It kritysk kerwei
(1990)–Anne Wadman– Auteursrechtelijk beschermdResinsjes en skôgingen 1950-1970
[pagina 203]
| |
Problemen by de studzje fan
| |
[pagina 204]
| |
suprême’ fan de taalwurding, op it taalmomint yn syn yndividuele, artistike en kollektive sin. Yn de âlde histoaryske metoade fan Jonckbloet, Ten Brink, Te Winkel, Kalff en Prinsen, dy't by alle ferskillen dochs yn haadsaak fan itselde stânpunt útgyngen, is in krisis ûntstien meidat it besef yngong fûn, dat literatuer-histoarje, mei har oanhing fan skiednis, biografy, psychologyske ferklearring ensafh., mar in helpmiddel is ta datjinge wêr't it by einsluten om giet: de kunde fan en de wurdearring foar it keunstwurk lykas it foar ús leit. It kin tige syn nut hawwe te witten dat Vondel hoazzen ferkocht, Poot yn 't boerewurk wie, en Gysbert Japiks skoalmastere, mar yn it hifkjend oardiel oer barren wurk is it mar in hiel lyts momint. In literêr wurk lykas bygelyks Da Costa syn tiidsangen kin beljochte wurde troch kunde oan de kultuer- en de polityk-ekonomyske skiednis fan syn tiid, oan de libbensskiednis en de religieus-psychologyske ynstelling fan de dichter, mar de fraach dêr't it by einsluten om giet is: hoe naam dizze stoffe yn dizze figuer op dàt stuit krekt dy literêre foarm oan? Mei oare wurden: wat wy yn lêste ynstânsje dwaan moatte as lju dy't ús yn wittenskiplike sin mei Da Costa syn tiidsangen dwaande hâlde, is it sykjen nei de ferhâlding tusken Da Costa syn literêr foarmjouwingsprinsipe en it kollektyf foarmjouwingsprinsipe fan syn tiid. Fansels is soks makliker sein as dien. De stilistikus is dan ek de man dy't de woastyn yngiet mei de opdracht om elk sânkerltsje dat er op syn paad fynt te hifkjen. Oer in gedicht of oar literêr keunstwurk, it mei nòch sa trochsichtich en begrypber wêze út soarte fan skiedkundige en biografyske en psychologyske kunde, kin by einbeslút allinne it gedicht sels oardielje. Allinne it ynkringen yn stylfoarm en stylwearde kin it yn lêste ynstânsje trochsichtich meitsje. Dit besef makket de stúdzje fan de literatuerskiednis net makliker, earder ûnwittend folle slimmer. Want dizze wei lâns wurde biografy, kultuerskiednis en psychology dochs noch wer helpwittenskippen en wurdt de literatuerstúdzje dochs wer taalstúdzje, mar net yn de âlde sin fan de Kollewijnianen, mar yn de nije sin: wat is it fermogen fan it wurd as minsklik útdrukkingsmiddel, hoe fier rikt syn macht: wat docht it wurd yn de taalsituaasje dêr't it yn ferkeart? Pas yn dit ljocht ek hawwe wy rjocht op bygelyks in figuer as Gysbert Japiks. Ik bin sa frijmoedich en ferwiis foar de probleemstelling nei myn stúdzje It formôge fuotstik yn de essaybondel Kritysk Konfoai. Wêrom't ik dit probleem neam en sa mei klam foaropset? Wel, omdat elk dy't stúdzje makket fan de Fryske literatuer der algeduerigen, bewust of ûnbewust, wer op stjit. Iderkear wer komme | |
[pagina 205]
| |
wy ta de konklúzje dat, lykas in eardere tiid it formulearre: it keunstwurk blykber alderearst út syn tiid wei ferstien wurde moat, of, lykas de moderne stilistyk it leaver formulearje wol: ferstien wurde moat út it literêr foarmjouwingsprinsipe fan syn tiid. In literêr keunstwurk út earder tiden kin nammentlik fan twa kanten ôf lêzen wurde: fan ús modern stylgefoel út wei en fan it stylgefoel fan syn tiid út wei. It befredigjendste resultaat krije wy, as it keunstwurk him op beide wizen lêze lit. Dat is it gefal mei gâns gedichten fan Bredero en Hooft en in mannich fan Gysbert Japiks. Wy sizze dan: it is sà goed, dat it ús nò noch oansprekt. Mar Hooft en Gysbert hawwe har gedicht net skreaun foar de lêzer fan anno 1951. As wy it allinne sa lêze wolle, begeane wy winliks bedroch mei dat gedicht. In fers as Gysbert Japiks' Juwn-bede (‘Nu iz de Dey forronn' mey uwre' in stuwne’) lit him fan it moderne stylgefoel út wei skoan lêze en dat is prachtich. It is lykwols de frage oft in tiidgenoat fan Gysbert (as er dy hân hat) it mei deselde gefoelens lêzen hat as wy, en dus: oft Gysbert it sa bedoeld hat as wy it lêze. En de erkenning moat foarop stean: mei ús moderne stylynkringingsfermogen steane wy ferlegen tsjinoer it meastepart fan de Fryske literatuer út in earder tiidrek. Dit besef is it ûntmoedigjend wjerfarren fan elk dy't him mei literatuerskiednis ynlit. It hat ek myn teloarstellend wjerfarren west, doe't ik my fol goede moed joech yn it wurk en libben fan Hjerre Gjerrits van der Veen. Mar by alle teloarstelling bliuwt dochs de hope libben, dat sels dizze stomferfelende dichter ús wat leare kin oangeande de keunst fan it wurd. Wat ik hjirmei sizze wol is dit: sok in teloarstelling mei ús net tebekhâlde en ûntmoedigje, mar moat krekt oarsom ús eare wêze. Dêryn sil sûnder mis ek de Fryske literatuer, al hoe skeamel en earmtlik ek, ús befrediging jaan kinne. Foar de toarst sels makket it net folle út oft men koel saadswetter kriget om him te ferslaan of kleare jenever.
In twadde min of mear prinsipieel probleem is de fraach ta wat doel as ús eventuele warberens liede moat. Ik leau dat wy ús dêr yn 'e praktyk net te folle fan foarstelle moatte. Foar de grutte mannichte bliuwt Gysbert Japiks in namme, in paradehynderke foar krite-ynliedingen, in troefkaart yn it spul fan ús nasjonaal besef. Ik leau, mei oare wurden, dat it net folle sin hat en jou teksten út foar skoallegebrûk. Fan de mannichte dieltsjes dy't Van Vloten ûntwurpen hat yn syn rige Klassiek Letterkundig Pantheon binne de measte foar de skoalbanken dea-berne. Goede karlêzingen kinne hjir genôch dwaan, en it is myn oertsjûging, dat men leafde ta de literatuer better en fruchtberder bybringe kin mei in tekst fan | |
[pagina 206]
| |
J.C. Bloem as mei ien fan J. van den Vondel of J. van Maerlant, earder mei ien fan Gerben Visser as mei ien fan Gysbert Japiks. Allinne de frijwillige selsstúdzje en de universitêre of M.U.- of aktestúdzje sille by in fuortsette Magnus-rige baat fine. Dat besef kin ús der ek ta bringe net te folle konsesjes te dwaan oan in tinkbyldige vox populi. De wittenskiplike ynstelling en ferantwurding moat foaropstean, en as lykwols âldere dichters dy wei lâns popularisearre wurde kinne, is dat moai mei. In moderne Gysbert Japiks past op syn heechsten yn blomlêzingen foar skoalbern, net yn in wittenskiplik fûns fan de Fryske Akademy. It is nammers opfallend te sjen, hoe't de nije printingen fan de K.L.P.-rige iderkear wittenskipliker-oan wurde: mei grutter apparaat en minder printflaters!
Ik bin no takommen oan de mear praktyske problemen dy't har by it wurk op it mêd fan de Fryske literatuerskiednis foardwaan sille. Ik moat fuortdaliks sizze it mier oan blomlêzingen te hawwen en der wittenskiplik gjin heil yn te sjen. Men kin jin better beheine ta in part fan it wurk fan in skriuwer as in hap en in snap te nimmen út syn hiele oeuvre. Op it earste each mei in kar fan stikken better befredigje, omdat men sels it gefoel hat it ûnrant útsnije te kinnen en allinne de ‘moaie blommen’ oer te hâlden, mar op 'en doer sille de wittenskiplike objektiviteit èn it feit dat de persoanlike wurdearring aloan wikselet, oare easken stelle. Wy moatte ús bewust bliuwe dat gâns fan dit wurk mar ien kear bart en net wer oerdien wurde kin, al wie 't allinne mar pecuniae causa. Ik soe it net graach op my nimme en meitsje in karlêzing út it wurk fan Hjerre van der Veen, in dichter mei waans wurk ik ridlik betroud bin. Ik bin der wis fan dat in karlêzing dy't ik nije wike meitsje soe, gâns oars wêze soe as dy fan hjoed. Earder soe ik my beheine ta it wurk út in beskaat tydrek fan syn libben of ta it wer útjaan fan in pear oanslutende fan syn boekjes, sadanich dat it letter yn folgjende dieltsjes maklik oanfolle wurde koe. De alderearste swierrichheid dy't him opdocht by it gearstallen fan tekstútjeften is dizze: yn hokker stavering moat men de tekst jaan. Dit probleem leit folle slimmer as dat yn de Hollânske literatuer it gefal is. In tekst fan H.K. Poot is yn dy syn stavering foar de moderne net wittenskiplik foarme lêzer tige goed te folgjen. Men moat al ta Vondel en Huygens tebekgean om op ynweagende beswieren te stuitsjen. Ik kin my it wurk fan Busken Huet net goed oars yntinke as yn syn eigen Siegenbeek-stavering, dy't in part is fan syn foarmjouwing, likegoed as syn ynterpunksje. Beswieren levert dat net op. It deart my oan, dat de hiele Bibliotheek der Ne- | |
[pagina 207]
| |
derlandse Letteren, dêr't wurk yn opnommen is fan Veldeke oant Gorter, yn de aldernijste stavering jûn is. In fers is mear as klank, is ek in typografysk aventoer. Ik bin gjin spellingfetisjist, mar bliuw fuortdaliks ree en tel de stavering as in momint mèi. Hoe no mei de Fryske stavering yn de foarrige ieu oan? Om te begjinnen is er oer 't gehiel slimmer as de Hollânske. Boppedat binne der op syn minst trije min of mear folsleine systemen: de Gysbert Japiks-, de Iduna- en de Halbertsma-stavering, dy't ek Waling Dykstra brûkte. En wiene wy der hjirmei mar. Mar de Iduna-stavering hat ûnderskate stadia trochrûn, hat winliken gjin momint stilstien en har konsolidearje kind. Harmen Sytstra wie de iennichste man dy't dy spelling behearske en dat ek noch allinne meidat hysels (of syn stúdzje fan it Aldfrysk) de noarm wie. Op ien bledside past er twa Iduna-systemen ta neist of leaver ûnder elkoar: de tekst (syn eigen of oarmans) jout er yn in kompromis-Iduna-stavering. De noaten (blykber ornearre foar in mear ‘wittenskiplik’ ynsteld part fan it lêzerspublyk), klaait er yn in noch argaïstysker staveringshabyt dat him as ideaal foarkomt. En wat benammen sa wichtich is: wy meie gerêst oannimme, dat Sytstra syn oanienwei staverjende geast gien is oer alle stikken dy't yn syn tydskrift stien hawwe. Deselde skriuwers dy't yn Iduna sa kreas op syn Iduna's staverje, falt er as Iduna-kritikus oan as se yn oare tiidwurkjes omdôch besykje om èk op syn Iduna's te spellen! Wat foar Sytstra en miskien ek foar Tiede Dykstra opgyng: dat de stavering dêr't se har eigen stikken yn skreauwen, alteast in part fan harren eigen geast wie en as sadanich fan wittenskiplik belang, jildt net foar de lju dy't ûnder harren spelling-terreur yn Iduna publisearren. Mei oare wurden: immen as Hjerre van der Veen is, as er yn Iduna publisearret, net himsels. It oandiel fan Sytstra is net mear nei te gean, dus is ús ek net bekend hoe't Hjerre Gjerrits sels dy stikken skreau. Dizze omstannichheid makket it ús mei-iens maklik: jout ús it rjocht ta it brûken fan de moderne stavering. Mar ek de algemiene spelling-gaos yn de 19de ieu jout ús dat rjocht. Hjerre van der Veen hat yn syn libben seis of sân soarten fan staveringen brûkt, soms twa tagelyk, en hy eksperimintearre aloan, sels nei't de Selskipskommisje dêr't hy sels in sit yn hie, nei lang wrakseljen in nij systeem klear hie. Dus: ien stavering, en de nije. Ek by Harmen Sytstra. Ik soe lykwols ien betingst stelle wolle en in net sa maklik te ferwurklikjenien. Ut wittenskiplik each liket it my needsaaklik ta, dat yn elke tekstútjefte in algemien oersjoch jûn wurdt fan de yn dy teksten oarspronklik brûkte stavering en dat alle fan dy algemiene noarm ôfwikende spelwizen ûnder oan de bledside ferantwurde wurde, | |
[pagina 208]
| |
sadanich dat de lêzer mei help fan dat apparaat de oarspronklike tekst sèls rekonstruearje kin as er dat winsketGa naar eind2. Fansels bliuwe hjir swierrichheden bestean: yn beskate gefallen sil twivel opkomme kinne oangeande de lûdwearde fan in bepaald letterteken. Dit probleem soe op himsels besjoen wurde moatte. It is foar my noch de fraach oft ik fleurich ‘dus’ skriuwe soe, wylst de orizjinele tekst ‘dos’ jout en ik der net wis fan bin dat ‘dus’ doe al de normale útspraak wie. Fergeliking mei yn deselde tiid skreaune teksten yn mear fonetyske stavering kin hjir faak ljocht bringe, mar mei it each op dialektferskillen ek wer net altyd. Yn ferbân mei de beswieren dy't ik hjirfoar neamde, soe ik der mei klam op oanstean wolle om te begjinnen mei tekstútjeften fan dy skriuwers út de 19de ieu, fan wa't it oeuvre oer te sjen is. Mei Waling Dykstra, Tsjibbe Gearts van der Meulen en Hjerre Gjerrits van der Veen sit men fan datoangeande sa fêst as in hûs. Gâns makliker soe it lizze by lju as Salverda, Wopke de Jong, Van Blom en Windsma. De 18de ieu, leaver de tiid fan Gysberts dea oant 1800, is dêrby in probleem op himsels, dat ik net graach ien-twatrije oplosse soe. Wol doar ik sizze, dat ik in skieding lizze wolle soe by it jiertal 1800 of miskien justjes letter. Yn alle gefallen in skieding by it begjin fan de Wassenbergh-tiid. Dy hiele 18de ieu en wat der oan foarôf giet is aardich oer te sjen en as sadanich in wurkterrein dat faaks yn syn hiele hear en fear opnommen wurde koe. De mooglikheid soe neffens my bestean om alles wat der yn it tydrek 1666-1800 oan Frysk wurk skreaun is, mei útsûndering fan miskien ien of twa gruttere wurken lykas de Rymlerij fan de Althuysens, yn ien diel of twa by-inoar te bringen, gronologysk oardere en yn 'e oarspronklike stavering. In wurk foar de lange baan fansels (nammers der sil noch hiel wat swile wurde moatte om alle 18de-ieuske brullofts- en promoasjefersen by elkoar te krijen), mar dat as ynventarisaasje fan ûnwittend grut belang wêze soe ek foar de taalûntjouwing fan Gysberts tiid nei uzes ta. In takomstige histoaryske grammatika fan it Frysk soe tige profyt ha kinne fan in folsleine samling ‘Fan Gysbert oant Wassenbergh’, al wie 't faaks foar de literatuergenieter gjin pree. No't wy it dochs hawwe oer de ôffreding fan it wurkterrein soe ik foar de aktiviteit fan it Literêr-histoarysk Wurkferbân noch in oare mear praktyske as prinsipiële skieding foarslaan wolle, nammentlik as terminus ante quem it jier 1900. Dat jier is net alhiel tafallich keazen. Om dat jier hinne begjinne de âldste fan de no noch libjende skriuwers te publisearjen: Obe Postma, Reinder Brolsma en ek Simke Kloosterman, alle trije figueren dy't by de Jongfriezen tige yn 'e geunst stiene. It sil net sa tige slim wêze om út te meitsjen | |
[pagina 209]
| |
oft in beskate skriuwer syn hichtepunt hat foar of nei 1900. Ik sil net sizze dat de tiid nei 1900 net ta de literatuer-histoarje te rekkenjen falt, mar hjir, liket my ta, leit earder in terrein foar in foarútstribjend útjouwer as foar in wurkferbân. De moderne literatuer moat nammers net al te gau yn de hokjes fan de histoarje treaun wurde. Earne moat men de literatuer as skiednis iepen litte.
Behalven it yn it ljocht jaan fan tekstútjeften is it gearstallen fan folsleine bibliografyen fan Fryske skriuwers, neffens wat der al foar Waling Dykstra dien is, in tige nedich en nuttich fjild fan dokumintaasje. Dit kin foar elke skriuwer apart barre, fansels. Mar om't dit suver allinne dokumintaasje is, soe ik hjir dochs in oare wurkwize foarslaan wolle. Dy't bibliografyen fersoargje wol, fan hokker Fryske skriuwer út de 19de ieu ek, bedarret yn it foarste plak by de tydskriften. Rûchwei skat ik bygelyks wat der fan Hjerre van der Veen yn tydskriften stien hat, kwantitatyf seis à acht kear sa folle as wat er apart útjûn hat. Sa sil it by mear skriuwers wêze. De aparte útjeften binne maklik te finen yn de Katalogus fan Fryske útjeften fan de Provinsjale Bibleteek. Dêr binne gjin swierrichheden mei. It komt dus yn haadsaak del op it trochblêdzjen fan alle tydskriften en almenakken. Soks by elke skriuwer wer dwaan, soe delkomme op iderkear wer itselde wurk. En dêrom soe ik it útstel dwaan wolle, as earste konkreet foarbyld fan teamwork yn it Wurkferbân: it gearstallen fan in folsleine bibliografy fan alle skriuwers oer alle tydskriften en almenakken fan tusken 1800 en 1900. Fansels kin ien persoan soks net oan. Mar op dit punt en neffens fan te foaren opstelde ynstruksjes soe hjir in dokumintaasjemateriaal fan grutte wearde opboud wurde kinne. Sa haw ik sels alles (of bynei alles) fan Hjerre Gjerrits op kaartsysteem brocht. Dat apparaat soe maklik ynskeakele wurde kinne. Men komt hjir fansels foar problemen te stean. Bygelyks: gronologysk oarderje of oars? Dêr is wol út te kommen: earst jier foar jier alles neigean foar elk tydskrift. Dêrnei soe men de saak gronologysk fan elke skriuwer apart by elkoar sykje kinne en der kaam sadwaande in apart kaartsysteem foar elke skriuwer ta stân. In twadde swierrichheid sit him yn it oplossen fan pseudonimen en inisjalen dy't soms net, soms al út te finen binne. Sels haw ik dêr tige mei sitten. De earste kear alle tydskriften neigeande haw ik allinne sjoen nei de ynhâldsopjeften. Fûn ik dêr wat dat op Van der Veen wiisde (V. of v.d.V. of H.G. of dúdliker inisjalen), dan gyng ik nei de tekst sels. De twadde kears lykwols haw ik it hiele boek trochblêde, en dêrby fûn ik ûnderskate stikken dy't wol fan Van der Veen wiene, mar net as sadanich yn 'e ynhâldsopjefte | |
[pagina 210]
| |
beskreaun stiene. Ik kaam bygelyks in pear kear as ûndertekening tsjin: ‘V.’ (lofts) en ‘D.’ (rjochts). Omdat ornaris de plaknamme lofts stiet en de skriuwersnamme rjochts, stie ik hjir earst net by stil. Mar troch it lêzen fan in opskrift en in pear rigels kaam my dochs Van der Veen yn 't sin. De ynhâldsopjefte lykwols joech as skriuwer: D. It hat my gâns moeite koste om te bewizen dat ek dy stikken (in stik of fiif, seis) fan Van der Veen út Driezum wiene. Men moat by dit sneupwurk tige op jins iepenst wêze, ek al omdat faak by de gearstallers fan ynhâldsopjeften de nedige krektens ûntbrekt. Oer de praktyske oanpak fan it wurk noch it folgjende. De kaarten fan de ûnderskate meiwurkers oan it projekt moatte fansels safolle mooglik gelyk wêze en deselde gegevens befetsje: folsleine titel, skriuwers- en skûlnamme, fynplak mei jier (en datum) fan ferskinen (en eventueel fan skriuwen), tal bledsiden, by poëzy tal strofen en fersrigels en wêr mooglik in koarte ynhâld. De ynstruksje sil foar al dizze gegevens fêste plakken op 'e kaart fêststelle moatte. As dit basis-materiaal ienris ree is, is de fraach: wat der fierder mei te dwaan. Fansels leit it as kaartsysteem tagonklik foar elkenien. Mar faaks sil it boppedat yn 'e foarm fan in stensille boekwurk ferskine kinne, lykas de dielen oer Fryske plaknammen. In gewoan boek hat net folle doel, it is gjin treinlektuer. Om it belang fan de saak èn om in konkreet wurkobjekt foar it Wurkferbân oan te pakken soe ik as earste dit miskien wol wat droege, mar gjin drege wittenskiplikheid easkjende kerwei foarslaan wolle.
In oar wurkobjekt soe wêze kinne it meitsjen fan biografyen en it fersoargjen fan brievesamlingen. Fan tige belang is it earst gearstallen fan in bibliografy oer dizze dingen, oan 'e hân ek mei fan it materiaal út de tydskriftebibliografy dy't ik niis neamde. It is needsaaklik te witten hokker lju oer hokker lju gear west hawwe. Piebenga syn Skiednis en Wumkes syn Bodders en Paden jouwe hjir al materiaal, dat tige nedich oanfolle wurde moat. Dit wurk soe folgje kinne op dat ik niis neamde, om't it der in logysk útfloeisel fan is. Boppedat soe men oan 'e hân fan sa'n ynventarisaasje ek neigean kinne oer hokker persoanen in biografy it earst nedich wêze kinne soe. Oer de biografy sels soe ik samar gjin útslútsel jaan wolle. Dat is mear ienmanswurk en de taak fan it Wurkferbân kin op 'en heechsten oantreastgjend en stypjend wêze. In fuortsetting fan de rige by Van GorcumGa naar eind3 soe in bêst ding wêze, al moat ik der fuort by sizze dat in foarbyld as it boekje fan ds. Kalma oer Gerben Colmjon my wittenskiplik sjoen wat meager taliket. Men moat yn | |
[pagina 211]
| |
dit stik net al te foarsichtich en folksaardich wêze wolle. It meastepart fan sok wurk bart mar ien kear, benammen de takomst moat der syn foardiel mei dwaan, dêrom is al te sterke popularisearring net winsklik. It probleem fan de biografy is nammers it lêste wurd net oer sein. Faaks soe it mooglik wêze en besprek de biografy ris op in gearkomste yn 'e mande mei it Histoarysk Wurkferbân. Net elke skriuwer fertsjinnet in model-biografy mei in folslein wittenskiplik apparaat. Mar it boek oer Waling DykstraGa naar eind4, in pear jier lyn ferskynd, is dochs wittenskiplik en stilistysk wol in tige ûnripe frucht. It meitsjen fan in biografy is in kerwei dat oer jierren rint. En it sil wol gâns in set duorje ear't de lêste Fryske skriuwer út de 19de ieu yn in biografy byset wêze sil. Gâns materiaal stjert ús sadwaande ûnder de hannen wei. Dêrom achtsje ik it fan tige belang dat tsjûgenissen fan noch libjende persoanen oer ferstoarne skriuwers sammele wurde, ek al is der noch nimmen dwaande mei in libbensbeskriuwing. Troch mûnling en skriftlik kontakt bin ik gâns wiere en ûnwiere ferhalen en anekdoaten oer Hjerre Gjerrits op it spoar kommen. Jierren lyn bin ik begûn mei it sammeljen fan dat materiaal. De minsken dy't der noch weet fan hawwe, rinne allegear tsjin de tachtich. In pear âldere dames hawwe my ear't se ferstoaren, noch wiidweidich har sin oer Van der Veen sizze kinnen. Ek op dit terrein kin it Wurkferbân him dwaande hâlde: it sammeljen fan gegevens om dy ynearsten yn in dossier op te bergjen.
Op it gebiet fan brieverij is ek gâns wurk te fersetten. Ik tink oan publikaasjes út it Selskipsargyf. Ek hjir moat ynearsten alle war dien wurde, dat alles bewarre bliuwt oant der ien is dy't dat materiaal oarderet en bewurket. Finansjele faktoaren sille in gruttere oanpak fan dit wurk dochs ynearsten wol behinderje. Foar lytse, mar komplete samlingen brieven soene tydskriften as It Beaken en De Tsjerne faaks plak fine kinne. Hjirmei is it wichtichste sein dat ik op myn hert hie. Der leit in fruchtber en grut arbeidsterrein foar ús. It mei ynearsten droech lykje: mear ynventarisaasje as djipgeande stúdzje. Mar dit makket dat wy faaks, lykas de Akademy dat wol, ek lju sûnder wittenskiplike oplieding oanlûke kinne. Yn it wittenskiplike is de beskieden arbeider fan like grut gewicht as de liedingjaande ekspert. Allegear, wittenskipsman en ienfâldige sneuper en samler fan kaartsystemen, moatte har yn alle beskiedenens bewust wêze dat in grut part fan har wurk net fierder giet as dit: meiwurkje om it apparaat te skeppen dêr't lettere generaasjes, as de wrâldskiednis | |
[pagina 212]
| |
safolle moederaasje betoane wol, har wurk op fierderbouwe kinne. |
|