje. Mar de erkenning, dat ek de primitive massa dichterlikheit nedich hat, hoecht de erkenning net út to sluten dat it net-mear- primitive dichterskip gjin oansluting mear fynt op 'e primitive massa, wylst ek it primitive dichterskip mar min mear oansluting fine kin op 'e ‘happy few’, of dy moast him al mei opsetsin of ûnbiwust (dus ek primityf ) foar dy primitiviteit iepenstelle, dêr't ek neat ynstekt, ommers de kultuerminske sjocht faeks de natuer better as de natuerminske, en de wriuwing tusken kultuer en natuer sil nea mei de oerwinning fan ien fan beiden in ein nimme. | |
[pagina 144]
| |
Yn mannich opsicht falle ek de figuren dy't Schurer folksdichter neamt, ûnder myn consepty fan it bigryp safier't hja út 'e primitiviteit wei foar de primitiviteit skriuwe, en dat ik it yn myn skôging allinnich oer ‘regio-dichters’ hie, komt omt it gyng oer Fryslân (dêr't dat soarte bisûnder warber is) en it boekje fan Terpstra. Piter Jelles, om ús oan dit foarbyld to hâlden, wie yn mannich opsicht in ‘natio-dichter’, mar hy is ek ‘regio-dichter’. Mannich fan syn fersen ûnderskiede har allinnich kwalitatyf fan dy fan Sjoerd Meinesz. Krekt dy dichters, dy't beide aspekten: it primitive en it problematyske, yn har forienigje biwize dat men net fan abslute tsjinstellingen sprekke kin. Men soe dan de grinsfigueren yn twa ta forskelende soarten fan minsken bihearrende moaten snije moatte. Piter Jelles is sa'n grinsfiguer dy't foar in diel fan syn dichterlik oeuvre wol deeglik troch de primitiviteit hinne is. Dat hy dêrom likegoed trochgyng mei foar de primitiviteit en út 'e primitiviteit wei to skriuwen, ek nei de hwat ik neamd haw ‘aktivearringsskok’ biwiist neat. Myn definysje hat in weromkear, heal of alhiel, inkeld of forgoed, biwust of ûnbiwust net útsletten. Nammers soasjael bisef is noch altyd in respektabel ‘quia absurdum’, dêr't sels in Ter Braak net oan ûntkomme koe. Likemin slút myn concepty in graduëel forskeel út tusken folksdichter s ûnderling. Piter Jelles is, as folksdichter (d.i. dêrre hwer't er folksdichter is) fan greater formaet as Sjoerd Meinesz, Sjoerd Meinesz wer fan greater formaet as Willem Koopmans en sa soe men op 't lêst by Douwe Lap en op 't alderlêst by de Sinterklaesrymkemakkers dy't wy allegear binne, bilân je kinne. Myn conklúzje is dus: it wurd folksdichter dekt, net allinnich foar Fryslân, mar ek foar Europa, al leit it | |
[pagina 145]
| |
aksint net oeral gelyk, wol deeglik in reëel bigryp, dat men nei goedfinen spesifisearje kin, mar ek tige goed yn syn wêzen litte.
Nou myn swak sté. Yndie haw ik it bigryp ‘problematyk’ net genôch definiëarre, en sadwaende de yndruk jown as soe ik mei ‘problematyske dichters’ bidoele by dichters dy't mei harsels yn 'e tiis sitte. Schurer makket der út op dat ik de ‘echte dichter’ sjoch as de dichter dy't nocht hat oan syn eigen problemen, der foreale op is, dy't ‘problemen’ hat en siket òm 'e problemen, of om syn dichterskip to fuorjen, dy't dus allinnich dichtsje kin as er in probleem hat dêr't er oer gear kin. Nou is it ek wrychtsjes net maklik to omskriuwen, omt it sa tige in conglomeraet is fan bigripen dêr't men allerhande aksinten yn lizze kin. It hinget nammentlik op 'en nausten gear mei de kultuer. It wêzen fan de kultuer, soe men sizze kinne, is de problematyk. De primitive minske vegetearret, hy pakt de dingen, nuttige, noflike en moaije en hat dêr gjin ûnderskie yn. It nuttige is foar him it moaije, it noflike is it nuttige. De neger yn Afrika roalet in stik lân oan spegelglês dat blinkt. Sadré't hy it ûnderskied oan 'e lea ûnderfynt is hy net primityf mear en lit him net langer bidonderje. Hy hat net genôch mear oan de natuer, mar bout in kultuer op boppe syn natuer-basis. Hy komt ta de problematyk fan it libben. God is net langer in tongerwolk, mar wurdt in sedewet. Dizze selde primitiviteit fine wy by de oerskeakeling fan it primitive op it problematyske dichterskip, - mei dit forstean dat dan ek it kultuerbigryp in opskouwing meimakke hat. De problematyk fan it libben: de fraech nei de sin fan it ‘ik’ yn de wrâld, nei de wearde fan de forskiningen, it Godsprobleem, de fraech nei de ef- | |
[pagina 146]
| |
tergrounen, de djipten en riedseleftichheden fan it bistean, nei de absurditeit der fan. Ek dit alles, of in part der fan kin bitingst wêze ta it ‘echte’ dichterskip, de aktivearringsskok dus. Mar der is ek de problematyk fan it dichtsjen, of fan it auteurskip, soe men it neame kinne, dy't fragen ymplicearret lyk as: Hwêrom doch ik dit, hat it sin dat ik dit doch, hoe doch ik it op 'en bêsten, hoe docht in oar it, hoe moat ik it dwaen om oan dy ‘oar’ to ûntkommen? In folksdichter, dichtsjend út 'e primitiviteit wei, komt oan dizze fragen net ta, as it libben him der net op 'e ien of oare manear mei de noas boppen op triuwt, as er net hjir of dêr fêstrint, mei himsels yn 'e knoop rekket. Syn heechste rekkenskip is: tiidfordriuw, domwei, it meitsjen fan aerdige dingen, mei itselde materiael as syn ‘aktivearre’ kollega: de tael. Hy makket reäliteiten, omt er neat oars sjocht as reäliteiten. Hy sjocht it libben yn printsjes, skilderijkes, yn twa dimensys. Ek syn moraliteit hat, op papier alteast, mar twa dimensys. Tsjinoer de ‘echte dichter’ stiet er mei in hûdfol ressintimint, yn 't bêste gefal: ûnwennich, mei in litterair ynpleats fan mei in psychysk minderweardichheitskomplex. En de problematyske dichter? Ek hy makket moaije dingen, mar hy docht ek noch mear, syn moaije dingen hawwe trije dimensys, of, om it yn skoalboekjestael to sizzen: hy foeget der hwat oan ta fan syn eigen persoanlikheit, hy leit syn eigen aksinten yn de dingen, en krekt op dy aksinten komt it oan. Hy kin dy aksinten jaen omt er in dimensy mear sjocht, net omt er a priori mear taelgefoeligens hat as syn ‘primitive’ kollega. Syn taelgefoeligens fynt oanslach yn in efter de dingen sjen, yn in biweechlikens en dynamyk fan sielslibben dêr't it ûntdekken fan de problematyk him de ge- | |
[pagina 147]
| |
legenheit ta jowt. Net troch mear taelgefoeligens komt men ta it ‘echte’ dichterskip, mar troch greater libbensgefoeligens. Dichtsjen is in foarm fan libjen, net fan....dichtsjen. Dat dy problematyk der lykwols is om problematyk to bliuwen ont dichters lêste poëtyske sike, haw ik nea biweard, lyk as de hear Schurer suggerearret. It hat dan ek alhiel gjin doel om it foarbyld fan Achterberg oan to heljen. As er dêrmei biwize wol dat dichtsjen in forlossing fan de problematyk jaen kin, tydlik of (miskien ek) forgoed, dan sil ik him folslein meistimme. Mar dat wol net sizze dat Achterberg sûnder problematyk ek de dichter wurden wie dy't er is. As elk gedicht fan Achterberg in biwiis is dat er dy problematyk oerwoun hat, dan is elk folgjend gedicht der om to biwizen dat er de problematyk dochs noch net oerwoun hie. As hy de problematyk oerwoun hie, soed er gjin gedichten mear skriuwe, of allinnich primitive. Sels syn ‘Kleine Kaballistiek voor kinderen’ sit groatfol problematyk en it skriuwen fan sa'n gedicht, dat op it each neat-as-humor en assosiaesje liket, is op himsels al resultaet fan problematyk, ntl. de problematyk om de problematyk to oerwinnen. Miskien is de problematyk der yndie om oerwoun to wurden, mar om oerwoun to wurden moat er der op syn minst west ha, en dat wie hwat ik biweare woe: oerwoun of net, hy hat der west. Der moast in problematyk komme, en yn dit gefal in hiel bisûnderen ien: it trochbrekken fan de grins tusken dea en libben, nei oanlieding fan in persoanlik wjerfarren, om Achterberg to meitsjen ta de dichter dy't er is (foar myn fielen de greatste Hollânske dichter fan hjoed de dei). Hwant: jin biwust wurde fan dy problematyk wol sizze: bisykje him baes to wurden. Ek Achterberg siket syn | |
[pagina 148]
| |
problematyk baes to wurden, iderkear wer yn elk gedicht mei deselde wanhopige stiifkoppigens. Ek foar Bertus Aafjes syn ‘Voetreis naar Rome’ - dat neffens Schurer syn opfetting it summum fan ûnproblematysk dichterskip fortsjintwurdigje moastGa naar voetnoot1), hat in ‘Gevecht met de Muze’ nedich west. As Aafjes yn syn ‘Voetreis’ de problematyk baes wurden is en allinnich mar sjongt, sjongt, sjongt (ik leau der neat fan: de striid yn ‘de Linie’ biwiist dat it net wier is) dan biwiist dat allinnich mar swart op wyt, dat der in problematyk komme moast om de primitiviteit op to heffen en it ‘echte’ dichterskip to stiftsjen. It tredde stadium: it oerwinnen fan de problematyk troch de primitiviteit (mar bileaven: in òar soarte fan primitiviteit!) haw ik yn myn stik net oanroerd, omt it mei de fraechstelling net fuortdaliks yn forban stiet. Ik wol dit tredde stadium ek hjir net as bitingst foar it dichterskip stelle of ôfwize. Hwant dêr soe in diskusje fan komme dêr't de ein net fan to sjen wie: de fraech nei it dichterskip mei it figeblêd. Ik leau, as ik myn sin siz, dat pas dêrre de greate controverse tusken Schurer en my oan 't ljocht komme soe. In controverse dy't men lykwols ek net greater meitsje moat as hja yn wierheit is: de praktyk sjocht altyd kâns tsjinstellingen to formoedsoenjen dêr't de theory gjin wei mei wit. |
|