kundich) proefskrift Paedwizers fan de Fryske filology (benammen oer it wurk fan F. Buitenrust Hettema en Theodor Siebs).
En no is it wer yn Amsterdam, en wer, lykas ek yn de beide lêstneamde gefallen, ûnder de hoede fan prof. dr.
J.H. Brouwer as promotor, dat de Harnzer learaar Ingelsk Klaas Dykstra, ek bekend as Frysk dichter, syn mânsk proefstik Oersettingen yn it Frysk oan de heechleararen foarleit, om dêrmei syn titel te fertsjinjen, plus in lytse salaris-ferheging, as in slim behindige temjittekomming yn de ferskuorrend hege kosten dêr't in promovearjend persoan, ek al hat er faaks hjir of dêr wat finansjele stipe opdien, foar komt te stean.
Wa't dit mânske boek - 291 fyn beprinte bledsiden - trochblêdet, sjocht al gau dat er gjin flot en fleurich lêsboek foar him hat. Efteryn bygelyks fynt er in 27 bledsiden lang oersjoch (‘Taheakke’) fan letterlik alles wat der yn 'e rin fan 160 jier oan oartalige teksten yn it Frysk oerset is, mei namme en tanamme en fynplak en datearring en al. Dat is dus inkeld dokumintaasje, nùttige dokumintaasje, mar net om sa ris yn in rêstich pypskoft efkes ta jin te nimmen. In stekproef lit sjen, dat dit materiaal net allinne folslein, mar ek up to date is:
oersettingen út maart 1962 ûntbrekke net; it is dus suver oan de lêste dei ta bywurke.
Ek foaryn fynt men nochal wat dokumintêr-statistysk materiaal ferwurke, dat no net ta systematysk lêzen en neigean útlokket, mar dat bewiist hoe yngeand Dykstra him mei syn stoffe ynlitten hat, en hoe't er mei syn materiaal suver alles dien hat wat der mei te dwaan foel: oan alle kanten besjoen en hifke en mei alle problemen de konfrontaasje oangien... Utsoarte is dit allegear fan tige belang foar de spesjalist en ta nut fan de Fryske filology, sûnder dat it daliks baanbrekkend is yn geastlik-wittenskiplik opsicht.
Fan mear artistyk belang is it middenstik fan it boek (bls. 120-240), dat út twa grutte haadstikken bestiet. It earste makket in stúdzje fan literêre teksten dy't mear as ien kear yn it Frysk oerset binne (út Hollânsk, Dútsk, Ingelsk, Frânsk, Latyn, Gryksk ensafh.). It twadde fan dy beide stikken jout in neffens de tiid oardere oersjoch fan de wichtichste lju dy't har op it Frysk-literêre mêd oan it oersetten wijd hawwe,
te begjinnen mei de Shakespeare-fertaler Rinse Posthumus oant en mei de promovendus sels. En dêr tuskenyn treft men ûnder oaren de nammen oan fan Eeltsje Halbertsma, H.G. van der Veen, Waling Dykstra, J.J. Hof, D. Kalma, O. Postma,
Fedde Schurer, Marten Sikkema, D.A. Tamminga, Sjoerd Spanninga. Fan al dizze lju wurdt gâns in rige oersette