It kritysk kerwei
(1990)–Anne Wadman– Auteursrechtelijk beschermdResinsjes en skôgingen 1950-1970
In fergetten bodderYn Wumkes' Bodders yn de Fryske striid siket men omdôch in haadstik wijd oan Jan Frederik Jansen (1829-1907). Dat wol net sizze dat dizze wichtige en nijsgjirrige figuer dr. Wumkes ûntkommen is. Dat er de Harnzer skoalmaster wol ‘sketten’ hat, mei bliken dwaan út ûnderskate artikels yn syn Paden fen Fryslân. Hiel oars J. Zuidema yn it Nieuw Nederlandsch Biografisch WoordenboekGa naar eind1, dy't ús alteast op 'e hichte bringt fan Jansen syn berte- en stjerdatum en in oersjoch jout fan it skoalboekjeswurk dat Jansen skreaun hat (gâns in rige lêsboeken, skiednis-, ierdrykskunde-, rekkenboekjes, muorrekaarten, ensafuorthinne), mar dy't frjemdernôch Jansen net neamt as sjoernalist-politikus. En dat lêste is it krekt wat him foar ús sa wichtich makket. De tredde man dy't de figuer Jansen neamd en besprutsen hat, is dr. M. de Jong yn syn boek Het geheim van het Oera-Linda-BoekGa naar eind2. Want Jansen, publyk persoan fan kwizekwânsje, hat in rol spile yn it Oera-Linda-boek-drama. Mei him socht Cornelis over de Linden út Den Helder wei kontakt en hy wie de man troch wa't Eelco Verwijs, dy't fan De Jong oansjoen wurdt foar de skriuwer fan dit bjusterbaarlik stik Fryske literariteit, it saakje (wer) yn 'e hannen krige. De O.L.B.-kwestje is hjir fierder net oan 'e oarder, mar wis is it, dat dy yn it dochs al net maklik libben fan master Jansen in nuvere, ja suver pynlike rol spile hat. De Jong sjocht him as ‘geslachtofferd’ troch Verwijs (dy't as skoalopsjenner syn meardere west hie) en út de stikken dy't Jansen sels oer de saak yn syn krante skreau, kriget men yndied de yndruk: hy is der wat mei oan en leit, liket ús ta, net al syn kaarten op 'e tafel. Foar him wie nammers Over de Linden sels de makker fan de kronyk, en dat bewiist wol, dat de saak him net klear wie. | |
[pagina 213]
| |
Jan Frederik Jansen waard berne op 28 juny 1827, neffens Zuidema te Ljouwert. Sels fertelt er earne dat er berne is yn ‘Oosteradeel’, in optochte namme dy't mei Ljouwert net maklik yn 't lyk te bringen is. Oer syn jonkheid is net folle bekend. Neffens De Jong hat er fan hûs út net Frysktalich west, mar learde er it Frysk meidat er as bern by famylje op it plattelân útfanhûze. Op it stik fan Jansen syn Frysk-kundichheid lit De Jong him nammers net posityf genôch út. Nei syn skoalmastersoplieding hat Jansen as ûndermaster stien te 's-Gravesande yn it Westlân; fan 1853 ôf sjogge wy him as sadanich en letter as haad fan de twadde boargerskoalle te Harns, dêr't er fierder syn hiele libben wenne hat oan syn dea op 8 febrewaris 1907 ta. Syn frou wie in Wilhelmina Antonia Steinmetz. Fan syn ferskate bern hat er in pear tige jong ferlern. Op syn warberens op allerhande terreinen hat dit húslik leed sa't liket gjin ynfloed hân. Hy wie organist oan de Evangelysk Lutherske Tsjerke yn de tiid dat syn freon Domela Nieuwenhuis dêr as dominy stie (1870-'71). Hy wie lidmaat fan de Herfoarme Tsjerke en hat as foarstander fan de Harnzer liberalen meidien oan de Harnzer tsjerkestriid fan 1866-'67. Hy wie bestjoerslid fan de liberale Harnzer kiesferiening ‘Vrijheid en Orde’, dêr't er yn 1872 foar betanke. Hy wie donateur fan en spriek foar it ‘Provinciaal Friesch Werkliedenverbond’. Hy neamt himsels ‘meester vrijmetselaar en officier eener loge’ (nammentlik fan de Harnzer lôzje ‘Deugd en IJver’). Fierder wie Jansen bestjoerslid fan en sprekker foar de gewestlike ôfdieling fan it ‘Nederlandsch Onderwijzers Genootschap’. Hy wie om 1877 hinne foarsitter fan de koöperaasje ‘Eigen Hulp’ en siet yn ûnderskate kommisjes, lykas foar de Den Briel-betinking fan 1872 en foar de jubileumfeesten foar Willem III yn 1874. Trije kear hat er yn Parys west (yn 1867, yn 1871 of '72 en yn 1889), hy moat yn Ingelân reizge hawwe en besocht Antwerpen by gelegenheid fan in Flaamsk toanielfeest yn 1879.
Foar safier't nei te gean is, wie Jansen yn 'e letterlike sin de skepper en skriuwer fan it liberale blêd De Friesche Courant, dat yn 1862 begûn te ferskinen by J.R. Miedema te Ljouwert. Fryslân hie doe neist de pynlik neutrale (dat fakentiden delkaam op: konservative) Ljouwerter Krante, noch in liberaal blêd, de Provinciale Friesche Courant, oprjochte yn 1843 en yn 't earstoan it blêd fan de ‘revolúsjonêre’ liberalen fan 1848, de Thorbeckianen. Dizze krante wie lykwols iderkear mear yn konservatyf farwetter rekke: ferrjochtsing, in bekend ferskynsel yn de krantewrâld fan dy tiid. | |
[pagina 214]
| |
Jansen lykwols mei syn Friesche Courant hearde ta in jongere generaasje dy't har net iderkear wer beroppe koe en woe op de gloarjedagen fan 1848. En hy mei dan gjin sosjalist west hawwe, mei de namme lofts-liberaal of radikaal is er moai goed tekene. Hieltyd wer ferwyt er yn syn haadartikels de offisjele liberalen, sels Thorbecke, de grand old man, sloppens en healens en eangstme foar har eigen konsekwinsjes, en freget er om in nije, frisse koerts. De liberalen fan 1848 binne de konservativen fan no, is oanienwei it refrein. Jansen syn optreden falt dan ek yn in krisistiid fan it liberalisme. Wol hiene de liberalen benammen nei 1868 de grutte mearderheid yn de Twadde Keamer, mar se brochten der troch ynwindich skeel, troch te min begjinselfêstens net folle fan telâne. Noch yn 1885 koe de konservatyf Heemskerk regearje mei in yn mearderheid liberale Keamer.
Santjin jier lang, fan 1862 oant '79, hat Jansen de lieding fan it blêd yn hannen hân, dat earst wyks, fan april 1865 ôf twa kear wyks ferskynde. Jansen wie de skriuwer fan sa goed as alle haadartikels, dy't hast alle wiken ferskynden, soms trije of fjouwer kolom grut en faak yn ferfolgen. Alle prinsipiële en praktyske kwestjes út de Nederlânske polityk kamen der yn oan 'e oarder en se binne, ôfsjoen fan de hjir en dêr wat âldfrinzich-wiidweidige toan, meastepart it lêzen noch wol wurdich. Lykas Domela Nieuwenhuis, dy't him yn Harns fan tichteby kend hat, fan him tsjûgetGa naar eind3, hied er in skerpe pinne, alhoewol't er dêrtroch yn syn wenplak ‘meer gevreesd dan bemind was’. Hy polemisearre yn syn haadartikels, mar likegoed yn de wiidweidige rubryk Binnenlân en yn mei syn namme ûndertekene ynstjoerde stikken, tsjin alle grutte lju fan dy tiid: Abraham Kuyper mei De Standaard, ds. Tinholt mei De Heraut, tsjin De Maasbode (dêr't er yn 1870 in oanklacht tsjin yntsjinne, mar dêr is sa't liket gjin gefolch oan jûn), tsjin De Tijd, tsjin it roomsk-katolike famyljeblêd Het Huisgezin, tsjin it konservative Dagblad van Zuid-Holland en 's-Gravenhage en tsjin liberale blêden dy't him mei syn provinsjaal krantsje yn 'e hoeke fan de ‘partikularisten’ triuwe woene. Ek mei de Ljouwerter Krante hat Jansen it gauris yn 't jern, de âlde Ljouwerter ‘die ook geen eigen gevoelens openbaart, dan alleen daarin, dat zij in de dagen van de verkiezing heel geniepig de kandidaten van den patroon der courant bovenaan zet’. Op inisjatyf fan Jansen besleaten de trije Fryske kranten om gjin anonime ferkiezingsadvertinsjes mear op te nimmen, en spinnidich is er, as de deftige Ljouwerter har dêr net oan hâldt: hy neamt soks ‘poli- | |
[pagina 215]
| |
tieke kwajongensstreken’. Sûnder mis wie de skoalstriid fan al de politike striidpunten Jansen syn sterkste kant. Is dy yn 't algemien al in wichtich ûnderdiel fan de Nederlânske polityk yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu, namstemear wie dat it gefal by in sjoernalist as Jansen, sels skoalmaster en ûnderwiisdeskundige, dy't de ‘hoeksteen van ons staatsgebouw’, it neutrale steatsûnderwiis, ferdigene as gjin oar: in striidbere liuw, dy't de kloeren útslacht en de tosken sjen lit tsjin alles wat syn ideaal tenei komt, oft dat no ortodoksen en Kuyperianen binne of ‘ultramontanen’ (roomsk-katoliken). Sûnder skrupules nimt er yn syn blêd alles op wat yn syn ûnderwiiskream te pas komt. Sa lang as hy de lieding fan it blêd yn 'e hannen hie, koenen mannen as Hjerre Gjerrits van der Veen der har foarbylden fan ortodokse ‘dommens, efterlikens en byleauwigens’ yn kwyt. De saak fan it stimrjocht - it wie de tiid fan it sensuskiesrjocht: men mocht stimme as men in bepaald bedrach yn de belestingen betelle - is yn dy dagen noch net aktueel dat 't makket. Pas yn de jierren 1884-'85 komt de grutte aksje foar algemien stimrjocht, dêr't de sosjalisten yn foaroan steane. Mar dochs is Jansen yn 'e jierren santich al in grut foarstanner fan útwreiding fan 'e sensus, in tinkbyld dat by lang net alle liberalen hearske. Ek op it sosjale mêd is Jansen syn tiid net efterop. Dat it sosjalisme yn 'e jierren 1869-'71 yn Nederlân in soarte fan iere bloei belibbe hat: de tiid fan de Earste Ynternasjonale, docht ek klear bliken út de kolommen fan de Friesche Courant, al hie dy earste Ynternasjonale yn Nederlân feitlik mar ien sintrum: Amsterdam, en ien man fan betsjutting: H. Gerhard, waans namme wy yn Jansen syn krante net tsjinkomme. Mar de haadartikels út dizze jierren binne dochs de wjerslach fan in grutter sosjale belangstelling as earder (en letter) it gefal west hat. Sa is der ien oer Politiek en arbeiderskwestie, oer Over werkloozen, twa oer De Commune van Parijs, ien oer De arbeiderskwestie, Werklieden en dagloonen (dêr't wurkstaking as middel yn ferdigene wurdt), allegear yn 1871 en '72. En wat Fryslân oanbelanget falt yn dizze jierren de oprjochting fan fakferieningen oansletten by it ‘Provinciale Friesche Werkliedenverbond’, in yn haadsaak liberale organisaasje, dêr't sa no en dan wol sosjalistyske foarmannen út fuortkamen (Van Zinderen Bakker, bygelyks), mar dy't fan de klassestriid neat hawwe moast en har dan ek meast hâlde by ûntwikkelingskursussen, koöperative wenningbou en ynkeap fan slachtbargen en branje, sikepotjes, | |
[pagina 216]
| |
ensafuorthinne. Dy't it sosjalisme yn Fryslân bestudearje wol, komt alderearst yn dit fermidden telâne, dêr't eleminten tahâlde dy't letter yn de Fryske Folkspartij fan Oebele Stellingwerf en Vitus Bruinsma werom te finen binne.
Yn 1879 is Jansen ôfgien as haadredakteur. Syn blêd kaam by in oare útjouwer, mar bleau liberaal. Jelle Troelstra, de heit fan Piter Jelles en ien fan de Ljouwerter liberale foaroanmannen, krige de lieding en hie in stêf fan bekende mannen neist him stean, ûnder oaren dr. Zaaijer, letter haadredakteur fan de Nije Rotterdammer, en Vitus Bruinsma, beide learaars. Mar al ridlik gau ferskûlje de hearen har efter hiele seksjes inisjalen: F., B., E., C., M., V., E.H., R., A.W.P., v.G., P. ensafuorthinne, en men freget jin ôf oft guon fan dizze letters net ris tsjinne hawwe om de persoan J.F. Jansen te ferskûljen, dy't sa no en dan ek noch wol ûnder syn eigen namme meiwurket: gauris is it syn toan, syn snedigens dy't út dy stikken sprekt. Ek yn oare opsichten ferliest de Friesche Courant geandewei syn karakter: it is net mear sa'n ienmansblêd, it hellet te folle rubriken yn en it fersaakliket. It Frysk, dat benammen yn de begjintiid fan Jansen syn redakteurskip gâns brûkt waard (Gerben Colmjon en H.G. van der Veen wiene de Frysktalige meiwurkers) ferdwynt sa goed as hielendal. Ek Van der Veen syn Hollânsktalige meiwurking wurdt koart nei de redaksjeferoaring stopset. Wat hat de oarsaak west dat Jansen op 'e eftergrûn rekke? Folle is der net oer bekend. De nije redaksje jout op 1 jannewaris 1880 as reden op, dat de fleur der út wie en dat it tal lêzers de lêste jierren gâns sakke wie. Mar der wurdt ek sinspile op dingen dy't har efter de skermen fan it politike libben ôfspile hiene. Dúdlik is wol dit: de persoan Jansen foel net yn 'e smaak by de Ljouwerter liberalen fan de kiesferiening ‘Leeuwarden’, dêr't mr. Van Hettinga Tromp, deken fan de Ljouwerter advokaten, de foarman fan wie. Jansen wie in Harnzer en, mei syn kreweikjen foar de Harnzer haven- en spoarweibelangen, in Harnzer patriot ek noch. Ljouwert as haadstêd hie syn eigen patriottisme. Koart nei de redaksjeferoaring sjogge wy it konflikt útbrekken. It Ljouwerter keamerlid, doetiids tagelyk minister fan Oarloch, majoar De Roo van Alderwerelt - in fan alle partijen heechset en wurdearre militêr deskundige - wie koart nei it begjin fan syn ministerskip ferstoarn. De Roo hie gjin Fries west, mar hie alteast yn Ljouwert wenne, doe't er ferkeazen waard. No woe de Ljouwerter liberale boargerij fannijs in man yn 'e Keamer bringe oan wa't eare te beheljen foel, en dan wèr in militêr ekspert. De man dêrta útkeazen wie in majoar | |
[pagina 217]
| |
K. Eland út Den Haach, dy't bekend stie as in freon fan de ferstoarne minister. Mar in mannich kiesferieningen fan it plattelân, wêrûnder Frjentsjer en Grou, winsken gjin hjir ûnbekende grutheid, dy't boppedat as Hollanner net yn steat achte wurde koe de belangen fan it Frysk distrikt te fertsjintwurdigjen. Faaks hat in anty-militaristyske wjeraksel tsjin beropsmilitêren en harren ynfloed op 'e polityk in wurdsje mei sprutsen: it anty- militarisme wie yn dy tiden sterker as fakentiden oannommen wurdt: yn 1871 hie Domela Nieuwenhuis - doe noch lang gjin sosjalist - yn Frjentsjer ek in ‘Vredebond’ stifte en is er yn 'e pleit gien foar de ‘Vereenigde Staten van Europa’! Hoe dan ek, de plattelânsliberalen kieze as kandidaat ds. Franciscus Lieftinck fan Kimsert, en Jansen, dy't mei Lieftinck yn it Harnzer Fredebûn sitten hie, stipet syn kandidatuer. Yn in ynstjoerd stik yn de Friesche Courant ferwyt er de ‘doctrinairen’, sa't er de Ljouwerter liberalen neamt, har ferwaarloazgjen fan de Fryske belangen. Hy hâldt it mei de ferachte ‘platlandici’. Nei in taaie striid wurdt Lieftinck keazen en is majoar Eland fan 'e kaart. In healjier letter hawwe de Ljouwerters nochris besocht om Lieftinck te wippen, troch in Levyssohn Norman as tsjinkandidaat te stellen. Mar dy seach it swurk driuwen en betanke.
Wat hat dizze master Jansen no te krijen mei de Fryske beweging en wat jout ús it rjocht him in fergetten bodder yn 'e Fryske striid te neamen? Wy hawwe der al wat fan sjoen: hy woe Keamerleden dy't neist it algemien lânsbelang ek it belang fan harren distrikt ferdigenen. Dat stânpunt hat Jansen fan it begjin ôf oan ynnommen. De striid om in Fryske polityk - al hoe smel en behyplik dy ek wêze moast yn it ramt fan it liberaal begjinsel (dat ommers útgiet fan de frije ûntjouwing: laissez aller, ek op kultuerpolityk terrein) en fan de liberale praktyk (dy't yn feite delkaam op in oerhearskjende ekonomyske posysje fan de grutte Hollânske stêden), - dy ‘Fryske polityk’ is yn de Friesche Courant begûn. Dochs wie Jansen gjin man fan de Fryske beweging fan dy jierren. En dat lei him moai wis minder oan Jansen as wol oan dy beweging sels. Yn it jier dat de Friesche Courant út ein sette, ferstoaren Harmen Sytstra en Tiede Roelofs Dykstra. Dy hienen yn alle gefallen nasjonale gefoelens fierder geande as wat Winterjûnenocht. In klear ynsjoch yn praktyske politike saken beskikten se net oer. Mei dy't nei har kamen stie it noch minder. Waling Dykstra en Gerben Colmjon wiene wol liberalen, mar alhiel gjin politike tinkers. As de Fryske beweging ea in kâns mist hat, dan is it hjirre. | |
[pagina 218]
| |
De iennichste man dy't ferbân seach tusken it Frysk gedoch en de politike fragen fan de dei, wie Jansen. Hy is it, dy't de efterútsetting fan Fryslân op allerhande terreinen alle dagen wer fielde en ûnmeilydsum sinjalearre, en sadwaande aventoere, troch de offisjele liberale wurdfierders fan Handelsblad, Nieuwe Rotterdamsche Courant en Arnhemsche Courant foar ‘partikularist’ útmakke te wurden. Hy docht al dy dingen ek wol deeglik út in Frysk besef wei. It âlde frijheidsideaal hat by him stal krige yn de nije foarm fan it polityk en ekonomysk liberalisme. Fries en liberaal, dat is foar him ien en itselde. No wie it net allinnich de ûnhandelberens fan de doetiidske Fryske beweging dy't makke dat Jansen de wei nei har ta net fine kind hat. Syn Frysksinnich liberalisme wie nei de keunstsinnige kant dêrfoar ek te meager. Hy hie gjin artistike ynbring dat 't makke. As er him ris weage oan it besprek fan in Frysk boekje of almanak, of by joech in resinsje fan de Winterjûnenocht, dan hie er it gauris oer de Fryske taal dy't sa ‘naïef’ is: folle mear as plattelânske naïveteit hat Jansen yn dy Fryske taal net sjoen. Wol hied er der in soad wurdearring foar. It is bekend dat er wol Fryske foardrachten hâlde, en mei in soarte fan opsetsin brûkte er yn syn haadartikels en reportaazjes frisismen en Fryske siswizen. Mar sels fruchtber oan de Frysktalige kultuer meidwaan koed er net. De kleau tusken it kultuerpielen fan de Selskipslju en dizze iensume Fryske politikus, iensum as Jancko Douwama, Karel Roarda en Daem Fockema, wie te djip: se fûnen elkoar net. Jansen hat dy kleau sels field. Doe't er it ûntbleatsjen fan de Halbertsma-tinkstien yn Grou op 13 oktober 1875 bywenne hie, skreau er yn it Frysk in haadartikel Fryske sin, dat wol foar in part yn de bekende patriottysk-histoaryske bombast hingjen bliuwt, mar dat dochs in besykjen neamd wurde kin om de kultueridealen fan de Fryske beweging te ferbinen mei de praktysk-politike punten dy't er sels foarstie: it fergrutsjen fan de Harnzer haven, it oanlizzen fan mear spoarwegen, it ferbinen fan it Amelân mei de fêste wâl. En op 'e wegen fan it ‘Striidbûn Fryslân Frij!’ komt er al, as er oan 'e ein seit: ‘Scoe er neat oan to dwaen wezze, dat it Fryske jild foartoan ta uws egen nut uwtjown wirdt en net nei allerhânne frjemde lânnen stjoerd, hwer se der mei omsmite as mei modder in dong? - Scoe der neat op to bithinken wezze, om it egen jild for egen folk uwt to jaen in der uws egen belang mei to stypjen?’. Dit klinkt sa miskien wat bernlik - foar Jansen wie it Frysk ommers ek sa'n naive taal. Mar ynhâld kriget dizze klacht, want dat is it, as men wit hoe faak as dizze man yn syn blêd yn 'e pleit gien | |
[pagina 219]
| |
is foar de Fryske belangen. It is net it minste oan syn iderkear wer op itselde omhammerjen te tankjen, dat de haven fan Harns fergrutte en modernisearre wurde koe, al is syn grut ideaal: Harps as útfier- en trochfierhaven út Dútslân en op ien line mei Amsterdam en Rotterdam, net yn ferfolling gien. Hy wie de man dy't der altyd mar wer op oanstie avensaasje te meitsjen mei de spoarwei Ljouwert-Harns (it wie in ‘slieperdyk’ ynstee fan in spoardyk!). Hy hat as gjinien ivere foar de ferbining fan Nijeskâns mei Ihrhove yn Dútslân, in spoar dêr't er foar Fryslân gouden bergen fan ferwachte. It is net oan him te witen, dat in oar grut plan: in spoarwei fan Harns oer Snits, It Hearrenfean en Hoogeveen nei Salzbergen yn Dútslân net trochgien is: it regear woe der gjin subsydzje foar jaan, al wiene de plannen al yn kalk en semint. It spoar Ljouwert-Snits-Staveren seach er net folle yn, mar it wie altyd noch better as it troch him bestriden, earst projektearre plan Hynljippen-Parregea-Bolsert-Snits- Poppenwier-Grou.
Skerp wie syn pinne as er seach dat Fryslân op it gebiet fan Ryksynstellingen foarbyparte waard. It garnizoen waard der wei nommen en dêrfoar yn 't plak kaam... in finzenis. Fryslân leveret de measte ûnderwizers, mar foar Ljouwert gjin kweekskoalle. Hege amtners kin men gjin Friezen foar brûke. De Waterloo-feteranen waarden yn 1865 nei Leiden optromme om let en set te wurden, mar de Friezen koene thúsbliuwe, want de reis koste it regear te folle. Kening Willem III taalt net nei Fryslân, en as er yn '72 lang om let komt, hat er der yn tweintich jier net west... En sa is der mear.
Yn 1866 skriuwt Jansen: ‘Men bedenke wel, wij vormen voor het koningrijk der Nederlanden een wingewest’ en: ‘Uit zijn de illusiën! Alle verzoeken en aanspraken van de Friezen zijn opnieuw gebleken aanmatigingen te zijn. 't Is uit! Goeden nacht, vrienden!’ Yn 1867: ‘Provincie beteekent wingewest, een overwonnen land, dat afhankelijk is van zijne heerschers, dat geen regt heeft op iets, hoe ook genoemd, dat burgerlijk dood verklaard is. Welnu, Friezen, onze provincie is een echte, eene ware provincie!’ In oare kear: ‘Wij Friezen maken ons niet grooter dan we zijn: we zeggen ronduit: wij betalen naar evenredigheid in de belasting en worden te weinig door de regering bedacht.’ Yn 1871: ‘Waarom moet het noorden des lands het altijd ontgelden?’ Yn 1872: ‘Welnu, het zij dan zoo, - wij willen dan voor bekrompen en provincialistisch doorgaan, mits de regering haren pligt doet en Noord-Nederlandsche belangen óók tot de Nederlandsche belangen rekent.’ Yn | |
[pagina 220]
| |
1873 lit er in skoftlang boppe-oan elke krante it tergjende kopke printsje: ‘De spoorwegaansluiting Nieuweschans-Ihrhove is nog altoos niet tot stand gekomen.’ Yn 1875 folget in sarkastyske útfal tsjin it Handelsblad, dat him ôffrege hie wat in boer út Winaam no yn 'e goedichheid dwaan soe mei it ‘blaauw salonameublement’ dat er yn in lotterij wûn hie: ‘een boer is voor een Amsterdammer een voorlooper van het geslacht menschen, van welk geslacht de echte soort Amsterdammer de prima kwaliteit vormt.’ - ‘Een Friesche boer is iets onbeschrijfelijk grappigs, iets, dat volgens een echten Hollander in lompheid en onaangenaamheid het ondenkbare nadert.’ Wa't hjir de tydskriften en almenakken fan de Fryske beweging út dy tiden njonken leit, sjocht dat Jansen nei dy kant ta foar dôvemansearen preke hat. Oan him alteast leit it net dat de beweging fan dy dagen de oansluting mei de polityk mist hat. Ek it Friesch Volksblad, dat yn 1876 begûn op suver liberaal stânpunt, hat dy kâns net grypt: dêre sprekt wol it Frysk gemoed, it Fryske sentimint, mar it Frysk polityk ferstân siket men yn dy dagen omdôch.
De grutste oarsaak fan Jansen syn fergetten-wurden moat wol wêze, dat syn posysje yn polityk opsicht einliks sa swak wie. Oan 'e iene kant stiene de offisjele liberalen, dy't by al har steatkundige swakkens dochs noch in grutte rol spile hawwe. Oan 'e oare kant de mear radikale eleminten, dêr't yn 't earstoan ek mr. S. van Houten ta hearde en yn Fryslân spesjaal de Fryske Folkspartij, gearmjuksel fan allerhande eleminten: fan radikaal oant revolúsjonêr-sosjalistysk, in soarte fan Folksfront dus, dat it op 'en doer net hâlde koe, mar foar de ûntjouwing fan it polityk tinken yn Fryslân fan grut belang west hat. Lykas mear foarútstribjend-boargerlike lju út dy dagen (bygelyks it Keamerlid, earst kastmakker B.H. Heldt út Amsterdam, de earste dy't yn 'e Keamer in proletarysk lûd hearre litten hat, mar dy't dochs ûnder beslach fan de herfoarmingsgesinde Hearen rekke) is Jansen tusken dy twa machten om sa to sizzen fynknypt. Oft er in rol spile hat yn de Folkspartij is my net bekend. Syn ferdwinen út de Friesche Courant - hy wie doe 52 jier - hat in ein makke oan syn politike rol. De offisjele liberalen (de ‘doctrinairen’) hiene him der ôfriden, de wei ta it sosjalisme hat er net fine kind. Dat wie ek mei in generaasje-kwestje: hy wie 21 jier âlder as Oebele Stellingwerf, 23 jier âlder as Vitus Bruinsma, 19 jier âlder as Van Zinderen Bakker en syn âlde Harnzer kunde Domela Nieuwenhuis. | |
[pagina 221]
| |
Wumkes, neffens wa't Jansen yn letter jierren noch redakteur fan de Harnzer krante wie, neamt him as skriuwer fan in pear masonnike skriften yn 1893 en '97. It is sawat it lêste wat wy fan master Jan Frederik Jansen hearre. Hy is tachtich jier âld wurden.
[LC 18-9-52, 79-80] |
|