It kritysk kerwei
(1990)–Anne Wadman– Auteursrechtelijk beschermdResinsjes en skôgingen 1950-1970
Replyk foar yntern gebrukMen hoecht net ûngefoelich te wêzen foar de ûnrêst dêr't it artikel fan Inne de Jong De Biweging en wyGa naar eind1 út wei skreaun is, om by party fan syn bewearingen dochs efkes in tear yn 'e foarholle te krijen. Der steane dingen yn syn stik dêr't ik rjochtút ja op sizze kin. Syn ûngerêstens is sûnder mis earlik en echt en as sadanich hat syn skôging de wearde dat er ús ús eigen ûnrêst wer ris bewust makket. De ûnrêst is net nij, mar fersokket licht yn ûnferskillichheid en it is goed dat er jitris útsprutsen wurdt yn sokke (ferjou my it Hollânske wurd) ‘bewogen’ bewurdingen. De Jong syn ‘bewogenheid’ mei ús lykwols de eagen net slute foar it feit dat syn skôging ryklik simplistysk en romantysk is, en gjin each hat foar de yn wierheid slimme paradoksaliteit fan de Fryske kultuersituaasje. De Jong rekket dat probleem efkes oan as er Fedde Schurer syn ‘definysje’ fan in dichter oanhelletGa naar eind2 mar hy hipt der ek fuortdaliks wer loftich oerhinne, as er fertelt hoe't Schurer it nèt bedoeld hat, mar gj in ynhâld wit te jaan oan wat Schurer dan àl bedoeld hat. Folksferbûnens kin út soarte gjin literêre ynhâld wêze, allinne miskien in literêre leuze dy't op 'e literatuer net oars as kompromittearjend wurkje kin. Dy simplistyske redenearring, neist de wat romantysk-retoaryske toan, is it beswier dat ik, mei alle wurdearring foar de ûnrêst en de earnst en foar guon ûnûntkombere feiten, tsjin De Jong syn opstel haw. | |
[pagina 222]
| |
Ik wol leauwe, it giet hjir yn lêste ynstânsje om in ferskelende wearde-oantsjutting foar it begryp ‘folk’ tsjinoer it begryp ‘beweging’. Hoe komt it nammers dat de Fryske beweging, mei al har pretinsjes, krewearjen en net te ûnderskatten fermogens, by einsluten dochs sa'n bytsje woartel sketten hat yn it folk? Fansels kin men dêr gâns antwurden op jaan: it Fryske folk is geastlik loai en laks; it hat ieuwenlang ûnder frjemd ferhûddûke west, sa't dat hjit; it hat in minderweardichheidsfielen fan komsa; it is materialistysk fan aard; it hat gjin stylgefoel of gjin ferlet fan styl; it tinkt net kultureel. Allegear, of foar in part wier. Mar gjinien fan al dy ferklearringen befrediget my. Se geane allegear fan in ferkearde premisse út. En hjir kom ik oan de paradoks dêr't de measten fan ús net oan wolle en dêr't wy dochs, as wy earlik binne, net foarwei kinne. Wy wolle de Fryske beweging graach sjen as de sprekbuis, de eksponint fan it Fryske folk, syn foarhoede, syn bewuste sektor, syn ‘ôfdieling kulturele saken’. En ta in hichte is dat wier, fansels. De beweging is der foar it folk, om it lokkiger te meitsjen en folweardiger en stylfoller. Dat hat lang de fisy west en wy kinne der mar min ôfkomme. Mar it omkearde is like wier, ja miskien yn ús situaasje wierder, en it is fersidekrûpboartsjen mei de realiteit as wy dat net sjen wolle. Yn wêzen is it al jierren sa, dat it Fryske folk der is foar de beweging. De Fryske beweging freget mear fan it folk as dat se it folk weromjout, en as it folk fan har freget. Dat allinne kin de smelle fertuten fan al it gewrot en gewraam ferklearje. En dan dy beweging net opfette yn de inge betsjutting fan organisaasjes-meibestjoeren- en-leden, mar as geastlik-yntellektuele streaming, as ‘beweging’ yn de letterlikste sin fan it wurd. Dy beweging is yn lêste ynstânsje, lykas elke kultuer, in stik lúkse, weardefolle en needsaaklike lúkse, mar dochs lúkse. It Fryske folk, dat allinne mar ‘folk’ neamd wurde kin by de graasje fan dy lúkse dy't ‘beweging’ hjit, hat by dy lúkse net it minste belang. It fielt taalferbrekking net as in ferried, om't taalhanthaving in lúkse is, de lju hawwe gjin belang by dy taal en har konsekwinsjes, útsein by wize fan frijbliuwende sentimintele fraze. Se soene pas yn it gewear komme, as guon Friezen om har Frysk-sprekken deadien, ferballe of yn konsintraasjekampen troppe waarden. En dêrom rinne al dy ferklearringen fan: se hawwe it net leard, se binne te sleau of se binne fan frjemd en frjemdsin bedoarn, dea. Al te folle sjogge wy de relaasje beweging-folk as in frijerij wêrby't de faam net rjocht wol, mar ienris belies jaan sil foar de oanloklike oanbiedingen fan de frijer, dy't ommers allinne it ‘heil’ fan dy faam op it each hat. Wy stride, às wy stride, al lang net mear foar it Fryske folk òm it | |
[pagina 223]
| |
Fryske folk, sels mar amper mear foar it Fryske folk tout court, mar foar de beweging, dus foar ús-sels. Foar ús behâld, foar ús neakene eksistinsje as lju-yn-beweging. As wy stride, want stride wy wol? Is it striden, as wy feilich op ús studearkeamers in stik saneamd striidber proaza yn elkoar prakkesearje, of in pamflet ferspriede, of op in gearkomste skerpe wurden sizze of in dreech protest nei Den Haach stjoere? Men striidt net dêr't men gjin taastber, liiflik kontakt mei it objekt fan striden hat. De Fryske beweging hat fan de yllúzje fan it folk as it doel fan har stribjen al lang ôfstân dien, se striidt foar harsels en brûkt dêrby it folk, omdat se dat nedich hat ta ferantwurding. It folk as aliby. En dat is har goed rjocht. Want wêr soe in beweging dy't foar har eigen bestean striidt (yn dy oerdrachtlike sin doar ik it wurd ‘stride’ gerêst te brûken) har foar skamje moatte? Omdat se dan saneamd yn 'e loft hinget en net yn 'e grûn bewoartele is? Kom no, in ideëel ferskynsel harket nei oare wetten fan swiertekrêft as in hûs en in bûterblom. Wy litte ús troch byldspraak al te maklik fertokje. De Fryske beweging striidt om har eigen posysje sa sterk mooglik te meitsjen. Se ‘jout’ oan it folk, sûnder mis: smoute ferhalen en ‘foar de Fryske bern’, mar se freget ek: se tapet krêften ôf foar harsels. Se jout it Fryske folk in besteansreden, sûnder mis, mar it Fryske folk moat hàr ek in besteansreden skaffe. Allinne troch it sa te sjen kinne wy ús frijmeitsje fan de romantyk en de myten en it selsbedroch en de skiednisferfalsking. Wol immen yn de slach by Warns Gods finger sjen, my goed. Mar wat ferbyldet immen him sadwaande? My tinkt, foarsafier't ús minsklik oardiel strekt, hawwe dy boeren by Warns allinne mar wûn trochdat se de sterksten wiene en hawwe se fochten om't it ferset harren it gaadlikste talike. Soene se earder oan ‘Fryslân’ tocht hawwe as oan eigen hûs-en-hear en dochters? En jildt itselde net foar dy ferneamde seediken dêr't De Jong sa'n bewiis fan fitaliteit yn sjocht? It fuortbestean-moatten fan in Frysk folk rjochtfeardigje se net. Dy diken binne net oanlein om in folk ta bloei en gloarje te tsjinjen, mar om it wetter bûten de drompels te kearen. En wat foar grutte eare stekt der yn, lykas al gâns lju ús wysmeitsje wollen hawwe en no ek Inne de Jong ús wer ferdútse wol, dat dy ivige stoere fiskers en arbeiders en boeren it Frysk foar ús ‘bewarre’ hawwe? Wa fan dy goede sielen út de 17de, 18de en 19de ieu hat ea bewust foar de kar stien: myn memmetaal of dy oare? Sokken died soe men allinne wurdearje kinne om syn motiven. Mar dy motiven - binne der net, of allinne dit iene: dat it blykber foar dy fiskers en boerelju makliker wie Frysk te praten as | |
[pagina 224]
| |
Hollânsk. Hokker suver minsklike fertsjinste leit der yn it isolemint dat ta dat bewarjen de kâns joech? Wy kinne allinne dy histoaryske feitlikheid, dat ‘wûnder’ as men wol, akseptearje as in mooglikheid om in ‘beweging’ op priemmen te setten, in beweging dy't, lykas bygelyks East-Fryslân ús sjen lit, ek sels bestean kin as de boeren en fiskerlju minder taalfêsthâldend west hawwe. Wy blaze de ballon fan ús beweging op, en by is wat kleuriger en wat foarser fan bestek as dy fan East-Fryslân. En wy bewûnderje ús ballon of lekje syn behindigens en kleure-earmoede, krekt sa't it ús ynfalt, en it jout ús libben ferdivedaasje en soms follet it ús libben. Dan binne wy fan dy trouwe bewegingslju dy't nea in stek falle litte. Bodders. En wy hawwe rjocht op dy pretinsje. Want al ballonne-blazend arbeidzje wy oan ús selsferwêzenliking, oan de ‘sin fan ús libben’, en tagelyk breidzje wy mei oan de hoas fan de skiednis, like goed en gâns spektakulêrder en mei mear aventoer op in apart plakje yn it skiednisboek as de anonime boer dy't syn lân bedonget en de frucht rispet. En dy boer docht dat ek yn 'e earste pleats om himsels te ferwêzenlikjen, syn libben in sin te jaan, en pas yn safolste ynstânsje om sels in plak yn it skiednisboek of om Fryslân in plak op 'e wrâldmerk te feroverjen.
Wêrom is dizze korreksje op ús romantyk sa breanedich no en dan? Omdat it mei ús persoanlike motiven te krijen hat. Ik leau net oan dat alles-opofferjende altruïsme dat ‘de bodders besielet’. Yn dat bodzjen skûlet in fikse poarsje persoanlike machtsdriuw. En sels is in grut part fan it bewegingsfanatisme tsjinoer ‘oarstinkenden’ (Fries of net-Fries) allinne mar te ferklearjen út persoanlike rankune, omdat dy oar behalven it heil en it nut ek it opofferjende net sjocht yn ús eigen striid. Ik wol de leafde-ta-Fryslân net ûntstride as in realiteit. Dy leafde bestiet en is in kostber ding. En yn dy leafde ta Fryslân kin gâns mear sûn sentimint skûlje as yn de leafde fan it Piet Hein- en ‘stoere knapen’-soarte dêr't guon Hollanners sa mei tangele sitte. Mar ik wol al ûntstride dat dy leafde foar Fryslân de iennichste driuwende krêft fan ús bewegings-warberens wêze soe. Men soe Fryslân ek leafhawwe kinne en gean derby lizzen, om ienfâldich en stomwei fan dy leafde te genietsjen, om myn part de ierde te tútsjen. Dat wy fan ús leafde ta Fryslân in striid foar de Fryske beweging meitsje, is it wat oars as in gefolch fan it feit dat de minske in aktyf-oarderjend wêzen is, dat wat dwaan wol en waans aktiviteit freget om ‘Ergebnisse’, om selsferwêzenliking en selsbefêstiging? Dy selsbefêstiging is it dy't wy sykje yn de ‘Fryske striid’. Wy binne net roppen en wurde fan it Fryske folk net roppen. Wy | |
[pagina 225]
| |
hawwe ússels roppen. Wy dogge in bewuste kar, dy't net by de graasje fan foarbestimming of yn hannen fan it needlot leit. Wy dogge dy kar om't wy der stomwei nocht oan hawwe, sels nocht oan it kankerjen en de mismoed dy't ûnferwrigber oan ús Fryske kar ferbûn binne. En nochris: wat minderweardichs stekt dêryn? En om no op it plak fan de dichter yn de Fryske striid te kommen: ik leau net oan de formule fan Schurer, hoe ek bedoeld. In dichter is ienfâldich in persoan dy't fersen skriuwe kin, en dy't se skriuwt as er der sels ferlet fan hat, dat wol sizze: as de kultuersituaasje dêr't er yn ferkeart, dat ferlet yn him opropt. Der sit neat heroysk of glorieus yn, dat de dichters op Kneppelfreed foaroan stiene. Dy oanwêzichheid bewiist neist har beskikken oer frije tiid earder har nijsgjirrigens as har komplete minsklikheid. En dat dichters oppakt en by mr. Hollander op it matsje roppen waarden, seit my like min mear as dat it treurich genôch wie dat der gjin oaren beskikber wiene. Fansels haw ik neat op Kneppelfreed tsjin, sels net ta in hichte op it feit dat fan Kneppelfreed in nije myte makke wurdt. As it mar in myte bliuwt foar ekstern gebrûk: as propaganda-middel by ‘it folk’ en as kjelmakkersmiddel by ‘de’ Hollanners, dat wol sizze as demagogysk middel om ús eigen striid foar selsbefêstiging te tsjinjen. Mar foar yntern gebrûk - en dat is dochs de bedoeling fan immen dy't yn De Tsjerne skriuwt... - hat sa'n myte gjin wearde hoegenamt. De fout sit dêr wêr't wy de myte brûke ta ús selsferwêzenliking ynstee fan ta de striid dêrfoar. De dichter en de strider kinne allinne yn safier ien wêze as se twa foarmen binne fan syn selsbefêstiging. En sels yn it geunstichste gefal bliuwt der in brek, in hybris. Wat Inne de Jong as in gelok sjocht: dat de Fryske skriuwers meastepart ek striders binne, en dat dát harren ta komplete minsken makket, is by my earder in ûngemak. Want altyd sit de strider de dichter yn 'e wei stean en oarsom. Wy kinne net oars meast en sjogge ornaris wol kâns fan de need in deugd te meitsjen. Wy ferlizze de klam fan it dichterskip op it striderskip sadree't wy fiele dat it mei it dichterskip net mear wol, en ús selsbefrediging yn dat stik tekoartsjit. Wy stride om dichtsje te kinnen en dichtsje soms om fierder stride te kinnen. En neat is by steat en help ús oer dy brek hinne. En likemin as de strider ta objekt fan syn doelen it folk hat, hat de dichter dat. Fan it folk as de gobberjende bern en de dichterkeardel as Sinteklaas leau ik net in spoen. Dat in dichter ‘foar it folk’ skriuwe kin, meitsje wy ús allinnich mar wys. It soe ek delkomme op in frijwillige kastraasje. As dichtsjen in doel hat, is it: selsferwêzenliking, selsbefrediging. En dy selsbefrediging is ienfâldichwei bûn oan grinzen. En alle motyf fan foar-it-folk-skriuwen | |
[pagina 226]
| |
hâldt de net-útsprutsen erkenning yn fan eigen begrinzging en bemantelet de spyt dêroer. Oan de frijwillige selsopoffering fan de dichter dy't him beheint ta de befetlikheid fan it folk leau ik net, ienfâldich fanwegen it feit, dat in dichter pas earlik is as er al syn potinsjes spant en besiket it sa goed te dwaan as him mooglik is. In keunstner kin allinne efterôf konstatearje (mei blidens of mei spyt), dat syn wurk blykber ek de ‘ienfâldige man’ (represintant fan ‘it’ folk) oansprekt, of it blykber net docht. It is in kwestje fan it twadde of tredde plan. Hy kin net oars wêze as himsels en skriuwe ta syn selsferwêzenliking. As Inne de Jong te kiezen hie tusken in grut dichter te wêzen mar fan syn folk net ferstien te wurden, en: in tredderangsdichter te wêzen, àl fan syn folk ferstien, soe hy it earste kieze. Dat hoecht net te betsjutten dat dy tredderangsdichter gjin wearde fertsjintwurdiget en dus te swijen hat. It hoecht likemin te betsjutten dat de dichter him boppe syn folk te stellen hat en libje moat yn ivoaren tuorren. Hy moat it risiko nimme. Hy kin it misferstien-wurden mei humor akseptearje en gerêst ‘út eigen wurk foardrage’. Mar lit er him net wysmeitsje dat er it docht om it folk. Hy docht it om himsels. De tank fan ‘it folk’ is moai mei. Dizze fisy is net nij. En it is in kâld en guodkeap keunstke om lâns dizze wei alle dieden fan altruïsme nei de ferdommenis fan it egoisme te ferwizen. De primitive opfetting fan weijaan om eigen macht te fergrutsjen noch dêrlitten, is it alhiel net nedich om alle ‘goede dieden’, fan minskerêden oant kadootsjejaan, út eigenleafde te ferklearjen of mei help fan in teory bespotlik te meitsjen. Eigenleafde is net itselde as selsferwêzenliking. Boppedat hawwe de minskerêders ornaris gâns minder pretinsjes as de ‘boekenfoar-it-folk-skriuwers’. En krekt dy pretinsjes en it fan de need fan net better kinnen in deugd meitsjen fan net better wòllen, meitsje dy lêsten ûnferdraachlik. Nee, nij is dizze fisy net. Mar se skynt yn Fryslân sa no en dan wer ris útsprutsen wurde te moatten, al sil se iderkear wer misferstien wurde en útracht foar in ‘ontluistering’ fan hillige dingen, ienfâldich om't de myte net sjoen wurdt foar wat dy is: helpen striidmiddel, mar sjoen wurdt as in ferantwurding, in djippere ûndergrûn, in teken fan rjochtfeardiging. En it ferlet fan dy myte ek bûten de sfear fan it skildereftich taktysk middel, dus foar yntern gebrûk, liket my in bewiis ta fan tekoart oan oertsjûging. Want de a-romantyske fisy slút alhiel net de striid en de propaganda út. As it folk der is foar de beweging, hat de beweging it folk nedich en sil elke man of frou foar de beweging op it folk wûn in winstpunt wêze, al wie it allinne mar mei it each op it keapjen fan | |
[pagina 227]
| |
boeken en it beteljen fan kontribúsjes. Dizze fisy slút sels, om in moadewurd te brûken, it engagé-wêzen net út, hâldt dat earder yn, meidat yn dizze skôging it engazjemint earliker en suverder is en syn objekt net ferskûlet efter de moaie fraze en de franje. It wol my oan, dat it tekoart oan engazjemint yn Fryslân krekt te ferklearjen is troch it oerhearskjen fan de myte, dy't de bûnens ferlammet. Der is in tekoart oan engazjemint yn Fryslân. Wy hoege allinnich mar it hear fan de literatuer oer te sjen en de grize rint ús oer de grouwe om safolle geknoei en gepiel mei talint dat net ta in útdragene saak komt. As tachtich, njoggentich persint fan de by de Tsjerne-redaksje ynkommende kopij ôfwiisd wurde moat, is dat wier net omdat de easken fan dy redaksje te heech steld wurde. Dy binne earder de helte te leech. It is ek net omdat der gjin talint ìs. Mar omdat der benammen ûnder de jongerein in universele ûnmacht is ta de folsleine artistike oerjefte, ta de twang om der ‘wat moais’ fan te meitsjen. En ik bin derfan oertsjûge dat in grut part fan dit tekoart oan engazjemint op rekken te skriuwen is fan it feit dat de driuw ta suvere en oprjochte en byneed ‘fakkundige’ artistisiteit duorjend en iderkear slimmer fertribele wurdt troch de romantyske frazen út de âlde doaze fan de ‘leafde ta it folk’ en tabehear, dêr't Inne de Jong in op harsels knappe gearfetting fan jûn hat.
[TS VIII (1953), nr.5, 150-156] |
|