Kritysk konfoai
(1951)–Anne Wadman– Auteursrecht onbekend
[pagina 39]
| |
I.Foar lju dy't der op út wolle dat in boek en in skriuwer likemin mei elkoarren út to stean ha as in boek en in setter of in boekbiner, dy't oan in boppe-ierdske skieding leauwe tusken ‘Litteratuer’ en ‘lektuer’, en dy't sa biskieden binne de Litteratuer to heech foar harsels en harsels amper goedernôch foar de lektuer to hâlden, - foar sokken is der mei it nije boek fan Abe Brouwer neat to rêdden. As hja in reinige Snein op noflike wize toneinbringe wolle mei de avontûren fan in illegale wurker, sunder de radio ôf to setten en de thé kâld wurde to litten - hja hoege ienfâldich dy skriuwersnamme op it bûtenomslach mar oan kant to triuwen en kinne nei bileaven de siken ynhâlde, suchtsje, laitsje, trieneagje en liz tsjin brea-iten of om de tiid fan Ome Keesje of de sportforslaggen it boek oan 'e kant mei in dizenich fielen fan biwûndering foar de illegale keardels en in sucht fan tankberheit dat alles wer to'n goeden keard is en de tabak wer op 'e bon. Op 'en heechsten sille hja har ris hwat nitelich fiele om in ynkonsekwinsje of in mâllichheitsje, in taelflaterke, in sloppe moralisaesje tsjin de swarte hannelers, in guodkeape prip op 'e Joaden. In inkeldenien komt sa fier dat er him ôffreget oft de skriuwer wierwier de yllúzje hawn hat dat syn geskel en gerach op 'e Poepen dy hearen f aeks sear dwaen sil, en miskien liket it him hwat nuver ta hoe't in stienhurdenien as dy Sipke Skeltema, dy't der suver net oars fan wurdt as er in Lânwachtman deadwaen, forslepe en bidobje moat, | |
[pagina 40]
| |
soms samar fan dy foege healjierren bûten wêsten leit fanwegen syn teare senuwen, en hoe't dyselde stienhurde Sipke ynienen sa'n alderôfgrysliksten litteraire H.B.S.-er wurde moat as er dy jouns noch wer ris by Anne komt to frijen: ‘Fanke, dou en ik en dizze nacht .. wy allinne ... en ik hâld fan dy,’ ensafh. Mar dat binne meast fan dy ûnnoazelichheden dêr't Klaes Lêzer sûnder kantroeren by lâns rûtst, al biwize se dan wol it ien en it oar oer de hear Brouwer syn psychologysk ynsjoch. Yn alle gefallen, it boek is flot skreaun (hwerom yn 'e goedichheit soe dat net in kriterium fan bilang wêze meije?), minderrûchhouwerich as de ‘Swipe’, de dream, en minder flak en forfelend as ‘Marijke’, de iepenbiering. Dat blykber alle Superlativen to wrâld tokoartsketten binne om de fortsjinsten fan dit boek op it binnenomslach har gerak to jaen, wol net sizze dat it better is as dy beide oare. Oars is it al, en it pleitet foar de skriuwer dat er mear pylken op syn bôge hat as hynders en heidewyfkes. Der sit faesje yn, dat ek hast net oars koe by in stoffe sa sensasjoneel as dizze, mar lykwols foar in Frysk skriuwer in fortsjinste is. Der sit ek wol hwat sfear yn, hjir en der. It wol my oan, dat sels in part fan it illegale libben wol min of mear mei ‘Einfühlung’ biskreaun is. In part. Hwant as der koeriersters oan to pas komme, dan wurdt it my al to moreel en to braef. Immen dy tusken dea en libben stiet, sil him net sa'n fan God en alle hilligen forskopte sûndaer bifine as er, lyk as Sipke Skeltema, ynienen ûntdekt dat er op wei is om net fan syn bloedeigen faem ôfbliuwe to kinnen. Mar toemar, der binne op 't lêst ek lêzers en keapers, dêr't men de gefoelichheden fan ûntsjen moat, - dêr moat men as folksskriuwer wol foargoed mei rekkenje. En by einsluten | |
[pagina 41]
| |
is dizze leafdeskiednis, al of net pièce de résistance fan it boek (faeks soe de hear Brouwer sels prate fan in ‘liedmotyf’), ek al net folle absurder as tûzen oare út tûzen oare boeken. Foar lêzers dy't der bilang by ha, dy't it boek net keapje wolle en ek net lyk as ik in eksimplaer fan in goekunde liene kind ha, sil ik it efkes út 'e doeken dwaen. It is tusken Sipke en Anne net mear hwat it west hat. Hòe krekt, witte hja net: oarloch? normale forflakking? - de ringen wurde plechtich ôfdien en Sipke fytst fuort. Letter moetsje hja elkoar wer yn it wurk, as strang morele illegalen mei ta eintsjebislút (wy slane nou gâns in stik oer) ien, jitris: ien koarte kostbere houliksnacht by wize fan kompromis tusken prolongearre heltedom (Ynje!) en kommersiëel happy end. Dat giet dan sa: ‘Sipke,’ hear ik dan, ‘komste?’
‘Ja, fanke, ik kom ... Anne,’ siz ik dan, ‘Anne...’
En dan is it as brekt der hwat yn my. Ik wit neat en wol neat mear witte as dit iene, dit alles omfetsjende wûnder: Anne en ik!’
Ei ja, hwat sil men fan in Ivichheitssiker dy't mei dreamen en iepenbieringen om him hinne struit as pipernuten, ek al oars forwachtsje as alles omfetsjende wûnders en soksoarte superlative klinkerts. Letter wurdt it dan hast efkes pikant: ‘Och, leave skat, kom hjir ticht by my. Ik sil dy skriuwe, eltse dei in bytsje en sa gau as it kin, sil 'k dy alles oerstjûre. En as ik dan wer thúskom, kinne wy it togearre oerlêze...’
‘Miskien ... mei ús trijen, Sipke, as God it wol.’
Hoe't dat lytse hart sa gau lêzen leare sil, wurdt der net by forteld, mar toemar, Ynje is ek net by de doar. ‘Dou leave, kom by my; kom hiel ticht by my.’
| |
[pagina 42]
| |
Soks is moai, tear, fyngefoelich, krekt sa't it is, sizze se. Hwa't de eagen hjir droech by hâlde kin, moat it mar sizze. En lykwols neam ik it brutael, ûnsmaeklik. Soks set men net yn in roman, nèt om 'e immoraliteit of sa, mar ienfâldich omt wurden as dizze, delskreaun om it effekt op 'e lêzer-dy't-net-fierder-tinkt, in stilte forbrekke en in yllúzje oan diggels slane. De yllúzje nammentlik dat de leafdetael gjin klisjé, mar einmalig wêze soe. Is it in pré om to witten hoe't alle Sipke Skeltema's en alle Abe Brouwers en alle Klaes Lêzers har leafdegefoelens op 'e selde banale wize útstammerje? Mar it is sa, Abe Brouwer kin nou ienris better forteile as suggerearje. Wy sille it him forjaen, lyk as wy him dat hiele Westeuropeeske kompensaty-happy-end forjowe, dat wol sa lang bliuwe sil as de wyn waeit en de wrâld stiet, al hoe lichtfeardich it sexuële probleem en de oare ûnoplosberheden fan it libben dêrmei ek fuortwaeije op 'e winen fan it heltedom. Wy moatte in skriuwer syn aerdichheit gunne om mei alle gewelt oan it tragyske ûntkomme to wollen, en salang't syn konsepsje fan it happy end net mei alle feiten en psychologyske wierskynlikheden striidt, hawwe wy der earlik frede mei. It is it rjocht fan de ‘lektuer’, sille wy mar sizze, to'n earsten, lyk as jirpels rjocht hawwe op sâlt. De meast exquise lêzer nimt sokke dingen langer mei Europeesk geduld en démoedichheit. | |
II.Oan 'e illegale kant fan it boek weagje ik my leaver net. De skriuwer lit syn ‘ik’ earne sizze, as er it hat oer de tiid fan Tromp en de Ruyter: ‘mar dêr haw ik net by west en dan kin men der ek net oer meiprate.’ Nou soe it op 'e ierde wol wakkere stil wurde as de lju der har ta wenden allinnich to praten oer dingen dêr't hja | |
[pagina 43]
| |
sels by west hawwe - it idé lykwol is tige sympathyk en dat de skriuwer him der sels net oan hâlden hat, nou ja, it is net de earste ynkonsekwinsje dy't wy in romanskriuwer dy't graeeh hwat ryklik hea op 'e foarke nimt, to forjaen hawwe. Immen dy't it witte koe hat yn Nieuw Friesland fan 10 Aug. de illegale hâldberens fan Abe Brouwer syn boek hifke, wy wolle dêr neat oan tafoegje. Men rekket hjir by einsluten faktoaren dy't net fuortdaliks litterair binne, en dy't dus earne oars bisjoen wurde moatte as yn in litteraire skôging. De skriuwer sil syn feiten en sahwathinne wol sahwat forantwurdzje kinne en mocht er se net allegear like skerpsinnich nei foaren brocht hawwe, wis is it, dat hy syn stoffe aerdich sammele en op oarder brocht hat. Likemin wolle wy komme op 'e fraech oft der forlet is, nou al, fan ‘de’ roman oer de Fryske illegaliteit. As sadanich makket Brouwer syn boek al mear kâns as dat fan de hear Lodewyk oer it ‘heechste’. Lykwols, dat seit noch neat. Der wurdt faken úthâlden, en net fan 'e earsten de bêsten, dat de tiid is noch net ryp foar in boek dat de krekt efter ús lizzende tiid wiidweidich en yn al syn lidden skôget. It forline moat earst bisonken wêze, wurdt der sein, om komme to kinnen ta dy foarm fan superiëure subjektiviteit dy't foar it skriuwen fan de bisettingsroman nedich is. Mar ... de minsken moatte ek lêze salang't it oan it superiëure noch net ta is, en bûtendat is de saek forkeard steld: net de ‘tiid’ hoecht der ‘ryp’ foar to wêzen, mar de ‘skriuwer’. Ek it tiidsargumint makket it skriuwen oer de bisetting net alhiel oerstallich. Hwant mei dy Iene, dy de roman sil it forline dat wy allegear kend hawwe, skiednis wurden wêze, ryp foar Blok en Gosses-Japikse; dan is der it lêste wurd oer sprutsen en kinne allin- | |
[pagina 44]
| |
nich histoaryske spesjalisten yn fakblêdden noch hwat bekfjochtsje oer in kanûn mear of minder. Hwat der noutiids oer de oarlochsjierren skreaun wurdt, hat noch kans eat yn him to hâlden fan dat ûnwisse en nerveuze en riedseleftige dat dy jierren hiem wie. It forline is noch net fêstroun, noch net dea-objektivearre. Men kin it der noch hertstochtlik mei iens of ûniens wêze, sûnder it gefoel to hawwen dat lju dy't der oars oer tinke nou just histoarysk skilich sjogge. Noch in oare, mear morele kant is der oan dizze saek. Wy hawwe gau oanstriid om to forjitten, en sadwaende it selsbilibbe as skiednis to ynterpretearjen. Wy hawwe oanstriid om gedachteleas fierder to libjen mei ús bisit, sûnder to biseffen hokke offers oan goed en bloed it bihâld der fan frege hat. Foar forjitlike lju is it lêzen fan soksoarte noch net histoarysk ‘bisonken’ lektuer tige soun, hja kinne har opskerpje, al kin it mannichien, dy't miende dat er him dochs noch wol knap hâlden hie, konfrontearre mei allround helten fan it slach Sipke Skeltema, komplete minderweardichheitskomplexen op 'e lea skouwe, dêr't de maetskippij nou ek wer gjin forlet fan hat. Mar by einsluten: sokke Sipke Skeltema's (al moatte wy se faeks psychologysk efkes rjochtop sette) moatte der west ha. En wy dy't om Ausweisen skoaiden of nei Drinte gyngen to dollen, hawwe der ús petsje foar ôf to nimmen en ús konsekwinsjes út to lûken oangeande ús rjocht fan praten. Dat dat net allinnich jildt foar lêzers, mar ek foar skriuwers, is in konsekwinsje dy't mear yntelliginsje foreasket as dêr't de hear Brouwer baes oer is. | |
III.Né, dyjingen dy't om dea en libben út binne of om in leafdeforhaeltsje sille har oer it lêzen fan Tusken | |
[pagina 45]
| |
Dea en Libben net to bikleijen hawwe. Mar ek dy't op Abe Brouwer út binne, op in skriuwer en in keardel, en hwa't it net alderearst to rêdden is om in superhelt Sipke Skeltema dy't oan 'e rinnende ban S.D.-boeven foar 't soaltsje hâldt en mei superiëur bravoure iderkear wer de Dea sels wit to forrifeljen, hawwe der in hiele klobbe oan. Hwant foar immen dy't syn harsens en syn kritysk instinkt net rinteleas lizze litte wol, lit dy namme op it titelblêd him net forkringe. De hear Brouwer is sels spiier mei yn it proces dat him ôfspilet tusken syn lêzer en syn lektuer. Hy is partij mei en hy ferget ús op in stânpunt. It boek as slachfjild tusken twa persoanlikheden, dat is it dêr't it by einsluten om giet. Dy't dat net leaut, is gjin lêzer, mar konsumint. De hear Brouwer hat it bistien, yn dit boek yn 'e hûd to krûpen fan in grifformeard jongfeint. Fuortdaliks tajown: dy't oer it forset yn Fryslân skriuwe wol, komt ier of let by de grifformearden to lânne. Ont safier is dat by Abe Brouwer ek neat bisûnders. Hy hie foar him lizzen de avontûren fan in grifformearde jongkeardel yn 'e illegaliteit, dy't fregen om in romanbiwurking. De fraech wie nou mar: hoe dat to dwaen. Abe Brouwer hat keazen, en yn de kar fan syn technysk procédé leit mei-iens de greate fout fan syn boek. Hy docht it neffens it procédé fan de kombinaesje ikpersoan/noutiid. Dat is it guodkeape trucje, dat it hiele boek bihearsket. Allinnich de deiboekfoarm, sa foar de hân lizzend, hie it boek fan dy flater rêdde kind. Mar dat hat Brouwer sa't it liket net oandoarst, de deiboek-roman is nou ienris net populair en Abe is it al. Alles hwat ‘ik’ docht, docht er op dit eigenste stuit. B.g.: op dìt stuit haw ik yn 'e iene hân in revolver en yn 'e oare in tsiiskoarste. Mar dat kin net, hwant as dat sa is, dan kin ‘ik’ dat net opskriuwe tagelyk. Dêrfoar | |
[pagina 46]
| |
hat er syn rjochterhân nedich. Immen sil hjir tsjin ynlizze, dat dat in platbydegrounsk argumint is en dat in procédé, as it mar suggestyf is, mei de logika stride mei byneed. Nou hat Ter Braak alris weardefolle dingen sein oer it ‘soun forstân’ yn 'e litteratuer, nei oanlieding û.o. fan Arij Prins syn moai-skriuwerijen. Mar tajown, dat in procédé as it ik/nou oan in boek soms spanning, relief jaen kin, faesje en gloede, direktens (de lêzer sjocht de ‘ik’ foar syn eagen dit dwaen en dat dwaen), dat it hjir en dêr dus artistyk forantwurde is, dan noch hat de skriuwer net it rjocht om sa'n procédé, dat by einsluten mar in foefke is (en der binne wierliken wier wol oare middels om suggestyf to wêzen), sa dogmatysk troch to fieren as Abe Brouwer dat docht. Oft de sitewaesje it freget of net, hy lit syn helt opskriuwe dat er beide hannen fol hat en as men soks ienris trochhat, dan wurket it forlamjend op 'e forbyldingskrêft. It boek wurdt der stjitterich fan, de skriuwer moat alle foefkes bitinke om fan 'e iene situaesje op 'e oare oer to stappen. Soe de doe-tiid-skriuwer noch ta kinne mei it ‘en doe ... en doe ... en dêrnei ...’, in nou-tiidskriuwer dy't syn ‘ik’ fortelle lit, kin dat net, hy rint fêst en moat iderkear de situaesje mei in hoart forskouwe. Dat is noch it slimste net, hwant oer 't algemien wit Brouwer him moai handich to rêdden mei dat forspringe litten fan de situaesje. Mar troch dit procédé krije wy somtiden ynienen net mear Sipke Skeltema oan it wurd, mar in soarte fan grifformearde Abe Brouwer, hwa't syn grifformeard pakje nou net fuortdaliks folslein om 'e lea past. De skriuwer fielt him der mar hwat ûnwennich yn. Hja hawwe him wol sahwat sein hwat der yn rjochtsinnige rounten omhear giet en hy hat dat, mei Bibelcitaten en gebeden oanfolle, ek han- | |
[pagina 47]
| |
dich etalearre, mar men fielt sa oeral dat de man sprekt troch de mûle fan in oar, dat de skriuwer it net forwurke hat, dat it syn eigen net is, gjin fleis fan syn fleis. By in objektivere skriuwwize (hy-persoan) hie men sizze kind: Dêr is de skriuwer mis mei, of: Dat hat er forkeard bigrepen. Mar op dizze wize is ek de religieuze kant fan it procédé sa direkt, dat men kin net mear oan Abe Brouwer ûntkomme as men Sipke Skeltema lêst. ‘Yn 'e wike fan foarbirieding (brrr!) ta it Nachtmiel yn tsjerke bin ik tige stil. It is foar ús Kristlike lju in wike om mei ús sels to riede to gean en to freegjen: “Heare, hwa bin ik?” It is net sa, dat wy der allegeduerigen ûnderelkoar oer prate, né, it wurdt mear yn ús sels forarbeide. Mar allinne it witten, dat Snein oan it Nachtmiei Kristus, ús Heilân en Middeler, sels yn, om en by ús wêze sil, dat is al in witten, dat jin stil makket. Dan kin men net oars en bigjin mei jin sels to ûndersykjen en ôf to freegjen: “Bin ik it, Heare?” lyk as Petrus frege. As dan de Sneintomoarn ús nei tsjerke ta ropt en tichte by de stoel de Nachtmielstafel ré stiet, dan is der in wijing om dat alles, hweryn elts wurd, útsprutsen fan domeny, neitrillet en elts liet in dûbele bitsjutting hat. En yn dy inkelde wurden, hwermei domeny it brea brekt en yt (soed er it net mei de kannen dwaen? A.W.): “Nim, yt, dit is Myn lichem ... en nim, drink, dat is Myn bloed,” dy binne binei net oan to hearren, sûnder dat jin de siken yn 'e kiel stykje. Sa hat 't fan 'e moarn dan wer west, de hillige stoune en nou is 't middeismiel op en jow ik my noflik del.’ Al oan 'e earste rigele, ‘ik bin tige stil’, fielt men dat it procédé hjir to koart sjit. Dit is in situaesje fan rêst, in ‘adempauze’ yn it boek, en dêr past ik/nou net yn. Mar hwat slimmer is: troch it procédé hinne sprekt hjir de bûksprekker, dy't wol itselde seit, mar mei in oare stim. In grifformeard skriuwer soe it sa net sein hawwe, soe it faeks alhiel net sein hawwe. Sels lju dy't yn dit stik ‘fan neat’ witte, fiele dat dat ‘foar ús Kristlike lju’ de hear Brouwer forriedt. En dy kost- | |
[pagina 48]
| |
like associative oergong fan it hillich nachtmiel op it noflik middeismiel kin foar de tsjerklikste lju net oars as op in bikend soarte fan spieren wurkje. Hat in skriuwer it rjocht him foar de gelegenheit yn it grifformeard to klaeijen en to sjongen mei de wolven dêr't er mei yn 'e bosk is? Of is dizze (twiveleftige) virtuositeit om yn oarmans religiëus pakje to krûpen en de lju wiis to meitsjen dat ‘wy kristlike lju’ wier-wier sokke pakjes en dy sà drage, as it nypt net in útfloeisel fan datselde ‘histoarysk-humanistysk idé’ dat de skriuwer ús folk as in greate fout oanrekkenet? Wy binne sa humanistysk en sa bûchsum, sa ‘krûperich’ wurden dat wy mei in soarte fan bliermoedige leafde yn oarmans Godspakje tuge, to lef en to min immen om foar eigen wierheden op to kommen en in oar ‘de’ wierheit to sizzen. As Abe Brouwer moralist wêze wol, syn folste rjocht, mar lit him dan syn eigen noarmen fan moraliteit yn it spul bringe en net weikrûpe efter dy fan in oar. As Abe Brouwer fan doel is grifformeard to wurden, bêst, sels de grifformearden sille it him net kweaôf nimme. Mar lit him it dan earlik sizze. In oprjochte bikearing is altyd noch sympathiker as de sympathykste foarm fan selsforrie. Abe Brouwer hat dit boek skreaun, mar it is net Abe Brouwer dy't mei syn hiele hûd efter it boek stiet, dy't it ús oerjowt en ús earlik yn 'e eagen sjocht dêrby, mar in pseudo-Abe Brouwer, in krusing fan him sels mei hwat oars. Net in keardel, mar in forklaeivirtuoas, in grifformearde pias, in akteur, in sutelder mei mieningen en oardielen en oertsjûgingen dêr't er net earlik oan komd is. En it is noch tige de fraech oft Fryslân yn it earste plak forlet hat fan litteraire bakjemannen. |
|