| |
| |
| |
Revue fan lytse undeugden
Sj. van der Schaaf: ‘Abbingawâld’.
De Fryske Bibleteek, Brandenburgh, Snits 1947.
Sj. v.d. Schaaf syn doarpsroman hat sa't it liket yn 'e oarde dy't men sûnder folle harsentergjen mei ‘Abbingawâld’ identificearje kin noch al hwat lulke koppen makke. Hja lykje it dêr oan to sjen foar in immorele wraek op earsume boargers, in gekjeijen mei deaden en hillichheden, in smiten mei smoargens op lju dy't har net forwarre kinne, en dy't ek troch de bank neat ‘minder’ wêze sille as har buorman dy tafallich de douns ûntsprong. En yn it ljocht fan sok in reäksje hat men oanstriid en nim it foar it boek op tsjin alle dommens en leffens, dy't net yn 'e foarhâlden spegel sjen wolle, ek al witte hja dat har trekken dêrre formjukse binne mei dy fan har dominy, har skearbaes en har boargemaster. Fedde Schurer hat, sûnder nammen to neamen, mar foar de goede forsteander dúdlik, it boek yn in kronyk yn de Heerenv. Koerier yn biskerming naem en dêrby kaem de principiële fraech oan 'e oarder oft in skriuwer it rjocht hat om libbene figueren ta model to nimmen foar syn personaezjes. Men kin der lang en breed oer deliberearje, - de iene sil sizze dat in skriuwer genôch fantasij hawwe moat om syn persoanen sels to skeppen, de oare dat it ûnmooglik is sels minsken to skeppen, omdat in skriuwer altyd wurket mei psychologyske substraten of ‘gegevenheden’, dy't er op syn heechsten nei willekeur (foar safier't de psychologyske mooglikheden dat talitte, en syn minsken net in mozayk fan flokkende kleuren wurde) trochinoar
| |
| |
hellet en meielkoar forbynt. En dan de iene wer, dat dat sa wêze mei, mar dat men psychology net trochinoar tize mei mei uterlike heblikheden, en as men dat al dwaen wol, moat men yn alle gefallen jins foarbyld ûnkenber meitsje yn syn uterlike steat, om't dat earst in garânsje jaen kin foar skriuwers objektiviteit. En sa kin men trochgean, en sit men yn in eachopslach yn it probleem fan litteratuer en moraliteit.
Nou sille de opskrille boargers fan it earsume doarp dat him sa yn syn himd set fielde, oan dit litterair of, as de lêzer wol, dit moreel probleem wol net takaem wêze. Dat hja der yn alle gefallen net op in fatsoenlik niveau oer prate kinne, docht bliken út v. d. Schaaf syn roman, en dat it boek yn dit opsicht net sa fier misroait docht bliken út de reäksjes dêr't fan grute wurdt, en dy't fariearje tusken in boekhanneler, dy't yn steat fan alarm, omt er him fan boycot bidrige fielde, al syn Abbingawâlden út 'e útstalkast fannele, en de yn syn wjok sketten doarpsnotabele dy't briefkjendewei nei alle wynstreken syn wenplak fan dizze blaem bisocht to suverjen. Fansels wie der ek noch sa'n nustje dat it boek allinnich mar lies om út to fiskjen hwa't dy en dy nou krekt wie en dat sa en sa mar moai to kyk set wie.
Men soe tsjin sa'n jammerdearlik blyk fan earmoede winskje dat it boek fan v. d. Schaaf mear satyre wurden wie as it is, en ek yn oare opsichten mear in boek dat raek skeat.
Ien ding moat ik de forsleine en misledige boargers meistimme, en dat is de konstatearring dat it skriuwen fan dit boek foar v. d. Schaaf in soarte fan wraek west hat. Net salyk wraek op earsume en ek yndie ûnskuldige boargers A, B ensafh, dy't men har lytse ûndeugden minlike graech forjaen wol, mar wraek op in
| |
| |
milieu, op in geast, op in boargerdoarp, miskien sels wraek op eigen forline, op eigen jeugd. De toan fan dit boek forret hjir en dêr dy wrakseling om mei it forline yn 't lyk to kommen; it distantiearjen en it bisykjen boppe de stoffe to stean en der wiis om to glimkjen biwiist, dat de skriuwer der dochs noch net alhiel mei yn 't lyk is. En yn sa'n gefaerlik wriuwingsflak mislearret de humor wolris en skriuwt men by jins bidoelingen lâns. Yn safier dat men it boek sjen mei as wraek op eigen forline, kin men ek by v. d. Schaaf fan rankune sprekke, lyk as by syn boargers, mar dan is der altyd noch dit forskeel, dat v.d. Schaaf fan syn rankune in boek makke hat en de boargers ûnnoazele praetsjes, en foar de kultuer skeelt dat safolle dat it al wer spitich is, dat v. d. Schaaf syn boek net better wurden is as it is.
En sa bisjoen hat dizze wraek wol fortuten dien, mar op it forkearde punt. Hwant v. d. Schaaf en syn boargers binne gjin gelikense partûren. Men moat de skriuwer stelle tsjinoer in kompetint lêzer en net tsjinoer in lytsboarger mei lange teannen. En dan blykt it in wraek, dy't net forbiten en net neaken genôch is om ek de net-misledige by de kiel to gripen. It boek is net samar in grapke, skreaun út tiidfordriuw of forlet fan jild, en ek net in document humain: it bliuwt earne op healwei stykjen, omt v. d. Schaaf himsels to folle bûten skot hâldt en allinnich mar reporter fan in jier doarpslibben wurden is. Yn wêzen is hy to folle moralist-mei-in-glimke, stiet er to folle mei in meilydsume objektivens foar syn objekten oer. In goed moralist set himsels op it spul, ek al lit er himsels net troch syn boeken panderje, hy lit himsels meispylje sûnder him in rol to jaen, men priuwt oan him it aksint fan syn biwûndering, syn hoop, syn forbittering, syn toloar- | |
| |
stelling. En dit tokoart dat syn oerwinning wêze moast, mist men yn it boek fan v. d. Schaaf. Teffens is hy to folle de sekuere amtner dy't it waer, de lytse doarpsfiten, de revue fan lytse ûndeugden registrearret mei in iver en in precisens, in better saek wurdich. Hwant wylst it waer yn 'e humor en de charge forsûpe moatten hie, forsûpe de humor en de charge yn it waer; wylst de morael yn it fjochtsjen forsûpe moatten hie, forsûpt it fjochtsjen yn de morael.
Psychologysk jowt de skriuwer dan ek mear omskotten as lichems, mear klean as fleis en bonken. En al wit er dan mei in s.n. ‘fyn glimke’ soms ynsjoch to jaen yn de djipten fan de ‘siele’, foar it meastepart glydt hy by de tragyk fan it bistean lâns en bliuwt er hingjen yn it minne of it moaije waer dat de skearwinkel fan Dillema likegoed biroert as de Belvédère fan kastlein Jan Berga. Sels de wémoedige útein fan Sipke Lammers, baron Laerman en dominy Douwes Dekker, en de striid tusken orthodoxen en frijsinnigen om de macht yn 'e tsjerke forglide yn hwat in spjuchtige tragi-humor, dêr't men de tokoarten dúdlik fan fielt, as men effen tinkt oan de hertforskuorrenens dêr't in Willem Elsschot in soartgelikens ûnderwerp mei to liif gean kind hie. De satyre, de charge komt net út 'e ferve, it bliuwt allegear hwat hol en doelleas. Miskien hie de skriuwer foar dizze wraek-mei-in-laitsen-in-trien dit procédé fan journalistyk moralisme oan 'e oerflakte nedich, lyk as men ek ûnderstelle koe dat er dizze fragmintaryske komposysje, dy't fan it boek to folle in rige momintopnimmingen makket, mei soms aerdige kykjes, aerdige Perspektiven mei tsjinljocht, in treflike sfearbiskriuwing (it priissjitten, s. 43), mar dochs in los gehiel, sûnder goed forbân, sûnder ôfrouning, frijwillich keazen hat.
| |
| |
Mar ik leau earder dat it in kar út need west hat, omt wy hjir stuitsje op v. d. Schaaf syn grinzen. Hy kin net ta de greate visy komme, foar in panorama sit er to ticht op syn stoffe, foar de close up kin er der net ticht genôch by komme. En tusken dy beide bigrinzingen bliuwt syn roman hingjen.
Nou hat it boek syn sympathike trekken oan 'e selde omstannichheden to tankjen. Bg. dat it mei in lichte charme oer in heap dingen hinnehipt dy't foar in skriuwer fan mear ‘proporsjes’ as v. d. Schaaf gefaerlike oanliedingen ta melodramatyske spierforrekkingen en dérailleminten foarmje kind hiene. Fan Sipke Lammers bg., de tryste noat yn it boek, hie maklik in marteler wurde kind dêr't de sentimintelichheit mei kwitsen ôfdripte. Mar v. d. Schaaf syn ‘proporsjeleazens’ hat him dêrfan rêdden. Miskien is it ek yndie sa, dat v. d. Schaaf him dêrta to goed syn bigrinzingen biwust is, en dan is dizze lichte, oerflakkige irony faeks noch it bêste dêr't men mei wurkje kin.
Mar ek binnen dizze bigrinzingen: oan 'e iene kant net de greate visy, oan 'e oare kant net it minsklik close up, bliuwt it boek net op syn niveau, binne de mooglikheden net ta it uterste spand. De petearen b.g. binne gauris op 'e grins fan it banale, en net ienris nijsgjirrich, origineel of geastich. Ek de persoanen kin v. d. Schaaf net allegear oan. It dimmen masterke Walinga, dy't dòchs by einsluten wit hwat er wol, it Berga's folk mei har lek en brek, en party oaren krije as minsklike omskotten har gerak, mar de skilder Hoitema is net mear as in skema en ek mei Lamey bliuwt de skriuwer sitten as in ûnfortard brok. En krekt fan dizze persoan, mei de amper oan it ljocht kommende dokter de Leeuw de iennichste yn de hiele cercle dy't de saek trochhawwe
| |
| |
kind hie, en dy't men dêrom graech mei de skriuwer identificearje woe, hiene wy safolle mear forwachte. Mar Lamey wie in Hollanner, miskien dat dat de forklearring jowt....
In jier doarpskrante, mei it waerbirjocht yn greate koppen op 'e foarpagina, en binnenyn, freedsum neist hwat tsjerklik en gemeenteriedsnijs, de praetsjes en skandaeltsjes fan de buorren, en op 'e adfertinsjepagina sa nou en dan ien dy't it oerjown hat. Noch net dè Fryske doarpsroman. ‘Abbingawâld’ is it boek fan in skriuwer dy't net boppe ‘les qualités de ses défautes’ útkomt, mar dy't, as it my net mist, him dy bigrinzingen wol biwust is, en binnen dy bigrinzingen in licht fortarber en flot lêsber boek skreaun hat, dat in wraek wurde kind hie, mar net mear is as in kronyk fan lytse ûndeugden, en dus in wraek op healwei.
En tsjin de opsternate boargers fan ‘Abbingawâld’ soe men noch altyd sizze wolle: Wês bliid dat jimme komi-tragyk in biskriuwer foun hat dy't der noch safolle fan hiel liet. Mar dat is fansels al likemin in litterair argumint as de tokoartdienens fan de Abbinganezen.
|
|