| |
| |
| |
Wimer Sjaerda
Germaensk helt
G. Burgy: ‘Biritsen Fjûr’.
Brandenburgh, Snits 1940.
It koe hast net oars: Wimer Sjaerda moast de dreamehelt wurde fan jonge en âlde fammen en fan opslûpen jonges efkes boppe de Wildwestjierren, en miskien fan noch mear stagen út ús folksbistean. Hy is dan ek hwat men neamt in keardel. ‘Oersterk wiene se, de Sjaerda's. In krêftich folk, nei it lichem en nei de geast’. Hwa kin as Wimer fjochtsje, skiifsjitte, reedride, slajutslaen, sûpe, froulju krije? Hy is yn ien wurd de Fryske ideäelman fan de fammeforbylding: sterk, mar earlik as goud; baes yn 't fjochtsjen, mar fij fan messen en freedsum as in laem; boer op en út, ek yn 'e forachting fan hwat oars is as boer, mar ré ta de Canadeeske railroad; boartsjend mei alle fammeherten, mar tearhertich amoureus as ienris de Greate Leafde komt; as boer wol hwat rou, mar ‘net jerne rouwe tael hearrend’. Hwat wol men noch mear? De skriuwer neamt him koart en goed de ‘Primus Interparus’ en dat is tige krekt, fral as men wit hwat in Interparus is.
In eigenwize cynikus soe faeks wol hwat fine to lekskoaijen, bygelyks: ‘Wimer?... In Fryske stamboekman, nei model knipt, opgnistere mei hwat romantyk fan healwylde hynders en jarrebakken en sa hjir en dêr in kwits bloed-en-grounferve, lyk as hjirre oer Wimer syn (mislearre) skoanheit: “It âlde Germaenske tipe dat noch allinne yn Fryslân, Noard-Dútsklân en Skandinavië to finen is”.’
Mar lekskoaije is maklik, fral as men sels nea toand hat it ‘better’ to kinnen. Wittenskip is op 't lêst wittenskip en dy frucht is goedkeap op 'e karre, langer.
| |
| |
En it is mar sa't it is: de hear Burgy hat in tige helder ynsjoch yn bloed- en rassesaken. Hy heart net omdôch ta de ‘Primi Interpari’ fan de Nije Oarder. Hy wit hwer't Adolf de moster hellet. Hear mar ris: Wimer syn mem wie ‘Ien fan dy swarthierrige, brúneagige famkes, dy't yn it bloune Fryslân sa frjemd oandogge. Dy't net allinne nei it uterlik, mar ek nei it aerd, troch har útlitten natuer sa folslein mei it fryske wêzen brekke, en by hwa't de histoarjeskôger jerne ris stilstiet om in forklearring fan dit romaenske yntermezzo yn de Frysk-Germaenske skiednis to sykjen. In yntermezzo lykwols dat, alle rasgreatskens ta spyt, mei nocht waernaem wurdt.’
Sa't de lêzer sjocht: Fryslân is germaensk en ljocht (bloun hjit dat tsjintwurdich, 25 jier nei Douwe), mar hjir en dêr doarmet sa'n aerdich romaensk skandflekje, dat de wolkomme brutalens hat om roetswart to wêzen. It wyt dominearret tige, dat gefaer foar it ras sille se net oplever je en oars kin men se as skriuwer maklik fortsjustermoanje troch se oan 'e tarring stjerre to litten.
Wimer is as bern al helt. Hy is it suver op side ien al, as syn romaenske mem (hja hjit trouwens Roarda, mar toemar, dy a is noch al Spaensk) fan him yn 'e kream leit. Men fielt it oan 'e giseljende wynwizers: hjir komt in Great Man to wrâld. En it is sa: ‘It like wol oft de natûr, dy't soms sokke winige, balstjurrige dingen dwaen kin, miend hie yn Wimer alle lichemseigenskippen dellizze to moatten, dy't yn de omj owing hwer't hy libbe mar to pas kamen.’ Knap fan dy natûr, hwant oars wie Wimer Wimer net wurden, dit boek net skreaun west en de Fryske litteratuer in rike oanwinst earmer.
As mulojonge rekket ús helt dan effen út 'e koerts.
| |
| |
Hy for-Gerdiket nammentlik in bytsje en dat is slim foar in Terwispelder. Màr... de boer yn him stjert net, fansels net, hwant it boerelibben is nou ienris wol hwat rouwer, mar ek ‘wierhaftiger en earliker’ as dat fan skoalmasters en théfabrikanten.
Nei dy tydlike ôfdwaling leit de jongfeint him dan nest buorkjen en nuetmeitsjen fan wylde gudzen ek prinsepeal út op it deflorearjen fan ‘omtrint alle aerdige fammen yn Fryslân’ (as wy it goed foar 't forstân ha). En hokker jongfaem fan fleis en bloed soe net graech it ‘heechste hwat in frou to jaen hat’ oan sa'n oerfryske ladykiller en folbloed krêftpatser kado jaen? Mar it bifrediget ús don Jan fan de Dongwein net. As se dat niisneamde ‘heechste’ oan him spandearre ha, dan ‘kin er se net mear forneare’. Dat is spitich foar Wimer en noch spitiger foar dy goederjowske froulju, mar toemar, men ìs stamboekman of men is it net. En de hynst fan Nijtap kin him ek net bikroadzje om de mûglike gefolgen fan al syn avontûren. Dizze lichemseigenskippen kamen nou ienris yn har omjowing to pas.
It is dúdlik: Wimer sjocht langhalzjend út nei de ‘Echte’, de ‘Wiere’, de ‘Iennichste’. En fansels, dy komt ek, oars hie hjir it forhael al út west by brek oan aktyf en woe gjin minsk it lêze. De Nijtapster dekhynst, in lekke bên, in pear foarken, in tagediene keapman Brjucht, in briefke... en dan giet it op Koaten los. Nynke hjit se. ‘Moai is se, yn ien wurd. Under in slop striehuodtsje wei falt it dûnkere hier leech del yn de nekke.’ Al wer sa'n (tige mei nocht waernaem, mar avontûr op 'e tarring habbend) rasskandflekje. Mar de heit is rassuver, seagen wy nyskes al, en hat boppedat in bêste pleats. Wimer is sljocht op Nynke (dy pleats liicht der ek net om, oars!) en ús yn 't sâlt bi- | |
| |
biten ladykiller mei syn forline fan 1001 wylde nachten wurdt hommels weak en ethysk foreale as in poddehierpuber fan 15, hy tinkt net mear oan in ‘heechste’, dat oars ek Nynke him mûglik wol jaen kind hie. Hwant dêr stiet hja by him to ‘heech’ ta, sjoch.
De earste fytstocht is dan ek in idylle fan suverheit en keinens en kin ús sadwaende yn 'e finesses biskreaun wurde. ‘Yn 'e hoeke fan de serre stiet in automaet. De jongfaem giet der op ta, triuwt der in jildstikje yn en komt mei in forpakt (sic!) stik sûkelade werom, dat se yn har taske docht. Sjesa, dan ha wy ek hwat foar ûnderweis.’ Is it net oandwaenlik fan leavens, sa'n memmige soarchsumens foar in stamboekman dy't men noch gjin kertier lang bisnuffelje kind hat? (yn 't geastlike altyd). Mar Nynke is dan ek tige nayf en, hwat fan dy 1001 froulju mei it ‘heechste’ op in prissentearbledtsje net ien oandoarst: samar op klearljochtskyndei mei him yn 'e barm delsakje, dat docht ús skoaljufferke mei de slabbe foar fan 20 jier út klearebare bernlikens en ûnskuld. Hja falle dus tusken de struwellen, mar net om it ‘heechste’, mar om noch hwat hegers: hja boartsje ‘Reus’ en ‘Tûmke’, ‘dat in alderivichst moai famke is.’ ‘En,’ seit Wimer, ien en al ûnboerige Courths Mahler-romantyk op dat stuit (foar him ‘ien fan de moaiste skoften tiid’ fan syn libben!) ‘nou wit ik net as dat famke der biswier tsjin hat, mar de reus hat honger...’
O, de sûkelade, tinkt de ûnskuldige lêzer. Né, dòchs noch it ‘heechste’, prottelet ús brimstige en oergunstige cynikus. Beide mis: ‘it lytse bekje, dat net né seit’. De honger saksearret en de frijerij forrint op 't lêst (hwant oars soe it forfelend wurde, sûnder dat ‘heechste’ yn 't foarútsicht!) yn in soarte filosofysk petear, dêr't de Fryske skriftekennisse eare mei bihel- | |
| |
let, sa origineel wurde de wierheden der yn hinne en wer keatst: ‘Hwat kin in minske mei in bytsje al lokkich wêze’ - ‘Ja, hwat tominsten yn syn eagen dan in bytsje is. Mar it is safolle (bûten dy eagen dan). En it is foar jild net to keap.. it echte lok net.’ De sûkelade rekket ûnder de bidriuwen troch alhiel yn 't forjittersboek, sa swiet binne tuten en petear.
It wurdt forkearing, fansels, dat koe net oars. ‘Nea hat der in faem yn syn libben west, dy't sokke fielings as nou, by him wekker roppe koe.’ ‘Skoften leit er noch to tinken. Oer Nynke, hoe moai en hoe leaf se is. En dan sa nayf en bernich, en dêrfoaroer sa fiks en sa rislút.’ Hy fortelt it oan in maet, wol gjin boeresoan, mar lykwols der ta útkard. ‘Hy moast der mei immen oer prate. Hy kin dat greate lok net foar him allinne hâlde.’ Men soe suver sizze: Dy Wimer koe wol wer yn 'e lichtsinnige en dekadinte sfear fan de Gerdyk bilânne wêze, sa hat it him to pakken, mar né: hy bliuwt boer, wierhaftich en earlik. Sjoch mar hoe't er de jonge Kroalik en hoe't er de struners en messehelten fan Koaten lyts kriget.
Mar eilaes ... nòch hie it boek net skreaun hoegd to wurden, as net op in kweade dei it bledtsje omkeard wie en alles yn 'e hobbel rekke. It geheimsinnige Birutsen Fjûr brekt los út Wimer syn dimmen en tearhertich foreale stoflik omskot en hy ‘forjit’ him by de faem, Jits, in geile fodze, dy't it der fansels al jierren op oanlein hie de soan fan de boer yn 'e ûngroun to lokjen. Dat giet sa: Op it skoallefeest lit Jits har frijer, de earme Jan Sûkerprik, yn 'e steek en giet mei in vulgair Luwarderjende draeimouneman ‘op 'e sweef’, dy't it ûnforhoalen op har ‘heechste’ forsjoen hat en wurdt om sa to sizzen rêdden troch de helt Wimer. Togearre geane se nei de pleats, troch de soelige,
| |
| |
brodzige joun. En dan bart it forskriklike. De skriuwer wurdt der sels kjel en blomryk fan: ‘De natûr nimt har rjochten yn alle folsleinens. It kraeljende reade bloed lit him net langer bitwinge... Heechop slacht de lôge fan de hertstocht en forskroeit mei syn gloede alle bisinning...’
Wimer Sjaerda hat syn lok forsmiten. It Birutsen Sjaerdafjûr wurdt him needlottich. Hy stiet forwêzen by de púnheappen fan syn leafde... Swiere striid folget. It wurdt sels lyrysk by tiden: ‘Wimer is sa-to- sizzen (kostlik is dy forûntskuldiging!) hinne-en-de- wer smiten fan de brulloftswille nei de smertepine, dy't yn de lêste dagen syn herte toskuort en nou mei in wrede wjerpine oan syn hiele wêzen smert.’
Hy skammet him, hannelet as in man fan eare en skriuwt de leave, ûnskuldige Nynke ôf. De dingen ûntjowe har dan fierder mei fatale needsaek. Hy sjocht noch kâns om de faem Jits, dy't it ‘heechste’ ek al oan Wimer syn ‘oersterke’ heit (nei lichem en geast) jown hat en der hwat foar weromkrige, to keppeljen oan de fan har earst forspeine slûge Jan Sûkerprikke, dy't hjirmei as ramplesant de ‘rol fan in Don Quichot’ spilet (hwer't dy earme ridder de la Mancha ek al net goed ta is, ytlike ieuwen nei syn dea), hat noch in petear mei it kammeraetske Sjouk, dat miskien de iennichste forstânnige wurden seit út it hiele boek, en makket noch ienkear, wanhopich fjochtsjend tsjin de Noardewyn en tsjin in twadde Ik yn him dat oàrs wol as syn earste Ik, in illegael slûperke nei Koaten, dêr't er Nynke bigluorket yn har boudoir en ‘Farwol’ op 'e kozynstile skriuwt.
Dan fordwynt ús modelgermaen yn 'e steppen fan Canada.
Sa't de lêzer sjocht: spanning en sensaesje gjin
| |
| |
brek. En it boek lit him dan ek tige lêze, fral fan âldfammen, ‘bakfisken’ en lju mei in minderweardichheitskomplex yn 't seksuële of yn it heroysk-Germaenske. It is ek spesjael f oar sokken skreaun: as treast foar har tokoartkommingen en misse reizen èn om wer moed to krijen. It procédé is ek sa ienfâldich en bigryplik: men nimt in Germaen, pronket him op mei alles hwat in Germaen siere kin, lit him der oan 'e hoasbannen ta yn lâns gean en op 't lêst, as it greate lok komt, him dat as in echte Germaen (dy 't ‘dôfhûdich tsjin himsels stiet’) oan diggels smite troch ûnforhoedsk oplôgjende Fjurren as warleaze wurktugen fan it greate nordyske Needlot.
Men klaeit dat stylfol yn mei hwat lokale opnaeisels spesjael foar Gerdyksters en Terwispelders, sjocht it út 'en rûgen hwat mei it Frysk to roaijen (it komt ek net sa krekt: as men mar rynsk is mei it rounstruijen fan passive foarmen mei ‘wurdt’ en fan dit soarte moaijichheden: hwat de frou sizzen docht, hwat Wimer sizzen docht, hwat Nynke sizzen docht, hwat fierder efter elkoar Siger sizzen docht en de Weinmakker en Wimer jitris en de Skutter en miskien noch wol mear lju sizzen docht) - en sjedêr in tankbere oanwinst foar folksbibletheken en lêsrounten. Nou kinne se mar rydboskje fan genot en beare: Sjoch hjir de man dy 't reälist is en gjin doekjes wynt om it ‘heechste barren yn 'e natûr’, ûnforskillich as it dekhynsten jildt of birutsen fjûroanstekkers, en dy't der dochs ek wer yn sokke moaije frijsinnige jeugdbiwegings-euphemismen om hinne prate kin. Dit is echt hwat men ha moat: net hielendal neaken, mar mei in doekje dat der hwat los om hinne wynderet. En de losfêste morael: it Kwea fan de Hertstocht straft himsels, mar dochs, it Libben is nou ienris faek sa, en dat meije de Fryske lêzers nou, sa fier is it hinne, ek wol witte.
|
|