It kritysk kerwei
(1990)–Anne Wadman– Auteursrechtelijk beschermdResinsjes en skôgingen 1950-1970
Boustiennen ta de skiednisJ.H. Brouwer en J.J. Kalma, Winst út De skiednis fan de Fryske beweging is noch net skreaunGa naar eind1 en sil nei alle wierskyn ynearsten ek noch net skreaun wurde, al is der neist in jiermannich as 't my net mist alris in priisfraach oer útskreaun dy't neat opsmiten hat. Dat mei ek gjin wûnder hjitte, want der sit oan sa'n ûndernimmen nochal it ien en oar fêst. Dy't dizze skiednis skriuwe wol, moat om te begjinnen al in foech wittenskiplike distânsje nimme kinne, dat net maklik is foar immen dy't persoanlik yn de Fryske striid betrutsen is. Hy sil boppedat tûzenen dokuminten bestudearje moatte, fan de âldfryske | |
[pagina 255]
| |
wetten ôf oant en mei ynstjoerde stikken yn deiblêden. It is in libbenswurk dêr't ik op dit stuit nimmen foar witte soe, dy't it oankin. Wy wurde yn al dy dingen krityskeroan. En hoe slim it is, mei bliken dwaan út it feit dat de ferâldere en al lang útferkochte samling biografyen, yn 1926 útjûn fan dr. G.A. Wumkes ûnder de titel Bodders yn de Fryske striid, in boek dat in hiele generaasje fan dy Fryske striders kweekt en foarme hat, noch gjin ferbettere en útwreide opfolger fûn hat. Nimmen hat sa't skynt de moed dêrta. De grutte taast fan Wumkes soe yn ien persoan ferienige wêze moatte mei de wittenskiplike presizens dy't dy grutte figuer sa folslein ûntbriek. Lju mei dy grutte taast binne der; presize pluzers ek yn mannichte. Mar harren synteze bestiet noch net, bin 'k bang. Lykwols kin der it ien en oar oan dien wurde, troch boustiennen oan te dragen. Jan Piebenga hat dat al dien op it mêd fan de Fryske skriftekennisse, dy't mei de bewegingsskiednis op 'en nausten ferbûn is. Fryske dissertaasjes en oare stúdzjes binne dwaande Piebenga syn wurk oan te foljen. Ds. J.J. Kalma is al jierren lyn begûn mei it oandragen fan sokke boustiennen foar it grut kerwei fan de Fryske skiedskriuwing en fan him, sekuere sneuper, aktive natuer, kinne wy yn dit stik noch gâns ferwachtsje - mar hy is wer gjin skriuwer.
Hy en prof. J.H. Brouwer hawwe mei de bondel brieven Winst út forlies in nije bydrage levere foar dy skiedskriuwing, en net ien fan de ferfelendste. It boek is útjûn yn opdracht fan it Frysk Selskip 1844 by de betinking fan de 100ste stjerdei fan Harmen Sytstra (en ek, nim ik oan, al stiet it der net by, dy fan Tiede Roelofs Dykstra), en mei jildlike stipe fan Provinsjaal Bestjoer, Fryske Akademy en Je Maintiendrai. In kostber boek, dat no net fuortdaliks lektuer-foar-it-folk is. De samlers hawwe hjir, mei in ynlieding, gâns oantekeningen (ek wolris oerstallige) en in rige bylagen, in part fan de briefwiksel publisearre fan de trije bekende oprjochters fan it Selskip: Harmen Sytses Sytstra (dy't himsels doe noch Zylstra neamde), Tiede Roels Dykstra en Jakobus van Loon. Spitich genôch koe it finansjeel net lije en jou de folsleine korrespondinsje fan dit trijemanskip út. De samlers binne frij willekeurich op 29 maart 1847 ophâlden en sadwaande beslacht de hiele briefwiksel noch gjin seis jier. Mar dan wol in tal jierren dy't fan ûnwittend grut belang west hawwe foar de ûntjouwing fan de Fryske bewustwurding: it ferdwinen fan it Athenaeum (restant fan de eardere Frjentsjerter Hegeskoalle), de oprjochting fan it ‘Ald Selskip’ en fan it tydskrift Iduna en de opkomst fan in nije generaasje fan bewuste Friezen fan in oar | |
[pagina 256]
| |
slach as de yn nasjonaal opsicht wat wurge Halbertsma's en de meast Hollânsk sprekkende en skriuwende lju fan it Frysk Genoatskip. Ek yn oar opsicht is dit boek gjin allemanskost. In part, nammentlik de epistels fan Harmen Sytstra, is skreaun yn de saneamde Iduna-stavering, dy't, behalve dat se sabeare wittenskiplik wie en skriklik slim om te learen, ek noch sawat by de wike wer feroare, sa't it hiet tichter by it ideaal kaam... Dykstra dêrfoaroer brûkt de Halbertsma-spelling, wylst by en Van Loon yn it Hollânsk briefken. Wie dat omdat Van Loon as Biltker it Frysk oanleard hie? Of omdat Dykstra yn him al de takomstige gesachdrager, de Deputearre seach? Wy witte it net. It hat gjin doel dit boek op hakken en teannen nei te gean. Hiel folle nijs yn grutte dingen bringt it net en lang net alles wat de trije freonen bebriefken is fan grut gewicht. It giet wol wat ryklik faak oer swierrichheden mei de ‘post’ en oer it al of net stjoeren of weromstjoeren fan boeken en tydskriften. Mar faak is der dochs ek in toan fan minsklikheid dy't makket dat wy de trije jongfeinten elk yn har yndividualiteit dúdlik foar ús krije. Nim sa'n lytse utering fan romantysk oerdriuwen út in brief fan de lettere Deputearre Van Loon, de man dy't - hoe is it mooglik, freget men jin ôf - 34 jier lang, fan 1862 oant '96, de Selskipsfoarsittershammer hantearre, mar dy't yn syn jonkheid dit skriuwe koe: ‘Neen, ik wil ik kan niet zwijgen. Neen vriend! van verontwaardiging neem ik de pen op of laat mij liever zeggen van kwaadaardigheid. De Tranen ontvlieten mijne oogen, en ze zijn zuiver gemeend.’Ga naar eind2 En wat mei der dan foar skrikliks bard wêze? Neat oars as dat de freon Dykstra om in al of net terjochte reden út it Frjentsjerter Studinteselskip set is. Treflik fan selskennis is by dyselde Van Loon dochs ek de passaazje (maart 1843, út in brief fan fiif bledsiden printe) dêr't er him yn ferwart tsjin de ‘vurige geest’ en it grutte dichterskip dat se him oanprate woeneGa naar eind3. Nijsgjirrich is ek wol it getsier ûnder de studinten, faak om dingen fan neat.
Aspiraasjes hiene yn alle gefallen Dykstra en Sytstra wol. Lykas de ynlieding seit: ‘yn in al te reedlike tiid, dêr't it libben út wie, pleitsje foar it goed rjocht fan it gefoel, foar it suvere en echte. Iensume striders hawwe hja west. [...] En yn har iensumens hawwe hja Fryslân wer ta nij libben brocht’. Goed, en dêr binne dan grutte dingen út fuortkommen, mar tagelyk pielden dizze jongelju ek oant yn it ferfeelsume mei lytse dingen, mei details om, yn in al te grutte beskiedenheid. De bedoeling fan it Selskip is tekenjend: | |
[pagina 257]
| |
der moat in stel jongkeardels by inoar komme, ‘in stik fjouwer fiif frieske jonges [--] dy't it hart op de rjuchte pleats sit, net al to folle wyn yn 't hier en what foar frieske tael in 't heitelân oer hawwe’Ga naar eind4. En wat moatte dy jonges (oer fammen wurdt fansels net praat) dan dwaan? Soargje dat der Fryske stikken komme, teltsjes en rymstikjes, om dy te beoardieljen en sa mooglik út te jaan. Dan komt it oare (it Fryske Fryslân) fansels...
Gauris reitsje se, yn dy ferminging fan oermoed en lyts gepiel, op doalwegen, bygelyks Sytstra mei dy ûnmooglike Iduna-stavering en Dykstra mei syn grut, al te grut projekt: it beskriuwen fan de Fryske skiednis en tagelyk de Fryske ‘mytology’ (dêr't er yn 'e praktyk net folle mear as ‘folkloare’ mei bedoelde).
De ynlieding ta dit boek fan de beide skriuwers (of fan ien?; soms stiet der ‘wy’, dan wer ‘ik’!) foldocht oan de easken fan objektiviteit, dúdlikheid en goede, sij it soms wat droege formulearring. Wol krige ik de yndruk, dat it ferbân tusken it ferdwinen fan it Frjentsjerter Athenaeum (‘it ferlies’) en de oprjochting fan it Selskip (‘de winst’) sa direkt en oertsjûgjend net is as de ynlieders lykje oan te nimmen. Ek traapje se wolris iepen doarren yn, bygelyks op bledside 25: ‘Wy binne dus fan betinken, dat it it bêste is de oprjochting fan it Selskip yn ferbân te sjen mei de romantyk.’ Dat is no, yn 1962, gjin ûntdekking fan kwizekwânsje mear. Under dizze ‘romantyk’ sille wy dan ek rekkenje meie de o^fkear dy't dizze jongfeinten al hawwe fan Hollân, dat se ‘de grime herne’ neame. Seldsume nijsgjirrich is yn dit ferbân dizze opmerking fan Dykstra oan Van Loon: ‘Ik wil in 't friesch schrijven. Men heeft tot nu toe friesch voor friezen geschreven; maar als 't mij eenigzins gelukt dan zullen ook vreemdelingen (en de bevooroordeelde Hollandsche quasi critici het eerst) genoodzaakt zijn friesch door te slokken of gedoemd zijn vertalingen uit het friesch te lezen.’Ga naar eind5 Somlike dingen yn ús tiid binne net sa nij as somlike lju miene. Mar ek: der is net folle feroaring ûnder de sinne. Allinne soe moai wis in jonge Fries mei aspiraasjes yn ús dagen net allinne syn Hollânske freon, mar ek syn Fryske yn it Frysk oanskriuwe! Ek in lyts eksimpel fan de Fryske tragyk, likegoed as it feit dat fan dy grutte plannen fan Tiede Dykstra mar in skeamel lyts bytsje op 'e hispel kommen is.
[VV 11-8-62] |