It kritysk kerwei
(1990)–Anne Wadman– Auteursrechtelijk beschermdResinsjes en skôgingen 1950-1970
[pagina 236]
| |
Muzikologysk puzzelwurkJacob Jansen, Gysbert Japicx' Lieten. Prof. Jansen hat mei syn boek oer de wizen by Gysbert Japiks' lieten pionierswurk dien. Mei grutte krektens en sneuperssin hat er him jûn yn it tizebosk fan de âlde 17de-ieuske lieteboeken, en it is him, muzikologysk detektive, slagge fan sa goed as alle wizeoantsjuttingen dy't de Bolserter poëet by syn poëmen opjûn hat, de wize mei frij grutte wissichheid op te spoaren. Dêr't syn wei dearûn, hat er dochs noch besocht mooglikheden te jaan. Yn mar ien gefal is him dat net slagge, en noch wol krekt by dàt Gysbertliet dat wy as studinten mei-breinroer-gemoed sa faak songen hawwe, it liet fan Wobbelke. Men hoecht yndied net àl tefolle muzyk-histoarysk gefoel te hawwen om fêst te stellen dat de wize dêr't wy it op songen wat àl te folle nei de romantyk roek om suver 17de-ieusk te wêzen, mar der stie dòchs yn ús lieteboekje mar by: ‘Stemme: Daer vond ick heynelijck, &c’Ga naar eind1. Prof. Jansen hat | |
[pagina 237]
| |
dizze wize gjin wurd weardich achte, en ik kin my dat wol begripe fan offisjeel wittenskiplik stânpunt út wei. Oan 'e oare kant, Jansen beskikt oer mear gefoel foar humor as foar Unoantaastbere Wittenskiplike Heechheid, en dêrom, sjoch, hied er alteast my in deugd dwaan kinnen en los dit Wobbelke-riedling efkes op, byneed per fuotnoat. Ungemurkenwei bin ik al oan 't kritisearjen rekke. Mar lit my dochs foaropstelle, dat ik dit boek mei earbied en bewûndering lêzen haw. It Frysk is wolris wat optocht en meidat it relaas oarspronklik foar in part artikelsgewiis yn tydskriften ferskynd is, ferfalt it wolris yn herhellings, mar de skriuwer is in man dy't eksakt, mei fjoer, begryplik en flotwei oer de dingen skriuwe kin. Hy hat mei dit boek in nijsgjirrige bydrage levere ta de Gysbertstúdzje. En dêrom no dan in mannich kanttekenings.
Op bledside 69 en nochris yn de Hollânske gearfetting op side 129 stelt Jansen, dat Gysberts liet Wolkomm' freugde fenne Wrâd, sij it net alhiel goed, ‘nog altijd veel en gaarne gezongen wordt.’ Dat no komt my ryklik roaskleurich foar. Under it folk - op brulloften en partijen - haw ik alteast dit liet noait sjongen heard (it stiet ek net yn de âlde Lieteboeken), wol ûnder de studinten en yn jongerein-fermiddens. Jansen sjocht dizze melodijGa naar eind2 dan ek moai wis as in ‘fariant dy't yn de 20ste ieu foarme is’. Mar, freegje ik, wêrnei, wêrneffens? Der moat dan dochs in boarne wêze, en dy boarne is, tinkt my, net de folkssjongmûle. De ien of oare muzikus (fakman of dilettant) moat earne in Galathaea-melodij fûn, dy op Gysberts wurden tapast, en doe it saakje bygelyks yn de Studintebeweging loslitten hawwe. Faaks kin in feteraan út de Studintefederaasje hjir ljocht bringe. De ‘nije’ wize fynt men al, mar sûnder neiere ynformaasje, yn mefrou A. Komter-Kuipers har samling 10 lieten fen Gysbert Japicx (1939), dy't Jansen sa hoflik byneideaswijt (op in lyts letterke op side 128 nei). Mar hie in neier útlis - dit sydlings efkes - fan de ‘vele onjuistheden’ yn dat boekje hjir net op syn plak west? It sil dochs wol net allinne mar út ûnkrektheden bestean! Sûnder mis, seit Jansen op bledside 5, binne Gysberts lieten wol op de fan him bedoelde meldijen songen wurden. Sûnder bewiis leau ik dêr noch net it aldermeaste fan. Hoe langer ik my mei Gysbert ynlit, namste mear by my de oertsjûging komt, dat de man suver gjin klankboaiem hân hât, en grif net ûnder ‘it folk’: dêr wie syn kultuerhistoaryske situaasje net neffens. It liket my earder ta, dat it oanjaan fan dy wize-oantsjutting - dêr't men út konkludearje | |
[pagina 238]
| |
moat dat de dichter syn fersen yndied op it metrysk stramyn fan dy wizen dichte hat - earder in kwestje fan moade wie, en dat oan sjongen pas yn it twadde plak tocht waard. It kin ek noch wat oars betsjutte: it oanhâld finen oan in beskaat metrysk-ritmysk skema, dat as ynspiraasje-driuw tsjinje koe. Dêr binne ek wol oanwizings ta. Prof. Jansen sprekt hjir en dêr twivel út oft Gysbert, as er boppe syn fersen mear as ien wize oanjoech, wol witten hat oft er dêr mei ien of mei twa wizen te dwaan hie. As dat yndied sa is en as dus in melodij Gysbert net folle mear joech as it metrysk stramyn dêr't er syn ferswurk op borduere, hokker sin hat it dan noch te sykjen om Gysbert syn muzikaliteit, op grûn fan de estetyske wearde fan de troch him brûkte melodijen, in putsje dat de skriuwer op side 9 oan oaren oerlit? Prof. Jansen is wolris ryklik optimistysk. As er (bls. 108) ta syn ferrassing in Hollânsk lieteboekje fynt mei in hantekening út syn bertestêd Warkum, konkludearret er fuortdaliks dat de melodij dy't oan 'e oarder is, dus yn de buorstêd fan Bolsert songen is. Ik soe daliks sa fier net gean wolle: it liet kìn dêr yn Warkum songen wêze, mar dat seit net dat it ek, wat hjir eins suggerearre wurdt, yn Bolsert songen is.
In kwestje fan mear belang is de folgjende. Kalma hat yn syn dissertaasje tige war dien om efter de datearringen fan Gysberts fersen te kommen. Yn party gefallen is dat slagge, mar yn oare, en faak psychologysk de meast nijsgjirrige, nammentlik de erotyske poëzy, net. Dizze erotyske poëzy no is it krekt dy't Gysbert sa faak fan melodij-oantsjuttingen foarsjoen hat. Biedt it ûndersiik fan Jansen in helpmiddel om de kwestje fan de datearringen fierder te bringen? It liket my ta dat Jansen, as muzikolooch - en dus is it him net al te kwea-ôf te nimmen - dit literêr-histoarysk probleem net sjoen hat. Foar de literatuer-skiednis is dat spitich. Foar Jansen wie de fraach: hokker fan de fûne melodijen past kwa metryske struktuer it bêst by de wurden fan Gysbert Japiks? In literêr-histoarikus hie de fraach oars steld: út hokker lieteboek út hokker jier is de measte kâns dat Gysbert syn melodij helle hat - derfan útgeand altyd, dàt er dy út in lieteboek helle en net út eigen ûnthâld wist, mar dan nòch, om't de fersprieding fan in liet dochs earne op in printe tekst weromgean moat. Om in foarbyld te neamen. It gedicht Foor-sizfen 't Lijen uwz Sillig-meytsersGa naar eind3 hat net minder as trije wize-oantsjuttingen, dy't krèkt sa foarkomme yn de 9de printinge fan in sjongboekje, ferskynd yn 1694, lyts tritich jier nei Gysberts dea. Oer in eardere printinge fan 1655 jout Jansen gjin útslútsel, om't dat foar syn | |
[pagina 239]
| |
fraachstelling net fan belang wie: hy hie de wize, dêrmei út. Mar stel dat dy printinge fan 1655 de earste wie en dat ek dêryn dyselde trije wize-oantsjuttingen al foarkamen, dan soe men mei hast hûndert persint wissichheid konkludearje meie: Gysbert hat dat boekje kend en syn fers dus yn of nei 1655 skreaun. En no soe dat witten yn dit gefal foar ús net sa wichtich wêze, mar yn oare gefallen al. Ik haw alle fynsten fan Jansen neigien mei myn fraachstelling foar eagen, mar suver nea in befredigjend antwurd fine kind. Fuortdaliks is dat al ûnmooglik, as bliken docht, dat Gysbert moai wis wizen nommen hat út Starter syn lieteboeken, dy't datearje út de jierren tweintich, en guon miskien út dy fan Stalpart, fan in jier of tsien letter. Mar hjir en dêr skimeret dochs wàt ljocht, bygelyks as in dúdlik te datearjen fers Lân-Geane aef Friesche Freugde: oer it ijn-nimmen fenne Sted HulstGa naar eind4 - it is fan 1645 - neffens Jansen (side 84) wierskynlik in wize krigen hat út in lieteboek fan 1645, wylst der gjin âldere boarnen fûn binne. Dêr soe men út konkludearje kinne: Gysbert hat dat lieteboekje fan 1645 (Den gheestelycken Leevwercker) kend, wat ek oangeande oare wizen útslútsel bringe kinne soe. Op dizze wize arbeidzjend soe ik dochs in mannich oanwizingen jaan wolle en wol oangeande trije fersen dêr't Kalma yn syn dissertaasje nochal swierrichheden by ûnderfûn hatGa naar eind5 foar syn besykjen om ta in datearring te kommen. It binne: Ljeafde, Herders Ljeafde to Galathaea en Herders njue, to PalesGa naar eind6. It twad neamde steane twa melodijnammen by opjûn. Dy beide komme, mei noch in tredde, foar yn in lieteboekje fan 1655. Ien fan de trije komt ek foar yn in boekje fan 1649. De wizen (ek dy fan lettere boekjes, foar ús net fan belang) ûntrinne elkoar net folle. Aldere boarnen jout Jansen net op. Om in net neier oantsjutte reden nimt er sels de wize fan 1655 foar kar, mar lit ús oannimme dat dy fan 1649 èk te kiezen wie. Dan lei dus de konklúzje foar de hân: Gysbert hat syn wize (direkt of yndirekt, dat docht net ta de saak) út in boekje fan 1649 of letter. Syn gedicht kin dus net foàr 1649 skreaun wêze. Mar Kalma rekkent dit fers te datearjen fan foar dichter's houlik (hjerst 1636), en wol omdat it neffens him in ienheid foarmet mei de twa oare dy't ik neamde, alteast dêrby heart (wat net hielendal wier is, want Reontse Ljeafde-gâl (s. 20) stiet der tuskenyn, dat Kalma ta in lettere tiid rekkent. Kalma syn fermoeden komt dus aardich swak te stean. It bekende Ljeafde rekkent Kalma èk te datearjen fan foar 1637, om de yndied wol tige erotysk-bluisterige ‘taheakke’. Dat argumint stiet wol sterker, mar it gedicht sels is ek ynhâldlik in problematysk gefal (net rjochte ta ‘in’ leafde, mar ta De Leafde, | |
[pagina 240]
| |
abstrakt en wol) en dy hiele ‘taheakke’, skreaun yn in oar metrum as de rest en dus net op de oanjûne wize te sjongen, liket mear op in grap of op in fersin, mei syn ‘Heal dea! heal dea, trog Minn'-sjocht', Ljeafke!’ (dat dus wòl foar in konkrete frouspersoan bedoeld is), fan Kalma nammers te'n ûnrjochte op bls. 105 as in soarte selsmoard-foarnimmen ynterpretearre. No de wizen. Gysbert jout twa: ‘Prins Roberts mars’ en ‘Een Ionckvrou die mijn hert door-wondt &c.’. Wat dy earste oanbelanget, Jansen lit sjen op bls. 24-28, dat wy hjir te krijen hawwe mei in wize dy't songen waard op in Prins Robert of Robbert, Rupert of Ruprecht fan Bohemen, soan fan Frederik fan de Palts. Hy hat de oantsjutting ‘Prins Rob(b)erts Mars(ch)’ fûn yn fjouwer Hollânske lietebondels fan 1646, '48, '49 en '50. Yn twa (1646 en '50) stiet ‘Masco’ yn pleats fan ‘Mars’, dy binne dus fierder net fan belang. De wize is oeral, mei lichte ôfwikings, deselde. Dizze wize hat yn de jierren 1646-'50, en letter ek noch wol, tige populêr west, en dat wurdt dúdlik as wy de libbensskiednis fan dy yn 1619 berne Prins Ruprecht neigeane: grutbrocht yn Den Haach by Prins Maurits en Frederik Hindrik, yn 1636, dus santjin jier âld, nei Ingelân tein, it lân fan syn mem. Dêr hat er yn de jierren nei 1645 in grutte rol spile as royalistysk oanfierder yn de striid tsjin Cromwell. It leit foar de hân om yn dy Ingelske boargeroarloggen de reden te sykjen fan syn populêrens, temear as men wit, dat de Prins Roberts-mars wierskynlik in Ingelse melodij is en yn 1650 yn in Ingelske samling stien hat. Konklúzje dus (mar mei foarbehâld!): Gysbert kin dizze wize net foar 1646 brûkt hawwe as ynspiraasje-boarne to syn gedicht. Twadde konklúzje (ôfhingjend fan de earste): de ‘taheakke’ heart yndied net by it gedicht. Mei foarbehâld, sei ik. Want de twadde wize-oantsjutting, ‘Een Ionckvrou die mijn hert door-wondt’, wiist op in oare melodij, en ien dy't neffens Jansen yn lieteboeken fan 1631, 1635 en letter te finen is. Men soe dus de ferûnderstelling weagje kinne, dat Gysbert syn tekst oarspronklik op de twad neamde wize skreaun, en letter by it printree-meitsjen fan de saak de earste wize tafoege hat, as earste omdat dy moai wis ek troch har aktualiteit bekender en populêrder wie. Der is sels in lytse oanwizing dat it yndied sa gean kind hat. De twad neamde wize stiet derby tusken heakjes, wat dat Gysbert yn gjinien fan de gefallen dat er twa of mear wizen opjoech, dien hat. Al mei al bliuwt it foarbehâld dochs frij wif en kin men likegoed oan de prioriteit fan de Robert-melodij as ynspiraasjeboarne fêsthâldeGa naar eind7. Dan komt dus ek hjir de datearring fan Kalma: ‘foar 1637’ frij swak te stean, namstemear omdat wy by gjinien fan beide wizen wei witte mei dy ‘taheakke’. | |
[pagina 241]
| |
No soe it tredde fan de trije neamde gedichten, Herders njue, to Pales, útslútsel bringe kind ha. Mar spitigernôch hat Jansen de opjûne wize, ‘Van Cordewagen’, net mei wissichheid thúsbringe kinnen. De melodij dy't er mei gâns foarbehâld jout, datearret fan sawat 1700. Mar as men no de grûn neigiet wêrop as Kalma dit fers fan foar 1637 achtet, blykt dat ek swak te stean. De harder ferklearret yn it gedicht dat er it lân trou bliuwe sil. ‘Ferklearrings dat men it lân trou bliuwe sil, dichtet men allicht minder maklik as men sels yn de stêd wennet’Ga naar eind8. Dy stêd is dan... it plattelânsstedsje Bolsert. Sprekker is in harder, en lit dat dan in ferobjektivearring fan de dichter sels wêze, der stiet net: ‘ik’. Konkludearjend: op net botte sterke grûnen makket Kalma de trije fersen èn neffens de ynhâld èn neffens de tiid fan ûntstean, los fan de dêrop folgjende groep. De kâns is frij grut (ik soe rûze: 75 persint), dat se alle trije fan letter datum binne, behalve dan mooglik de ‘taheakke’ fan Ljeafde. Oare konklúzje: de probleemstelling fan prof. Jansen-asmuzikolooch hat spitigernôch net folle wearde foar de literatuerstúdzje. Dêr late de fraachstelling net ta, boppedat ûntbrekt in yntegraasje fan it materiaal. Hokker doel hat dizze útjefte dan, behalve fansels it doel fan àlle wittenskiplik-histoaryske stúdzje? De skriuwer hat sels it antwurd jûn op bledside 9: ‘ ... ien ding hoopje ik berikt to hawwen: Fryslân kin útein sette mei Gysberts poëzij te sjongen.’ Lit ús it bêste hoopje, mar Fryslân sa'n bytsje kennende...
Der moat ek tajûn wurde: de 17de-ieuske melodyk leit ús net sa bot mear. Dat in pear sangen út Valerius noch min of mear (mar wat langer wat minder) bekendheid hawwe, is net sasear om de wize as om de ynhâld, de histoaryske, patriottysk-religieuze eftergrûn. Populêr sille Gysberts lieten nea wurde, ek al net om de ‘slimme’ teksten. Lit stean dat se Pake syn klok, It âldershûs en de Wâldsang fan 't stee kringe sille. Lit ús hoopje dat in fakman/frou se (of de moaisten derfan) op ferantwurde wize harmonisearret en dat se as keunstlieten songen wurde foar de mikrofoan of by oare gelegenheden. It Frysk gearkomstewêzen sil der grif yn gehalte by winne.
[TS XI (1956), nr.9, 306-311] |
|