Kritysk konfoai
(1951)–Anne Wadman– Auteursrecht onbekend
[pagina 82]
| |
I.Mocht it nedich wêze en set by in krityk de goede bidoelingen foarop, dan wol ik J. P. Wiersma mei klam it folle pond jaen. Ik soe dat jitte dwaen, as it perfoarst nèt nedich, of sels forbean wie. En wol omt hjir de goede bidoelingen funksjoneel lizze yn it hiele wurk en ... skuldich binne oan hwat men, mei mear reserves as ornaris, neame kin: it ‘mislearjen’ fan syn boek. Skuldich binne, en net ûnskuldich binne, d.w.s. sûnder kantroeren by de resultaten lânsglide. Wiersma hat bidoelingen hawn dy't it neamen wurdich binne. Syn greep hat heech west. Hy hat ynsjoen dat in romanskriuwer soms stúdzje nedich hat ear't er de pinne yn 'e inket dipt. Hy hat - ik moat my raer forsinne as it oars is - himsels in twang oplein, iderkear wer, om him oan syn bistek to hâlden en syn opjefte ta in ein to bringen, eat dêr't moed foar nedich is, yn Fryslân, dêr't de measte skriuwers op eltse willekeurige blêdkant útstappe kinne as it harren forfeelt, der in draei oan jaen dy't de simpele ûntknoping bringt en de sucht by de lêzer. Hy hat in taest dien nei de synthese fan Fryslâns wêzen, dy tagelyk de synthese is fan Fryslân's tragyk ... Hy hat him - en dat is miskien de greatste winst, by in heap skriuwdriftigen forlike - by elke folsin, miskien by elk wurd rekkenskip bisocht to jaen fan syn draechwiidte, syn soartlik gewicht, syn, yn natuerkundige sin, ‘massa’. Hy hat | |
[pagina 83]
| |
witten, dat skriuwen skriuwen bliuwt, al tôget it noch safolle histoaryske en morele ballêst, - dat it wurd laden wêze moat, laden mei in eigen ynwindige spanning, mei in eigen ynhâld. Hy hat sadwaende stribbe, muoisum stribbe miskien, mar dochs: stribbe nei in eigen styl, alteast nei styl, hy hat al stylearjendewei (en hjir komt mei-iens it forsin oan it ljocht!) dold nei it wêzen fan de minske, nei syn ynwindige oandriften, nei syn konflikten, syn tragyk. Hy hat bisocht skiednis en litteratuer yn elkoar om to ranen ta in totaliteit dy't libben hjit, binnen de bigrinzingen fan 80 jier en de pôlle groun Fryslân. ‘Aldfaers Groun’ is de kronyk fan in mannich Fryske boereslachten tusken 1860 en 1940. It hat gjin doel de lêzer yn to lieden yn de ûntwikkeling fan dizze famyljeskiednis. Wiersma sels hat it nedich achte der jitte in list fan persoanen oan ta to foegjen, dy't lêzers swak fan ûnthâld ta in stipe wêze kin. Troch dizze famyljekronyk hinne en dermei forweve rint de pièce de résistance: de ûntjowing fan de Fryske koöperative suvelbiweging, it ‘mei-inoar-ien.’ Dêrnjonken komt men gâns oan 'e weet oer: Fryske soasjale tastânnen, Frysk kultuerlibben (sels in hiele biskriuwing fan de Jongfryske snuorje), Frysk folkslibben, Frysk biste- en fûgelbistean - hwant ek hjirre forleagenet Wiersma syn yntime relaesje net ta de wrâld fan ‘fear en plûm’, trouwe Tsjerne-lêzers net ûnbikend. Wy moetsje ûnhistoaryske en histoaryske persoanen (Thorbecke, Piter Jelles, Piter Sipma as mentor en, frjemd genôch, nomen nescio as lieder fan de Jongfriezen). Dêrby bislagge dizze 659 siden printwurk ek ierdrykskundich gâns in krite: dêr't mar Friezen sykhelje tusken Skerpensyl en Peazens, wurde wy ek hinnelaet as de skriuwer dat nedich achtet. Ek hjir docht bliken hoe tige | |
[pagina 84]
| |
consciëntieus as Wiersma stribbe hat nei in totaliteit, syn earmen oeral útslein hat hwer't er dy totaliteit mar bineikomme koe. De gefolgen lykwols fan dit wiidfiemjend doel lizze tige foar de hân. Men moat al in seldsum synthetyske eachweiding ha, as men dit hiele hear (en ‘fear’!) oanhâldend en sûnder forslopping fan de spanning oersjen en bihearskje wol. De Balzac forstie dy kunst fan ‘massaregy’, en Vestdijk, b.g. yn syn ‘Vijfde zegel’. Wiersma hat de saek net oeral likegoed yn 'e hân. Men hat oanienwei it fielen dat er ‘regy’ útoefenje moat, en dat er to folle toutsjes yn 'e hannen hat om se allegear fan rjochten bitsjinje to kinnen. De totaliteit is wolris to folle détaillearre om totaliteit bliuwe to kinnen. It wêzen fan de epyk is de macht om it forhael wikseljend op to driuwen of to forstadigjen, ljochtbanen to smiten op guon détails en oare yn in twiljocht to litten, aksinten to lizzen en oare plakken ôf to dimjen. Wiersma is der op út om alles to biljochtsjen mei it skynfet fan syn histoaryske forantwurdlikheit, en sa wurdt er mannich kear de slaef fan syn skema, de slaef ek, soe men sizze kinne, fan syn kaertsysteem. De oardering dêrtroch floeit net, bloeit net fanselssprekkend út de situaesjes op. Algeduerigen sjocht men de skriuwer sels persoanlik yngripen, mei de hân lyk as in poppekastbaes in taest dwaen nei in toutsje dat út 'e kleaune loswuolle wurde moat. Mannich kear moat der fan boppen ôf immen yn it spoar brocht of hâlden wurde, yn it spoar dat skriuwers opset him wiisde. En hjir komme wy eins op it probleem dat dit boek bihearsket.
Nea is my by in boek fan histoaryske ynhâld dat probleem sa tige opfallen as hjirre; it is in probleem | |
[pagina 85]
| |
fan philosofyske alluere hast, dêr't elke histoaryske roman algeduerigen wer mei tangele sit, it minst, al mei it nuver lykje, de histoaryske roman à la Van Lennep, dêr't it om de avontûren giet: it biswier dat de skriuwer út syn skiedkundige stúdzje al skoan wit hwer't er hinne moat, omt er ienfâldich in trie hoecht to folgjen en ús nou oannimlik to meitsjen hat, dat de histoarje dy trie ek ‘folge’ hat, wylst de histoarje dy trie krekt ‘spoun’ hat. Elk ‘folgjen’ fan in histoarysk barren bitsjut dus jimmer wer: geweltdwaen oan de histoarje, omt de histoarje altyd ‘histoarje’ bliuwt en nea it libben sels wurde sil. En nou kin men om dat ûngemak wol fleurich hinneskriuwe en krekt dwaen as is der neat to rêdden, en ornaris priuwt de lêzer dan neat en seit foldien: ‘Sa hat it west, dat wist ik noch wol fan de skiednisles’. Men kin ek bisykje yn it histoarysk ramt it risiko sa lyts mooglik, dat wol eins sizze: op elts punt fan it forhael it ‘risiko’ sa great mooglik to meitsjen, lykwols, mar hiel komselden sil it slagje en hâld de skiednis op elts willekeurich stuit ‘iepen’. Sjoch mar ris hoe komselden as de helten fan in skiedforhael ‘forheard’ steane oer de gong fan saken en der har fornuvering oer útsprekke, dat it krekt sà giet en net oars. De skriuwer is twongen om brûkme to meitsjen fan in deterministyske opset, dy't de skiednis net (alteast, theologyske biperking, net foar de minske sichtber en neigeanber) brûkt hat. De skiedskriuwer sjocht altyd fan efteren tsjin 'e feiten oan, en sjocht dêrom de feiten wol dúdliker en mear yn har forbân, mar hy mist de visy fan de tiidgenoat dy tsjin dy feiten oanseach as tsjin in berch dy't him net iepenje woe. De skiednis sels stiet, kânsbirekkening en wierskynlikheit ta spyt, alle mominten op in krúswei. Mar de histoarjeskriuwende romancier wit op elts stuit fan | |
[pagina 86]
| |
syn forhael al fan to foaren (winliken: fan to efteren) hokker wei dy histoarje ... keazen hàt. Ek Wiersma is, wol my oan, wolris biwust of ûnbiwust, yn dit probleem stykjen bleaun: syn boek draecht der de spoaren fan. Net salyk oan 'e oerflakte, hwant de skriuwer hat genôch war dien om neist de ups ek iderkear wer de downs nei foaren to skouwen. Mar wol mear ynwindich, yn de ûnderstreamen fan it forhael (better kin 'k it net oantsjutte) is it to merkbiten, binammen dêr't it skema troch de foarfallen hinnepylket, en yn de psychology fan de haedpersoanen komt it sa nou en dan oan 'e oerflakte. Hwant dizze persoanen steane foar in great part yn tsjinst fan it skema, en omt dit skema in ûntwikkeling folget fan - nei +, ûntkomme ek fakentiden de persoanen dêr net oan. Sa is der b.g. yn it hiele boek net in persoan sa kwea en sa'n skurk of syn wei laet by einsluten ta in formoedsoening. Sels Koop de Weert, de greate fortsjintwurdiger fan it ‘kwea’ (t.w. de partikuliere suvelmakkerij), de man fan de bûterforfalsking - persoan dy't in ôfsûnderlike roman wurdich west hie - stjert net sûnderdat er de wei nei in geastlike katharsis in stikhinne fynt: syn libben kriget in ôfsluting dy't mei it skema gjin dissonant foarmet. It is, as wol Wiersma ús by gjinien fan de minder gunstige persoanen yn 't ûnwisse litte oangeande har fruchtberheit foar it ‘meielkoar-ien’, en dus oangeande it ‘goede yn de minske dat altyd de oerhân kriget’. Sahwat alle spytgnyskjende en lekskoaijerige boeren fan it partikuliere fabryk sakje hjoed of moarn troch de koer en wurde warbere striders foar it ‘mei-inoar-ien’. Berendina, Heabele Kooistra, Jinke Bontjema, Agaath Bolling, Karst Wilco Epema, hja allegearre kinne mei forrin fan siden de holle dellizze sûnder freze foar in al to iepene ein. En | |
[pagina 87]
| |
ornaris is der wol in ‘forsêftsjende omstannichheit’ dy't ús mei de lju formoedsoenje moat. Sa fynt Koop de Weert Dokkum werom en wurdt him op side 488 sels de himel tasein. Karst Wilco mei wêze dy't er is, in slûchslimme diplomaet en minder, ‘mar yn syn hert siet in earlik hoekje - dat wie it Fryske hoekje’ (s. 550) en dêrmei forfollet er, hoewol gjin suvelman, dochs syn rol yn it skema: de koöperaesje is Frysk - en hwat Frysk is is goed, en sa kin Karst Wilco in potsje brekke. En dat er hommels weiwurdt yn in society-houlik, liket ús earder in forsom ta fan 'e skriuwer as in oantsjutting dat er oan syn ein ta in negativen bliuwe moat. Ik wol hjir net mei sizze, dat soksoarte fan bikearingen ta de deugd net bisteane of a priori yn in boek ôfwiisd wurde moatte. Earder is it sa, dat Wiersma it probleem fan ‘goed’ en ‘kwea’ to folle út syn skema wei bisjocht, it skema dat men sahwat lykstelle mei mei it histoarysk skema fan it ‘mei-inoar-ien’, dat einigje MOAT yn ien great machtich slútakkoart sûnder dissonanten. Hepke Wassenaer, in rûge Bilboerssoan, dy't syn heil fynt by it spekulative fabryk en dus qua talis skriuwers fijân wurde moat, bisiket er dochs tsjin 'e klippen oan in ridlik goed minske fan to meitsjen, mar ien dy tafallich blyn is foar it heil. Safolle muoite wiist op in kwea gewisse. Dochs doar Wiersma, en dat stiet him to priizgjen, de tragyk wol oan. Master Metske is ien fan de figueren dy't ús it langst en it skerpst bybliuwe, syn lijensgong wurdt mei skerpe linen en tige oertsjûgjend foar ús delset - hjir is Wiersma op syn bêsten. En dochs fynt ek dizze master Metske syn plak yn it mei-inoar-ien. Syn bodzjen set frucht en dat formoedsoenet de lêzer mei syn tragyk en syn drôvige útein. Mar hwerom | |
[pagina 88]
| |
koe dizze Master Metske it net sûnder it mei-inoar-ien ôf? Syn trageedzje wie der grif navranter en pinigjender fan wurden, en hy hie yn it boek krekt likegoed syn plak fine kind, ja sels better, as wy him net algeduerigen yn it skema riuwe moatten hiene: de histoarje hie krekt yn dizze Master Metske ‘iepen’ wêze kind, lyk as it libben iepen is. Mar Wiersma lûkt hjir oan it toutsje en Master Metske paradearret yn it koöperaesje-stokramt. Hjir hat in doel stien, dat it libben yn wierheit nea hawn hawwe kin. Dit gemis oan ‘roman fleuve’ lit him iderkear mear fiele al neigeraden dat it boek eint. De opset bringt mei: as doel de explosy fan 1940. Men forwachtet dan ek mei alle rjocht in explosy. Ynpleats dêrfan in sykjen om de ein, in pear stylblomkes oer it munster ‘oarloch’, in pear susterkes. 1940 is in einpunt, mar ek in bigjinpunt, tagelyk alles en tagelyk neat dus. En dat makket it boek ús net dúdlik. It is sahwat as waeit yn 1940 de skiednis út. It libben floeit - en yn dit boek makket it de yndruk fan in rivier dy't de forkearde kant út streamt, dy't great en machtich syn oanrin nimt, him dan geandewei forspriedt en fortakket en him forliest yn it neat. De greate epyske alluere, dy't it boek (útsein dêr't de leafde oan it wurd is) yn it bigjin hat, wurdt hwat langer hwat mear toskuord, tospjalten, tobroazele, falt útinoar yn fragminten dy't mei gewelt by elkoar twongen wurde. Alles dêr't Wiersma ienris oan bigjint, moat fuortset en foleinge wurde. Iderkear wer moetsje wy yn it boek persoanen dy't ús al lang forgetten wiene, en dat jildt binammen foar de goede, de positive karakters. Hwat ik yn 'e oanrin fan dit boek oer it ‘goede’ boek sein haw, jildt dikmels ek foar de ‘goede’ minsken. Hja moatte al bûtenwenstige goed wêze, wol men oer har pratende | |
[pagina 89]
| |
bliuwe. Djurre Deddes, Dedde Djurres, wis, hja binne warbere, stege, hoekhâldende boeren, mei iepen each en kleare kop, dy't foleingje hwat hja bigjinne, lokkich yn libben en bidriuw, dreech yn tsjinstuiten. Mar krekt dêrtroch is der oan harren neat to ‘toarnen’, binne hja neat as wurdearbere mar ‘starre’ pylders dy't it mei-inoar-ien drage moatte, en it skema opfolje en dus oan de toutsjes biweegd wurde: hja binne ûnderwurpen oan de regy en kinne dus oars neat as rêstich de hollen dellizze ûnder it teken fan it mei-inoar-ien. Itselde jildt foar Mark Jongema, dy't fortarber is yn de leafdeskiednis mei Etke Hiddema, mar net mear to genietsjen op syn krústocht foar de koöperaesje, dêr't er wer oan 'e liedbân fan it skema rint. Fansels binne dit biswieren dy't it iene mear, it oare minder, gearhingje net mei in specifyk tokoart fan Wiersma as romanskriuwer salyk, mar mei de boppebiskreaune foarm fan selsbidroch dy't elk histoarjeskriuwen by skriuwer en lêzer meibringt. Ik wol se dan foar in great part ek jerne falle litte, omt it probleem op 'en nausten gearhinget mei de ûnfolsleinens, it breklik assimilaesjeformogen fan de minskene geast, eat dêr't men Wiersma net skuldich oan stelle kin. It giet hjir dan ek mear om it probleem, it principe as om de krityk as sadanich. | |
II.Myn greate biswieren tsjin it boek jilde net de opset, de ‘regy’ fan it boek, mar de styl, de persoanlike, nei binnen ta kearde nuancearring fan dy regy, de wize hwerop as Wiersma syn opset yn tael reälisearre hat. In epyske styl hat Wiersma sûnder mis nei stribbe. De earste haedstikken jowe ek yndie sa nou en dan dy | |
[pagina 90]
| |
epyske styl sa't hja wêze wold hie. Mar iderkear mear, al neigeraden dat er syn forhael mear forspriede, mear détaillearje moat, wurdt dy styl ta in omslachtich, barok, idioomswier produkt, yn pleats fan de nochteren, droege (byneed kronyk-eftige) konstatearring dy't in roman as dizze sa brea-nedich hat. Hwat langer hwat mear liket my de styl fan de lettere Van Schendel it ideäel ta foar de histoaryske roman. Nedich is in plastyske soberheit sa ‘ynkringend’, dat ik liket as is de tael net mear as in sigentsje oer de situaesje hinne. Men kin dêr tsjin ynlizze, dat de styl b.g. fan Van Schendel syn ‘Waterman’ yn striid is mei de litteraire styl fan de tiid dy't it boek biskriuwt. Yndie, as men sjocht nei de steatlike rhetoryk fan Van der Palm en dy. Mar net yn striid mei de styl fan de minske fan dy tiid en yn dy situaesje. De fout fan Wiersma, liket my ta, is dat er de âlderwetske blomrike, idioomswiere omslachtichheit yn oerienstimming achtet mei de tiid dy't er biskriuwt, mei de sfear. De affekten ûntlade har by him faek net mear yn de situaesje, yn de sfear dy't de tael oproppe moat (de sfear ropt net as fansels de tael op, mar de tael moat de sfear oproppe) - mar yn de oerflakte fan it wurd, yn in foarm fan wurdkunst dy't, it oerlevere Fryske taeleigen brûkend en usurpearjend yn uterste konsekwinsje, suggestjes jaen moat oangeande de tiidssfear fan biskriuwen. De taek fan de skriuwer is lykwols, krekt to dwaen as brûkt er gjin tael, mar minsklike essinsje dy't fan skriuwer op lêzer oerstoart wurde moat. It hat der alle skyn fan as hat men hjir mei in biwust, doktrinair trochfierd procédé to dwaen, dat oanleard wurden is. Hwat Wiersma op side 190 (noat) seit fan Jonker Fons, slacht pynlik op himsels werom: ‘Hy hie moai grif de earste printinge fan de Rimen en Teltsjes fan de Halbertsma's goed | |
[pagina 91]
| |
trochnoaske’. En faeks ek it wurdboek fan Waling Dykstra en dy, soene men der oan tafoegje wolle... It Fryske boere-idioom is op dit boek as in tsjûke laech smarsel delslein, wylst it yn de epyske styl miskien net alhiel, mar dochs foar in great part mist wurde koe. Men kin sizze, dat de ‘tiid’ him sa utere hat, en sûnder mis hawwe Waling Dykstra en har dit idioom net út 'e tûme sûgd. Mar dêrom krekt moat men der yn 'e litteratuer sa hoeden mei omspringe. Hwant de skriuwers dy't yn diztiden sa rij har idioom oer har blêdsiden struije, forriede dêrmei faek, dat hja neist harren in dongwein stean ha, dêr't men it mar fan hoecht ôf to smiten. Mar lyk as de groun de dong fortart, sa moatte dy blêdsiden ek it idioom fortarre. Mei oare wurden: it idioom moat pleatst wurde yn de situaesje dêr't it ûnmerkber yn opsûgd wurde kin. Mar hjir springt it der algeduerigen út omheech, it fortart net, mar bliuwt lizzen, de groun wol it net nimme. Hjir is it in uterlik middeltsje om de tael en dus it boek sa Frysk, d.i. ornaris: sa ûnhollânsk mooglik to meitsjen.
Wiersma troppet mei in soarte fan koppige systematyk syn boek as in woarst fol swierladen idioomwurden, yn 'e forhopinge dat dat guod dat er (op 'e dyk? of op 'e bibliotheek?) fynt op 'e slach goud wurdt. It is in illusy dy't men mei in pear foarbylden, liket my ta, forsteure kin: ‘hy stie der mei in hâlding as in bosk woartels’ (593); ‘grimmitich seach hja him oan en turve him mei de palm fan har hân tsjin syn tût dat it lille’ (558); ‘De measten fan dat nije slach boeren hienen fan it wyldfraechstik krekt safolle weet as de kat fan pianospyljen; hja wienen fan datoangeande sa ûnwittend as in kofje-ingeltsje’ (585); ‘Karst Wilco wie al gau bikommen fan dat hoalle- | |
[pagina 92]
| |
foaljen yn 'e snaebsnobbersfinne. Doe't hy de roesdodde út hie...’ (612). De spanning fan it forhael ûntlaedt him hjir yn idioomplofferkes, knaleffekten dy't by de epyk lânsrûtse. Slimmer jitte as dizze idioom-goarre binne de stylblomkes dy't it forhael nei boppen forsiere moatte. Wiersma syn stylflinter floddert op syn 19de ieusk (à la Wallis, soe men hast sizze!) fleurich fan it iene blomke nei it oare en sûcht oeral poëtyske huning út, en dat mids in kronyk fan Frysk maetskiplik libben dêr't de tragyk lang net frjemd oan is, dêr't in lyts folk wrakselet om in lyts plakje op 'e ierdboaijem. Wiersma syn epyske styl hat der sa'n hantsje fan om mei tearhertich gewelt poëtysk wêze to wollen, mar dan poëtysk neffens it poëzy-album. Foarbylden foar it opskeppen, ik wol der mar in mannich fan oanhelje. Master Metske skript ‘as in tûke skroar om de winkelheak yn 't pakje fan 't mei-inoar-ien ticht to naeijen mei nudle en tried’ (503); ‘In skoander blomke krige it bloeijende drake-sied yn in nij geil gewaechs: it gilde fan de O.W.-ërs (526). De Fredesingel har ‘sêfte hân striek oer 't antlit fan de minskheit en naem de ûnhjirmlike pine en kramp út de herten fan de foltsen wei’ (537). ‘O, hwat gyng it blomke fan 'e hope yn dat jongfammehert wiid iepen!’ (540); ‘De tael fan dat gouden sustershert wie de sulveren rânne om de wolken fan syn smert en wé’ (560). ‘Op ferwielen soallen tripke de jonge maitiid oer 't fjild en wuolle de wynsels, dy't de groeikrêft skutten, los’ (570); ‘Mar de libbenssé hie foar Jinke hwat yn 't fet; de stoarmen kamen - it séskip dounse as in heinebal op 'e oerstjûre weagen, nouris mei syn stjûne djip yn 't siedende pikelsop weisinkend, dan wer omheechrizend - wrakseljend en stinnend as in woune dier, kroep it troch it | |
[pagina 93]
| |
woelwiet, en nea woe it bûtsend gewelt oan syn flanken bidarje. Skipbrek hie har lot west ...’ (607-608); ‘Natûre hie dizze faem in forliedlik moai stal en in seldsum moaije sjongstimme jown’ (606 - oer Agaath Bolling); ‘Mem Natûre hie har, boppe it moai fan liif en lea, útrist mei in gouden sjongstim’ (638 - oer Agaath Bolling); ‘Master Tiid liet de draek wer ris bernje; en it jong dat harke nei de namme Crisis’ (619); ‘moer Crisis bigoun op 'e nij to bernjen en dy drakekealtsjes neamde men ‘Crisiszuivelwet’ - ‘Crisiszuivelcentrale’ - ‘Landbouwcrisiswet’ (in trijling mar leafst, en 2 siden nei't Master Tiid de jonge mem út in draek bernje litten hie; 621). Bihalven it bernjen fan draken en munsters, de freonskip mei master Tiid, moer Crisis, Mem Natûre, God Mars, Aurora en folle net genôch bistruit Wiersma syn forhael tige rij mei it nedige pypkaniel oer rizenbrij, grôt mei krôdde, prûm-en-bôlle ensafh. It mei de lêzer nei dit alles dúdlik wurde hoe't dit boek in mozaykwurk fan heal- en hiel-idiomatyske en eigenliende stylblomkes is. Mei opsetsin haw ik de foarbylden naem út it lêste stik, dat de skiednis biskriuwt sa likernôch fan '14 ôf, doe't Master Tiid oars ûnder Waling Dykstra syn idioomfandeling al in fikse opromming hâlden hie. It biwiist fierders in soarte fan krampeftige ûnmacht dat Wiersma syn tinzen oer wrâlds birin, oer de gong fan de maetskippij, oer it wjerfarren fan syn sielen, net oars yn wurden staljaen kin as troch de wei fan allegoryen, abstrakjes, persoanifikaesjes, klisjémetafoaren. It biwiist in ûnmacht oer it libben, as men net de dingen sels forantwurdlik stelle kin, mar foar de oarsaek jimmeroan de ien of oare litteraire omwei siket, dy't bytiden de wet fan de causaliteit op punten slacht. Dit stylprocédé is troch ende | |
[pagina 94]
| |
wer troch âlderwetsk, it skynt út 'en smoutens, it draeit om 'e dingen hinne, ûntwykt de essinsje en jowt iderkear wer in aesthetyske draei oan de swiere wurklikheit, dy't gjin aestheterigens en moaiskriuwerij forneare kin. Dizze indirekte methoade, faeks ornearre om de lêzer mei in heap saeklikheden to formoedsoenjen, makket it boek ta in twaslachtich produkt dêr't iderkear twa dingen op elkoar botse: de nochteren reäliteit en de blomkebarok dêr't dy yn klaeid wurdt. En dit stylmisforstân is wichtiger as men op 't earste each sizze soe, hwant it is in ... misforstân. Noch altyd is de styl de man, neffens in itige definysje, mar dizze styl is de man net, dizze styl forskûlet de man, makket him ta in buorltsjebliezer út sjipsop. Nou is sjipsop in tige saeklike en nuttige fochte út in each fan lichemshygiëne. Mar Wiersma brûkt syn sjipsop, bihalven foar it skjinwaskjen fan in stik skiednis, dat syn taek wie, ek noch foar it bliezen fan moaije buorlen dy't út de reäliteit opstige as stikken bernedream en ûnwurklikheit, - dêr't er it rjocht net ta hat. Dêrom achtsje ik dizze styl net allinne ûngaedlik foar, mar yn striid mei it doel dat steld waerd. Dit boek is, ik sei it yn 't bigjin al, stilearre. Ta dy moaije buorlen boppedat rekkenje ik de âlderwetske printen dy't C. Jetzes foar it boek makke hat. Hja hawwe soms de charme fan de ûnwennnigens fan it forline, mar jowe tagelyk de yndruk fan reafalligens troch oppoetsen mei gâns pompswetter en griene sjippe. En dat der him efter dit rounwangige, bi-earizere en bi-kalkenpipe oantlit fan Fryslân in brok hurde wurklikheit, tragyk somtiden, forskûlet, dat Wiersma wol oantsjut, al moat der by sein wurde dat er yn it soasjalisme net folle oars liket to sjen as in rankunelear tsjin de allinne sillichmeitsjende boeremaetskippij, | |
[pagina 95]
| |
- dat liket Jetzes alhiel net bifette to hawwen. De arke fan Brandt en Berendina faeks? Mar ek dy wurdt ta in ‘gefal’ makke, troch it pôtleegjen. Ek út Jetzes syn printen docht it bliken: by einsluten is ‘Aldfaers Groun’ in boereboek. Op himsels is dêr neat tsjin. Mar dizze boeren binne my to reawangich en to folle bidutsen en bistruid mei blommekrânsen. Ik haw my de Fryske boeren altyd oars foarsteld. |
|