It kritysk kerwei
(1990)–Anne Wadman– Auteursrechtelijk beschermdResinsjes en skôgingen 1950-1970
[pagina 242]
| |
IDe Fryske ferbiningen mei it toanielsjeny Shakespeare datearje net fan hjoed of juster. Mear as 125 jier is it lyn, dat ds. Rinse Posthumus, yn in tiid dat de Ingelske toanieldichter op it Europeeske fêstelân noch in stikhinne in ûnbekende wie, syn earste oersettingen joech: De keapman fen Venetien en Julius Cesar. Letter folgen noch mear stikken, mar foar in part útjûn. Posthumus' oersettingen hawwe betsjutting as kultuerdied, as profetysk besykjen, en gâns minder troch har wearde op harsels: se binne breklik, ferwrongen, slim om te lêzen. Mar wat dêr mear as hûndert jier lyn yn dy stille studearkeamer fan de Waaksenzer pastorij oan wurk ferset is, moat, by alle technysk tekoartsjitten, ús bewûndering oproppe, omdat it tsjûget fan djip en fier foarútsjend kultuerbesef, fan moedich besykjen, fan grut idealisme. Earst yn ús ieu hat it tariedend wurk fan ds. Posthumus syn fuortsetting fûn. Yn 1925 en '26 hat de Dryltser skoalmaster (dus gjin universitêr foarme man lykas ds. Posthumus) Teatse Holtrop de Fryske literatuer ferrike mei fertalingen fan Hamlet en Julius Caesar. Benammen de Hamlet-oersetting lit in enoarme foarútgong sjen by it wurk fan syn foargonger. It is in geef dokumint, in weardich keunstwurk, dat tsjûget fan in ynlik him ynlibjen yn de Shakespeariaanske sfear, mar ek fan sterk byldzjend en technysk fermogen.
Doe't Holtrop syn oersettingen ferskynden, wie Douwe Kalma - om 1920 hinne de coming man op it mêd fan de Fryske skrifteken- | |
[pagina 243]
| |
nisse - al dwaande mei syn Shakespeare-stúdzje. Yn de ferantwurding ta syn oersetting fernijt er ús, dat er as jong skriuwer grut wurden is mei twa dingen: mei Fryslân en mei Shakespeare; en dat dy twa him sûnt syn jonkheid net mear loslitten hawwe, mar in mark set hawwe op syn libben en syn wurk. Syn Shakespeare-fertaling is dan ek, neffens Kalma syn sizzen, frucht fan tritich jier stúdzje en sân jier skriuwen. Frucht ek fan gâns mislearre besykjen, fan einleas eksperimintearjen. En wy kinne dit allegear sjen as it libbenswurk fan in man oan wa't de Fryske kultuer, by al syn persoanlike eigenaardichheden en misse setten, sa ûnhjirmlike folle te tankjen hat, dy't op allerhande gebiet út it Fryske kultuerbyld net mear wei te tinken is en dy't, koart nei't er oan syn folsleine Fryske Shakespeare de lêste hân lein hie, op sa'n tragyske wize by in ferkearsûngemak it libben ferlear. By syn libben noch hat de Shakespeare-stifting har ta doel steld ta in útjefte fan dit libbenswurk te kommen, en no is dan it earste fan de seis of sân dielen ferskynd.
Dr. Kalma hat mei dizze Shakespeare-yn-it-Frysk in monumint skepen dêr't men net te licht oer tinke moat. Shakespeare is gjin maklik dichter, yn syn hinne-en-werrige ferminging fan earnst en koartswyl, yn syn kunde oan de stoarmige djipten fan de minsklike siele. Ek hjirom gjin maklik dichter, omdat syn wurk, neffens de trant fan de tiid, fol sit mei wurdboarterijen dy't yn suver elke oare taal as it Ingelsk min te genietsjen binne en dy't in modern publyk, net sa thús yn de tinkwizen fan de 17de ieu, iderkear wer foar riedseltsjes sette. Shakespeare syn drama's, de blijspullen likegoed as de earnstige stikken, hoe ryk oan hanneling, oan ôfwikseling, oan kykspul en dramatysk barren, binne boppe-al eksimpels fan gearkrongen, konsintrearre taalgebrûk, dy't fan in oersetter neat minder freegje as: duvelswurk. Elk dy't wolris pield hat mei oersetten fan poëzy, wit sawat wêr't de swierrichheden sitte. It giet net sasear, lykas by it fertalen fan proaza, yn haadsaak om it finen fan it rjochte wurd, mar om it finen fan it rjochte wurd op it rjochte plak. Men komt ommers al ridlik gau ta de ûntdekking, dat de oarspronklike dichter syn meidieling getten hat yn in foarm dy't it lytst mooglik tal wurden ferbynt oan in soepele en yn wêzen simpele sinsfoarm. De fertaler sjocht him mar al te faak twongen mear wurden te brûken en sadwaande de soepele sinsfoarm fan it orizjineel om te bûgjen, te ferwrikken en te ferwringen. Hy stiet dan foar de kar: òf eat fan | |
[pagina 244]
| |
de meidielingsynhâld op te offerjen oan de goed rinnende sizzing, òf in swiere, tsjûke en mishannele fersrigel te meitsjen dêr't wòl alle meidielingsynhâld yn ferarbeide is. Hy moat faken sinnen, fersrigels dy't in organyske ienheid foarmje, tebrekke, yn twaen spjalte. Hy moat in part fan dy meidielingsynhâld oerbringe nei in folgjende rigel en sjen dêr wer wat út te sparjen. Hy kriget oanstriid om der dan yn 'e goedichheid mar in ekstra rigel tusken te nifeljen. Hy moat fierder rekken hâlde mei mjitte en rym, hy moat, as it efkes kin, alteast wàt bewarje fan de klank fan it oarspronklike. Koartsein: hy moat om tûzen dingen tagelyk tinke. Dr. Kalma hat him troch dy tûzen dingen net ôfskrikke litten. As Shakespeare rym hat (gauris trije rigels efterinoar), hat hy it ek. As Shakespeare in wurdboarterij hat, besiket Kalma dêr ek it bêste fan te meitsjen. Hy hat krekt fêsthâlden oan Shakespeare syn tal rigels, dus nearne in rigel tuskenslûke, dêr't de wanmoedigens in minske sa gau ta ferliede soe. Mei rjocht seit er yn syn ferantwurding, dat in goede proazawerjefte fan Shakespeare gjin Shakespeare is. Mei rjocht, want al wurdt yn sa'n proaza-werjefte hûndert kear de folsleine meidielingsynhâld werjûn, in fersrigel, in sprutsen klaus is in natuerlike ienheid dy't as sadanich belibbe wurde moat en yn jins fertaling realisearre. Der is dan ek alle reden om mei dizze Shakespeare-oersetting wiis te wêzen en te hoopjen dat it Fryske folk it monumint weardich wêze sil: der wat mei dwaan, der riker en lokkiger fan wurde sil, - riker net it minst ek oan eigen skeppingsmacht!
En no dit foarste diel. It befettet trije kluchten, jeugdwurk fan de dichter: In komeedzje fol forsinnen (wêrom net ienfâldich: ‘klucht’?), Leafdes lêst net leanne en De twa eallju fan Verona. Dêrneist stiet yn dit diel behalve de al neamde beheinde en persoanlike ferantwurding in wiidweidige, mar net te lange ynlieding oer it plak fan Shakespeare yn it kultuerpatroan fan syn tiid, benadere op de bekende literêr-histoaryske wize. In goed en lêsber wurkstik. Wat ik lykwols mist haw yn dit diel, is in koarte yntroduksje ta it taalgebrûk en de ferstechnyk fan de dichter, in praktyske hantlieding dus ta de dingen dêr't men by it lêzen (en spyljen) om tinke moat. Mar tajûn: ienfâldich is soks net. ‘Lêzen, goed lêzen fan Shakespeare yn syn eigen taal, is en bliuwt in stúdzje,’ seit Kalma mei rjocht en reden. It jildt net allinne foar Shakespeare yn syn eigen taal, mar yn elke oare taal en grif yn it Frysk. | |
[pagina 245]
| |
IIAs ik oan it foarige no wat krityske oantekenings fêstknotsje, is dat fansels net om de útjefte as sadanich te bestriden of immen tsjin te meitsjen. Wol is it yn 'e hope dat oan de folgjende dielen mear soarch jûn wurde sil. In part fan myn beswieren jildt de breklike ynklaaiing fan de tekst, de tekstfersoarging. Oer it uterlik wol ik it net hawwe, al docht de stienreade bân my oan allerhande dichters tinken, behalve krekt oan Shakespeare; mar dat is persoanlik.
Om te begjinnen sitte der yn it fan my ûndersochte part fan dit earste diel frijwat setflaters. Slimmer is, dat yn In komeedzje fol forsinnen allinne al fjouwer kear in rigel útfallen is, wat de tekst bedjert. Guon passaazjes binne omwiksele of in ferkearde persoan yn 'e mûle lein. Sa heart de rigel ‘Kom nêst my, eangje net. - Helmburden foar!’ (bls. 79) fjouwer rigels nei foaren. In klaus fan Antipholus fan Efeze (bls. 81) heart fan Dromio útsprutsen te wurden. Trije fan de fjouwer rigels fan Adriana op bls. 83 hearre thús yn de mûle fan de Hartoch. Op waans rekken dizze dingen komme, kin ik net neigean. It kin oan de oersetter lizze, mar ek oan juffer W. Zylstra, dy't har (slim ûnelegant, en op hokker grûnen?) neamt: ‘be- en fersoarchster’. It binne ‘mar’ printflaters en fersinnen, bêst, mar krekt in wurk as ditte heart mei alle wittenskiplike sekuerens korrizjearre en neigien te wurden.
Yn in krityk op it al earder by wize fan foarpriuwke ferskynde stik In Midsimmernachtdream hat drs. Klaes Dykstra yn De Tsjerne as syn grutste beswier tsjin Kalma's fertaaltechnyk oantsjut, dat er iderkear wer it konkrete, stoflike beneamen by Shakespeare omset yn it abstrakte en dizenige. Dat hâldt ek foar dizze stikken en it hat ferbân mei Kalma syn hiele geastlik-dichterlike útris dy't de sweverige kant it neist is. En krekt dàt kin Shakespeare sa min ferneare. Ik jou in pear foarbylden. Op bls. 38 seit de tsjinstfeint Dromio, dat er him yn learene klean stekke moat ‘if I last in this service’: as ik it yn dizze tsjinst úthâlde sil (dêr't de man sa'n bruien kriget). Kalma lit it hiele begryp ‘tsjinst’ yn 'e dize en makket derfan: ‘om hjir sa fuort te farren’. Op bls. 77 seit Angelo by Kalma: ‘lit ús sjen hoe't by (= de keapman fan Syracuse) fertsjocht’. Dus: lit ús sjen hoe't er fuortgiet. Mar de Ingelske tekst hat dat algemiene en ûndúdlike ‘fer- | |
[pagina 246]
| |
tsjocht’ hielendal net. Dêr stiet sûnder omwegen en op 'e man ôf: ‘We will behold his death’: wy sille syn dea sjen, dus: sjen hoe't er deamakke, eksekutearre wurdt. En sokke foarbylden binne der mear.
Yn syn ‘Forantwurding’ ferklearret de oersetter, dat er mar in dea-inkelde kear om in rymwurd sykje moatten hat. Mar der binne likegoed party gefallen dêr't rymneed ta neat minder as tekstferknoeien laat hat. Nim sokke wurden fan Adriana op bls. 37:
Mar weacht itselde lijens wicht op ús,
Jit lûder klinkt ús kriten dan faak thús.
Dit ‘faak thús’ slacht nearne net op, hat alhiel gjin logysk ferbân mei de fierdere tekst: it ìs sa mar wat. Kalma syn ferlet om tsjin 'e klippen oan Shakespeare syn rymskema's te folgjen lit him iderkear dingen yn 'e tekst slûkje dy't út syn eigen brein fuortkomme en dy't (en dat is slimmer) alhiel net yn 'e tekst passe. Sa wurdt op bls. 49 it sizzen fan Dromio: ‘I must laugh’ (ik moat laitsje) ferfongen troch: ‘Wat grappich! bist fol wyn?’ - wylst by Shakespeare hyn ofte nei gjin wyn te bekennen is en hjir dus in ferkearde suggesty jûn wurdt, dy't ek oaren as gehielûnthâlders steure moat. Op bls. 45 seit Adriana: ‘Wat stiestû dêr en eam'lest? In moai fak!’ Dat ‘moaie fak’ is in útbriedsel fan Kalma en derby sleept om it rym op ‘slak’. En wa't ris besykje wol om in troch rymneed gearmjuksele tizeboel te ûntriedseljen, moat gear oer de boppeste tolve rigels fan bls. 37. Hy rêdt it net sûnder help fan de Ingelske tekst. Mar ek dêr't gjin rymneed oanwêzich wie, hat Kalma op ytlike plakken it Ingelsk ferkeard werjûn. ‘A kind of jollity’ is net ‘in soarte fan doel’ (bls. 42), mar ‘in soarte fan fleurichheid’ (‘genot’ by Burgersdij k). En tige nuver wiist it op bls. 81, dêr't de Lichte Juffer seit: ‘Sa wier, hear, as ik no jins antlit sjoch’. Yn it Ingelsk stiet foar ‘jins antlit: “your grace”, dus: “jins genede”, “jins heechheid”. Blykber hat de oersetter “face” lêzen foar “grace”. En hoe moat men oan mei bls. 65, dêr't “the sergeant of the band” (de lieder fan de troep) oerset wurdt mei: “de strange man fan de plicht”?
Op oar terrein lizze de frijmoedichheden dy't Kalma soms oandoar op it stik fan al te âldmoadrich ôf al te nijerwetsk taalgebrûk. Dat er praat fan “permanintsjen” (hier yn 'e krol setten), mei as | |
[pagina 247]
| |
grapke noch hinnebruie. Mar past it grouwélige wurd “mokkel” (Amsterdams bargoens) yn de Fryske fertaling fan in 17de-ieuske tekst? En dan dat nuvere “wantsjes”, dêr't it Ingels “blows” (= klappen, bruien) hat? Tinkt net elke lêzer by soks oan Hollânsk “handschoentjes”? Yn mannich opsicht is dit Frysk gjin Frysk, mar sabeare-Frysk, boekefrysk, Kalma-frysk, dat wol sizze: Frysk mei in estetysk kleurke en mei literêre linten en flinten opgnistere. Frysk dat fakentiden net mear as in keunstmjittige ferbining hat mei de libbene folkstaal. Us konklúzje moat wêze, dat dizze útjefte gjin krekte fergeliking mei de grûntekst ferneare kin. Wis, der stiet sûnder mis gâns goeds en moais yn dizze Fryske Shakespeare. Soms is de werjefte raak, treflik, boppestbêst. Mar like faak is Kalma stroef, ûndúdlik, misliedend en ûnkrekt. Al dizze dingen - en dêrby noch de breklike tekstfersoarging - meitsje dat dit earste diel gâns minder beteard is as de earbied foar de grutte Ingelsman easket. Lit de Shakespeare-Stifting dêrom op dizze foet net fierder gean, mar omsjen nei in kommisje fan spesjale lju, anglisten en dichters, dy't de boel foar it útkommen fan nije dielen hifkje en op hakken en teannen neigeane, behâldend wat Kalma goeds hat, ferbetterjend (en dat mei in mingsel fan beskiedenheid en frijmoedichheid) wat net doocht. Te min earbied foar Kalma? Miskien. 't Is mar de fraach wat it swierst weage moat: de earbied foar Kalma of dy foar Shakespeare. In op gâns plakken swakke en hjir en dêr minne oersetting dy't hûndert persint fan Kalma is, of in hûndert persintoersetting dy't mar foar santich, tachtich persint fan Kalma is? Ik foar my hâld it op it lêste.
[VV 1/14-3-57] | |
III Selde wurk, diel II (1959).In lytse fjouwer jier tiidsferrin tusken twa dielen fan ien wurk is sûnder mis ryklik lang en men kin jin de mismoedige man wol yntinke dy't fersuchte dat er mei sa goed as àlle wissichheid de lêste dielen postúm ûntfange soe. Oan 'e oare kant meie wy, sjoen it te lyts tal yntekeners en de hege kosten fan sa'n projekt, yn it Fryslân fan ús dagen, tankber wêze dat diel II der noch kommen is. En as 't my net mist, wie der nòch in omstannichheid dy't in flugger gong fan saken opkeard hat. It earste diel, dat trije kluchten befette, | |
[pagina 248]
| |
koe, die bliken, net oan strange easken fan tekstfersoarging foldwaan. Der is fan ûnderskate kanten krityk kommen op Kalma syn wat formalistyske fertaalopfettings, op syn wat al te persoanlik taalgebrûk, en ek op tal fan sloarderichheden yn it earste diel: setflaters, saaklik ûnkrekt werjûne rigels, klauzen oan in ferkearde persoan taskreaun. De Shakespeare-Stifting hat yn dy krityk oanlieding fûn om it wurk tenei oereidzje te litten fan in spesjale kommisje fan deskundigen, dy't lykwols om tsjustere reden net by de nammen neamd wurde. Dat is spitich, want no is nei ferskinen fan diel II slim ûndúdlik wurden wa't foar de definitive tekst de ferantwurding draacht. Ek mei it earste diel wie dat net yn allen dúdlik: in ferantwurding en in ynlieding fan de doe al ferstoarne oersetter, in wurd foarôf fan de Shakespeare-Stifting en dan noch gâns oantekeningen en fuotnoaten dy't alhiel of foar in part op rekken stiene fan de ‘be- en fersoarchster’ juffer W.L. Zylstra. Dy har namme komt yn diel II net mear foar. Mar wa binne dan nò de ‘be- en fersoargers’?...
No is sok oereidzjen en korrisjearjen net sok bare maklik wurk. Wêr moat de revyzje begjinne en wêr einigje? Flaters kinne ferbettere wurde (der is by diel II ek in ynlisfel mei flateroanwizingen op diel I), mar kin men ek yngripe as Kalma net sasear in fout makke as wol de tekst op syn persoanlike wize geweld oandien hat? It fan my ynnommen stânpunt: leaver in goede oersetting dy't foar tachtich persint fan Kalma is as in minder goede foar hûndert persint fan Kalma, hawwe de ferantwurdlike lju net oan wollen. Mar oft en yn hoefier't yn dit diel feroare of ferbettere is, falt op gjin inkelde wize út te meitsjen.
Lykwols, der moat daliks by sein wurde: foar sok yngripen hat yn dit diel wierskynlik minder oanlieding west as by I. Ik krij tige de yndruk dat it oersetten fan dizze mear bekende trije komeedzjes: De fekke nuet, In Midsimmernachtdream en De keapman fan Veneesje, foar dr. Kalma in folle mear ynspirearre arbeidzjen west hat. Benammen de mearkessfear fan de Midsimmernachtdream, al earder yn syn oersetting apart ferskynd, spriek de skriuwersgeast fan Kalma tige oan. By de trije kluchten fan diel I hat dat leau ik yn minder mjitte it gefal west. Dat is fansels it grutte risiko by sok in monumintaal oersetkerwei: dat de oersetter net allinne fertale moat wat him goed leit, mar ek datjinge dêr't er gjin of minder nocht oan hat. It wurdt dan plicht en sleur en handichheid. It | |
[pagina 249]
| |
meilibjen, de kongenialiteit hat dan ek sûnder mis by diel II grutter west as by I. Lykwols bliuwe beswieren tsjin Kalma syn fertaaltechnyk bestean. As klassisist hat er pynlike krekt alle ferstechnyske ferskynsels fan Shakespeare syn literêre taal rjocht dien: rym, metryske ferskowingen, ferskil yn rigellangte, wurdspilingen ensafh. Dat makket dat lang net alles soepel ferrint en dat de tekst op gâns plakken mar min lêsber is. Dêr komt by dat Kalma wol in taalkeunstner wie, mar dat syn eigenlik taalbesit dochs wat beheind wie, iensidich, frijwat abstrakt, en net folle kontakt hie mei de libbene Fryske folkstaal. It oersetten fan Shakespeare hat foar him in typysk estetysk-yntellektuele wurksumheid west, dêr't er him te min by ôffrege hat oft dizze fertalingen by in mooglike opfiering wol genôch ta de harker, ta de mannichte sprekke soene.
Kalma syn sinskonstruksjes rinne faak net oer fan dúdlikheid en oersichtlikheid en binne gauris te opsetlik yn it ferstechnysk ramt wrongen. Mear as nedich wie brûkt er wurden en siswizen dy't allinne mar yn 'e lytse rûnte fan Fryske-literatuerleafhawwers bekend steane, alteast begrepen wurde sille. Fan dy echte literêre Kalma-wurden, lykas ‘siid’ foar rûnte of selskip fan hege lju, dat er út it Germaansk helle hat, en ‘yft’ foar wettersalamander, dat er foarme hat nei it âld-Ingelsk ‘efetha’. Yn de ferklearringen wurdt dit ferantwurde, mar soks kin men by in útfiering no ienris net dwaan. Kalma hat in literêr wol begryplike en ta in hichte ferantwurde foarkar foar argaismen en boekewurden. Foar ‘oom’ brûkt er net it gewoane wurd ‘omke’, mar it by Gysbert Japiks foarkommende ‘iem’; men lêst hjir steefêst ‘jit’ en noait ‘noch’; gauris treft men it wurd ‘swiid’ oan, dat krêftich betsjut, mar dat de gewoane man-harker altyd ferstean en begripe sil as ‘swiet’ (zoet). In polysjetsjinner hjit hjir ‘witsjer’, in dief is in ‘tsjeaf’, in bosk suver altyd in ‘wâld’. Fierder lêst men: ‘oermits’ (omdat), ‘hoask’ (freonlik), ‘oan iggen’ (oan kant, út 'e wei), ‘harren’ (hjirhinne). Ik wol gjin oardiel útsprekke oer it literêr ferantwurde wêzen fan dizze meastepart ferâldere en by lang net elkenien mear bekende wurden, mar al fêststelle dat se in earnstige behindering foarmje by it spyljen fan dizze stikken foar in wat grutter publyk. En dan binne der noch de stive-skonkkonstruksjes lykas: ‘Doe heile it ieden’ (Holl.: Toen hagelde het eden) en ‘Hy joech him slim steurd ôf’ (yn pleats fan razend, poerlilk of sokssawat). Sûnder mis hat it Ingelsk fan Shakespeare in taal west dy't yntellektueel frij hege easken oan it publyk stelde, mar it toaniel fan syn tiid wie | |
[pagina 250]
| |
dochs perfoarst net allinne ornearre foar it lytse rûntsje fan de incrowd: it moat troch gâns in mannichte ferstien wêze. En dêrom is it tige de fraach oft wy-modernen it rjocht hawwe yn in moderne oersetting de tagonklikheid yn 'e wei te stean troch al te folle ta te jaan oan ús sucht nei literêre en ‘âldheidkundige’ fynsten. Dat nimt net wei, dat dit twadde diel Fryske Shakespeare èn as samling lês-stikken èn as staal fan persoanlike, soms àl te persoanlike oerset-keunst fan grutte wearde is en in soad oandachtige, ‘studearjende’ lêzers fertsjinnet.
[VV 30-9-60] |
|