It kritysk kerwei
(1990)–Anne Wadman– Auteursrechtelijk beschermdResinsjes en skôgingen 1950-1970
[pagina 193]
| |
H.G. van der Veen en de Fryske winterjunenochtIDr. G.A. Wumkes seit yn syn Bodders yn de Fryske striid (side 566) oer de Driezumer dichter-skoalmaster Hjerre Gjerrits van der Veen: ‘Hy koe it net goedkrije, dat Waling Dykstra begûn mei Fryske winterjûnenocht en skreau yn 1861 dêrtsjin it rymstik: Protest op 't Fryske winterjounenocht.’ Yn syn Paden fen Fryslân diel I, side 178 wiist deselde ûndersiker Van der Veen oan as de skriuwer fan in mei H.G. ûndertekene krityk op 'e Winterjûnenocht fan Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen, publisearre yn it Hollânske tydskrift De Tijdspiegel fan 1862, wylst dr. M. de Jong yn Het geheim van het Oera-Linda-boek dit stik op rekken skreaun hie fan Eelco Verwijs. Besjocht men dizze twa meidielings fan dr. Wumkes neist elkoar, dan liket alles yn oarder: Van der Veen in tsjinstander fan it Winterjûnenocht. Hellet men de libbene by de deade en bestu- | |
[pagina 194]
| |
dearret men beide autentike stikken, dan docht bliken, de saak is dochs sa ienfâldich net. Earst it dichtstik, dat yn hânskrift te finen is yn it Selskipsargyf. Maklik lit dizze nuveraardige tirade fan fjirtich strofen fan elk seis rigels har net lêze. Men kin it fers net in beskaat talint ûntsizze, mar it is dochs echt op syn Vanderveens: stjitterich, yn elkoar krongen, ryk oan konjunktyffoarmen, yn herhelling ferfallend, en men moat de holle der foargoed by hawwe om de tried net te missen. Fryske Winterjûnenocht, seit Van der Veen, is neat as ‘scyn’-nocht, as der gjin Fryske deugd yn sit. Der wurdt optheden in ‘fransk-frysk’ nocht oer it lân brocht dat ‘alle echte frysce froedens wân’ is. De dichter ropt de geast fan Gysbert Japiks, ‘de Fryske Vondel’, op om dêr mei syn ‘sliucht in riucht’ in ein oan te meitsjen. Foar Gysberts ienfâld sille se as in spoek ferdwine: as der gjin Fryske deugd yn sit. Der wurdt optheden in ‘fransk-frysk’ nocht oer it lân brocht dat ‘alle echte frysce froedens wân’ is. De dichter ropt de geast fan Gysbert Japiks, ‘de Fryske Vondel’, op om dêr mei syn ‘sliucht in riucht’ in ein oan te meitsjen. Foar Gysberts ienfâld sille se as in spoek ferdwine:
Greatskens, greatspraek, egen lof,
Poespas, frjemde flinken,
dy't by Poepen en Frânsen hiem binne en hjir troch in ‘liflef folkjen’ wakker ynhelle wurde. Oer dit ‘frjemdsinsfieden’, dat ús eigen skaai ús oandocht, moat ‘wrake’ roppen wurde. Dy't soks ferneare kin, is gjin wiere Fries en foar
syn hertewône
Groeit gjin hielkruwd; neat as dea
Giet troch syn besmette lea!
En de dichter ropt út:
Wea 't ‘frysk nocht, to winterjoun!’
Mar dan besjocht er de saak fan de oare kant en freget: soe men wea roppe oer in Frysk nocht dêr't ‘puwck fen boargers’ hinne lokke wurdt troch ‘gas of modrateur’, troch hoepelrokken en troch de ‘alderfynste odeur’, dêr't it plompe Frysk sa heech op 'e troan sit, dat it net allinnich by it ‘smaekleas dom gemien’, mar ek by de kulturele hegerein yn oansjen is? Ommers: ‘'t swiete nju des huwsmans’ is wat fan de âlde tiid, doe't der noch ferlet wie fan ‘nocht op egen wiise’. It ‘hjoeddeisce fryske bern’ sjocht der gjin ‘grissel moais’ mear yn en winsket de beskaving dy't omfierrens wei oanwaaien komt. | |
[pagina 195]
| |
In âlde Stânfries jout it antwurd: hy ferhearliket it âlde Fryske folksaard, dat net witte wol fan skyn en flaaikjen, fan ûnthjittings brekken, fan frjemdsin en bûgjen, dat foar 't each hurd is en stoef, mar fan herte tear, dat wearzget fan leffe komplimintsjes en etikette, dat net fij is fan in kwinkslach, mar by 't oansjen fan it hillige ropt: ‘Skoen uwt in de holle bleat!’, dat leaver foar lomp en stiif giet as dat it him de lakswiete frjemde moaden oaneigenet. En hy warskôget:
Friesen, Friesen! o, stean pal;
Weelde en wyldsin woll' jimm' fal!
Mar it is omdôch: ‘snikjend, kritend’ sakket de âld man wei yn syn grêf en de oare partij nimt it wurd wer: fan Fryske seden en Fryske deugd, dy't liede kinne ta Frysk nju, wolle se neat mear witte. Se dije ta smaak mei Dútsk en Hollânsk, ja sels mei Frânsk:
O! ho hearlik stiet ws kans,
't Frysk fen kant to krijen!
Dy Friezen fan it âlde slach roppe noch deaden op út har grêf om harren te helpen, mar dat is ...... hjar laeste lypjen
Om ien skat, lang skjin forbruwkt,
'n Wer foar elk de noas opluwkt;
Elk, dy eat syn tiid forstiet,
Mei syn nije foarmen -
't Frysk in 't Stanfrysk fleane liet
Yn foaruwtgongsstoarmen.
Wy, de modernen, hingje net langer oan it âlde, dat ûnferbidlik foarby is:
Leauw', Parîs bistiet it net,
Op 't toneel to bringen,
Hwat ald-Fryslân hjoed de dei
Nochlik sjen in hjerre mei!
Dan nimt de dichter sels it wurd wer, winskjend dat er in Fries fan it âlde skaai wêze mocht, no't Fryslân ûnder it útkreamjen fan dit ‘great fornuft’ leit te suchtsjen, alhielendal ‘forbluft’ en yn ‘swym-swam’ te kreunen en te kriten leit. Hy skammet him foar | |
[pagina 196]
| |
de namme Fries en docht in sarkastysk berop op 'e grutte ‘sjongers’ Posthumus en Halbertsma om, wylst Gysbert him yn syn grêf omdraait, dochs benammen tsjûge te wêzen fan dizze ‘uws heachste gloarje’ en, elk mei in palm, dizze fiktoarje te fieren mei in ‘himelfreugdegalm’.
Wêr, freegje wy ús ôf, kettermintet Van der Veen hjir in 240 rigels lang sa alderheislikst tsjin? Wat wie der bard yn Fryslân dat him net noaske en dêr't er syn galle oer útspuie moast? Folle dat hâldfêst jout, falt út it rymstik net op te fandeljen. Lykas meastal yn 'e gedichten fan Van der Veen (en der binne gâns by fan in twa-, trijehûndert rigels!) siket men omdôch nei fêstomskreaune feiten en nammen. It doel fan de oanfal bliuwt dizenich en abstrakt. Van der Veen, by al syn kwaliteiten en fertsjinsten, besiet net it fermogen om syn gedachte-kronkels te ferienfâldigjen, likemin yn syn rymwurk as yn de talleaze missives en fersykskriften oer salaris- en oare saken dêr't er Gemeentebestjoer en Deputearre Steaten periodyk mei ta wanhoop (of ta spot) brocht. Mar ien ding is wol dúdlik: tsjin de Winterjûnenocht fan Waling en Tsjibbe Gearts kin dit net gean. In amerij oannomd, dat Hjerre Gjerrits harren wurk net lije mocht, dat er dêryn it brûken fan de eale memmetaal seach foar aldeneiske setten en pretten, - dat it gearhinget fan ûnfryskens, fan Frânsk, Hollânsk en Dútsk, dat it reklame makke foar hoepelrokken en odeur, dat it, mei al syn stribjen nei en befoarderjen fan seden en deugd (sei Tsjibbe Gearts net op 6 desimber 1860 te Dokkum, dat it harren doel wie ‘om troch satyre de sedekinde to bifoarderjen’?), ‘frjemdsinsfieden’ hjitte mocht, dat it koartsein plus parisien que Paris wie en folslein yn striid mei Gysbert-om syn ‘sliucht in riucht’, dat kin sels Van der Veen, al hoe raar oft er bytiden út 'e hoeke komme koe, ús net wysmeitsje wold ha. Wêr giet it dan tsjin? De folsleine titel fan it rymstik kin ús in oanwizing jaan. It fers hjit nammentlik Protest op 't Fryske Winterjounenocht fen Gysbert Japiks' Sliucht en riucht. Dit kin twa dingen betsjutte: 1. Gysbert Japiks' ‘Sliucht en riucht’ protestearret tsjin it Winterjûnenocht (yn 't algemien dus) en 2. Ik protestearje tsjin it Winterjûnenocht, sa't men dat oantreft by Gysbert Japiks' Sliucht en riucht. ‘Gysbert Japiks’ no wie de namme fan it Frysk Selskip te Damwâld, dêr't Van der Veen ien fan de foaroansteande leden fan wie. Dit Selskip hat net lang bestien en wie, al hawwe der mei it Ald Selskip fan 1844 wol kontakten bestien, dêr net offisjeel by oansletten. Op 'e earste iepenbiere gearkomste derfan, 15 oktober | |
[pagina 197]
| |
1850, dêr't Tsjibbe Gearts sprekker wie, brocht Van der Veen syn heilgroet oan it SelskipGa naar eind1 en betocht er yn in rymstik fan 118 rigels ‘it oafstjerren fen de wolearwirdige, tige bewitenskippe Hear’ Rinse Posthumus, dy't ferstoarn wie op 28 septimber 1859Ga naar eind2. Op 22 jannewaris 1861 hâlde it selskip Gysbert Japiks in ‘iepenlike gearkomste mei frouwen’ en wol ‘alhiel ta bate fen da lijers troch da oerstreamingen in Gelderlond’. It wie Van der Veen dy't dy jûne in grutte bydrage yn poëzy foarlies, titele Oan de Friezen yn Foarmoanne fen 1861, by 't fornimmen fen de Oerstreaming oan Maes en Wael. Dit retoarysk rymstik is ûnder it motto ‘Botsen by botsen’ en ‘ta bate fen 'e lyers’ twa moanne letter te Ljouwert útjûn foar rekken fan it selskip ‘Gysbert Japiks’. It befettet in oprop oan de Friezen om de ‘oerdwealsce’ Fryske winterwille, hoe leaf dy ús ek is mei syn wille fan spierkrêft en feart en mei syn ‘ljeafdebânnen, rein in hillich’, dy't dêrby ‘knoate wirde, onwrikber faest’, no te staken en de bruorren yn Gelderlân te helpen yn harren need, lykas yn 1825, doe't Fryslân der sa foar stie, ek fan alle kanten help en stipe bean waard. As wy ús no oerjoegen oan de djipst te bekleien sûnde: de gjirrigens, dan soe (alwer: it is in soarte fan many by Van der Veen!) Gysbert syn ‘Rjucht in sljucht’ in skandflek betsjutte. Wy moatte berêste, bidde, leauwe èn offerje. It stik beslút:
Mey', frysce team! dy kreftsynspanning,
In fluggens streakje, ferme lea,
De ynspanning fen dyn geastformogens,
Ta heager doel, forjit dy nea!
Dizze oprop waard dus foarlêzen op 22 jannewaris 1861. It Protest op 't Fryske Winterjounenocht is datearre... 23 jannewaris 1861, ien dei letter! De ferklearring fan dit lêste gedicht twingt har suver oan út it earste. Wat left foar de hân? Dat Van der Veen just op dy gearkomste ‘mei frouwen’ argewaasje hân hat fan de nocht-en-willegeast dy't by de Damwâldster krite hearske. Hoepelrokken en odeur, gas en ‘modrateur’, wylst... hy út wie op goeddwaan en in berop die op it Fryske folk om mei de iiswille op te hâlden en mei mylde hân te offerjen foar ‘de lyers’. Gysbert syn spreuk betsjutte yn dit fermidden sa't like yndied in skandflek, net om 'e gjirrigens, mar om de weeldesucht, de útwrydske pronkskens, de Parise moadesucht, dy't men wol net alderearst yn Damwâld anno 1861 sykje wolle soe, mar dy't men jin begripe kin as te bestean yn de ûnboargerlike geast fan Hjerre Gjerrits: syn hertstochtlike | |
[pagina 198]
| |
oprop waard ûndergien en ferstien as in foarm fan ... Winterjûnenocht, en dat stiek te skerp ôf by de earnst fan de tastân. Frucht fan syn grutte lilkens wie it rymstik fan 240 rigels dat de deis dêrnei (miskien dyselde nachts noch) oan syn brein ûntspatte. Wy meie oannimme dat Van der Veen syn lilkens mar ta in hichte rjochtfeardige wie, mar wy kinne it ús begripe. Der mei net fergetten wurde dat Van der Veen in pasjonearre, emosjoneelaktiveGa naar eind3 en dwerskoppige man wie, dy't alderheislikst te kear gean koe as er syn sin net krige. It is my net bekend oft Van der Veen syn ûnsêftsedige krityk op it Selskip sels nei foaren brocht hat. Moai wis net. Yn alle gefallen is syn oprop om help op kosten fan dat Selskip printe en útjûn. En op 20 april 1861 hat er yn dat fermidden nochris in grut rymstik fan 200 rigels foardroegen: Huet wol-et Selskip ‘Gîsbert Japiks’ to Damwalde?Ga naar eind4. En twa dagen letter, 22 april, hat er, no yn in oar, mar wierskynlik foar in grut part út deselde persoanen besteand selskip, it Damwâldster Nut, nochris in oprop ta stipe dien foar de slachtoffers fan de oerstreamingensGa naar eind5. Fan bydragen oan it selskip ‘Gysbert Japiks’ hearre wy net wer. It hat ek net lang mear bestien. Yn it Selskips-argyf is noch in ferslach fan ‘Gysbert Japiks’ oer 1859 en '60. Van der Veen hat letter noch lid west fan de krite Dokkum fan it Ald-Selskip, oprjochte yn 1859, dy't likemin bloeie wold hat. 17 maart skriuwt de man hjirfan, Johannes D. Baarda, notarisklerkdichter te Damwâld, oan de Selskipsskriuwer Gerben Colmjon, dat Van der Veen ‘alderwenst sa dwarsbongelt dat wy him, as 't net striidt mei de haedwet (en ús miening is fen net) ienfâldich fortoan negére.’ It Protest hat in eigenaardich lot hân. Ynstjoerd by Colmjon, dy't it net ta printsjen geskikt achte, bleau it dêr lizzen. Wy fine it werom yn 1868, dus sân jier letter, as it by inkelde lju fan de ‘Bioardielingskommisje’ lâns stjoerd wurdt. Yn de ‘Oardielsboeken’ fan it Ald-SelskipGa naar eind6 fine wy de oantekeningen fan dy lju. Sjoch hjir wat Colmjon skriuwt: ‘Dit stik hie 'k al în 'e hûs, do 'k yet net mei die în th Winterjounenocht. Do achte ik it net ta printsjen geskikt, fen 'th weromstiuren kaem lîkwol net, end nu 't it my sels meirekketh wol 'k it net up eigen manneboet ofkarre.’ No, de mannen karre it ek ôf. Van Loon: ‘Ik stel foar dit protest foar “notificatie” oan te nimmen’ (16 jannewaris 1868). D.B. Camstra en A. Noorderbroek skriuwe respektyflik: ‘hearth bi 'th selskip naut thus’ en ‘Net to printsjen’. Liket Colmjon it stik opfette te hawwen as in regelrjochte oanfal op it Winterjûnenocht dêr't by letter sels ek oan meidien hie, better hat neffens myn | |
[pagina 199]
| |
betinken J. Troelstra it foar 't ferstân. Hy skriuwt: ‘It ‘Protest’ fen vd Veen liketh to slaen up it selscip ‘riucht end sliucht’, dat, sa ik mien, to AEkkerwald bistieth of bistien heth. It kumt my minder gued foar um sukke stikken in de wirken fan 't selscip up to nimmen 'nd buppedam is 't nou, nei sân jier, to let um it ‘protest’ iëpenlek to dwaen.’ | |
IIWaling Dykstra en Tsjibbe Gearts setten mei har Winterjûnenocht útein yn it lêst fan 1860. Yn novimber droegen se foar op 't Hearrenfean, de 6de desimber te Dokkum, de 10de te Ljouwert. Yn jannewaris 1861 folgen Beetstersweach, Easterwâlde, Snits, Wurdum, Jorwert. Rûnom wie it sukses enoarm. De kranten skreauwen der mei lof oer, de sprekkers waarden as keningen huldige. 26 en 28 febrewaris wiene De Lemmer en Wâldsein oan bar. Doe lykwols wie 't út foar dit winterskoft. 3 maaie fan itselde jier kaam by Cuperus te Bolsert yn it ljocht: Frîske Winterjoune-nocht. Rîm en Onrîm fen Waling Dykstra en T.G. van der Meulen. It wie de samling stikken dêr't se dy winters mei de boer op west hiene. Yn it Hollânsk tydskrift De TijdspiegelGa naar eind7 stiet in yn it Hollânsk skreaune krityk fan ‘een Fries’ dy't him H.G. neamt, in krityk dy't yn guon opsichten lang net noflik is. De skriuwer begjint mei in beskriuwing fan de winterfernoegens op it Fryske plattelân. Mei its is der ferdivedaasje by de rûs, mar yn iepen winters binne dingen as it optreden fan de twa Fryske skriuwers tige wolkom: ‘'t Was iets nieuws in Friesland: een industrie op letterkundig gebied.’ De algemiene byfal trune de foardragers oan, har wurk yn it ljocht te jaan en H.G. ferfettet: ‘Of dit verstandig is geweest van de heeren Waling Dykstra en Van der Meulen? Zij zullen ook wel weten dat niet alles wat met genoegen en toejuiching gehoord wordt, daarom juist voor de pers geschikt is.’ It beswier fan de resinsint is dus nèt dat de stikken foardroegen, mar dat se printe binne. De Winterjûnenocht as sadanich hat er neat op tsjin, hy fynt der sels in protte yn te priizgjen: de geast, de algemiene strekking: ‘De Friesche taal is geliefd, de onderwerpen zijn uit het dagelijksch leven genomen, de strekking is om deugd en goede zeden te bevorderen.’ De stikken fan Waling Dykstra seit er fan, dat se jouwe ‘weinig meer dan droge redenering, die alleen door eene levendige voordracht, in 't friesch en op rijm, de aandacht der hoorders zal hebben kunnen boeijen.’ ‘...eenige verheffing, eenigen gloed, ware | |
[pagina 200]
| |
poëzij, eenige schildering, die redenering en betoog afwisselt en op de verbeelding werkt, zoekt gij in de stukken van Waling Dykstra vergeefs’ [ik printsje skean, A.W.], al moat tajûn wurde dat der hjir en dêr ‘nuttige opmerkingen en waarschuwingen’ yn foarkomme en dat Dykstra in iepen each hat foar de brekken fan syn tiid ‘en poogt ze met loffelijken ijver te verbeteren.’ Better is by H.G. it wurk fan Tsjibbe Gearts, mei ‘meer levendigheid en afwisseling, met warmte en gevoel,’ gefoel foar it pikante en foar de antyteze, ‘goede grepen en waarlijk schoone gedachten.’ De resinsint beslút mei de winsk, dat de foardragers ‘aan Frieslands bewoners nog menigen genoegelijken Winteravond mogen verschaffen’, mar trunet har net oan ‘om de voorgedragene stukken telken reize in 't licht te geven’, en jout in mannich oanwizingen dêr't de hearen har foardiel mei dwaan kinne.
Wa is de skriuwer fan dizze krityk? Dr. M. de JongGa naar eind8 nimt oan: Eelco Verwijs. En op hokker grûnen? Einliks allinnich omdat Verwijs twa jier letter (1864) yn De Gids in skimpskoat docht op 'e Winterjûnenocht en dêrby in wurdkar brûkt dy't tichte by dy fan H.G. stiet, nammentlik de rigel ‘Stoutheid, verheffing, eigenlijke vlugt, die U gloeijende verzen geeft, ge zult ze bij haar vergeefs zoeken’ - De Jong printet skean; fergelykje it mei boppesteand skeanprinte sitaat fan H.G. - èn om it feit dat Verwijs fjouwer jier letter (yn 1866) seit dat er gefaar rint foar H.G. oansjoen te wurden, sûnder dat er fierder in ûntkenning útsprekt. Beide grûnen lykje my net sa sterk ta. De oerienkomst yn wurdkar betreft tige tradisjonele wurden dy't yn dy tiden elkenien brûkte dy't oer poëzy skreau, wurden sûnder persoanlik aksint. Men kin se suver op elke side fersebesprek yn elk Hollânsk tydskrift út 'e midden fan de foarrige ieu by boskjes opfandelje. En dan noch: às Verwijs yndied de skriuwer wêze soe fan de krityk út 1862, dan soed er as konsjinsjeus wittenskipsman dochs wol alderearst yn '64 ris neigien hawwe hoe't er earder oer dyselde dingen skreaun hie, en der foar oppast dat no wer yn deselde bewurdingen te dwaan, benammen as er reden hie om yn '64 net wêze te wollen dat er sels de H.G. fan '62 west hie. Ek it twadde argumint fan De Jong liket my net sterk ta. Oannimme dat immen eat dien hat om't er net rjochtút sizze wol dat er it nèt dien hat - men soe mei itselde rjocht oarsom konkludearje kinne. Fierdere oanwizingen dat H.G. Verwijs wie, binne der net. It stik is net skreaun yn de styl fan in akademikus, fan in learaar yn 'e moderne talen, dy't yn datselde jier argivaris-bibliotekaris fan | |
[pagina 201]
| |
Fryslân waard. Nim in sin as dizze: ‘Intusschen zij hebben er prijs op gesteld, dat ieder die hen hoorde in de gelegenheid zij om nog eens na te zien wat zij gesproken hebben, en zich opnieuw dien aangenamen avond voor den geest te brengen.’ En by einsluten: hoe kaam Verwijs oan it pseudonym H.G., wylst er witte moàst (wie 't allinne mar as lid fan de krite Ljouwert fan it Selskip dêr't Van der Veen ek lid fan wie of west hie), dat der yn Fryslân in net ûnbekend dichter wie waans foarletters deselde wiene, sa dat gjin minske oars tinke soe as Van der Veen moast de skriuwer wêze.
Dr. Wumkes no nimt oan dat net Verwijs, mar Hjerre Gjerrits de skriuwer fan de H.G.-krityk isGa naar eind9, en wol op grûn fan it feit dat hy dy skûlinisjalen letter mear as ien kear brûkt hat yn de Friesche Courant. No is it in feit dat men de letters H.G. ek allinnich dêre oantreft. Yn tiidwurkjes haw ik mar ienris dy letters moete dêr't se nei wierskyn de oantsjutting foarmje foar wurk van Van der Veen, nammentlik yn it Frysk Almanak, foar it jier 1847, bledside 45. Gâns in set earder dus. Mar Van der Veen kin en sil in reden hân hawwe om net al te iepenlik as de skriuwer fan de Tijdspiegelkrityk bekend te stean, ek al moat er witten hawwe dat guon him der op oanseagen. Ynterne bewizen foar Van der Veen syn auteurskip binne der net, noch wat de tekst noch wat de styl oanbelanget. Van der Veen syn Hollânsktalige sjoernalistyk hat net earlik dy persoanlike aksinten as syn FryskeGa naar eind10, dy't men der fan fierrens út ken. By einsluten soe as (negative) oanwizing ta Van der Veen syn auteurskip noch bybrocht wurde kinne, dat yn de registers op 'e Paden noch yn dy op 'e Bodders noch yn dy op de Stads- en Dorpskroniek fan Wumkes in Fries mei de foarletters of inisjalen H.G. foarkomt dy't by steat achte wurde koe de H.G.-krityk te skriuwen. Dêr stiet foaroer dat it riedselich bliuwt hoe't Van der Veen foar dizze iene kear yn in Hollânsk tydskrift bedarre, dêr't er oars, by myn witten, noait wat yn pleatst hân hat. Men moat hast oannimme, dat der in tuskenpersoan yn it spul west hatGa naar eind11. Ien mei oar meie wy ynearsten Wumkes syn oanwizing in grutte kâns jaan. Wy kinne dan as konklúzjes opmeitsje: 1. It is net wier dat it Protest slacht op 'e Winterjûnenocht fan Dykstra en Van der Meulen. Yn 'e Tijdspiegelkrityk ferklearret H.G. dat er ‘geen hoorder, maar een lezer is geweest’. Mei it wurk fan de beide foardragers is er pas yn 'e kunde kommen nei it útkommen fan de boekútjefte (maaie 1861). Van der Veen syn | |
[pagina 202]
| |
rymstik slacht op ynterne ferhâldingen yn it ier-ferstoarne Damwâldster selskip ‘Gysbert Japiks’. 2. De Tijdspiegel-krityk is gjin krityk op 'e Winterjûnenocht fan dy mannen sels, mar op it útjaan derfan yn boekfoarm. 3. Protest en Tijdspiegel-krityk kin men dus net, lykas Wumkes docht, yn ien sike neame as uteringen mei deselde strekking. 4. Dat nimt likegoed net wei, Van der Veen - ytlike rymstikken wize dêrop - hat it mier hân oan dy Winterjûnenocht dy't it Frysk brûkte foar leffe setten en grappen en grollen, en dy't de memmetaal ferlege ta in plomp boerefrysk dêr't de stedsjers har mei fermeitsje koenen. Dy Fryske taal wie him in saak fan hillige earnst en de Winterjûnenocht-keningen kamen dêr faaks yn syn each mei har konsesjes oan it publyk net earlik oan ta. Van der Veen syn eigen ‘Winterjûnenocht’ (Nuts- en Kritebydragen) binne literêr besjoen net better as dy fan oaren, mar se griepen, yn al har ûnmacht oer de stoffe, faak heger en fergen mear fan de harker. Dat mei al blike út it feit dat J. Troelstra en Gerben Colmjon sa'n alhiel ferskillende ynterpretaasje joegen fan ditselde stik Vanderveensk Winterjûnenocht, it ProtestGa naar eind12.
[TS V (1951), nr.4, 109-118] |
|