| |
| |
| |
Roman fan
In amoureus misforstan
Y. Poortinga: ‘Elbrich’, earste diel.
Utj. Koster, Snits, s. j.
De tragyk fan de Fryske kritikus is, dat er mei twa fuotten yn ien hoas sit, dat er algeduerigen mei twa mjitten taepje moat. Syn kriteria lizze op twadderlei niveau. Fansels bistiet it probleem ek b.g. foar Hollân (Du Perron syn forachting foar de ‘leestrommel’), mar foar Fryslên is it navenant sterk, omt hjir eins allinnich de ‘leestrommel’ oan it wurd komt. It iene kriterium is sa hwat dizenichs as it ‘Europeesk niveau’ (lykwols in bigryp mei in bipaelde ynhâld, as men to seil giet op it minimum dat der yn easke wurdt: men soe sizze kinne, nei ûnderen ta is it ridlik skerp bigrinzge, omt it it ‘provinsjale’ ûnder him lit), it oare is sa hwat mistreastichs as it ‘Frysk niveau’, nei boppen skerp bigrinzge, nei ûnderen ta sa't it liket alhiel ûnbigrinzge. De kritikus moat dus altyd in niveau kieze, dêr't er út wei oardielet. Yn 'e praktyk falt it faek gâns ta, salang't er mei wurk to dwaen hat dat sels neffens kriteria út it Frysk niveau nearne op liket. Hy kin der dan mar blynwei op ynrame en alle morele reserves tsjin skriuwer en lêzer farre litte. Slimmer wurdt it foar him, as syn objekt hegere aspiraesjes hat. Hy moat dan alderearst foar himsels feststelle út hokker fordjipping wei hy it wurk skôgje wol. En dat net allinnich, hy sil it ek oan syn lêzer dúdlik meitsje moatte, op gefaer ôf banael of skoalmasterich to wurden. Stiet de kritikus op Fryske groun, dan sil er in boek dat hegerop wol, priizgje moatte; stiet er op Euro- | |
| |
peesk niveau, dan sil er datselde boek dochs wer ôfwize moatte. Yn it definityf oardiel moat dus altyd it niveaubisef fordiskontearre wurde, dat wer meibringt dat men oan kwalifikaesjes as ‘Frysk’ en ‘Europeesk’ licht to greate wearde hechtet, dat men jin der licht oan forslingeret. It dounsjen op dy koarde is gjin wurk dêr't men fris by bliuwt, en by einsluten hat men oanstriid om jin der ôf to meitsjen mei jins objekt rûchwei op to mjitten mei de jellenstôk fan jins krityske routine.
Ype Poortinga syn boek is sa'n ien, dêr't men út in each fan it niveau net fuortdaliks rie mei wit. It is in dúdlik bisykjen om út de wenstige sleur wei to kommen, en stiet as sadanich boppe hwat wy as it ‘Frysk’ niveau oantsjutten. Oan 'e oare kant is it yn syn biskiedenheit gjin masterwurk wurden, dat lit de publikaesje fan it earste diel wol sjen. En mei in Europeeske mjitte sil it boek it net fier bringe. Noch altyd binne ‘wy’ (mei dy pluralis paupertatis sitte wy noch altyd tangele) mei Kafka, Gide, Huxley, Malraux en Vestdijk yn frjemd selskip. It is dan ek net to forwachtsjen, dat in boek as ‘Elbrich’ yn dat milieu opgong meitsje soe, wylst it oan 'e oare kant ek de wenstige couleur locale mist, dy't sa't it liket oersette Fryske romans yn Hollân populair meitsje kin yn 'e sfear fan de ‘leestrommel’.
En dat in boek der foar ‘Fryske forhâldingen’ ‘wêze mei’, is ek al in meagere treast foar immen dy't nou lang om let ris fan dy ‘Fryske forhâldingen’ ôf wol. Dochs sille wy it sa wol sjen moatte, ont neijer oarder. En dat is ek it slimste net. As it bisef mar libben hâlden wurdt en it forlangen, as it each mar rjochte bliuwt op in heger niveau.
| |
| |
Poortinga hat sels ek wol sjoen dat syn boek, dat Fryslân net forlitte wol, mar wol ‘ûnder’ him litte, dêrmei syn kommersiële kânsen net greater makket. Faeks hat it dat west, dat him dreau syn stoffe to triuwen yn in soarte fan frame story. In Ynlieding en in Neiskrift fan de ‘biwurker’ - it is in âld foefke, dat allinnich noch sin hat as de mystifikaesje oannimlik is en men net mei de klompen fielt dat it mar in forlechje is, as wy oertsjûge reitsje fan de artistike needsaek. Mar nimmen leaut hjir oan in 16de ieuske Alef Aylva dy't syn mémoires op sa'n 20ste ieuske wize skreau, sels al hat in biwurker der dan nòch sa mei omwoutere. Dit frame dan fortelt hoe't de skriuwer it hânskrift ta dit forhael opfandele hat, doe't er mei in bûtenlânsk Frisiast ûnderskate Fryske tipelsinnichheden bylânsreizge. It forhael is net ûnaerdich optocht en net sûnder geast forteld (al irritearret de studintikoaze toan wolris, hjir en dêr), mar wy leauwe der gjin stûr fan, it mist elke sin net allinnich, mar it brekt ek de krêft fan it forhael sels, omt de ienheit en de trefwissichheit forlern geane as men wit dat der noch in tredde persoan stiet tusken Alef Aylva en de lêzer. It hat der alle skyn fan as nimt Poortinga hjir mei de iene hân werom hwat er mei de oare jown hat, in foarm fan foarsichtichheitspolityk dêr't eins nimmen bilang by hat, bihalven in kategory fan lezers dêr't Elbrich perfoarst nèt foar skreaun is. It frame seit neat gjin dingen dy't foar it forhael sels fan bilang binne en de Ingelske wittenskipsman mei syn Gysbert Japiks-Frysk ynteressearret ús mar sa-sa. It neiskrift falt de lêzer as in puts kâld wetter oer de nekke, binammen as it bliken docht dat de ‘biwurker’ dêryn net allinnich syn wittenskiplike oanstriid bod jowt, mar ek noch bisiket hwat mei to moralisearjen, wylst Alef Aylva dochs bêst
| |
| |
los fortroud wie. It hiele frame komt jin dan ek oan as in mispleatste koncessy oan in publyk dat freget dat in histoarje ‘wier bard’ wêze moat net allinnich, mar ek dat de skriuwer dat der fral dúdlik by seit, yn krekt safolle wurden. Mispleatst, hwant earstens hat in publyk dat útgiet fan de redenaesje dat it him neat wiismeitsje lit, der gjin bisleur fan hwer't it einliken yn it forhael om giet, twad triuwt dit frame de tragyske essinsje fan it forhael ear der fan de lêzer ôf as dat it dy tichterby bringt.
It forhael sels is de skiednis fan in tragysk misforstân, sa soe men dizze brutsen troubilofte fan Anna Dekema oan Alef Aylva neame kinne. It nijsgjirrige is, dat Poortinga hjirby in histoarysk gegeven to liif giet mei moderne psychology. En dat is miskien it sterkste argumint tsjin it frame, in argumint dat net gou foar van Lennep doe't er syn Roos van Dekema op 'e Galamadammen ûntbloeije liet, mar wol foar in modern skriuwer, hwa't it net to rêdden is om in boeijend forhaeltsje en in spannende, fantastyske, kleurige tekening fan it forline, mar om de psychologyske eftergroun fan in barren, om in sielskonflikt.
It histoaryske hie de skriuwer foar syn boek nedich, omt it der nou ienris sa lei (as it my net mist is it hiele forhael groundearre op in histoarysk dokumint, dêr't sprake yn is fan in proces om in brutsen troubilofte), en ek omt it yn 'e moderne juridyske forhâldingen net mear bisteanber is. Lykwols, dit juridysk aspekt is ek sahwat it iennichste histoaryske, al spylje politike forhâldingen dan hjir en dêr in rol. Foar de rest hie de skriuwer de moderne psychology nedich, omt de 20ste ieuske skriuwer nou ienris mei 20ste ieuske psychology sit - of forwachte wurdt to sitten.
| |
| |
Hjirop sit it dualisme fan Poortinga syn boek fêst. Dêrom ek mei is de kwestje fan it frame spitich, omt dat it dualisme nei de forkearde, ntl. de histoaryske kant ûnderstreket.
Dit dualisme is mei-iens it nijsgjirrichste aspekt fan it boek: it jowt der de dûbelde boaijem oan, dy't de measte Fryske romans, produkten fan in op eigen waernimming, eigen ûnderfining birêstende platte fortelkunst, misse. Op sok in dûbelde boaijem biwiist in skriuwer hwat er wurdich is. Dêrom is it spitich dat Poortinga it net oandoarst hat en jow syn forhael yn it ljocht sûnder dat ûnnutte frame. Dan hie it boek neat west as in yn mémoire-foarm getten forslach fan Alef Aylva syn mislearre yllúzjes; nou is it krekt as wol it noch hwat oars wêze tagelyk, dat dêr neat mei to meitsjen hat.
Alles hinget der dus fan ôf, oft men it frame oer de holle sjen wol of net. Kin men dat, dan hat Poortinga de problemen dêr't er foar stie moai goed oplost. De wenstige omballingen fan de histoaryske roman binne ôfwêzich, fan de avontûredraek hat dit boek neat, alteast it earste diel net. Alef Aylva wurdt yn dizze mémoires mei himsels konfrontearre, mei syn eigen relaes, mei syn eigen forline, mei syn eigen aerd. En de konfrontaesje is pynlik, omt hja him ynsjoch jowt yn syn eigen tokoarten en yn dy fan it libben, dat altyd by de forwachtingen lânsglydt. Dêrút ûntstiet in nochter, mar net droech, minsklik relaes, sûnder pathetyk, in forhael dat mei alle soberheit fan de chroniqueur, dy't ek it hert wit to peilen, mar der gjin dogma fan makket, rjocht op syn doel ôfgiet.
Alef Aylva hat alles tsjin bihalven syn yntelliginsje. Mar krekt dy yntelliginsje fortsjintwurdiget de wearde fan syn forslach. Hy is it type fan de lakse, secundaire
| |
| |
minske, dy't op in minimum oan romantyk, mei in minimum oan earsucht om in rol to spyljen en de helt út to hingjen, de toloarstellingen allinnich forwurkje kin mei in doasis yntelliginsje. Hy seit it sels: ‘ik haw nea in trochsetter west’. Dy wurden tekenje syn libben, alles fan de ‘histoarjehelt’ is him frjemd. Syn universitaire stúdzje is dearoun, syn ambysje foar in amt gelyk oan nul, yn it religiëuze en it politike is hy fleis noch fisk, hy hat gjin forlangen as it gelok fan in frou dy't neist him libbet. En sels yn it hiele proces wurdt syn hâlden en dragen bihearske fan in swierliddigens, in geastlike passiviteit, dy't Poortinga ús tige oannimlik wit to meitsjen. Aylva heart ta de minsken dy't net ta it offensyf komme kinne, omt hja to folle energy nedich ha foar it konsolidearjen fan forlerne stellingen. Har dieden, às dy komme, binne altyd efkes by de stân fan saken to'n efter. As hja dan lang om let ré binne ta de die, wurde hja gewaer dat de omstannichheden har ûnderwilens forskoud hawwe en dat hja dwaende binne har energy oan in by foarrie forlerne saek to formuozjen.
Aylva syn leafdeforhâlding forrint mei it forlern jaen fan dy stellingen. Hy giet der noch op troch, omt er der ienris mei bigoun is en net de energy hat, de skippen efter him to forbarnen. In soarte fan secundaire earsucht stipet him dêryn. Mar oan 'e ein fan dit hiele ûntmoedigjende relaes komt er ta de erkenning: ‘ik sil har wol nea net genôch west hawwe’, en jowt dêrmei it feit ta dat Anna Dekema, mei har om bar skerpe en sukkelige arguminten, it rjocht oan har kant hawn hat. Ommers, hja hàt har op Aylva forsind, en in foarbarige troubilofte jown, hja hâldt net genôch fan him om om him de stokeljende sibben treast to wêzen, boppedat: Aylva hàt har ta de troubilofte twon- | |
| |
gen, al wie it miskien mear de twang fan it moment suprême as fan Aylva sels. Dêrom neamde ik dit forhael de tragyk fan in misforstân. It hiele forhael troch komt Alef net op it idé, dat hja blykber net ‘genôch’ fan him hâldt, dêryn is er 16de ieuwer, - om dan oan 'e ein yn to sjen, dat it him dêr wol oan lein hawwe sil, dêryn is er hast ûngemurken de moderne minske wurden, foar hwa't it ‘hâlden fan’ nuances krigen hat, dy't miskien tragysker binne as oarloggen en greate rampen dy twa minsken út elkoar driuwe kinne. Mar syn yntelliginsje hoedet Aylva der foar him to fortillen oan de tragyk fan syn ‘gefal’. ‘Har gesicht moat ik graeeh lije meije en ik moat nocht hawwe oan har hiele bistean’ - sa biskriuwt Alef syn ‘ideäel’ fan in frou. It is in formulearring dy't sels in draek rêdde koe en dêr't ik him persoanlik tankber foar bin, omt hja mear seit as in hiel romantysk program fan tsien siden lang. Hy typearret de sympathike, yntelligente soberheit fan it hiele forhael.
‘Elbrich’ forret net de routinearre romanskriuwer. Hjir en dêr komt in bipaelde ûnmacht oan it ljocht, bg. yn de biskriuwing fan de geheimsinnige Elbrich: ‘dat keine en dochs krêftige stal en dat tsjeppe, bliere antlit’, en fan Anna Dekema: ‘Tsjep is Anna. Tsjepper as Frou Luts yn har skoanste tiid ea west hawwe kin. De foarholle is kanter en heger, it ovael fan wangen en kin suverder. Hja hat in teare, blanke kleur, sa't der soune minsken binne, dy't dochs net folle read yn 't gesicht hawwe.’ Sokke tekeningen binne neatsizzend as moaiwaerpraetsjes yn in skearwinkel, der bliuwt neat fan oer, omt hja by it forhael lânsglide as in filmstjer by de wrâldpolityk. Moaije froulju nammers binne it swakke punt by alle Fryske skriuwers. En in wier uterlik byld fan Anna Dekema
| |
| |
bg. springt earst nei foaren út har dialogen mei Alef, dialogen lyk as dy yn de Fryske litteratuer seldsum binne, om har soberens, har trefwissens, dy't gjin wurd to folle talit. Better komme by Poortinga de ûnattraktive froulju wei: ‘Jacqueline wie in great, skredich froumins, heechskouderich en sterk as in man.’ Eedwyr Dekema ‘hie by souner skouwing wol foar tsjep gean kinnen. Mar alle hertstochten, dy't yn har wennen, stiene har ek op it gesicht to lêzen. Hja hie in neigeanich aerd, as forgunde hja de oare jeugd har sounens en tier.’ ‘Eedwyr, Luts en Imck. En dy seagen my oan, swart en fûl, as wie der in nêst âlde roeken útkommen’. Sokke karakteristiken, yn inkelde skerpe trekken, binne definityf, men freget net mear.
Somtiden ûntbrekt net in bipaelde stoatteligens: ‘Mar ûnbikwaem is er net, in fleurige of ek mar noflike drank hat er lykwols net oer him’ (s. 57 - hwa't it bigrypt moat it mar sizze). De ein fan de haedstikjes is faken hwat ôfraffele mei meidielingen dy't effen de ûntwikkeling oantsjutte moatte. Side 55 wurdt (en dat kin de skriuwer faeks net helpe) ryklik ûnbigryplik troch printflaters. En dan is der de heblikheit fan de skriuwer om sa nou en dan, op 'e wize fan Omke Bartele silliger, it pronomen personale wei to litten: ‘Hat grif net yn in bêste hûd sitten, is in jiermannich neitiid ek wei kommen to reitsjen. Wie net minder dame en hie ... (s. 53). ‘Wist ek fuort hwa't it wie.’ Op s. 47 komt sels tante Betje omke Bartele op 'e side en glimket ús leaflik oan: ‘Kaem ús mem ek diskear op 'e ienhoarn’, ens. It is in stylmiddel, mar hwat de skriuwer der mei foar hat, is my net dúdlik wurden.
Om ‘Elbrich’ nei wearde to skatten, moat men út dit earste diel de ‘novelle’ abstrahearje dy't it ‘tra- | |
| |
gysk misforstân’ biskriuwt, en dêr't fan Elbrich sels amper sprake is. Dit stik, los en op himsels bisjoen, is hjir en dêr masterlik om skriuwers formogen ta Einfühlung. Mar ek de hiele ‘Elbrich I’ mei al syn tokoarten bliuwt foar my yn de Fryske litteratuer fan nei de oarloch sahwat it earste boek dêr't ik my net lilk om meitsje, dat it der is. It fortsjinnet in lêzerspublyk dat, yn Fryslân fan hjoed de dei, der miskien net is. Hwant nei alle mâllichheden dy't de Fryske romanciers ús de lêste jierren mei rynske hân tasmiten hawwe, ûnder de stilswijende oantreasting fan ‘Hjir houn, hast in bonke’ is dit boek fan Poortinga in forromming, omt it in birop docht op yntelliginsje en ek sels út in yntelliginsje fuortkomd is. En al hawwe wy dan fan Kafka en Gide net folle opstutsen, dit boek fan Poortinga is ien fan de earste Fryske romans dy't men leze kin sûnder algeduerigen it fielen to hawwen, dat men ‘mar’ mei Fryske litteratuer dwaende is en mei dy formotte energy ‘echte’ litteratuer to koart docht. It biwiist dat der ek yn Fryslân plak is foar de yntelliginsje as skeppende faktor, al bliuwe der fansels hiele folksstammen dy't úthâlde, dat allinnich in spontaen út 'e groun opbrûsd forteltalint, in doasis sentiment en hwat bihelprich knou-knou-Frysk in hâldbere garânsje jowe foar in lêsber boek. Foar sokke folksstammen moast men mar net langer preekje. Spitich allinne, dat it net altyd to litten is...
|
|