Ta ynlieding
De hjir opnommen skôgingen en kritiken bitsjutte fiif jier krityske wurksumheit op it Fryske litteraire mêd. Hja wjerspegelje yn har earste ôfdieling tagelyk fiif jier Fryske proazakunst en de problematyk dy't dy opsmiten hat: de problematyk fan in lyts folk, dat great wêze wol yn de dingen dêr't in lyts folk great yn wêze kin.
De reden ta dizze útjefte moat de lêzer net to fier sykje. Dy leit ntl. foar it greatste part yn de gewoane skriuwersidelheit, en minder yn it langst om in ‘histoaryske died’ to dwaen of in dokumint foar de takomst to jaen. Of't dêrby de biskreaune fiif jier yn de wurksumheit fan de kronykskriuwer in biskate phase bitsjutte, is in frage dêr't er him leaver net oan weaget.
Hy is him biwust, dat er fan dy Fryske proazalitteratuer in biskaet byld tekene hat - in byld dat de histoarje faeks as in mistekening sjen sil. Hy avontûret it, dat subjektive byld de lêzer foar to lizzen yn boekfoarm, om't er him der fan biwust is, dat it ‘right or wrong, my country’ op it stik fan de kultuer in tige swak argumint is. Der kin yn alle gefallen gjin twivel oan bistean, oan hokker kant fan de tinkbyldige streek tusken ‘lektuer’ en ‘litteratuer’ as er stiet, It soe him lykwols goeddwaen, as dizze kroniken biwize koene dat er dêr net mei tige noft stiet, dat it in sigerich plak is, en dat er dy imaginaire streek sels as in probleem sjocht.
De lêzer dy't op it terrein fan de ‘Fryske skriuwerij’ thús is, sil witte dat it meastepart fan dizze skôgingen