Kritysk konfoai
(1951)–Anne Wadman– Auteursrecht onbekend
[pagina 25]
| |
I.De histoaryske roman hat altyd in frjemd tuskending west tusken histoarje en roman, en faek in koarddounsjen op 'e smelle trie dy't beide forbynt. Mar al to graech stiet de histoaricus de skriuwer en de skriuwer de histoaricus yn 'e wei. Oan 'e iene kant wurdt frege: feitekennisse, histoaryske yntelliginsje en erudysje, oan 'e oare kant: fantasij, forteltalint en dramatysk oanfielen, dy't it forhael boppe de kronyk úttille moatte. Men kin jin allerhande gradaesjes tinke tusken dy beide utersten: droege kronyk dy't him hinne weeft om in wier barren, sa't dat út histoaryske dokuminten mei help fan it wittenskiplik gewisse reconstruëarre is, en: frije fantasij op it thema forline, dêr't mei histoaryske feiten en wurklikheden salyk net rekkene wurdt, mar allinnich taest nei in sfear, in ‘rook’, dêr't in fizioen dat forline oproppe moat. It forline: kronyk en fizioen tagelyk. En it resultaet tekenet de romanskriuwer yn syn bisteansrjochten tusken wittenskipstsjinner en dichter. Binammen hjir yn Fryslân hat it forline altyd in swiden bikoaring hawn. Sûnt de mannen fan it Frysk Genoatskip de Fryske skiednis ûntdieken (al wie it de skiednis yn syn earmoedichst habyt: it relaes fan 'e wikselingen yn it steatsbistel en it bistjûrsapparaet, fan fjochterijen en kreauwerijen, dêr't de nammen Skier en Fet neat as in slop hâldfêst oan jowe, fan persoanlike ear- en hearsksucht ûnder forneamde slachten fan heal- | |
[pagina 26]
| |
heareboeren-heal-ridders-heal-proleten), is it Frysk skiedforhael, ek hwer't it yn it Hollânsk skreaun waerd mei in ûnmiskenber Frysk nasjonael élan, yn hannen rekke fan in tipysk slach tuskenminsken tusken histoaricus en skriuwer. It rekket hopeleas fêst yn in sfear fan goedwillieh dilettantisme, dat himsels bispotlik makket yn syn machteleas en krampeftich bisykjen om dat gebrân en gerôf, dat keninkje boartsjen op eigen hiem, dat dôfhûdich wrokjen om ienris lit ûnrjocht, dat sinnen op wrake en forjilding as in tipysk Frysk en dus as in wichtich barren to sjen. Skiedkundige forhalen planteit yn 'e foarige ieu, yn rym en ûnrym, aerdich en toar, koart en great opset. Mar it fizioen bleau wei. Net in kunstner, of it moast Harmen Sytstra west ha, hied er langer libbe, hat de skiednis as fizioen de kleur, de gloede en de biklamming jown dy't hja krije kin út 'e hannen fan 'e folbloed romanticus. It bleau flak, droech, groatfol nammen op -ma, groatfol jiertallen en histoaryske bykomstichheden, jountiidsfordivendaesje fan litterair oanleine notarissen en sneupers om famyljewapens en kwartiersteaten, dy't mei it forline pielden sûnder fan greate langsten grypt to wurden en dy't yn liddige ûren in skiedkundich forhael of rymstik yn elkoar malken, dat sachts yn it ien of it oare almanak of jierboekje in plak fine koe. Dat se oan 'e aktualiteit fan it forline net takamen, hwa sil it fornuverje, by it útgongspunt fan har skiedskôging? Dat se ek net takamen oan de sublime bizigens fan in van Lennep, dy't it, as it sa útkaem, nonchalantwei mei de histoaryske wurklikheit op in akkoartsje smiet, en likemin oan de serieuze, fan in fûle hertstoehtlike oertsjûging droegen dregens fan in Bosboom-Toussaint of oan it objektyf fakmanskip fan in Schimmel, is it in wûnder, as men de omstannich- | |
[pagina 27]
| |
heden yn 't each hâldt? Yn dit opsicht bliuwt ús Fryske romantyk lyts en binypt. De skriuwers stoarje har blyn op it s.n. greate konflikt fan Skier en Fet, sûnder der eat fan dramatyk of fan djipper tragyk efter to sykjen. Legerkes, fjildslachjes, moart, rôf en brân. Mar gjin greate idé. Net de skiednis makket de heiten, mar de heiten meitsje de skiednis. De skriuwer stoarret him blyn op 'e lytse minske, dy't er, om oan 'e forfeling to ûntkommen, masjinael omfoarmet ta helt, omt er de minske syn rjochtlik plak net jaen kin yn in fizioen. Kleur en waermte ûntbrekke, feiten en nammen hearskje almachtich. Dilettante-earnst mei hjir en dêr in flutsje moraliteit foar dizze ieu en sa nou en dan hwat platte bizigens, sjedêr de boarnen dêr't by ús út libje moast hwat histoaryske roman hjit. | |
II.De earste - en to'n earsten ek lêste - greate concepsje fan in histoaryske roman fine wy yn Simke Kloosterman har ‘Jubeljier’. It hie ek in great boek wurde kind, - en is dat as milieutekening en yn syn lyryske eleminten ek sûnder mis wurden - hie de skriuwster histoarysk net skilich sjoen en hie it boek by jitris oerlêzen, hwannear't men jin net langer kritykleas liede litte wol troch de bitsjoenende biskriuwingen en de prachtich byldzjende tael en de foar Fryslân seldsume yntelliginsje dêr't it mei skreaun is, net sterk it gefoel efterlitten (men wit net hoe en hwerom), dat it einliken torso bleaun is, in great, machtich, mar ûnfoltôge brok lyryk yn al syn dramatyskens. De greatens fan dat boek leit mear yn hwat it wurde kind hie (it epos fan ús foarige ‘bifrijing’) as yn hwat it wurden is (in treflik tiidsbyld en in ûnneifolgbere milieu- en sfearbiskriuwing). Oan syn wearde yn 'e | |
[pagina 28]
| |
Fryske skriftekennisse docht dat neat ôf, binammen net as men in lyricus it rjocht gunt om net oan syn lyryske kwaliteiten ûntkomme to kinnen. | |
III.Liuwe Brolsma hat jitris de Skier- en Fethistoarje ta Stoffe naem foar syn forhael ‘Stoarm oer Fryslân’. Hy hat him om it strikt histoarysk probleem net bikroade en him net fortize litten yn lokale en persoanlike strideraesjes, likemin yn in mooglike maetskiplike of ekonomyske eftergroun fan al dy dingen. Yn dat opsicht is syn forhael âlderwetsk en bringt it gjin nijs. Foar Brolsma is der allinnich de ‘nasjonale’ kant fan it probleem, lyk as him dat foardocht yn de gong fan saken tusken Warns (1345) en Skoattersyl (1396). In greate, skerp tekene eftergroun fan it konflikt ûntdekke wy net. En dat is de swakke side fan dit forhael, fan de histoaryske kant bisjoen. Der is allinnich in Fryslân fan fiskers, boeren en eallju, dy't lyk as jimmer yn dy tiden by wankende gefaren hommels elkoar fine en âlde feten en partijskeien oan kant skouwe. En der is, tsjinoer dat rûge, ûndekadinte folk fan grimmitige fjochters, mar earne fierôf, dy Hollânsk-Europeeske koälysje, de blom fan de Europeeske ridderskip, it pûk fan it Europeeske soldatefolk, mei syn macht fan skippen en pracht en preal, dy't yn 1345 fan dat ienfâldige, mar hertstochtlik op 'e frijdom bigiene folkje út 'e sompen yn 'e sé weromjage wurdt en foar de fisken. De Hollanner, tobekset yn syn plannen, sint op wrake, - is it allinne imperialisme of persoanlike sucht nei avontûr en gloarje op it slachfjild, mei efternei de dekadinte formeitsen fan it tournoai? Of stekt der in greate idé efter? It lyk fan Willem IV, yn Fryske groun bidobbe, ferget op wrake. Mar it is op 't lêst in lyk en | |
[pagina 29]
| |
gjin reëel bilang mear. Dit misse wy yn dit boek: dat it ús net hommels oerpleatst nei it oare kamp, it bliuwt stiifkoppich oan diskant de Sudersé. Hwat driuwt de Hollanner, hoe komt hy oan syn macht, hwer skuort er syn folk wei? Hoe ek, Hollân stekt sé yn mei in float en in lânningsleger as nea tofoaren. De Friezen, nei in manhaftige fordigening al to dryst wurden, litte har fortokje, sûnder dat de tsjinpartij der by einsluten folle bate by fynt. En as de skâns by Skoattersyl stoarmjenderhân nommen is en it waer slacht om, dat it oerwinnend hear driget to forkommen yn 'e sompen en feanpetten fan dat forflokte barbarelân, - hwat bliuwt der dan foar Hollân oer as mei de skeamele bút wer yn sé to stekken, bliid ta it libben der ôfswit to hawwen? Yn it ramt fan dit histoarysk gegeven spilet it forhael fan Liuwe Brolsma him ôf. Daem Gerbranda, in earme fiskersjonge, mar fan aedlik komôf, rêdt troch tafallige omstannichheden in forneamd Likedieler it libben en rekket, alwer troch tafallige omstannichheden, yn dy rûge sérôvjende Likedielersmienskip forsyld, ûntjowt him tsjin heuch en meuch, mar omt er dochs net werom kin, ta in moedich oanfierder, ta de helt dy't er wêze moat om it forhael syn sin to jaen. Hy kin de skande fan it sérôverwêzen mar min forneare en as er it skip rôvet dêr't de Hamboarger boargemastersdochter dy't er leaf hat mei har heit op fart, sjocht er út nei wegen om syn libben to betterjen en him har weardich to toanen. Hy sjocht kâns him to forbinen oan de Fryske striid foar de frijdom en sa syn goenamme werom to winnen. Yn de striid tsjin de Hollânske ynfalders wart de Likedielerskaptein him as in lieu, mar wurdt swier forwoune en de freugde fan it happy end yn 'e earms fan syn Ljisk wurdt timpere troch de fraech, | |
[pagina 30]
| |
dy't de skriuwer oan 'e ein fan syn boek (sûnder in concessy dwaen to wollen oan it op in ‘Hja libben jit lang en lokkich’ bigiene publyk) iepen lit: Sil er it helje? Sjedêr it ienfâldich gegeven dêr't Liuwe Brolsma in meinimmend, knap folhâlden, lykwichtich en sympathyk forhael fan makke hat. Wis, folle sfear, gloede en waermte sit der net yn it forhael fan Brolsma Jr., it is earder hjir en dêr de flakke kant it neist, al hat it ek neat fan de droegens fan de chroniqueur dy't omdôch bisiket histoaryske feiten in romantysk jakje oan to lûken. Mar Liuwe Brolsma wit genôch fan it forline ôf om it net ridikúl to meitsjen en to min om der yn to forsûpen. Hy libbet net yn it forline, mar ek: it forline libbet net yn him. Hy is dúdlikernôch in skriuwer dy't in histoarysk forhael skriuwt by wize fan ôfwikseling en net omt de histoarje him duorsum yn syn bikoaring hâldt. It is him gjin ûnûntwynbere needsaek. Syn visy op 'e minske is koppich hjoeddeisk. De frijerij bg. fan Ljisk Schoke en Daem Gerbranda koe mei in pear uterlike foroaringen yn ús tiid pleats ha, der is neat dat de midsieuske minske tekenet yn syn spesialiteit fan ridderboer of keardel, - bourgeois of proleet fan syn tiid. Under de wiuwende plomhuodden, efter de harnassen en maliënkolders fan eallju en soldaten yn dat hear fan 1396 giet de minske fan ús tiid skûl, sûnder dat de skriuwer biwust útgiet fan de stelling, dat ‘de’ minske nou ienris ‘de’ minske is en bliuwt, al klaeit er him alle decennia neffens in oare moade, - mar omt de frage nei in forskeel yn minsklike eigenaerd him ienfâldich net opennearret. Daem Gerbranda is au fond in troch it needlot yn 'e bikniping rekke boargerlike humanist, dy ta de immoraliteit forfalt, sûnder de ynskepen 19de ieuske bigripen fan ethyk, seedlikheit en | |
[pagina 31]
| |
skamte kwyt to wurden. En hy moat dat ek bliuwe, om de romantyk fan de saek har gerak to jaen en him net warleas omkomme to litten yn 'e ûnmeilydsume reäliteit fan desperado en deastekker út libbens needsaek èn as faklearde. En Ljisk? In boargerjuffer is hja net, mar is har bline trou oan dy jonge fan 'e sédyk, dêr't hja ienris sokke wémoedich-rike ûren mei bilibbe hat, wol oertsjûgjend? Lit it wier wêze, dat Daem bûten syn wil om de brede wei opgien is - by einsluten is hy foar har de fûgelfaeije, de outcast, en hja foar him in boargemastersdochter, in grande dame, en har forhâlding in ûnwierskynlik mearke út 'e âlde doaze fan rike prinsen en earme Jiskepûsters, fan moaije prinsessen en earme hardersfeinten.
Mar binne dit einliken net biswieren dy't bûten de wêzentlikheit fan it boek omgeane? Is it net healwiis in skriuwer forwiten to dwaen oangeande de feitlike gegevens fan syn forhael, yn pleats fan jin allinnich mar ôf to freegjen, hwat er mei dy feiten útheefd hat? Koe men it dan net mei itselde rjocht in meubelmakker kwea-ôfnimme, dat er stuollen en tafels makket en gjin skuon? Der moat earne in grins wêze tusken it selsbiskikkingsrjocht fan de skriuwer-en-syn-boek èn it rjocht fan de krityk om dat selsbiskikkingsrjocht to bitwiveljen. Bliuwt de skriuwer binnen de grinzen fan dat rjocht, dan mei de krityk net freegje: ‘Hwat’ mar allinnich: ‘Hoe’. It kriterium foar in boek as ditte, in histoarysk forhael sûnder kultuerhistoaryske of oare eftergroun, is oars net as de lêsberens en de fraech: is it net dom, net àl to ûnhistoarysk? Mei oare wurden: is it net to rekkenjen ta de dilettanteskriuwerij fan ien dy't ek wolris hwat yn de Fryske skiednis omsneupt hat, - | |
[pagina 32]
| |
of ta de litteraire forrifelderij dy't mei feiten en data omspringt as de kat mei in mûs? Yn beide opsichten hâldt de roman fan Liuwe Brolsma de mjitte. It forhael hâldt jin fêst, is goed skreaun, is net dom en net ûnearlik en hwat let it dan, dat it hwat bernich fan toan is, wylst it dochs dúdlikernôch net foar bern ornearre is? De toan is echt, en ûnmiskenber net mear dy fan de pieler en sneuper út de 19de ieu, dy't in forhael makke omt de skiednis him dreau, mar dy fan de skriuwer dy't de histoarje èk oandoar, omt it forhaleskriuwen him yn 't bloed sit. Oft Liuwe Brolsma de ideäle synthese foun hat tusken skriuwer en sneuper? Ik soe it net úthûlde doarre en it hat syn opset ek net west. Dêrta is mear en greater nedich. En it is de fraech oft wy yn Fryslân dêr ea ta komme kinne. Yn alle gefallen net salang't de Skieren-Fet-romantyk ús skiednisbyld bihearsket. |
|