It kritysk kerwei
(1990)–Anne Wadman– Auteursrechtelijk beschermdResinsjes en skôgingen 1950-1970
[pagina 228]
| |
IGysbert Japiks is gjin geniaal hichtepunt yn de wrâldliteratuer. Hy is al in fenomeen oer waans ferskinen men jin mear ferbaze moat as oer dat fan party wrâldsjenyen. Dat wurd fenomeen is net te sterk. Wa't der weet fan hat, wat der foàr Gysbert syn tiid oan Frysk op min of mear kultureel plan bestie, wa't ynsjoch hat hoe't in grut part fan de Aldfryske taalboarnen tsjûget fan grutte taalearmoed en ûnsuverheid, fan in suver ûntstellend taalbedjer, en wit hoe't om 1500 hinne de Hollânske of Saksysk kleurde kânslarijtaal fan de kronykskriuwers al foar master opsloech, moat ta de konklúzje komme dat om 1600 hinne dat Frysk amper méar wêze kind hat as de deistige omgongstaal fan boeren, fiskers, ambachtslju en oare doarpsminsken: in net reglemintearre, skraal, ferwyldere en oan alle kanten oanfretten patois, sûnder ek mar de minste stipe yn in hechte skriuwtaaltradysje. Haantjes seit it goed, mar faaks noch te swak: ‘Van hoe edele afkomst ook, in de loop der eeuwen was deze taal verwaarloosd en vervallen’Ga naar eind1. It fenomenale yn Gysbert Japiks wie, dat er oarder skoep yn in gaos dy't wy ús slim gaotysk genôch foarstelle kinne. Hy skoep sels in oarder fan heger oarder, al bleau it yn party opsichten in oarderyn-gaos. Fan in oergroeide wyldernis makke er net sasear in kreas ôffrede en benammen fruchtbere boeregrientetún, mar earder, neffens de moade fan dy tiid, in hast yn Fryske ferhâldingen fan dy dagen net te tinken klassisistysk-barok stedspark. De fraach dy't nei myn betinken oant no ta te min it sintrum fan de Gysbert-stúdzje west hat en dy't dat sa linkelytsen al wurde moat, omdat allinne it antwurd op dy fraach ús yn steat stelt it fenomeen Gysbert yn folle wearde en weardichheid te skôgen, is dizze: wat fûn Gysbert Japiks yn de folkstaal fan syn dagen, en wat moast er sels skeppe mei de taalkundige fernimstigens dy't him eigen wie? Allinne oer dy wei sille wy by steat wêze kinne en ûnderskied syn grutheid fan dy fan oaren, bygelyks Hooft en Vondel. Dy beide wiene gjin taalskeppers, op syn heechsten taalbeslipers. Harren taalmateriaal lei yn haadsaak ree, wie it wurk fan de pioniers út it Coornhert-tiidrek. Gysbert Japiks lykwols moast syn eigen pionier wêze, foarsafier't de Coornherten en Spieghels dat net wêze koene. | |
[pagina 229]
| |
En sa giet as fansels it tinken út nei it stribjen dat koart foar en nei 1600 sa tige libbe by de Hollânske letterkundigen: it stribjen nei suverens en reglemintearring fan de Hollânske taal, de memmetaal dy't yn logyske opbou, yn morfologyske en oare rykdom gelyk wurde moast oan it ideaal: Latyn, de skriuw- en kultuertaal by útstek. Sa wurdt der dan op grûnslach fan in renêssansistysk nasjonalisme purearre, ‘geschuimd’, boud, wurde regels en grammatika's jûn, wurdt de foarmerykdom fan it Latyn op 'e memmetaal tapast, wurde systemen úttocht to grutter gloarje fan it ryk symboal fan nasjonale bewustwurding: de memmetaal. Dy begearte hat ek Gysbert Japiks oanrekke, mei namste mear klam en reden by de grutter ferearming fan it Frysk tsjinoer it Hollânsk. Wolle wy dus it fenomeen Gysbert Japiks neieroan komme, dan moatte wy besykje yn it keunstich bousel fan syn literêre taal it fûnemint en it substraat fan de folkstaal út syn tiid bleat te lizzen. Dat is gjin maklike opjefte, benammen om't wy it stelle moatte suver sûnder fergelikingsmateriaal yn Fryske folkstaaldokuminten. De iennichste wei sil dus wêze moatte de taal fan Gysbert fan binnenút te besjen en te analysearjen. Dêrby binne in pear wichtige punten fan hâldoan. It leit bygelyks yn 'e reden, dat folkstaal in foarkar hat foar konkrete en plastysk-lokale oantsjuttingen en dêrfoaroer in tekoart oan abstrakte en kausale taalfoarmen. Op syntaktysk terrein in foarkar foar net-subordinearre sinsfoarmen. Sa sille der fragen steld wurde moatte lykas: wêr helle Gysbert Japiks syn abstrakta wei, hoe is de ferhâlding tusken abstrakta en konkreta, wêr hat er konkrete en plastike realia yn it abstrakte en metafoaryske transponearre, hokker prinsipes binne liedend by it foarmjen fan syn ferneamde steapel-komposita, hokker part fan syn wurdfoarrie is argaistysk, hoe komt er oan syn neologismen, hoe komt er oan wurden as ‘forhanlinge’ (in frij ienfâldich gefal nammers, mar 't is mar in foarbyld), as, yn syn proazaoersettingen, ‘guwchelschijn’, ‘lustluwckjende nochlyckheiten’, ‘baernende kjealdsjeacktme’, ‘betjuwgkinste’ en sa fierder? Mei it sizzen fan dr. Kramer: ‘stribjen om frjemde wurden troch Fryske wer te jaan’Ga naar eind2 binne wy net klear: binne it wol ‘Fryske wurden’? In oare fraach: wat is de rol dy't it Hollânsk yn dizze dingen spile hat en hoe leit yn allerhande opsichten foar de dichter it ferskil tusken Hollânsk en Frysk: is dat allinne in kwestje fan lûdleare en wurdeskat of ek in saak fan syntaktyske ûnderskiedingen? Hoe moatte wy yn dat ferbân bygelyks in konstruksje as ‘dat me [--] uwtbijldje schoe kinne’ beoardielje? Ek op it punt fan morfologyske ferskynsels en eventuele systeem- | |
[pagina 230]
| |
bou yn dat stik kinne wy faaks oanwizing fine oangeande de wize werop Gysbert de gaos oerwûn hat of oerwinne wòld hat. Utgongspunt en fraach dy't alles behearsket, moat iderkear wer wêze: wêr einigje de kulturele útdrukkingsmooglikheden fan in ferfallen en ferrinnewearre folkstaal en wêr begjint it yndividueel taalskeppingsproses? Oant no ta libbet noch al tefolle by de ûndersikers de ferûnderstelling, dat Gysbert taalkundich mar ins volle Menschenleben hoegde hineinzugreifen om ideale folkskeunst te skeppen en dat er spitigernôch yn in grut part fan syn wurk de oansluting op dat volle Menschenleben mist hat. Benammen Kalma is yn syn Gysbert-biografy om dy fraach nei de ferhâlding folkstaal-kultuertaal estetysk hinne kuiere. Hy liket der stilswijend fan út te gean, dat de Fryske folkstaal al ryp en ree lei foar it gebrûk, dat der, om yn it byld te bliuwen, al in boeregrientetún wie. Mar sadwaande komt men ta in ferkearde diagnoaze, ta in bryk stelde antiteze tusken wat Kalma neamde ‘beside wurk’ en ‘makwurk’. In antiteze dêr't gjin psychologyske ferklearring foar te jaan is, dy't, lykas de ûndersikings leard hawwe, gjin gronologysk hâld hat en dêr't it boppedat lang net wis fan is, dat Gysbert dy sels sa sterk oanfield hat. Better hat Haantjes yn syn proefskrift begrepen wêr't it om giet, al is spitigernôch syn haadstik oer Gysberts taal en styl frijwol it meagerste fan syn boek en hat er gjin war dien om de fan him foaropstelde fertutearzing fan de Fryske folkstaal mei foarbylden ta te ljochtsjen. Syn antiteze ‘folkskeunst’ en ‘renêssansistyske’ of ‘barokkeunst’ is der yn alle gefallen gâns tichter by. Mar ek hjir bliuwt it beswier, dat men yn it gronologyske suver gjin hâld fynt. Eat soe ik hjir dochs noch wol fan sizze wolle. Der is reden om oan te nimmen, dat it Gysbert mei syn Frysk skriuwen, dat men tsjin de hiele kulturele eftergrûn fan syn tiid dochs net oars sjen kin dan as in ûnlogyske, yrreële en ‘dwaze’ died, yn earsten te rêden west hat om in died fan inkeld sportiviteit, of, lit ús sizze: as respons op in útdaging. Yn dit ferbân is it nijsgjirrich de beide foarreden te fergelykjen dy't de dichter ta syn wurk skreaun hat. Yn de earste, ‘d'Authôre to dy lezzer’, is praat fan ‘uwz friessche tonge, dy-me t'on-rjuechte beschildget dat me him mey nin lett'ren uwt-bijldje schoe kinne.’ Yn de twadde foarrede, ‘Oon myn lân-aerde lezzers’, wurdt it gâns oars en skerper, polemysker ferwurde. Der wurdt sprutsen fan ‘Dit so on-dild'lijcke az flouheftigh forwijttjen’, dat ‘uwz, al oer-langh, so libb'ne recke’ hat. En fierderop hjit it fan it besykjen om it Frysk yn letters en yn ‘miette ferssen’ út te byldzjen: ‘dat me uwz to-biet onmuwlck te wezzen’. Wat yn de earste foarrede frijwat dizenich bliuwt, is | |
[pagina 231]
| |
hjir folle konkreter sein. It ‘to-biet’ (= tasnaude, tagraude) - tink ek om 'e doe-tiid, wylst ‘beschildget’ yn it earste sitaat notiid is!; ek ‘al oer-langh’, al lang lyn, is betsjuttingsfol - wiist folle mear op ien beskate persoan (of in groepke fan persoanen) en op in beskaat momint. ‘Uwz’ is net de Friezen, it Fryske folk, mar is op dit plak dúdlik pluralis modestiae. ‘Me’ is net it algemiene ‘men’, nee, it is sa likernôch: immenGa naar eind3. Dat soe wize kinne op in soarte fan taal-ynsidint, op in 17de-ieuske GompertsGa naar eind4 dy't him útlit oer it lokaal bargoens fan Bolsert en omkriten. Ut sok in taalynsidint wei kin men it hiele ûndernimmen: fersen yn it Frysk skriuwe, ferklearje as in antwurd op dat ferwyt, as in sportive prestaasje, in earesaak. Om yn 'e taal fan Charlotte BühlerGa naar eind5 te praten: as in inkeld funksjonearjen, in fitaal dwaandewêzen, in ‘funktionale Betätigung’. Dit inkeld funksjonearjen no ferdjippet en ferswierret him ornaris yn 'e rin fan de jierren ta ‘planmäszige Leistung’, ta bewustwurding en ropping ek, ta wat Bühler neamt: ‘Bestimmung’. It bestimmingsgefoel hinget op 'en nausten gear mei it ‘Leben für Etwas’, mei it jaan fan in sin oan it libben. It komt yn gâns libbens foar, bygelyks by Caruso, waans sjongen yn it begjin inkeld fitale funksje wie, doe berop waard en him geandewei ferdjippe hat ta ropping, ta it ynlibjen yn in rol, ta it trochkringen yn de geheimen fan de ynterpretaasjekeunst. Op in oar plan sjocht men itselde by sportlju by wa't de sport fan inkeld funksjonearjen by it opgean fan de jierren oergiet yn ‘planmäszige’ bestimmingsaktiviteit: se wurde sportlearaar, skriuwe in hantboek of hâlde har mei de teory dwaande. In soartgelikense ûntjouwing moat nei myn betinken ek by Gysbert Japiks pleatshân hawwe. Ek dizze opfetting ferklearret net ôfdwaande wêrom't yn syn dichtkeunst de gronology sa'n lytse rol liket te spyljen, de fraach dus wêrom't er twa ‘soarten’ fan poëzy trochinoar en neistinoar skreau. Mar in op- en delgean fan it bestimmingsgefoel liket my al makliker oan te nimmen as in open delgean fan de foarkar foar ‘besiele keunst’ en ‘makwurk’ of foar renêssânse-keunst en folkskeunst. Yn dizze sin falt sels de hiele earstneamde antiteze wei, meidat ‘makwurk’ en ‘besiele’ keunst op it heechste plan gearfalle. Yn it ferdjipjen fan it bestimmingsgefoel wie by Gysbert de gong nei it ekstreme, nei it eksperimint, in soarte fan ynskepen needsaak, likefolle oft men dit in stigende of in delgeande wei achtet - yn it ljocht fan ús modern keunstgefoel hat it sûnder mis in delgeande west, mar men moat net al te gau histoaryske keunst mjitte mei de jellenstok fan hjoed de deiGa naar eind6. De oanwinnende bestimmingsgefoelens, by Gysbert isolearre yn in suver absolute iensum- | |
[pagina 232]
| |
heid - as Frysk dichter wol te ferstean, net sasear as dichter, as kultureel wêzen - kristallisearje har yn syn dichtkeunstich bestean ta many. Lykop hjirmei is it taalskeppend elemint groeid, mei dizze beheining, dat riten fan minder konsintrearre bestimmingsfielen, fan minder maniakale dogmatyk, it libben joegen oan in poëzy dy't ús makliker oansprekt, omdat dy mear de folkstoan hat. Mar sels dy ‘maklike poëzy’ is gjin folkspoëzy tout court, ek dêr is it taalskeppend elemint dúdlik oanwêzich. Dit allegear is yn wêzen it muoisum en slim te efterheljen proses dat him yn it fenomeen Gysbert Japiks ôfspile hawwe moat. En om dat proses oan it ljocht te bringen, sûnder aprioristyske oardielen oer de mindere weardichheid fan syn al te keunstmjittige poëzyprodukten, is it nedich it taalbouwend elemint los te peuterjen en te ûndersykjen. | |
IIIt is bekend, dat it moderne Frysk yn it hanthavenjen fan de slot-e by substantiven in tuskenstânpunt ynnimt tusken it folle algemiener apokopearjende Hollânsk-Frankysk en de oan de -e fêsthâldende Saksyske en Flaamske dialekten. De apokope fan de -e by dy stammen dêr't er yn 't earstoan behâlden wieGa naar eind7, is yn it Aldfrysk al begûn. Guon ja-stammen, lykas ‘bêd’ en ‘r^ech’, kenne yn it Aldfrysk al gjin lange foarm mear. Oan 'e ein fan de 16de ieu is dit apokope-proses yn in soarte fan krisis-stadium bedarre. Yn de rymspreuken fan Bogerman, yn de sprekwurden fan Burmania, yn Woutir in Tialle en Ansck in Houck treft men al apokopearre foarmen oan as sin/son (sinne/sonne), tong, tsjerk, wil, maei (maaie), pyn, soun (sûnde), hoal (holle), siam (sjamme), piip, bonck, ap(pe). Dúdlik blykt, dat it hiele systeem, sa't dat earder grûndearre wie op in morfologysk stambesef, oan it ôfbroazeljen is. Yn de geskriften fan dy tiid fynt men ek al in beheind tal hyperkorrekte foarmen: de -e stiet achter wurden dêr't er op grûn fan de âlde stamûnderskiedingen net thúsheart. Dat is wol te ferklearjen, krekt yn in oergongstiid, in tiid fan ûnwissichheid. Blykber besteane in skoftlang -e-foarmen en apokope-foarmen fan ien wurd neist elkoar. No sjogge wy by Gysbert Japiks ynienen dy oanstriid ta hyperkorrekte -e-foarmen, bygelyks by âlde a-stammen, yn tige fersterke mjitte nei foaren kommen. It tilt yn syn wurk op fan de-e's dy't dêr winliken fan âlds net hearre. Fan de tsientallen foarbylden neam ik allinne: tyde, deade (mors), steate, wrâlde, leane | |
[pagina 233]
| |
(loon), halse, prealle, wolve, aerde (karakter), breyne, broar(e), ding(e), droame, floede, fôgse (foks), kolcke, hong're, komm're, gruwne, beamme, hânne, pealle, strijde. Sels in suffiks as -heyt kriget gauris in -e. In dúdlike stjit út 'e datyfposysje wei, dêr't de -e noch wol te ferwachtsjen wêze soe, is út it materiaal gjin bewiis, sels gjin oanwizing fan te krijen: in wurd kriget yn in subjektsposysje soms in -e, in pear rigels fierder yn de datyfposysje gjin -e. Ek dichterlik-metryske faktoaren spylje sa foar 't each gjin rol dat 't makket: yn it proaza, dat ik benammen ûndersocht haw, fynt men presiis itselde. No hat W. de Vries yn dizze enoarme tafloed oan hyperkorrekte -e's by Gysbert Japiks in bewiis sjoen, dat yn dy syn tiid it apokope-proses tsjinkeard is fan in offensyf fan de -eGa naar eind8, dat dan dus tige algemiene foarmen oannommen hawwe soe. Dizze útspraak liket my net hâldber ta. Wis, de betizing om 1600 hinne jout de prinsipiële mooglikheid ta it ûntstean fan hyperkorrekta. Mar it is net oan te nimmen dat Gysberts grutte tafloed in wjerspegeling wêze soe fan in ferskynsel yn de folkstaal. Dan ommers soene dêrfan yn it lettere Frysk de bewizen te finen wêze. Mar dy binne der net. Suver gjinien fan de boppeneamde hyperkorrekta fan Gysbert is wêr dan ek yn it lettere Frysk werom te finenGa naar eind9. Syn organyske -e-foarmen dêrfoaroer binne foar in grut part yn it hjoeddeiske Frysk bewarre bleaun, al is fansels ek in poarsje, mei it trochsettende apokopearringsproses, opromme. Fan Gysberts hyperkorrekte -e's fine wy suver gjin spoar, fan syn ‘korrekte’ foarmen gâns spoaren. Mei oare wurden: it foarmjen fan hyperkorrekte -e-wurden komt net fuort út in -e-offensyf yn de 17deieuske folkstaal, mar is in ienmansûndernimmen. It tal hyperkorrekte -e-wurden yn modern Frysk is nammers opfallende lyts. Ek dat wiist op in beskate kontinuïteit yn it apokopearringsproses, dat men al tige beswierlik yn 'e midden fan de 17de ieu trochbrutsen sjen kin troch in tsjinbeweging. Ta grutte hichte wjerspegelet sadwaande de hjoeddeiske tastân noch altyd de âlde stamyndieling. En fan de al oanwêzige hyperkorrekta (trôge, ploege, molke, krante, kleaune, râne, miskien muorre en stile, dat binne de wichtichste foarbylden út myn materiaal) is in grut part út bysûndere oarsaken te ferklearjen. It wurd ploege sil moai wis syn -e opdien hawwe troch it semantysk kontakt mei in grutte groep fan gebrûksfoarwerpen dy't dy -e wol organysk hawwe en dêr't dy -e troch de groepsfoarming in tige sterke posysje ynnimt: eide, bile, flesse, fûke, kanne, kiste, latte, lampe, lantearne, file, mûtse, panne, tange, tinte, fâle, foarke, seage, swipe, ensafh. Yn it gefal ploege kin ek de homonymy mei ploech = groep minsken, | |
[pagina 234]
| |
meispile hawwe. Yn de hyperkorrekte foarmen fan Gysbert Japiks moatte wy sjen it wurk fan in yndividuele man, dy't op eigen houtsje besiket om sa te sizzen de gong fan it tij te kearen. It is in persoanlik-literêre ynbrek op in oant hjoed de dei ta stadich trochwurkjende ûntjouwing, dêr't ek frij sterk resistinte faktoaren yn meiwurkje. | |
IIIWat hat Gysbert mei dy -e foarhân? Haantjes hat al konstatearre dat de dichter, yn 'e oertsjûging dat syn memmetaal net tarikkend wie foar syn doelen, wurke oan de kultivearring fan dy taalGa naar eind10. Mar Haantjes hat hjir allinne mar in wink jûn, gjin wei wiisd en ek net foldwaande oantsjut wêr't de folkstaal-eleminten einigje en de kultuertaal-eleminten begjinne. It liket my ta, dat wy yn de -ekwestje ien fan dy detailpunten fûn hawwe dy't men ta it ôftaasten fan it grinsgebiet tusken folks- en kultuertaal nedich hat. Dy -e, organysk of net, moat foar Gysbert funksjonele wearde hân hawwe. Mar net op 'e grûnslach fan it âlde stam-ûnderskied. It fielen dêrfoar wie by him ferlern gien, hy hie ek net de wittenskiplike boarnen dêr't wy hjoed de dei út taapje kinne. Foar him wie de -e, yn in tiid fan ôfbroazeling, it mark fan âldheid, statussymboal, en it wer ynfieren fan de -e yn syn wurk in weromkear nei hoe't it earder wêze kind hie, mar sûnder witten fan it oarspronklik foarmjend prinsipe. De -e komt nèt wer efter guon wurden dêr't wy dat histoarysk al ferwachtsje koene, hy komt àl efter wurden dêr't dat net it gefal wie. Sa wurdt de -e in stylelemint, utering fan ferset tsjin wat Gysbert seach as ferkealing en earmoede, en wat wy tsjintwurdich, as wy net alhiel befongen binne fan historiomany, earder sjogge as ferlies fan oerstallichheden, as taal-efficiency. Dêrby falt op, dat Gysbert de -e, al of net organysk, kenlik ek sjocht as in soarte fan distinktyf foar abstrakta. Suffiksen as: -heid, -ing, -nis, -skip, -dom hawwe yn de measte gefallen -e, ek dêr't dy dúdlik anorganysk is. Dit is namste eigenaardiger, as men der oan tinkt, dat it útsoarte mearsyllabige wurden binne, dy't, dat is sûnder mear begryplik (en it moderne Frysk jout der ek de bewizen fan), noch sterker oanstriid ta apokope hawwe as de twasyllabige. By einsluten bliuwt it altyd mooglik dat Gysbert, yn dizze dingen sa foar 't each de heechste ynkarnaasje fan de ynkonsekwintens, him yn party gefallen (mei hyperkorrekte -e's of mei opsetlike apokope) liede litten hat fan metrysk-ritmyske faktoaren, benammen | |
[pagina 235]
| |
yn syn poëzy. Sels yn syn proaza wol ik dy mooglikheid net by foarrie útskeakelje. Faaks hat it fisueel elemint ek meiwurke, wat men jin yn Gysbert syn foarleafde foar it barok wol tinke kin: gâns apostroffen yn syn poëzy jouwe skynber apokopearre foarmen wer, dêr't de ôfkappe -e alhiel net histoarysk is. Dêr hawwe wy dus te krijen mei skynbere of kamûflearre hyperkorrekta. Haantjes syn formulearring ‘herdenking van verloren gegane lettertekens’Ga naar eind11 is der foar fierwei de measte gefallen dan ek justjes by troch. Better kin men prate fan ‘verloren gewaande lettertekens’. Gysbert dekt him hjir om sa te sizzen nei twa kanten: de wurdklank yn 'e folkstaal docht er gjin geweld oan, mar de op âldheid begiene lêzer kriget mei dy apostrof ek syn gerak. Ek dit is, mien ik, in bewiis, dat wy dy hiele -e-kwestje, mei alle skynbere of echte ynkonsekwinsjes, sjen moatte as in punt dêr't wy Gysberts taalbou oer it mad komme kinne. Hy grypt hjir in yn 'e folkstaal fan syn dagen jûne, mar amper brûkte mooglikheid ta hyperkorrekte foarmen oan, om op eigen koerts te farren en syn taal in eigen, persoanlike, argaisearjende glâns te jaan. De betizing yn 'e folkstaal wurdt omset yn in artistyk útdrukkingsmiddel. Yn de -e hawwe wy te sjen in minging fan antikiteit of skynbere historisiteit, plechtichheid, oanstriid ta abstrahearring en - miskien - mooglikheid ta metryske nuansearringen dy't wy mar min mear neikomme kinne. Hjirmei is alderminst it lêste wurd sein oer it probleem dat ik yn it begjin fan dit artikel stelle wold haw. Wy binne noch mar oan it begjin. It is myn oertsjûging dan ek, dat der noch gâns wat detail- en nifelwurk dien wurde moat ear't it ús mooglik is in ôfrûne en befredigjend byld te jaan fan de dichtersman dy't, nei in sportyf begjin (wa wit om in soarte fan weddenskip), wat langer wat mear de iensume, koppige rol spile hat fan de dichterlike Don Quichotte, de ûnreedlike idealist yn in wrâld fan oanwinnende reedlikheid en realisme. In man dy't him al mar mear fêstwrotte yn syn bestimmingsgefoelens, dy't him derta fiteren de ôfbroazele, faaie Fryske taal ta nij - of, as men wol: âld - libben te bringen, net allinne fuortbouwend op dy taal, mar har ek nei eigen goedtinken, op grûn fan syn eigen dichterlike ambysjes, ferfoarmjend en geweld oandwaand.
[It Beaken XVIII (1956), nr.4/5, 147-154] |
|