| |
| |
| |
It kritysk kerwei
Under orkestmusisi waret de ûnfreonlike leginde rûn, dat kontrabasspylders eins mislearre fioelisten binne,
lju dy't harren artistyk mislearjen teskûl gean litte efter in grut muzikaal bakbist dat lûden produsearret dy't gjin inkelde tahearder op suverheid hifkje kin. It wie as ik it goed ha de heit fan de ferneamde komponist Johannes Brahms, dy't út eigen wjerfarren de grap lansearre, dat elke noat fan de kontrabassist in slach yn 'e loft is, en dat it dus mei dat ynstrumint net sa nau hipt, as der mar wat lûd út komt dat it spyljen fan de mei-musisi in grânzjende en gromjende ûndergrûn jout. Ik haw dat altyd in mislik praatsje fûn, om't ik bin der wis fan dat it basynstrumint tige hege easken stelt oan suverheid, technysk fakmanskip en presizens. Mar dit soarte praatsjes hawwe in taai libben.
In lyksoartige leginde heart men wolris omgean oangeande literêre kritisi, dy't harren gebrek oan skeppend fermogen oerraze soene troch mei útset lûd op 'e skeppende fermogens fan oare lju los te ramaaien. Sels ûnfruchtber, behelpe se harren út wraak mei oarmans echte of oannommen tekoartkommings, om harsels it oansjen fan wiere, almachtige keunstrjochters te jaan. Mei itselde rjocht soe men it byld ta oare libbensgebieten útwreidzje kinne. Bygelyks: fakpedagogen as mislearre skoalmasters, rjochters as mislearre advokaten, fakbûnsbestjoerders as mislearre arbeiders en gean sa mar troch.
Yn dizze leginde leau ik dus net. Mar it is wol sa dat op it mêd tusken de skeppende keunstner en de oardiel útsprekkende keunstbroer gâns tûkelteammen en problemen lizze. Lit ús foarop stelle dat men om in keunstwurk beoardielje te kinnen net perfoarst sels as skeppend keunstner warber hoecht te wêzen. Of, om in legindarysk wurden útspraak fan Fedde Schurer te sitearjen: om aaien keure te kinnen is it net nedich dat men se sels lizze kin. Lit ús ek fêststelle dat net elke kritikus ek in suksesfol skeppend keunstner | |
| |
is, likemin as elke skeppende keunstner útsoarte in kritikus mei foech wêze soe. De psychyske easken foar dy twa fakulteiten binne net deselde; se freegje beide har eigen spesjalisme, al kinne se fansels yn ien persoan wol lykop gean.
Wat is eins literêre krityk? It wurd ‘krityk’ op himsels seit it measte net. It komt fan in Gryksk tiidwurd ‘krinein’, dat de betsjuttingen: skiede, ûnderskiede, útkieze, beskiede, ferklearje,
oankleie, oardielje en ek feroardielje op syn brede rêch meitôget. Yn dy betsjuttingsskala leit al in hiel ferskaat fan mooglikheden opsletten. Mar lit ús it simpel hâlde en by de meast neutrale betsjutting: oardielje.
Krityk op harsels kin sjoen wurde as in neutraal wurd, dat beide kanten út kin, nei it positive (geunstich beoardielje), en it negative (feroardielje, ‘ôfkreakje’ sizze de skoalgeande jongeren by foarkar).
Literêre krityk hâldt yn prinsipe dy beide mooglikheden yn, dus: it skieden fan it goede en it minne. Mar dêr is ynearsten noch net in soad mei sein. Elk dy't wolris krityske skôgingen fan ûnderskate beoardielers fan ien keunstwurk neist elkoar lein hat, is wol ta it ynsjoch kommen, dat wat de iene posityf wurdearret, by de oar gjin praat wurdich is. Krityk is subjektyf, wurdt der dan sein, mei de bygedachte: it is in gok, in kwestje fan tafal,
fan goed of minder goed sin, bygelyks.
It hinget der mar fan ôf hokker easken de beoardieler út syn eigen subjektiviteit wei stelt. Tafallige faktoaren fan fijânskip of deilisskip kinne in rol spylje. Krityk kin yndied uterst subjektyf en dus fan mar beheinde wearde wêze, ik wol it graach tajaan. Lykwols, men moat dêr foarsichtich mei wêze. In kritikus dy't stomwei fan de needsaak ta subjektiviteit útgiet en dus fan de gedachte dat it der net op oankomt, sit goed fout. In kritikus dy't net oertsjûge is fan de krektens fan syn negatyf òf posityf oardiel, moat òf him stilhâlde, òf hy moat foar syn twivel of ûnwissens of ûnmacht earlik útkomme. Foar in oertsjûge kritikus is dat lêste gjin skande. De kritikus hat in ferantwurdlik kerwei en hy sil de beskikking hawwe moatte oer gâns geastlike souplesse om yndied rjòcht te dwaan. Mooglik mei him sels de eask steld wurde,
dat er in soarte fan kameleon is; dat er by steat is en pas him oan oan allerhande kleure-nuânses yn it ryk patroan fan de literêre ferskynsels. No ropt dat wurd ‘kameleon’ ûnaardige assosjaasjes op oan ûnpersoanlikheid, opportunisme en glêde karakterleazens. It probleem fan de kritikus is sadwaande yn earste ynstânsje it finen fan it krekte lykwicht tusken syn kameleon-natuer en syn persoanlike oertsjûging, syn stânpunt, syn persoanlikheid. De wiere krityske hâlding soe omskreaun wurde kinne as it gearranen fan affiniteit | |
| |
mèi tsjinstanderskip of wantrouwen, dat prof. Romein beskôge as de bêste garânsje foar it skriuwen fan in goede biografy. In kritikus kin, as er dizze saken út it each ferliest, in protte kwea,
alteast fertriet teweibringe. Guon kritisi bygelyks mankearret it oan hertlike spontanens. Se miene ek by in wurk dat harren fuortdaliks en ûnwjersteanber as ‘goed’ oansprekt, ferplichte te wêzen tsjinoer dat positive wat en leafst sa folle mooglik negatyfs te stellen, gewoan út gewoante, of út ynkankere wantrouwen tsjin har eigen yntuysje. In sadanich wantrouwen kin op himsels sûn wêze, mar der moat gjin dogma fan makke wurde. Krityk is net út prinsipe samar in los spultsje fan wat nimme en wat jaan.
In âld probleem, dat hjoed de dei wer tige yn 'e belangstelling stiet, is de fraach oft by de beoardieling fan in keunstwurk rekken hâlden wurde mei of moat mei faktoaren dy't bûten it keunstwurk as sadanich steane. Mei biografyske faktoaren bygelyks: dingen dy't men wit út it privee-bestean fan in skriuwer, útlizzingen of ferklearringen dy't by sels bûten it keunstwurk om, bygelyks yn de flaptekst, dien hat. It is fansels ferliedlik om ús bewûndering foar Vestdijk syn op Jamaïca spyljende roman Rumeiland op te hingjen oan it feit dat de man sels nea op Jamaïca west hat en dochs de sfear fan dat eilân yn de 18de ieu ferbjusterjend krekt werjûn hawwe moat. Mar om fan dat argumint op 'e krekte wize gebrûk te meitsjen soe de kritikus sels yn de 18de ieu op Jamaïca tahâlde moatten hawwe, en dat is fan in kritikus wier tefolle frege. Hy kin it argumint ek allinne mar brûke as er tafallich wìt, dat Vestdijk der noait west hat. Mar hoe wit men soks? Moat elke lêzer alle feiten út it libben fan in auteur kenne om dy syn boeken beoardielje te kinnen?
Moat, ja sterker: mèi men soks witte? Foeget sok in witten wat essinsjeels ta oan de wearde en it wêzen fan it keunstwurk? Nei myn betinken is in kritikus mei soksoarte fan arguminten op glêd iis, dat er better oan de literêr-histoarikus oerlitte koe. Yn de histoaryske wittenskip is no ienris àlles tastien.
It alderearste útgongspunt fan in literêr kritikus moat wêze it libbene bewitten dat er net in minske te beoardieljen hat, mar in keunstwurk, dat safolle mooglik los sjoen wurde moat fan de privee-persoan dy't it makke hat. Dat wol lykwols net sizze dat de kritikus himsels folslein weisiferje en yn it skaad fan it keunstwurk krûpe moat om der neat oars as de slaafske en nederige tsjinner fan te wêzen. It liket it stânpunt te wêzen dat yn Nederlân ûnder oaren troch Kees Fens en syn bruorren fan it tydskrift Merlyn beliden wurdt.
Utsoarte en yn teory liket it stânpunt net ûnakseptabel en | |
| |
ek net ûnsympatyk. Mar yn de praktyk - men hoecht der it tydskrift fan de close-readers mar op nei te lêzen - bliuwt fan dat nederich tsjinnerskip net it measte oer. Ek de close-reader smyt himsels mei al syn hertstocht en oertsjûgingskrêft net yn it skaad, mar yn it skelle deiljocht fan de striid om de wearde
fan it keunstwurk. En dat is mar in goed ding: it soe oars in ferfeelsume boel wurde.
Hjir leit noch in kwestje dy't betizing oproppe kin. It is in bekend feit, dat Menno ter Braak, dy't yn de jierren tritich de erkende oanfierder wie op it stik fan de literêre krityk yn Nederlân, de leuze kreëarre hat, dat by it literêr oardiel de fint boppe de foarm gyng. Guon hawwe, neffens my sûnder rjocht, dêr út ôfliede wollen, dat Ter Braak it keunstwurk as sadanich net wichtich fûn, mar wol de persoan dy't it makke hie, de fint. Ik leau dat dit in miskenning is fan Ter Braak syn bedoelingen en ek fan syn krityske praktyk. Syn leus wie net rjochte tsjin in technyske beoardieling fan it keunstwurk, mar tsjin it epigonisme, de maklike neifolgingssucht, dy't spesjaal yn syn tiid it wêzen joech oan in floed fan leave,
ûnpersoanlike ferskes dêr't in soad fan bloed en ingels yn foarkaam. De eask dy't Ter Braak stelde komt der op út, dat de makker fan it keunstwurk gjin glêde, handige ferskemakker of gemoedlike, op technyske trúkjes driuwende ferhaaltsjebakker is, mar in libbene en oarspronklike persoanlikheid, dy't wat fan belang te sizzen hat en dy't dat docht op syn eigen persoanlike wize, yn in foarm dy't dan byneed net folslein geef hoecht te wêzen. De eask dat de skriuwer in persoanlikheid, in ‘fint’ wêze moat, betsjut lykwols hiel wat oars as de langst om de wederwarichheden fan sa'n persoan yn syn privee-libben te witten om syn wurk skôgje te kinnen. In skriuwer hoecht fan syn persoanlikheid gjin tsjûgenis ôf te lizzen yn it dwaan fan stoere dingen en sterke stikken. Fint is yn de taal fan Ter Braak gjin lefgozer of geastlike body-builder, mar it is in Terbraakiaans understatement foar sokssawat as ‘libbene, ôfbeakene en as oarspronklik te determinearjen persoanlikheid’.
Men soe oeren bekfjochtsje kinne oer wat de kritikus dwaan en wat er litte moat. En moai wis binne der likefolle opfettingen oangeande it beoardielerskip as der beoardielers binne. Gomperts hat ris in lange list publisearre fan stânpunten en begjinsels dêr't in kritikus fan útgean kin, en hy konkludearret dat de bêste kritikus dyjinge is dy't safolle mooglik fan dy stân- of útgongspunten yn syn oardielsfoarming opnimt. Mar in alderearste praktyske eask is tinkt my dochs wol, dat de kritikus him bewust is fan it plak dêr't er skriuwt en fan it publyk dêr't er foár skriuwt. It mei sûnder mear dúdlik wêze, dat in deiblêdkritikus dy't skriuwt foar in grutte | |
| |
en min te definiearjen lêzersrûnte, in oare oanpak hat en in oare toan oanslacht as immen dy't skriuwt foar in lyts esotearysk klubke fan ynwijden. Foaral de deiblêdkritikus moat yn it foarste plak ynformatyf en begeliedend wêze en syn lêzers in klear byld jaan fan it literêr fleis dat yn 'e kûpe sit. Hy moat, eardat er syn eigen oardiel jout, by steat wêze it objekt fan syn ûndersiik helder en konkreet te omskriuwen, en by hoecht dêrby it jaan fan in koarte ynhâld (op himsels faak al slim genôch!) net te mijen. De ynhâld fan it wurk, dat is wol it earste dêr't de takomstige lêzer derfan rjocht op hat, al kin it by guon keunstwurken taktysk wêze dy takomstige lêzer de ôfrin fan it ‘ferhaal’ te ûnthâlden, dat der wat spanning oerbliuwt. Dit is grif net it maklikste part fan de deiblêdskriuwer syn opjefte: it boek hannelet dêr en dêr oer, it wol dat en dat wêze mei dy en dy middels en it is ornearre foar dy en dy lêzer. De kritikus moat, om it ris djoer te sizzen, trochkrûpt wêze yn de keunst fan de literêre fenomenology, de wrâld fan de ferskynsels.
Faaks mei ik dêr noch in lêste opmerking oan tafoegje. It is myn persoanlike oertsjûging - en in jiermannich praktyske warberheid as kritikus hat my dêr yn sterke - dat in kritikus oan in dei- of wykblêd him by de kar fan syn objekten net al te folle liede litte moat troch persoanlike foarkar of troch datjinge wat tafallich oan 'e oarder fan de dei of yn de moade is. It probleem waard okkerdeis wer ris aktueel, doe't de redaksje fan it wykblêd Vrij Nederland ferklearre, de romans fan Theun de Vries kamen net yn 'e beneaming foar in besprek yn it blêd. Der waard moai wis mei bedoeld te sizzen, dat de boeken fan Theun de Vries dêrfoar net modern, net avant-gardistysk genôch binne. Yn feite waard dus bedoeld, dat allinne de literêre wurken fan in mannich útferkarde fernijers foar kritysk besprek yn oanmerking kamen en dat de rest net folle mear is as lêsfoer. Ik leau dat in kritikus him net al te lichtfeardich ôfmeitsje moat fan de fraach oft in teoretysk ûnderskied tusken saneamde lektuer en saneamde literatuer yn 'e praktyk wol sa maklik te hantearjen is. In kritikus moat it hiele fjild fan de letteren oersjen, fan de bedaard, evenredich fierder arbeidzjende, tradisjoneel oriëntearre fakman oant en mei de jonge eksperimintearjende oproerkraaier. Miskien is it net altyd noflik om boeken te lêzen en te beoardieljen dy't om sa te sizzen ek yn 1912 skreaun wêze kind hiene. Mar it kin in skriuwer al min kwea-ôf nommen wurde, dat er net op syn tritichste ferstjert, likemin as der fan him easke wurde kin dat er as fyftich- of sechstichjierrige syn persoanlikheid ferleagenet om in Harry Mulisch- of Jan Wolkers-epigoan te wurden. Freontsjes- of groepkespolityk is dwers-ferkeard. Elke foarm | |
| |
fan literatuer, mits fakkundich en sûnder dilettantyske ligerichheid beoefene, hat rjocht op tawijde en earnstige oandacht, en hat der rjocht op yn it eachweid fan de deiblêdlêzer brocht te wurden. As ien ding myn kritysk kredo is, dan ditte. Mar dat wol net betsjutte, dat de kritikus syn eigen opfettingen net stelle meie soe, skerp en konkreet en útdaagjend byneed, tsjinoer de ferskynsels dy't er net lije mei. Hy moat in kameleon wêze, yndied,
mar sadree't er dy rol yn alle nederichheid ferfolle hat, hat er ek it rjocht om himsels it objektiviteitsmasker foarwei te skuorren. As ik in eigen titel efkes fariearje mei: nei de ‘handdruk’ dy't er as kollega oan de skriuwer fan syn objekt jûn hat, kin it ‘handgemeen’ begjinne. Dat is by in fuotbalkriich in goede oanwenst en wêrom dan ek net yn it literêr proses?
[RONO 15-2-66]
|
|