Kritysk konfoai
(1951)–Anne Wadman– Auteursrecht onbekend
[pagina 49]
| |
IIk haw in freon dy't alle Fryske boeken lêst. Hoe faei soks wêze kin, haw ik oan him sjoen. Hy tiist nou om mei de obcessy dat hjir yn Fryslân alle memmen ûnechte memmen, alle heiten ûnechte heiten, alle bern ûnwettige bern binne, dat der efter elts spinfuotsjend brokje fleis yn in widze in grouwélich komplex skûl giet fan huorkerij (Frysk wurd foar ‘overspel’), bloedskande en -ûndersiik, famyljefete of op syn minst trouwe moatten. Hy kin soms midden yn 'e nacht út in forskuorrende dream wekkerskrilje, baeijend yn syn swit en gripe nei it earber boargerportret fan syn heit en mem op syn nachtkastke en as in terge minske útroppe: ‘Lykje ik op jim? Bin ik in soan fan jim? It is forskriklik dat net to witten, altyd yn it ûnwisse to taesten. Bin ik in soan fan myn heit? Of fan myn pake? Of fan omke Sybren? Of fan ús buorman? Of fan de man mei heidebjinders dy't altyd by us oan 'e doar kaem mei syn wémoedich snorwurk ûnder syn dranknoas, en dy't wolris in stik koeke en in pear sinten fan ús mem krige? Of fan krûme Anders mei de harmoanika, dy't de sint net earder oannimme woe as hy moast syn lietsje út ha? O myn God, rêd my út dizze ellinde, jow my de wittenskip, jow my fêstichheit!’ En dan dolt er syn forwrongen antlit yn it holkjessen en krôllet yn wanhoop de ôfmêdde lea. Myn freon is in deeglike, flinke, warbere soan fan deeglike, flinke, warbere âlden. Syn iennichst tokoart is, dat er Fryske boeken lêst. | |
[pagina 50]
| |
II.It is in bikend feit dat dêr, hwer't sexuële dingen yn 't spul komme, soms nuvere feiten barre. By ús op it doarp wiene koarts ek in pear dy trouwe moasten en by de âldelju yn. Mar op 'e brulloft waerd der danich foardroegen en binne by myn witten gjin famyljeribben stikkenslein. By ús op skoalle wie in jonge dêr't wy as maten fan gruten, dat er gjin heit hie - dat wie aeklik, hwant hwa moast by him nou foar Sinterklaes boartsje? En letter haw ik nochris in man moete dêr't it sizzen fan wie dat syn heit syn heit net wie. Ik haw nea hwat bûtenwenstichs oan dy man murken, hy hat oan elke finger wol in faem hawn en is mei ien der fan troud, - fan dy fammen, wol to forstean. Yn it deistich libben bistiet der altyd noch in soarte fan humor dy't de minsken de krêft jowt, by it geheim fan har komôf lâns to glimkjen en de dingen mei skande en al to nimmen sa't se binne. Yn 'e boeken sa net. Dêr barre deselde dingen, mar ûnder in oare biljochting. De tsjinstuiten of ûnforwachtheden fan it libben krije dêr it aksint fan de himeltergjende earnst, fan de dramatyske aberraesje. De net-reglemintearre sexuële omgong wurdt ta in droechline dêr't men alle attributen fan in oan har eigen earnst fortarde morael oan ophinget. In forheftich konflikt om in ûnechte berte hinne, - groubonkige psychology fan wyt en swart, in pear rûge kwitsen romantyk, sentimint, pathos en Fryske beamwâltsjes, sjoch dêr in nij boek foar de longerjende Fryske lêzers. In âld liet op in âlde wize, al is it dan ek in nij man dy't it sjongt. En it is sa njonkelytsen in stilswijend foarskrift wurden dat men Fryske great-minske-boeken, ek al neame hja har dan noch sa ûnskuldich, út hannen fan | |
[pagina 51]
| |
de bern keare moat. Hwant de ûnskuldichste en bernlikste titel hâldt faek de forskriklikste dingen bidutsen. Liket in titel as ‘Hinke fan Jap’ net hûndert kear ûnskuldiger as bg. ‘Torda de Sigeunerhoun’? Mar oewé... Der hat in tiid west dat yn de Europeeske litteratuer alles en elkenien hwat mar sykhelje koe to founling lein waerd, om oan 'e ein fan it boek to fornimmen dat it of er noch út in aedlik skaei wie, en nèt samar by wize fan bastert, mar alhiel echt, 100%. Dy tiid is foarby, de soasjale omstannichheden ha fan aedlik komôf in twiveleftich foarrjocht makke dêr't allinnich de seldsum wurdende lêzers fan Courths Mahler har noch op forgapje kinne. Doe kaem de tiid dat yn de Europeeske litteratuer de ûnechte bern de flok fan har ûnechtens oan har dea ta meitôgje moasten. Der wie gjin rêdding mear troch in geheimsinnige omke, dy't de papieren fan echtens yn syn bisit hie en mei de iepenbiering dêrfan wachte ont de lêste side fan it boek. De romantyk romme it plak foar it realisme, en mannich ûnecht bern moast yn 'e litteratuer in djippe wei lâns. Unskuldige fammen foelen by boskjes foar de twingende macht fan de helt fan har dreamen, sleepten harsels troch de modder en wisten, as hja genôch meilijen wekkerroppen hiene en genôch tsjinne ta ôfskriljend foarbyld, noch hwat leafde en sinne to bringen yn it libben fan de ien as oare tokoartdiene stumper, dy't har foar syn húshâlden wol brûke koe en ek wol mei har op bêd woe. Mar ek dat griemerich útfieren fan soasjale, sexuële en morele ynstinkten op forduldich papier forliest syn tsjoen. Allinnich Fryslân sit der noch midden yn. Oppenearret him hjir in minderweardichheitskomplex, sa fan: Dit is it iennichste dêr't wy ús primitive sielen mei opwine kinne, it ien- | |
[pagina 52]
| |
nichste dêr't wy-Fryske-skriuwers ús mei ús hiele siel yn bijaen kinne, omt it sa simpel is? Of komt Fryslân allinnich mar hwat efteroansukkeljen? Hoe't it ek wêze mei, dit hiele komplex hat in heap fan in ôfreägearring fan pornografyske oanstriid. Ommers, as men der mar genôch morael trochhinne preket, dan kin der in heap op troch dat oars net sein wurde mocht. Morael en meilijen jowe it in oare skyn, mar yn wêzen bliuwt it itselde, allinnich is ‘echte’ pornografy altyd krekt in lyts bytsje earliker, pikanter, spannender, minder smoarch en dus ... sympathiker as ‘ûnechte’. | |
III.Algeduerich hat men by it lêzen fan dit soarte fan lektuer it fielen: Hea, hwer haw ik dat ek al wer earder lêzen? Meastentiids is dêr net in andert op to jaen. Ommers, it ûnderwerp mei syn fêste attributen, syn stereotipe figueren en forhâldingen, is sa algemien en sa oeral itselde-en-dochs-wer-in-bytsje-oars, dat de triedden net oan to wizen binne. Mei ‘Lutske’, it debút fan Roel van der Zee, dat as ien fan de bêst skreaune boeken fan 1946 ús omtinken freget, is it wol sa min of mear nei to gean, hwer't men it earder lêzen hat. Ik haw ris op in reinige Sneintomiddei fan in buorfanke in boek to lien krigen, dêr't hja ta triennen ta wei fan wie. It hiet ‘Hilde’ en wie skreaun fan in Anne de Vries. Ik haw it yn ien sike út lêzen, mar wit net oft dat pleitet foar it boek of foar de reinigens fan de middei. Der kaem in kreas en kwyk arbeidersfanke yn foar, dat forkearing hie mei in rike boeresoan, Wubbe fan Jans - in forhâlding dêr't mei it ‘fansels’ fan al dit soarte fan boeken, gefolgen fan komme. Wubbe, op- | |
[pagina 53]
| |
stokele fan syn njirre fan in mem, lit har sitte. It koe ommers bêst fan in òar wêze, boppedat hwat sil hy, de rykste boeresoan fan it doarp, mei sa'n foech arbeidersbern oer de flier, dat sa dom west hat fan him in bern to krijen? It folksgerjocht sprekt syn wurdtsje mei, mar as de doarpsfeinten mei alle gewelt Wubbe twongen hawwe om syn tawurd to jaen, is it Hilde dy't wegeret, omt hja fan dizze man dochs net hâlde kin. Hja bringt har bern to wrâld en fynt yn 't lêst oanhâld by Mans Lubbers, in goedhinnige sulle út in ta weismiten keard laech fan streupers en a-soasjalen, dy't hja fan 'e flieën en fan syn iensumheit forlost. Lutske is in kreas en kwyk arbeidersfanke, dat forkearing kriget mei in rike boeresoan, Halbe Dykstra - in forhâlding dêr't fansels wer in bern fan komt. Halbe, opstokele troch syn oergunst op Swarte Eabele, in outcast, dêr't Lutske wolris mei stiet to praten, en troch syn deun boere-aerd, dat út is op útwreiding fan groun en bisit en dêrby gjin arbeidersfanke brûke kin, mar wol de dochter fan de rike Wybren Sybrens, lit har sitte. It kin ommers bêst fan in oar wêze, jawis, it is grif fan dy Eabele, dy smycht mei syn bosk swart hier en syn heidebjindershanneltsje. It folksgerjocht sprekt syn wurdtsje mei, mar Halbe lit him net forkasse troch de pleagerijen fan Eabele en syn maten. Hy set troch mei de dochter fan de rike houtkeapman, dy't sa moai pianospylje kin en sokke goede boarrels jowt. Lutske bringt har bern to wrâld en fynt dan yn 't lêst oanhâld by in yn 'e ûnderwâl rekke bakker, Sloppe Jan, in widner mei in heap bern, dy't hja troch har flinkens wer by de wâl op helpt. Sa soene men in skema opsette kinne fan figueren dy't elkoars parallellen foarmje: Lutske/Hilde, Halbe | |
[pagina 54]
| |
/Wubbe, Lutske har heit en mem/Hilde harres, Swarte Eabele en Sloppe Jan/Mans Lubbers. Dy parallellen geane net allegear yn ûnderdielen op, mar dat seit neat. Oerienkomst hoecht net to lizzen yn gelikens fan aerd en wêzen, mar kin lizze yn de rol dy't in bipaelde figuer yn it hannelingsskema spilet, en ek allinnich yn it feit dat er oanwêzich is, al hat er in hiel oare, ja faek tsjinstelde rol to spyljen. Yn gâns parallellen mei it Halewijn-liet komt de figuer fan de broer foar, dat wiist op oerienkomst, mar lit likegoed ta, dat er yn de iene versy in hiel oare rol spilet as yn de oare. Sa is ek hjirre de figuer fan Mans Lubbers út Hilde fordield oer de twa figueren fan Swarte Eabele en Sloppe Jan, dy togearre de rol fan Mans spylje, Jan as dyjinge dy't de gunst kriget, Eabele as dejinge dy't dy gunst krije kind hie, as er net tafallich boaske wie. In soartgelikense posysje nimme de memmen fan Mans en Eabele yn beide gefallen yn, al hat Gjetsen folle greater plak yn Lutske as Marije yn Hilde. Treflik is de parallel tusken de âldelju fan Lutske en Hilde, de memmen, Femmechien en Jantsje, beide fel, trochtaestend, rimpen yn oardiel en died, dy't de fallene dochter ûnfoech útsegenje, mar, de ien earder, de oar letter, doehs har leafde net baes kinne; de heiten, Wiger en Hlibert hwat sleau, goedhinnich, mar fetberder foar bigripen en forjaen, yn 'e groun wizer en forstânniger. Fansels binne der ek gâns forskelen. Halbe en Wubbe, hoewol yn it selde skûtsje sittend en foar in part út 'e selde motiven hanneljend, rinne noch al hwat útinoar. De iene, Wubbe, is it bidoarne heite-en-memmesoantsje, dat net selsstânnich in bislút nimme kin, mar allinnich ôfgiet op 'e foarstellingen dy't syn âldelju him oanprate - de oar, Halbe, in ienkennich âldfeint, riden fan jildsucht, psychologysk minder oannimlik omt it | |
[pagina 55]
| |
Atsje is dy't yn syn libben yngripe moat, alhiel fan bûten ôf en sûnder dat dizze ‘dea ex machina’ ús needsaeklik foarkomt. Hwant sielkundich hie der gâns mear út 'e situaesje to heljen west, as Halbe syn ôfkearing fan Lutske net it gefolch west hie fan uterlike omstannichheden, mar fan in ynderlike ûntjowing. Der binne mear parallellen oan to wizen. Ik wiisde al op it folksgerjocht dat yn beide boeken plak fynt, lit it wêze yn it iene mear en mei mear gefolgen as yn it oare. De doarpsanekdoaten, wol it alderswakste sté yn Lutske, dy't it boek echt it folkloristyske stimpel opdrukke, en dêr't Eabele de helt fan is, fine har oarsprong yn it kroechje fan Sytse en Griet, wylst de doarpsanekdoaten yn Hilde, dêr't Mans Lubbers foar master yn opslacht en dy't har ôfspylje om it folksgerjocht hinne, har oanrin fine yn it kroechje fan Lammert Krukien. | |
IV.Dit allegear liket in heap op biskuldiging fan plagiaet. Nou is der plagiaet yn soarten: biwuste oerskriuwerij sûnder boarne to neamen, ûnbiwuste reminiscinsje, tafallich gearfallen fan motiven. Fan de earste, echte foarm fan plagiaet hoecht yn dit gefal alhiel gjin sprake to wêzen. It kin sels bêst wêze dat de hear v.d. Zee it boek fan de Vries alhiel net lêzen hat. Mar dat soe dan meiïens ek it klearste biwiis wêze fan de nutteleazens en de oerstalligens fan dit soarte fan skriuwerij: de attributen binne sa stereotyp wurden en sa fêstruske, dat der foar in eigen each op it libben suver gjin plak mear is. Leaf de, stânsforskeel en in ûnwettich bern, dy't op dat útmolken thema in boek skriuwe wol, bidarret ûnkearber yn de sompen fan it ûnoarspronklike, dêr't men jin fan ôffreget: Hea, hwer | |
[pagina 56]
| |
haw ik dat earder sjoen? En plagiaet of gjin plagiaet, de hear v. d. Zee docht syn talint gjin rjocht mei it trochbreidzjen oan dizze âld hoas. Dat dizze skriuwer talint hat, stiet bûten kiif. Hy skriuwt better, mear op 'e man ôf as ien fan de oare nijere skriuwers yn dit genre. Syn sielkundige tekening is net sûnder fortsjinste en bytiden forhipte raek, hy eamelet net oer moai waer of min waer, en giet sûnder omwegen rjocht op syn doel ôf, sûnder, al to folle sentimintelichheit (allinnich yn it lêste haedstik is it mis) en machteleas pathos. En as it skriuwen fan dit boek op dit thema de utering is fan in foarlopige biskiedenheit, de oefening fan immen dy't him oan in greater, mear bûten de tradysje lizzend ûnderwerp noch net weagje doarst, - wol ik it fan herten akseptearje en wolkom hjitte. Mar dat der fuort al in forfolch op oankundige wurdt, liket my in faei ding ta. Bitsjut it dat de hear v. d. Zee syn talinten noch altyd biskieden genôch achtet foar dit genre, dan stiet dat to priizgjen, mar dan moat er likegoed fan dy dream ôfholpen wurde en oantrune om byneed in swakker, mar origineler boek to jaen. Bitsjut it lykwols dat de hear v. d. Zee it genre noch altyd heech genôch achtet foar syn talinten, m.o.w. dat er dit forfolch net skriuwt mei de humor fan it ‘Nou ja, fuort dan mar ...’, mar mei de earnst fan it: ‘Nou sil ik ...’, dan sil der wol gjin salve oan to striken wêze en helpt ek dizze man ús net út 'e dong. Dêrom hoopje wy op it earste. |
|