Kritysk konfoai
(1951)–Anne Wadman– Auteursrecht onbekend
[pagina 33]
| |
I.P. Akkerman biheart ta dat slach fan skriuwers dêr't men al lêzendeweis fan preuvelet: ‘Hwat seit er dat wer krekt sa't it is. It is út it libben grypt, men sjocht it f oar jin.’ En dat is in kriterium, dat foar it meastepart fan de Fryske lêzers oer de wearde fan in kunstner liket to biskieden: de fraech yn hoefier men it lêzene krekt foar jin krije kin en it biskreaune út it libben grypt is. Men sjocht net alderearst de wide visy, it greate eachweid, dy't de dingen en minsken yn in rekber forbân spanne tusken ierde en God (U. van Houten yn syn Sûnde fan Haitze Holwerda), ek net earst it ironysk biglimkjen fan syn objekten, hoe't se troch it each fan de skriuwer dy frjemde glâns krije, dy't it geheim is fan it skriuwerskip dat him net op 'e reäliteit blynstoarret (lyk as by R. Brolsma), likemin it flymskerp en filmsgewiis forspringen fan byld ta byld yn opwâljende jeugdoantinkens dy't earst troch langstme en ûnwennichheit de waermte krije dy't harren oars ûntbrekt (N. Haisma), m.o.w. men sjocht net hwat sokke skriuwers mei de reäliteit dogge en weagje, mar allinnich dy reäliteit sels, it mei al dizze procédé's mank wêzend minutiëus biskriuwen en pinsieljen fan de libbene wurklikheit dy't elk om himsels al den dei waernimme kin. ‘Dit is nouris in forhael oer gewoane minsken.’ Dêr byt de Fryske lêzer him op fêst. ‘Dit is krekt echt’: dizze greatske iensume pleats ûnder heechopgeand beamte, dit skeansakke stjelpke tusken smûke beamwâltsjes, dit keal | |
[pagina 34]
| |
en earmtlik arbeidershúske oan de sédyk mei it waskguod dat oan 'e line flappert, dizze brimstige stege âld boer, great en heechop oer syn bisit trêdzjend, dizze roungeare grounwrotter, dy't de mjukskroade stinnend troch de bûthúsdoar wraggelet en syn twa, trije bistkes by in walmieh pits je ôfljochtet. It is itselde ‘krekt echt’ dat ús ûntkomt by aensichtkaerten, minne skilderijkes en Fryske toanielstikken: reälisme mei in flutsje twaddehânsromantyk. It is ek it geheim fan it Frysk skriuwerskip en miskien teffens it geheim fan Fryslân. Tagelyk is it fan beide de tragyk: it net boppe it nearzige, lytse fan eigen hûs en hiem útkomme kinnen. Tusken kammenet en jarrebak, sa soe men in great part fan de Fryske skriuwerij yn in formule biflappe kinne. Greater deugd as it ‘krekt sa't it is’ kin in skriuwer in lêzer net dwaen. En it sil wol sa wêze moatte. En lit ús alteast tankber wêze dat binnen dizze grins fan it ‘Frysk reälisme’ dochs noch mooglikheden iepenlizze. | |
II.Akkerman syn boek jowt in stael fan dat oerflakkich reälisme, dat net yn de djipste en geheimsinnichste útgongen fan it minskene hert wit op to pylkjen, mar dat mei leafde en tagedienens de fynste en ûnbilangrykste brokjes libben bipluzet en, omt it nou ienris net mooglik is en glyd sûnder kantroeren by it bistean fan dy djippere en forhoalener dingen lâns, like smoutwei, hast yn 'e rin, de swierdere brokken fan de geastlike dingen fortarre kin. As syn lju de situaesje net mear oankinne, dan lit er se bidde, meast sûnder wurden, en dêrmei hawwe de ‘geastlike dingen’ dan wer har gerak. Akkerman syn talint is bisibbe oan dat fan de âlde | |
[pagina 35]
| |
Brolsma, mar syn reälisme is doehs wer oars: lytser, binypter, programmatysker, mear procédé. Syn each glydt net sa fynsinnich glimkjend en mei guodlik bigripende humor oer syn minsken en dingen hinne. Hy wit gjin tragyk to skeppen, trochdat er gjin ôfstân wit to skeppen. Krekt troch syn ôfstân nimmen kin Brolsma in ûnsympathyk minsk ûnsympathyk bliuwe litte, ont de ein ta. By Akkerman moat sa'n man of wiif dochs wer op 'e ien of oare manear ûnsympathyk ôf makke of formoedsoene wurde, yn persoanlik leed of in iere dea, wylst de skriuwer psychologysk net objektyf genôch reägearret om de sänden fan syn man dochs noch as relativiteiten to sjen. Hy sit to folle boppe op syn figueren, hy sykhellet to folle merkber mei yn de dompe arbeiderskeammerkes en roefkes. As er dan oan de tragyk takomt, sjit er to koart en moatte yncidintele ûngemakken, net yn har soasjael forbân ynreaune tsjinstuiten, syktmen en stjergefallen de tragyk skeppe dy't Akkerman net by machte is út de situaesje sels op to fandeljen. Dizze hiele Freark Japiks-famylje wurdt sadwaende ek losweakke út syn maetskiplik formidden. In soasjael konflikt lyk as dat tusken Auke en syn boer wurdt foar 3/4 part as in persoanlik konflikt steld en it is wol typysk dat krekt dizze Auke, de ûnsympathike figuer út it boek, de drager fan in ryklik ûndjippe en ek tige ephemeare soasjale opstannichheit wurde moat. Teade swalket op syn skipke hiele Fryslân troch, mar moetet nearne in oare skipper dêr't er mei yn soasjael forbân opnomd wurde kin. Hy fielt him gjin slachtoffer fan maetskiplike misstannen, en dat is op himsels net ûnwierskynlik, omt nou ienkear de soasjale ûnmounichheit fan greate folksklibers in feit is, mar al ûnwêzentlik is it, dat de skriuwer ek net ta dat idé komt, dat er de per- | |
[pagina 36]
| |
soanen mar stiltsjeswei los op harsels bistean lit, sûnder triedden en biningen nei bûten út.
Fan dizze persoanlikheden, solitair útbylde en allinnich troch de famyljebining noch hwat oanhâld finend, is dy fan Teade, de skipper, it dizichst bleaun. Men soe ek sizze jdnne: syn persoanlikheit wurdt dizich, sadré't dizze skruten âldfeint mei de grouwe, goedhinne, mar sleauwe fodze Wyts de lange hier yngien is. Minder om dat houlik sels lykwols, as omdat de skriuwer it fielen hie, dat er Teade loslitte moast en dat alle klam falle soe op Frearkje en har tsjinspylder, de oantroude Auke. Tusken dizze beide spilet it famyljedrama him ôf. De oaren, Teade, Durkje, Andele sitte der by sn harkje ta. Auke, it skerpst tekene, is der psychologysk it bêst by wei kaem. Hy is it type fan de parasyt, dy't dreamkastielen bout op oarmans foarûnderstelde goederjowskens en troch dy dreambylden skynber loskomt fan syn eigen rou en grou, eigenwiis en selssuchtich wêzen, sûnderdat er himsels dat iens biwust is. Dy ynwindige foroaring wurdt him hwat to folle fan 'e skriuwer op 'e lea skoud. Auke syn dreambylden binne to min pathologysk, net de obsessy forklearre út persoanlike rankune wei, mar in tafallichheit dy't him krekt like goed op hwat oars rjochtsje kind hie. Dêrtroch falt syn reäksje op it mislearjen fan syn greate plannen ek oars út as wy forwachtsje koene: ‘Dat wie de ein. Auke fielde it, hjir hoegde er net wer oer to bigjinnen, dêr stie er nou machteleas tsjinoer. Op dit stuit, och, hy walge fan alles. Dy kniesear dêr foar him, dy klauwer, dy skraber, dy, dy ... As er oan Binnema tocht, waerd er mislik. Dêr scoed er nou syn libben lang ûnder stean moatte, wylst er miend hie...’ Hjir sprekt net in man dy't mei ien slach syn dreamen yn | |
[pagina 37]
| |
reek opgean sjocht. Dat Auke fuort dêrnei oan in hertkwael weirekket, kin him al net mear rêdde. | |
III.Akkerman syn skriuwerstalint stiet bûten de kiif, dêr hoecht net oer praet to wurden. Mar hy sit to ticht mei de noas op Fryslân en hat gjin earmslach sadwaende. Hy sjocht wol minsken (en psyehologysk tige krekt soms: Frearkje, de soarchsume, Andele, de út Amearika weromkommende, dizkear ris net de branyskopper dy't mei jild smyt, likemin in millionnair of in minsklik wrakhout, mar in apathysk man, min of mear in omkoal, oan hwa't syn eigen avontûrlik forline achteleas foarbygien is), mar gjin forbannen bûten dy fan de famylje. Akkerman syn tekening fan de wurklikheit wurdt al to dogmatysk trochfierd ont yn it nearzige en krinterige ta, en likegoed tapast dêr't dat oerstallich as dêr't it nedich is. Hy forfalt fakentiden ta it steuterige en ûnbitsjuttende, ta it neamen fan dingen dy't neat ta de saek dogge (‘Hja hie de ein yn 'e bek, om samar to sizzen’) en lit de lju yn 't ûneinige kofje- en thédrinke, wetter opsette, breasnije, ôfwaskje, pipen stopje en nei iten haechlik kropje. Bytiden wurde sokke sneuperijen yn de détails fan it minskelibben al to ostentatyf fuortset yn biskate biologyske funksjes: ‘Hy gyng noch efkes nei bûten, tsjin 'e linepeal oan wie dan syn wenstich plak as it tsjuster wie om hûs en hear; dan hie er it minste geknoffel, it wie mar twa stappen fan 'e doar.’ ‘Wylst hie er it festje al los, doe klaeide er him gemoedereard út oer de keamer, en bipluze noch hwat oan 'e teannen dêr't it skjinste ôf wie.’ Jawis, dat is krekt echt, en it docht de lêzer faeks goed to fornimmen dat ek minsken út boeken sokke ‘echte’ | |
[pagina 38]
| |
dingen dogge as nei 't húske gean en oan 'e teannen plúzje.
Hawar, in ‘moderne wyn’ troch it hôf fan de Fryske proazakunst sil wol krektlyk in fromme winsk bliuwe as in moderne badkeamer mei in douche wol nea it diel wurde sil fan de measte lju dy't har teannen biplúzje yn it bywêzen fan wiif en skoansuster. En de lju dy't har yn it earste like bliermoedich skikke as yn it oarde, mei de forsuchting, dat it ommers ‘dochs net Frysk’ wêze soe en ‘net echt’, hawwe it it maklikst en miskien dêrom allinnich al gelyk. |
|