| |
| |
| |
Reinder Brolsma,
skriuwer fan in yllusy
R. Brolsma: ‘It Heechhôf’. Fyfte printinge. Deselde: ‘It Aldlân’. Fjirde printinge. Deselde: ‘Richt’. Fryske Bibleteek nû. XLIII.
Brandenburgh, Snits 1947.
It mei miskien hwat in ûnforwachte en net bot tapaslike formule lykje foar it wurk fan in skriuwer dy't sa tige syn siel en sillichheit forkoft hat oan de wurklikheit, dy't sa tige it libben fan it Fryske boerelân, fan de boer, de arbeider, de doarpsminske en de lytse stedtsjer yn syn litteratuer forarbeidet, dy't it sa tige oanhâldt op it biskriuwen fan de hurde reäliteit fan har dy't oanwiisd binne op 'e striid mei de groun.
En dochs: de skriuwer fan in yllusy. De yllusy fan in forboun tusken groun en minske, de yllusy fan in Fryslân dat forlern gien is of alteast op forlern gean stiet, net allinne ekonomysk, mar ek kultureel en ideëel. Brolsma bisiket dy forgiene of forgeande wurklikheit fêst to hâlden, fêst to lizzen, by wize fan dokumintaesje fan in weardefol en soms jitte neifolgensweardich forline. Sadwaende is syn wurk de wjerslach fan in yllusy, fan in forlerne dream: it Fryslân fan pake en beppe, en fan ús âlden ek noch. Hwant sterk libbet by Brolsma it gefoel foar generaesjes, it sprekt hast út al syn romans en forhalen. It is in typyske eigenaerdichheit dy't men fynt by de reälisten en naturalisten fan 'e famylje- en boereroman.
Nou is der de lêste tiid yn Fryslân fan guon kritici folle mins sein oer de boereroman. Hja sprieken en sprekke fan in oerstallich genre, in genre dat gjin
| |
| |
perspektyf mear hat, en dat yn syn oarspronklike greatens en suverheit oantaest wurdt fan ûnbikwame epigonen, dy't it boerelibben forromantisearje, de psychology fortuteazje litte en in rûch omskot fan libben jowe sûnder djipper ûndertoan en ynhâld - dy't boppedat Fryslân litterair isolearje, yn in tiid dat it him net isolearje kin en mei. It is allegearre wier: de boereroman, goed of net goed, is mar in genre ûnder folle oare genres, en it mei dan yn Fryslân yn 't bisûnder hiem wêze, dêr't it ûntbrekken fan in soune Fryske stêdskultuer him alle dagen jammerdearliker fiele lit, - dat seit noch net dat in Fryske litteratuer, sels in Fryske folkslektuer, gjin oare kânsen ha soe as troch de wei fan elkoar narjende, greatske en stiifkoppige Fryske boerefamyljes. Mar ek dit is wis: der skûlet yn dit forsmitend oardiel bihalven in fiks poarsje taktykút-ideälisme, ek in gefaer foar generalisearjen. It wol my oan, dat in skriuwer as Brolsma maklik slachtoffer wurdt fan sok generalisearjen. En faeks is er it al wurden. Dêrom is it faeks tsjinstich effen yn it sin to bringen dat Reinder Brolsma, men mei dan oer syn skriuwerskwaliteiten tinke sa't men wol, dochs mar de man is dy't dit genre foar 't earst yn Fryslân bioefene hat. In skriuwer as dizze, mei in steat fan tsjinst en in foar Fryske forhâldingen seldsume lange list fan wurken, makket men jin net fan ôf mei in litteraire leuze, hoe rjochtfeardich dy wêze mei yn biskate omstandichheden. Brolsma skreau Fryske romans yn in tiid dat der bynei nimmen wie dy't soks oankoe en oandoarst, yn in tiid ek dat men it om 'e sinten better litte koe. En it mei dan wier wêze dat syn genre yn hannen fan in steltsje domme en op guodkeape sentiminten figelearjende neifolgers, langer sels gjin ynfektiven mear wurdich is, dat mei ús net wjerhâlde ús hulde to brin- | |
| |
gen oan dyjingen dy't Fryslân in eigen, wie it yn earsten jit biheinde, romankunst jown ha. Der hat in tiid west dat Fryslân yn de twa of trije jier ien roman forskinen seach, dy't net fierder kaem as in biskate rounte fan biwûnderjende insiders, dy't forduldich twa of trije jier útseagen nei in folgjenden. Dat wie de tiid fan Simke Kloosterman en Reinder Brolsma. Der is in oare tiid kaem, en de roman-printwurkjes flodderje hjoed de dei winkel yn winkel út, húskeamer yn húskeamer út, geasten yn geasten út. Faeks moatte wy tankber wêze foar dizze yndustry (de moderne tiid freget nou ienris yndustrialisaesje), en de boekeyndustry wiist yn alle gefallen sa net op in ryk litterair libben, dan tominsten op it oanwaechsend forlet fan lektuer yn 'e eigen tael. Mar klearebare winst is it net, en soms kin men redeleas ûnwennich wêze fan dy goede âlde tiid, doe't elk fan dy romans in evenemint bitsjutte foar de leafhawwers en doe't men jin oan de dierbere yllusy noch bidrinke koe, sûnder gefaer fan universele dronkenskip.
De yllusy fan Fryslân, nimmen hat dy mei mear trou en mear soarch ûnder wurden brocht as Reinder Brolsma. Nimmen ek hat lyk as hy wraksele mei dizze yllusy. En nimmen is der as hy it slachtoffer fan wurden. As de moderne Fryske boereromanprodukten by foarrie ta weismiten keard binne, leit him dat oan in tokoart oan talint, yntelliginsje en originelens. As dy fan Brolsma har oandiel krije yn sa'n algemiene foroardieling, dan leit it him oan de tragyk fan 'e oanfretten yllusy. Dêr't syn wurklikheit en syn yllusy jitte oer elkoar hinne falle (de wurklikheit fan de greate Fryske boer dy't syn gerjochtichheit biheart en bihearsket as in kening, en fan de lytse boer, dy't himsels wrottend en wramend ûndergean fielt yn 'e draeikolk fan 'e maetskippij - de yllusy dat dat sa heart ienfâldich omt
| |
| |
Fryslân Fryslân is), - dêr't dy twa jit oer elkoar hinne falle, is Brolsma syn skriuwerskip op syn bêsten. Dêr wit Brolsma út syn gegeven alles to heljen dat der mar oan wurklikheit èn yllusy yn to finen is, dêr komt er ta in treflike synthese. Wy sjogge it oan syn earste roman ‘It Heechhôf’, dy't (on revient toujours à ses premiers amours) nou ta in trilogy útdijd is. Dêr't wurklikheit en yllusy út elkoar reitsje, dêr't har tusken de âlde yllusy en de âlde wurklikheit in nije wurklikheit en in nije yllusy skouwe, dêr ûntkomt ek syn skriuwerskip net oan 'e spjalting en de ûntbining - wy sjogge it oan it lêste diel fan de trilogy, dat koartlyn ûnder de symptomatyske namme ‘Richt’ it ljocht seach. Hwat yn it ‘Heechhôf’ noch ûnoantaestber as yllusy oanwêzich is: dit is Fryslân en dat kin net oars noch mei net oars, falt yn it lêste diel oan in nije, skytskoarjend ynhelle en bigroete wurklikheit ta bút, sûnder in nije yllusy fine to kinnen. Bokke en Richt meije dan yn in opgeande tiid en troch fûleindich hoekhâlden de skonken ûnder 't gat krije en op in gloriëuze autotocht troch Fryslân en by de âlde plakjes fan eartiids lâns har forline foargoed fan harren ôfsette troch it yn har to fortarren, djip yn ús forsette wy ús tsjin dit happy end fan 'e nije wurklikheit dy't yn dizze auto symbolisearre wurdt, omt wy der gjin nije yllusy yn priuwe.
Dit allegear op himsels wol utersté net sizze dat de lêste roman minder yn kwaliteit wêze moast as de earste, allinnich dat dy lêste minder oertsjûget, minder meinimt neigeraden hja it mear ha moat fan de âlde plakjes fan eartiids, neigeraden hja har mear fêstklamme moat oan de âlde yllusy. Yn ‘It Heechhôf’ is dy âlde yllusy oanwêzich en wurdt hja net oantaest fan 'e aktualiteit. It ‘Heechhôf’, it útsloerde stjelpke dêr't
| |
| |
Jan en Folkje mei de bern har heukerich en dochs net mislearre libben fuortsette, is foar ús fielen net boud, mar hat der altyd west, is it symboal fan in forline dat it hjoed trochkringt mei in ûneinige leafde en tagedienens. It boek dat om dat heukerich bistean mei syn lytse freugden en by einsluten ek lytse rampen hinneboud is, jowt in synthese dy't fan gjin inkelde aktualiteit, hoe ticht it boek ek oan dy aktualiteit takomt, oanfretten wurdt. De wurklikheit is hjir de yllusy sels. It ûngelok is it gelok sels. Dat is de greatens fan dit boek en teffens syn biheindens. De irony is hjir noch gjin helpmiddel foar de oanwinnende twivel oangeande de yllusy, lyk as yn it lettere wurk. Der is Brolsma wolris forwiten dat hy to folle ôfstân nimme soe ta syn persoanen en objekten, dat er alles to folle sjen soe mei in min of mear koele, reservearre irony, lyk as de Kleinmalerei dat plichtet to dwaen. Nou is it ironyske elemint goedbisjoen mar swak yn dit wurk, en it ôfstânnimmen in fiksje yn 'e mûle fan harren dy't der op út wolle dat in skriuwer lûdop mei syn sujetten lykop frije, skrieme en balte moat. As Brolsma ûntwykt yn 'e irony en distânsje nimt, mei men dat net op rekken skriuwe fan in to min oan leafde en tagedienens, fan in to min oan ynwindige dielnimming, mar fan stadich oanwinnende reserve foar de yllusy oer. Brolsma, binammen yn syn letter wurk, wól leauwe oan de yllusy, hy kin sûnder dy yllusy syn skriuwerskip net reälisearje. En hy kin der dochs net alhiel oan leauwe, omdat ommers ien fan de gegevens fan syn wurk, de ekonomyske ûntbining fan de Fryske boerelân-yllusy, wiist op 'e ûnhâldberens fan it yllusoire aspekt.
As hy dan ek yn ‘It Aldlân’ en yn ‘Richt’ oanhâldt mei de ienris jowne situaesje Bokke-Richt, dan moat er òf himsels reorganisearje en de saek alhiel oars
| |
| |
oanpakke, òf hy moat, as er de kontinuïteit preferearret, foar in great part tarre op syn earder leauwe oan 'e yllusy. It wol my oan, dat wy dêr (en bileaven net út it feit dàt Brolsma syn earste roman twaris prolongearre) de relative efterútgong fan syn twa lêste romans út forklearje moatte.
Yn ‘It Aldlân’ al bigjint de yllusy ôf to broazeljen. Wy sjogge dat, as Brolsma just bisiket har to rêdden yn in epyk fan 'e greate line, dy't as in sydsprong yn it dizige to lânne komt. Brolsma hat him hjir stompskreaun op 'e daemoanyske figuer fan de manke dwerch Goffe Bleinsma, dy't in uterste konsepsje fan syn yllusy werjaen moat, mar as sadanich mislearre is: de heal-duvel heal-minske, dy't de jongtroude Richt en Bokke, moedsum wrottend en heisterjend op in útsloerd spul, swier ûnder de skulden, mei ta lêst de oanwêzichheit fan Richt har âlden, hast yn 'e bernskens, en as like swiere lêst de noaswize ôfwêzigens fan syn âlden, by einsluten, as er net yn steat is syn goede bidoelingen oannimlik to meitsjen, it bistean bidjert. Biwust hat Brolsma dizze dwerch Goffe Bleinsma in ‘twadde gesicht’ jaen wold, in tragyske kant, en it is treflik fan him sjoen, dat er dat liede lit ta in net to formoedsoenjen misforstân tusken him en Richt, in misforstân dat net allinnich Goffe' geastlike impotinsje, mar ek Richte geastlike biheindens illustrearret. Mar dat twadde gesicht fan Goffe Bleinsma kin net oertsjûgje, it misforstân dus likemin. Brolsma hat yn dizze Goffe Bleinsma neist de yllusy sketten en neist de wurklikheit. Hwant hwat yn ‘It Heechhôf’, dêr't de skriuwer him jitte fornoeget mei it forearme boerehúshâlden to biskriuwen en tsjin dy eftergroun binammen de figuer fan it Fryske fanke Richt mei har ienfâldige en ûnkomplisearre geast, har iepen rjochtutens en har
| |
| |
net botte problematyske leafden dy't eingje mei har weromkear nei de bitochtsume, suver gelearde, knoffelige, mar troch ende wer troch fromme en seriëuze Bokke Rintsjema - hwat yn dat forhael noch elemintair mei de situaesje en de yllusy gearhinget: it iderkear wer útgliden nei it algemiene, nei moralisearjende útspraken, nei de eftergroun fan de Fryske yllusy sels - datselde wrot yn ‘It Aldlân’ gedachteleas troch. Binammen dêrre hwer't it slachte fan de Bleinsma's op 't aljemint komt, de erflike hearskers oer in great part fan Fryslân. Hieltyd wer glydt Brolsma hjir út nei it mythyske, it algemiene, it kronykmjittige. Hy drukt him út yn legindaryske forfoarmingen en forgreatingen, dat men leauwe moat oan in skaei fan reuzen dy't sa út en troch op in sibbegearkomste de reek fan har ûnbidige sigaren troch de Walhalla-eftige opkeamer blieze en mei ien tear yn har swiere wynbrauwen kedize oer it wolwêzen fan hiele Fryslân. De yllusy forsânnet hjir yn 'e mythology.
En hwat Goffe Bleinsma yn it bisûnder oanbilanget: syn daemoanysk aerd èn syn optreden lizze net yn de situaesje bisletten as in sikebinimmende needsaek, of leaver: hja lizze yn in situaesje dy't litterair èn psychologysk sprutsen op dea spoar liedt. Under dizze omstannichheden bliuwe ek de typearringen swakker en ûnder hwat hja yn ‘It Heechhôf’ wiene. Yn dy earste roman wit Brolsma ús mei ien streek fan syn pinne in rake omskriuwing to jaen fan de âlde Jan Brúnja, it prototype fan de neatbidijende, mar aloan bodzjende lytse boer, en ús yn dy omskriuwing mei-iens de sfear fan it hiele boek oan to tsjutten:
‘Hy wie neat fûlder fan bistean as oare koumelkers, wol op 'e sint, hoewol 't er neat bidijde: yn syn eagen libbe de doffe glâns fan tsjerkereizgjende, leauwende minsken.’ ‘Dochs koed
| |
| |
er jit safolle wjukkelje, hy bleau op 't Heechhôf, yn namme in boerke; mar de hypteken leine der heech en breed op en woegen swier.’
En dêrtsjinoer de machteleaze biskriuwing út it twadde boek fan Goffe Bleinsma, de miswoechsen, mar almachtige dwerch:
‘Dêr stiet, op in lytse distânsje, in dûbeldliddige manspersoan, breed yn 'e skouders, heareboereftich klaeid, lyts postuer... Hy hat in pols tsjin it skouder hingjen - en hinget sels ek skean.
In lilke fûle dwerch liket it sa.’
Koartlyn forskynde it lêste diel fan de trilogy ûnder de titel ‘Richt’. Men kin jin ôffreegje oft it forstânnich wie ek dizze Richt, dy't as type dochs fier boppe de oaren stiet, neffens de titel paradearje to litten tusken al de Marijkes, Lutskes, Lysbeths en Hinkes dy't it tún fan de Fryske litteratuer fan oansjen noch al ientoanich meitsje. It wol my lykwols oan, dat foar Brolsma dizze titel net bitsjut it meidwaen oan en spyljen op in moade, mar earder in soarte fan program-motyf west hat. Yndie is en bliuwt Richt de haedpersoan fan it boek. En ek as troude frou bliuwt hja it golle, roune Fryske type dat hja yn ‘It Heechhôf’ wie. It blykt sels út it feit dat de tredde generaesje, har bern, yn dit boek amper oan it wurd komt. Brolsma hat binammen troch har fascinearre west, en ek yn dit tredde diel hat er dat yn syn titeljowing uterje wold.
Ut wraek om it misforstân hat Goffe it jongtroude pear fan de pleats fordriuwe litten. Hja bisykje har steande to hâlden op in bidriuwke fan buorkerij anneks winkel en moalhannel, in foroaring dêr't de oantaesting fan de yllusy op himsels al út sprekt. Hoefolle mear jit út de oanwinnende forboargerliking, dêr't Richt sels, mei har langstme nei stedske meubeltsjes, likemin oan ûntkomt as de widdou fan Johannes Liuwes. De milieubiskriuwingen binne hjir wer krekt
| |
| |
like raek as altyd yn Brolsma syn wurk. Men lêze mar ris de siden oer Bokke syn gunstforsykjen by de boeren lâns foar syn moalhannel. Ek de typearringen binne hjir en dêr neat ûnder it niveau fan earder, ek al bliuwt it feit bistean dat men yndie mear mei rake typearringen as mei psychologyske ûndergrounen en djipten to dwaen hat. Mar hoe oertsjûgjend dat wurkje kin, sjocht men bg. oan de folgjende passaezje (s. 18), dêr't âlde Folkje hommels yn har opteinens oer de nije takomstplannen opkeard wurdt:
‘Oant Folkje ynienen - by harsels - obserwearret dat der by Jehannes ek noch âlde boarch stean moat, mar mûlk sil dy mei al de reboelje net oan 't ljocht komme. It is al sa lang lyn, grif wol fiif, seis jier en winliks net mear as in pear tientsjes meiïnoar. Mar ja, wol sneu fansels as it aenstouns blike mocht út 'e boeken. Jehannes wie sa'n sekuertsje. Nou, hawar, byneed dan doarst hja de widdou ek noch wol forsprekke as it nypte, mar dy soe ek sa berneftich net wêze en waermje dat âlde stealtsje noch ris op. Minsken noch ta. Richt freget al:
‘Hwat is mem ynienen stil’.
Né, mar nou sit hja samar wer yn it petear, hwant winliks is hja ek fiersto optein dat Richt jitris sa skoan to plak komme sil.’
En dan is der de libbenens en rakens fan de petearen. Men moat dy mar ris forlykje mei it healbakken boekepraet fan ús nije Fryske romanprolurken, om to sjen hoe't Brolsma syn petearen út it folk grypt binne en om sa to sizzen tafallich yn in boek bilânne lykje.
It forbliuw op 'e Terpen blykt net foar de ivichheit to wêzen, en koart dêrnei sjogge wy hoe't hja nije kânsen sykje op in pleats earne yn it wetterlân, dêr't hja har likemin thúsfiele. Yn 't lêst dan kriget Bokke, wer earne oars, de wyn yn 'e seilen en giet it, troch yngripen fan in dûmny-lâneigner, full speed op 'e happy ending oan, mei in eigen auto en in earste priis op in bollekeuring.
Hjir iepenbierret him dan ek de swakke kant fan
| |
| |
it tredde diel fan de trilogy. Brolsma liket him to folle, mei 't each op syn ‘nije wurklikheit’, fan miet ôf oan rjochte to hawwen op dizze foar nokkerige lêzers bifredigjende ein, dy't dêrtroch forcearre liket en net wettige, net salyk yn ekonomyske as wol yn psychologyske sin. Dêr komt by, dat it kronykmjittige yn dizze roman soms wanstaltige foarmen oannimt. Yn syn flyt om ús fral de yllusy net ûntsnappe to litten, rûgelet de skriuwer bytiden in hiele lading plaknammen, hiele rigen lânsdouwen en geaën oer ús út, dy't yn biheind bistek wol hwat suggerearje kinne, binammen foar immen dy't mei de noardlike kriten fan Fryslân net alhiel ûnbikend is, mar dy't it boek hjir en dêr to ticht bringe by de journalistike reportaezje. Nearne komt dat sterker út as op 'e siden wijd oan de Alvestêddetocht, dy't better passe soene yn in artikelrige yn in krante of in reklameskrift foar Frjemdeforkear. En hoe tige as skriuwers nije yllusy fuortkomt út syn âlde, blykt dêrre hwer't er oan it útweidzjen slacht oer it bouwen fan in nij boerespul en dêrby folkloristysk-journalistyk forsuchtet: ‘Mar oer de skiednis fan it bouwen hat nea immen him bikroade en dat is dochs net sa't it heart. Dat is in gemis.’ Soksoarte healmoralisearjende meditaesjes (en men soe se by boskjes opskeppe kinne, en guods dy't ien of mear siden bislane) missteane yn in roman, sels yn ien dy't de yllusy fan âld-Fryslân foar de lêzer oproppe wol.
Mar tsjinoer dizze inkelde mislearre siden, dy't it boek hwat fragmintarysk en healslachtich meitsje, steane party dy't bihearre ta it bêste hwat Brolsma en hwat Fryske romanskriuwers yn 't algemien skreaun hawwe. Brolsma syn romans, en dat mei ek blike út dizze lêste, binne ‘streekromans’ yn de bêste sin fan it wurd.
|
|