As men dit byld foar eagen hâldt, is der fan ‘Hessel Ypma’ op himsels net folle forkeards to sizzen. Like ienfâldich en sinleas as it is positive phrasen oan to tugen lyk as: ‘Akkerman ken syn folkje en syn milieu's út 'e pin’ en: ‘Hy skriuwt in goed en folkseigen Frysk’, like ienfâldich en sinleas is it protesten op to stellen tsjin it kropjen, fretten en neilplúzjen, dat syn minsken, net allinne yn dit, mar ek yn syn eardere boeken, en dêrre, op it kropjen nei, faeks mear as yn dit, sa hiem hawwe. As men nou ienris Hessel Ypma's by de kop hat, hwerom dan net? Dy dogge sa, en soe men it dan net opskriuwe?
‘Hessel Ypma’ is in mistreastich boek. Mar sûnt hoenear, soe men de apostels fan de bliermoedichheit freegje wolle, is mistreastigens in biwiis fan ûnformogen? It is in boek sûnder humor, sûnder relief, sûnder kontrastwurking. Mar hwat humor, hwat relief, hwat kontrastwurking wurdt der dold út terpierde en dong? Né, alle biswieren dy't men stilearje kin, rinne dea op dit iene simpele feit: Dit boek hoecht net oars as it is, it is himsels genôch.
Sels de wichtichste frage dy't, nei 't my foarstiet, de krityk opsmiten hat: dy oangeande de bisteanberens fan de Hessel Ypma-figuer (men wit it: de gjirrigert, de skraber, dy't fan bern ôf oan - mar hat er ea bern west?- mar ien doel yn syn bienbitige holle hat: sinten barre, en dy't, as er in pleats biskrabe hat en rintenier wurden is yn 'e Bargesteech, dyselde bienbitige holle yn in strûp stekt), sels dy wichtige frage, it is my earlik sein net dúdlik hwerom't hja mei sa'n klam steld is. Hwerom de bisteanberens fan dizze persoan yn 'e kiif to stellen? Leaut de reälist net oan 'e macht fan syn eigen principes? Men soe sok ding nammers oan Akkerman oerlitte, dy is dêr mânsk genôch