| |
| |
| |
Kronyk fan it proaza
| |
| |
Apology fan de kritikus
Der bistiet oangeande de krityk op it Fryske boek in eigenaerdich misforstân, dat, mei it miskien ek ta in hichte by oare boekskriuwende naesjes jilde, him dochs yn it bisûnder fiele lit yn dit lân, dêr't men noch al moai gau lêst hat fan geastlike hichtefrees. En wol ditte: dat immen as kritikus mear earbied hawwe moatte soe foar de goede en earbere en minske-leavjende bidoelingen fan in skriuwer dy't in min biteard boek leveret. Ik soe net sa fier gean wolle en hâld út dat krekt dy goede bidoelingen needsaeklik en principiëel liede moatte ta it produsearjen fan in min boek, en dat dus it goede boek maklik de frucht wêze soe fan kweade bidoelingen, - al soe men fan dat lêste út de wrâldlitteratuer faeks méar oertsjûgjende foarbylden bybringe kinne as de apostels fan de goede bidoelingen leaf wie. Mar dochs soe ik tsjin de lju dy't har rekke fiele troch it ôfwizen (resp. ôfkreakjen) fan in boek nettsjinsteande skriuwers oprjochte bidoelingen, inkelde dingen ynlizze wolle.
Alderearst dan is der it faek hearde forwyt, dat de kritici skoan sizze doare en dat moai krekt, hoe't it nèt moat, mar der net by fortelle hoe't it àl moat. De krityk is dan to ôfbrekkend, to negatyf. It is spitich dat sa'n trochsichtich sophisme noch altyd syn oanhingers hat. As kritikus A fan skriuwer B seit, dat syn intriges sa simpel binne as in ein latte, dan wit skriuwer B (en ek krityklêzer C) dealiske goed, dat it foar skriuwer B in goed ding wêze soe, as er syn intriges ris hwat opskerpe en dêrta syn harsenark. As kritikus D fan
| |
| |
skriuwer E seit dat syn boek tsien jier lyn troch skriuwer F ék al skreaun is, presiis gelyk en dan in bytsje oars, dan wit skriuwer E dealiske goed dat er tonei syn boeken sèls skriuwe moat of nèt skriuwe. Opbouwende krityk leverje is dan ek, as dogmatysk foarskrift oan kritici, in deadwaner. Wier opbouwende krityk soe allinnich bistean kinne hjirút, dat in kritikus it boek fan de skriuwer dat er yn bihanneling hat, jitris skreau en dan oan 'e ein sizze soe: Sjoch, sa hie it moatten. It soe in ûnfruchtber en ûntankber wurkje wêze.
Ofbrekkende krityk, sa't de lju alle soarten fan krityk neame dy't net mei in guodlik en formoedsoene glimke oer oarmans dwaen en litten hinneglydt, is altyd in foarm fan opbouwende krityk, dy't men allinne mar hoecht to ûntdwaen fan it yncidintele temperamint, de subjektive oanklaeijing, oerdriuwing om myn part, en men hâldt it suver spegelskrift fan de ‘opbouwende’ krityk oer. As in skriuwer klaget oer ‘ôfbrekkende’ krityk, biwiist dat ornaris, dat it mei syn lêzen noch minder sprekken lije kin as mei syn skriuwen. Boeken dy't by forskinen ôfkreake waerden en letter as masterwurken to boek stiene, binne nei alle wierskyn seldsumer as guon dy't in omkeard lot wjerfoer. En mei it (en dat jildt binammen ek foar muzykwurken út eardere tiden) foar ús efterôf soms oarsom lykje, dan is dat grif in foarm fan gesichtsbidroch, dêr't Tiids tosk net alhiel ûnskuldich oan is. Binammen yn dizze tiden fan suver folmakke publicity is it hast ûnmooglik, dat in masterwurk oan de signalearjende kritici ûntkomt.
Wy wolle graech hwat leare, jow my hwat mear opbouwende krityk, seit in biskieden skriuwersman soms, dy't him noch net blynstoarre hat op 'e nawle fan syn goede bidoelingen. Ja, tongeret it hiele koar, mar wy
| |
| |
wolle net ôfgraud en snaud wurde, as hiene wy hwat misdien, dy toan fan de kritici... dy strykt net mei ús fatsoen. Wy hawwe op 't lêst ús eare ek.
Mar hja forjitte, hoe tige as it skriuwen fan in krityk, dy't mear wêze wol as in flechtige compte-rendu, dy't yn it to bisprekken boek trochkringe wol, it oardiel mei dan noch sa forneatigjend biteare, op himsels al in earebitsjûging is oan de goede skriuwersbidoelingen. In fijân dy't men alhiel en alhiel forachtet duëllearret men net mei. In duël is in kwestje tusken twa mannenfan-eare. In tige iensidich duël, sil immen my tsjinlizze, omt de skriuwer neat weromdwaen kin. Wiswier, mar yn 't earste plak is dyselde skriuwer de útdager en boppedat leit dêr as fortsjintwurdiger fan syn partij it boek sels, dat him, de skriuwer, fordigenje moat en kìn, as it boek goed is. En tred is de faktor tiid oanwêzich, dy't de ôfwêzige skriuwer in kans jowt op in revanche yn in better gefjocht. En de kritikus? Faeks leit djip forhoalen yn syn ôfkarring al in soarte fan ûnrêst, dat er oan sa'n ‘tsjinpartij’ syn tiid en energy formuozzet, en dat er him to folle eare biwiizget, en miskien tsjinnet elke degenstjit fan syn geast méar om dy ûnrêst, mar tagelyk ek... de earebitsjûging greater to meitsjen!
Yn folle opsichten nammers is it lêzen en bioardieljen fan in min of in minder goed boek foar de kritikus persoanlik in gearstalde beuzichheit. Hy sil fakentiden bliid wêze dat syn kritysk jagersynstinkt wyld yn 'e noasters kriget. Yn elke krityk (it wie Menno ter Braak dy't it sei, en hy koe it witte) skûlet in poarsje rankune. In kritikus sil grammoedich wêze om de toloarstelling dy't by elts boek, dêr't men fan bûten of op de earste side al oan sjen kin hoe't it is, dochs noch tsjin de klippen oan bistriden wurdt fan forwachtingen. Hy sil
| |
| |
bliid wêze mei in goede fynst, en nytlich wurde om skriuwers mislearre kânsen, bliid wêze as er de ein hast hat, lilk omt er syn tiid forgoaid hat. En dwers troch dat komplex fan tsjinstridige gewaerwurdings hinne sil syn krityk ûntstean moatte. Hy moat fakentiden wol in minske fan boppe-ierdske proporsjes wêze, sil dy krityk ‘objektyf’ wêze, sûnder grauwen en snauwen, en de lêzer hwat ‘meijaen yn syn libben’ en him útheve boppe it ierdske fan al den dei. Kunst foredelet, seit men, mar dy ‘men’ moat dan al bisûnder wis fan himsels wêze, as er him ‘edeler’ achtet as syn buorman dy't net mei kunst pielt. En it mei wier wêze, mar de funksje fan kunst is yn 't earste plak dat er ‘relaesjes’ skept. En dy relaesjes kin ek de ôfbrekkendste krityk jaen, - oan hwa't foar relaesjes in noas hat èn der forlet fan; en dy oaren hoege fan kunst ek gjin ‘foredeling’ to forwachtsjen, en hwat him by harren as ‘foredeling’ oantsjinnet is net oars as de ‘forideling’ fan healbiskaefde geasten dy't har oan 'e kultuer bidwelmje as spiritusdrinkers. Ek spiritus kin in ‘roes’ jaen, mar it is in dronkenskip sûnder ‘relaesjes’.
Der is gâns praet oer de frage oft krityk objektyf wêze moat of kin en ynhoefier't hja subjektyf wêze mei. Ornaris lost men dy saek sa op, dat de krityk wol objektyf wêze moatte soe by wize fan forheven Ideäel, mar dat hja it ienfâldich net wêze kin, en dat men dus allinnich mar bisykje moat sa objektyf mooglik en sa min mooglik subjektyf to bliuwen. De objektiviteit is dan de soune, de subjektiviteit de sike helte fan de krityk, en sa leit men twa minsklike uteringswizen, sa algemien minsklik dat se sûnder elkoar net bisteanber binne, in twang op fan seedlike noarmen. En as krityk net 100% objektyf wêze kin, sizze guon, dan mar 100% subjektyf (as dy subjektiviteit mar de positive,
| |
| |
wurdearjende kant oerslacht). Dan mar lyryk en fanfaronnades à la Van Deyssel, hwant yn positive foarm klaeid wurdt it kwea fan de subjektiviteit maklik ta it summum fan goed.
As men lykwols de folle klam leit op it mei-elkoaropgean fan subjektyf en objektyf yn de krityk, mei oare wurden: rounút de hiele oardieljende en skiftsjende minske jilde lit, dan kin de hiele saek in oar oansjen krije en forlieze dy beide bigripen geandewei har ynhâld, har bitsjutting en har swier gewicht. Hwant ek in krityk fortsjinnet de krityk. It lêzen derfan is mear as it lêzen fan in resept foar Vanillepudding. Likegoed as de kritikus syn duël útfjochtet mei de skriuwer, fiert de lêzer (fiert yn dûbelde sin!) syn duël mei de kritikus, en dan is de skriuwer... de laitsjende tredde, alteast as de lêzer ien is dy't himsels relaesjes oaneigenje wol. In subjektive krityk is in ûnding, omt dan de skreau of de flok de heechste foarm fan krityk wêze soe. In subjektive krityk as Ideäel is de triomf fan de dierlike natuer oer de kultuer. In objektive krityk is in oar Ideäel, mar like fleisleas en abstrakt as elk ideael. Hwant it ideäel bistiet allinne by de graesje fan syn ûnmooglikheit.
In to skôgjen boek rekket de kritikus persoanlik, sels as it him negatyf noch posityf hwat seit. It bifêstiget him earne yn of it knoeit hwat yn him, it hielet of it wounet. En nou is it oer 't generael ienris sa, dat in kritikus mear rekke is fan in min boek as fan in ‘ridlik goed’ boek. Fan gefolgen is der fan in min boek mear to sizzen. Oer in ‘ridlik goed’ boek falt neat to sizzen, - men lêst it, seit ja of hm, wurdearret... en forjit it, ienfâldich omt it to goed is om der biroerd en to min om der wyld fan to wurden. Der binne net folle boeken yn 'e wrâld dêr't men wyld fan wurde kin,
| |
| |
aldergeloks. En men moat al in summum fan minskeleafde wêze om jin duorjend roppen to fielen de lêzer yn to lieden yn de skientmen fan al dy ridlik goede boeken. Men komt dan al gau ta exaltaesjes as dy dêr't de hear Schippers, forneamd as ynlieder fan boeken, foar hwaens warberheit, minskeleafde en geduld ik oars de waermste biwûndering haw, net altyd oan ûntkomt.
Men sil foar 't forstân hawwe, dat ik hjir net doel op it ‘goede’ of ‘bêste’ boek yn mear absolute sin, en ek oannimme, dat ik net blyn bin foar it tige relative fan sokke net fuortdaliks fine ûnderskiedingen. Dat ‘goede’ of ‘bêste’, algemien foar útsûnderlik oannommen boek to propagearjen, der positive dingen yn to ûntdekken, iderkear mear, en it folk dêr mei bikend en bitroud to meitsjen, - dat is net in die fan flakke philanthropy foar skriuwer en lúzer oer, mar in ienfâldige minsklike plicht fan de kritykskriuwer. Oer it ‘ridlik goede’ boek, jitris, falt foar him neat to sizzen, it makket himsels ta in bliidûntfongen miskien, mar ek wer like bliid forgetten intermezzo, it soarget foar himsels en de kritikus hoecht der neat oan ta to foegjen as: Keapje en lês as de ponge it talit; lit it, as Jim min fan âld papier ôfsjen kinne. Sa'n oardiel leit bûten de draechwiidte fan it temperamint. Dat boek kin in ‘objektive’ krityk krije, dy't bistiet út signalearjen en ynhâld-resumearjen. Mar oer kultuer praet men der mar leafst net by.
Oars is it mei it minne boek. Dat it in gefaer is foar de mienskip, mei wier wêze en hinnebruije. Der binne wis wol greater gefaren dy't de mienskip bidriigje, en in kritikus is, as litterator, miskien wol yn it twadde, mar net yn it earste plak in bistrider fan natuerrampen. As er striidt tsjin it minne boek, dan docht er dat omt er him biledige fielt as lêzer en oantaest, oanfallen yn syn
| |
| |
goede forwachtingen fan it libben. It is in hanneling fan hygiëne, fan self defence. It is wrychtich wier net sa dat er him mei alle geweit ynkringt yn de goede bidoelingen fan de skriuwer, om dy in forriederlike deastek to jaen. De skriuwer lit syn boek los op de wrâld én op 'e kritikus, dy't wier net mient dat er de sprekbuis fan dy wrâld is (en as er it al mient, is er mis). Skriuwers goede bidoelingen twinge har oan de kritikus op, kringe yn him op, springe tsjin him op. As er tsjin dy oanfal protestearret, is dat in earlike striid fan man tsjin man. En as it boppedat ek jitte de fordigening blykt to wêzen fan inkelde elemintaire easken fan goede smaek, in fordigening fan de kultuer, dêr't de wrâld har foardiel mei dwaen kin en dy't de geastlike folkssounens to goede komt, dan is dat grif in winst dy't miskien by eintsjebislút wichtiger is as kritikus' persoanlik forwar, mar dochs in winst dy't oan dat persoanlik forwar syn ûntstean to tankjen hat en sadwaende secundair is. Men moat nammers de winst oan geastlike folkssounens troch litteraire krityk net to heech oanslaen. Meast sil it allinnich in geastlike ‘élite’ wêze dy't fan dy krityk ‘better’ wurdt, en faeks is it dan ek noch mar allinnich in forhastingsproces by in stikmannich lju, dy't mei de kritikus, of tsjin him yn byneed, al lêzende en oardieljende, al sykjendewei eigen wegen gean wolle.
Foar Fryslâns boek hat dizze kwestje noch in spesiale kant. Hwant: goede bidoelingen - hwat docht men dêr mei? Hwat docht men der mei, spesiael yn in lân dêr't de goede bidoelingen sa foar 't opskeppen lizze as hjirre? Moatte goede bidoelingen mei dat folk en syn jammerdearlik analphabetisme-út-eigen-èn-oar-mans-skuld altyd ôfreägearre wurde yn bellettristyske rariteiten? Kin men as men fan meilijen riden wurdt
| |
| |
mei dat folk en syn geastlike noeden, net better hinnegean en jow Fryske les of sprek propagandasprekken foar de Fryske saek?
Dêr komt dit by: it niveau fan it minne Fryske boek leit noch altyd parten leger as dat fan, lit ús sizze it minne Hollânske boek. ‘Merijntje Gijzen’ is út in kultureel each sjoen in min boek, mar it is better as ‘Fetse fan Gurbe Tryn’, en as men jin der ta roppen fielt, kin men as kritikus mei paedagogyske, minskeleavjende en ‘opbouwende’ bidoelingen de lêzer noch altyd mei mear rjocht (en mei minder lêst fan in kwea gewisse) paedkundich meitsje yn de skientmen fan ‘Merijntje’ as yn dy fan ‘Fetse fan Gurbe Tryn’. As yn ‘Fetse’ (hwat ik daliks oannimme en by foarrie meistimme wol) ‘positive’ dingen foarkomme, punten fan skientme, in goed rekke dialooch, in suggestive natuerbiskriuwing, in goed troffen karakter, - dan hoecht de kritikus fan Fryslâns grounen dy net mei in heap ‘opbouwende’ wurdearring op de lêzer oer to dragen, ienfêldich omt se sà oan de oerflakte fan de Fryske lêzerssiel appellearje, dat sels de meast stupide letterfretter se der út fiskje kin. Yn in boek dat psychologysk sa bryk is as in hispel en qua intrige sa dea as in bakstien, is it net nedich dat men mei klam op in knap bitearde blêdside wiist, op in moaije natuerbiskriuwing, hwant elke lêzer is yn safier gjin analphabeet mear, dat er syn eigen lânsdouwe mei mear triennen weromkenne sil út in goede as út in knoffelige natuerbiskriuwing. Men moat wrychtsjes wol in hiel bisûnder bytsje lêst ha fan skriuwersoanstriid, as men net in pear aerdige Fryske lânskipsskilderijkes op papier stalle kin. Ja, immen dy't dat nèt kin, sil nea op it idé komme dat men jins dingen op papier sette kin. Gjin boek is sa min of it hat syn kwaliteiten,
| |
| |
al wiene it allinnich de goede bidoelingen. Mar as de skriuwer net it formogen hat om dy kwaliteiten sa nei foaren to skouwen, dat men om 'e miskwaliteiten sykje moat yn pleats fan oarsom, dan hat sa'n skriuwer net it rjocht om goede bidoelingen, dy't er grif hawn hat, wurdearre to easkjen.
Yn 'e krityk jildt: it negative is aktuëel, en it positive moat al bisûnder posityf wêze as it aktuëel wurde sil. Goede bidoelingen yn 'e litteratuer (resp. skriuwerij) moatte al tige bisûnder goed wêze, as hja it neamen wurdich en dus aktuëel wêze soene.
|
|