It kritysk kerwei
(1990)–Anne Wadman– Auteursrechtelijk beschermdResinsjes en skôgingen 1950-1970
[pagina 179]
| |
III. Frysk ferskaat | |
[pagina 181]
| |
It probleem fan de Fryske literatuerGa naar eind1De earste frage dêr't in bûtensteander yn ferbân mei it probleem fan de Fryske literatuer mei oankomme Sil, is grif dy nei it nut fan in literatuer dy't nea mear as in hûnderttûzen sielen berikke sil, de fraach oft it yn stân hâlden fan sa'n literatuer en it meidwaan deroan gjin tiidfermuozjen en enerzjyfergriemen binne, in ûnder it gesichtspunt fan de ivichheid oerstallich en sinleas gepiel. Om't dizze problematyk lykwols al gau-eftich dearinne sil yn 'e ûnbepaalberens fan dy ivichheid, de literêre ivichheid ynbegrepen, en yn 'e frage hoe grut as in folk neffens it sieletal wêze moat om der in kultuer op neihâlde te meien - in Hollanner soe dan al gau belies jaan moatte tsjin in Frânsman, dy op syn bar wer tsjin in Ingelsman, en dy faaks wer tsjin in Rus of in Sinees, - dêrom lit ik dit rêste en wol ik útgean fan it bestean fan in Fryske literatuer as it bêste en oertsjûgjendste bewiis fan har rjocht fan bestean. Dit mei paradoksaal lykje, it is it net. In literatuer ûntstiet as der yn in beskate folks- en taalmienskip in wezenlik ferlet fan is, net earder en net letter, of se moast in keunstmjittich yndustry-produkt wêze, lykas de literatuer dy't, nei't der sein wurdt, yn it Esperanto bestiet of besteanber is. Dat sok in ferlet der west hat yn Fryslân, sûnt inkelde ieuwen al, sil nimmen my ûntstride dy't sa likernôch wit wat der kwantitatyf sûnt lit ús sizze de 17de ieu yn it Frysk skreaun is oan wurk mei in alteast foar in part estetysk doel. Dy Fryske literatuer no, realiteit foar elts dy't sjen wol en hearre, soe in fossyl wêze, in steryl objekt fan skriel folklorisme en sneuperij, as der net op 'e iene of oare wize de krêft, de warberens, de wil en de driuw efter sieten fan in folk, in folksmienskip. Foar it bestean fan in folksmienskip is in taal miskien net in absolute eask, mar dochs op syn minst in sintraal en gearbinend elemint. Wis, in folk is altyd mear as syn taal, mar yn dy taal iepenbieret him ien fan de sintrale libbenskrêften fan in folk. Ik wit, dit binne grutte wurden en dy't se brûkt moat gâns in poarsje hurde wurklikheid efter syn idealisme weitropje. Mar wa't de libbenskrêft fan it Fryske folk ûntstride woe mei in berop op syn slaafskens yn it folgjen fan oarmans moaden, yn it fersleaukjen fan syn nasjonaal besef, brûkt in argumint út it Fryskebewegingsarsenaal, dat fan binnen út wei sjoen sûnder mis reële wearde hat, mar dat dochs allinne steld wurde kin neist en tsjinoer dat oare feit: is it net in ferbjusterjend bewiis fan fitaliteit dat in taal dy't oant foar in mannich jierren op gjin skoalle te wrâld ûnderwiisd waard en yn gjin stêd te wrâld sprutsen, dy't ieuwen lang | |
[pagina 182]
| |
gjin machtfoarmjend steatsapparaat efter har hie, dy't it odium meitôge fan in jargon foar bjinstap en dongwein te wêzen, dat sa'n taal libbet as in hart en yn de fertechnisearre 20ste ieu noch yn steat is ta kulturele ekspânsje? No binne se de lêste tiden benammen yn Hollân tige rij mei de offisjele erkenning fan it Frysk as in taal, in net-dialekt. It is in soarte sport yn hoflikheid wurden, in soarte fan moade dy't rjocht jout op in brevet fan algemiene ûntwikkeling. En fansels, in Fries is der wiis mei. Lykwols liket it soms as giet efter dy rojale erkenning fan it Frysk as in net-dialekt de wil skûl om sadwaande om in òare erkenning hinne te kinnen. De taktyk dus om mei de iene hân safolle te jaan, dat men mei de oare frij kin. Dit allinne ferklearret it dwaze feit, dat men oan de alderearste konsekwinsje fan dy erkenning net takomt, te witten, dat in taal, dy't in taal is, wierliken in taal, dat dy dan ek it rjocht hawwe moat om taal te bliuwen, dat wol sizze: ûnderwiisd te wurden op it plak dêr't soks heart: de skoalle. As de bûtenwacht it hiele probleem-Fryslân dan ek sa graach sjen wol as in sympatike ‘taalstriid’, dan ferwaarloazget er de kearn fan de saak. Erkenning fan dy taal bringt erkenning fan it folksbestean mei. Ik soe noch fierder gean wolle: ek al soe hjoed of moarn taalkundich bewiisd wurde dat it Frysk in dialekt is fan bygelyks it Hollânsk of om myn part it Grinslânsk - en men hoecht de hiele problematyk fan it begryp ‘dialekt’ net oeral te heljen om te sjen dat de saak sa simpel net is as 't liket - dan soe dêrmei yn wêzen de Fryske ‘saak’ net oantaast wêze, noch fan har prinsipe ûntdien. Likemin de Fryske literatuer. Yn lêste ynstânsje is dy Fryske literatuer in saak fan it folkswêzen, de folkskrêft, de behoefte fan it folk, en last but not least: de ynspirearjende krêft dy't de dichter yn dat folk fynt, - itsij as it foarmjend, fiedend begjinsel yn syn wurk, itsij as de reële klankboaiem fan syn dichterlik lûd, itsij simpelwei folslein passyf as de iennichste minskemannichte te wrâld dy't him lêze koe as er dat woe. Ek dat lêste is mear as in fiktive bining. Hy mei it folk priizgje om syn deugden, negearje om syn ûnferskillichheid, ferflokke om syn ûndeugden, - gjin dichter yn Fryslân of hy is op ien fan dizze wizen oan syn folk bûn. It is syn ropping, syn hurde plicht, of syn flok om yn de taal fan dat folk te skriuwen, oft it hearre wol of net. En it folk, oft it wol of net, hat him te akseptearjen as syn dichter, ienfâldich om't gjin libjend folk bestean kin sûnder dichters. Dat is it ferlet dêr't ik op doelde. Dat ferlet, aktyf en passyf, is der yn Fryslân, en it mòat sêde wurde. | |
[pagina 183]
| |
It is dêrom in ûnsinnige fraach, sa't dy wolris as warskôging brûkt wurdt, wêr't it hinne gean soe as behalve Fryslân ek Grinslân, Drinte, Oerisel en gean sa mar troch, der in eigen literatuer en in eigen kultuer-politike status op nei hâlde woene. Men kin de Friezen slim ferantwurdlik achtsje foar wat eventueel oaren foar frijmoedichheden begean soene. In heit dy't syn soan fan tweintich jier it smoken ferbiedt ûnder it motyf dat oars syn bern fan tolve en trettjin ek ris smook-easken stelle koene, ferwâdet alle foarm fan pedagogy, demokrasy en minsklikheid. Soe op 'en doer yn niisneamde kontreien fan Nederlân it ferlet ûntstean en freegje om fersêding, dan soe dat mei demokratyske middels net keard wurde kinne, en waard soks al dien, dan betsjutte it gewelddiedichheid oan 'e rin fan de skiednis en de beskaving. It probleem, achte harkers, fan de Fryske literatuer is net in folkloristysk-partikularistysk, net in taalkundich-dilettantistysk probleem, net in smout tiidferdriuw foar froede boargers en rintenierjende boeren, mar in maatskiplik-politike kwestje. Dat lykwols wolle de Hollânske blêden mei har sjarmante bûgingen foar de Fryske marren, de Fryske taal en byneed de Fryske literatuer, net sjen. Triomfantlik fertelle se de lêzers, dat de Fryske beweging Fryslân godtank net by Nederlân (as 't efkes kin, sizze hja: Hollân) wei ha wol en dat in mannich ekstremisten of ‘heethoofden’ dy't dat àl wolle - mar nammen wurde nea neamd! - ‘de goede zaak veel kwaad berokkend hebben’ (ik sitearje út Het Vrije Volk fan 18 maart 1950). ‘De goede zaak’ - dat is dan de saak fan it smoute, dierbere gesneup en geplús, it niget hawwen oan, it omgriemen en pielen mei de stealen fan eardere gloarje, dêr't in weardich kosmopolyt de noas foar oplûkt en dêr't de boarger-net-Fries, superieur yn it besef fan syn (Hòllânsk-provinsjale) weardichheid, om glimket, al kin er it him oan 'e oare kant ek wol wer skoan yntinke fan dy simpele pastorale Friezen, want, n'twier, der sit wat aardichs en yntyms yn it bewarjen fan it oerurven eigene ... Dat der ek foar Nederlân sokssawat bestean kin as in federalistysk probleem, dat dat de eftergrûn is fan de hiele Fryske saak, dêr prate se mar leaver net oer yn it Hollân fan ‘Nein, diese Friesen sind noch immer keine Holländer’ - ek al witte se bêst har wurdsje te sizzen oer it Europeesk federalisme en al witte se it mei politike bybedoelingen, as it yn 'e kream te pas komt, yn Yndonesië moai knap foar elkoar te praten. Mar de Fryske saak moat redusearre wurde ta in partikulier leafhawwerijke, ta wat ûnskuldichs en ûngefaarliks - beleaven gjin polityk. Twa kear haw ik mei Hollânske sjoernalisten praat dy't har ljocht oer de Fryske beweging opstekke woene. De iene sei earlik dat er oer dat polityk | |
[pagina 184]
| |
aspekt net prate koe yn syn blêd, de oare prate al gau oer wat oars en hie mear niget oan Fryske wurden dy't ‘noch sa op Ingelsk lykje’. Beleaven gjin polityk - dêr binne de saneamde Fryske fertsjintwurdigers fan de Hollânske partijmasineryen ek sa hearlike wis fan: gjin selsbestjoer behalve dan yn saken fan Wettersteat, en desintralisaasje...? No ja, as it ‘ús’ ferantwurdlikheid mar net grutter makket en as ‘de partij’ it mar goedfynt. Benammen de skiedingen yn it Nederlânske folk net grutter meitsje, seit de foarsitter fan ien fan de grutte Nederlânske radio-omroppen, as er yn 'e pleit giet foar it ferdwinen fan de Regionale Omrop Noard, - in omrop, harkers, dêr't alle geastlike rjochtingen yn de trije noardlike provinsjes freedsum yn mei elkoar oparbeidzje. En wa seit soks? Ien fan dy mannen dy't har mei alle macht fersetten tsjin in ‘Nasjonale Omrop’, - want: de skiedingen koene ris te lyts wurde... Gjin skiedingen, behalve op steats-polityk en religieus terrein: dàn meie de lju elkoar byneed deaslaan en doarre se sels it âlde ‘In ons isolement ligt onze kracht’ wol wer fan 'e stâl te heljen. Foar dizze moderne machtsdemokrasy, yllustrearre mei ûnnoazele grapkes oer Abe Lenstra en in Fryske Repoeblik, achte harkers, soe ik in mannich punten oer stelle wolle, dy't ek foar it bepalen fan it Frysk-literêr probleem net alhiel sûnder belang binne: 1. Tusken ôfskieding fan Nederlân en deaknypt wurden yn Nederlân rinne noch oare wegen yn. 2. De Nederlânske ienheidssteat fan nei 1813 wie in produkt fan politike aktualiteit fan dòe en net in foar alle ivichheid fêstleine needsaak. 3. De Fryske beweging sa't dy sûnt de jierren nei de Frânske revolúsje stal krige hat, wie yn wêzen in teken fan ferset tsjin steatsuniformisearring en steatssintralisme, tsjin politike nivellearring en geastlike lykskeakeling. 4. Soartgelikense tekens kin men waarnimme op gâns plakken fan de Europeeske lânkaart. It is gjin wûnder dat dizze bewegingen elkoar sykje yn it ramt fan Europeeske ienwurding, omdat yn wêzen it regionalisme en it Europeesk federalisme gjin fijannen fan elkoar binne, mar lykop rinnende bewegingen. 5. Men komt der net as men it Europeesk federalisme mei de mûle of yn 'e died belydt sûnder it federalisme yn syn djipper wêzen te sjen. Mear noch as in hjoeddeiske politike needsaak, yn in beskaat wrâldpolityk systeem nei willekeur al of net yn tapassing te bringen, is it in idee dy't begjint mei de erkenning fan de persoanlikheid, de persoanlike frijdom fan it yndividu, de minsklike | |
[pagina 185]
| |
weardichheid, it rjocht op in eigen bestean fan de lytsere, krêftfoarmjende mienskippen. Yn wêzen giet it om in nije minskemienskip, dêr't de foarmjaande krêften net langer lizze yn de faak keunstmjittige, sintralistyske steatsorganen, mar yn dy oare libbene organismen dy't de minsklike geliddingen op 'e ierde foarmje. 6. Men mei dus de Fryske saak net sjen as in utering fan steryl langstme nei in foarby ferline, as in lette frucht fan de Romantyk, as in tebeksetten fan de klok, mar hjir wurde ûnder tûzen swierrichheden en mei tûzen flaters miskien, in wei nei en in libben foarbyld foar de takomst jûn.
Dit, achte oanwêzigen, tocht my nedich en goed te sizzen ear't ik kom oan it wezenlike part fan dizze skôging. Want behalve in eksterne problematyk, dy't ik nyskes út 'en rûgen foar jimme sketst haw, is der foar de Fryske literatuer, sa't dy der op dit stuit hinne leit, ek in ynterne problematyk, en it hoecht net sein te wurden, dat dy foar de Fryske skriuwers en lêzers al sa aktueel is as dy útwindige problematyk, dy't ommers mar al te faak wer delkomt op de ûnsinnige frage ‘oft it allegear wol sa wêze moatten hat’. Lit ús om ta in oersjoch fan it gehiel te kommen earst in foege ynventarisaasje opsette. It statistysk materiaal my bekend is net oerfloedich. En foar in fergeliking fan de Nederlânske en de Fryske boekeproduksje stjit men alderearst op dizze grutte ûnbekende: hoe ferhâlde har de tallen minsken dy't Nederlânsk en dy't Frysk lêze? Mear as in rûge skatting kin it net wêze. De ynwennertallen ferhâlde har as 25: 1Ga naar eind2. Rekkent men dat 30% fan de ynwenners fan Fryslân (dat binne in 120.000 minsken) gjin Frysk lêst of lêze kinne soe (ymmigranten, stêden, Bilthoeke, eilannen, Stellingwerven), dan ferskoot dit ferhâldingstal ta: 35: 1. Wy kinne dus rûchwei oannimme, dat it lêzerspublyk fan de Nederlânske literatuer 35 kear sa grut is as dat fan de Fryske. Neffens de opjeften fan it Centraal Bureau voor de Statistiek oer de jierren 1945 oant en mei 1948 hat de produksje oan boeken yn Nederlân west (nije printingen àl en oersettingen út oare talen nèt meirekkene): DICHTWURKEN: 634 Neffens dizze sifers soe men yn dyselde fjouwer jier yn de Fryske taal hawwe moatte oer dyselde fjouwer kategoryen: 18, 51, 9 en 44. Yn 'e wurklikheid binne dizze sifersGa naar eind3: 21, 57, 114 en 59. Oer | |
[pagina 186]
| |
alle fjouwer kategoryen boeken dy't mei mear of minder rjocht ta de ‘literatuer’ rekkene wurde meie, leit ferhâldingsgewiis it Fryske tal boppe it Nederlânske. Dichtwurk 3 heger, romans en novellen 6 heger, toaniel 105 (!) heger en berneboeken 15 heger. Allinne as men de út frjemde talen oersette romans meirekkenet, bliuwt it Fryske tal foar de romans ûnder it Nederlânske, nammentlik mei 20. Mar dan binne wy ek mei-iens al bûten it fjild fan de eigenlike Nederlânske kultuer. En foar de oare trije kategoryen feroaret de ferhâlding sels yn dat gefal net dat 't makket. De konklúzje dy't wy út dit sifermateriaal, fansels net sûnder foarbehâldGa naar eind4, lûke meie is, dat de Fryske literêre kultuer kwantitatyf justjes yntensiver, efkes ‘tichter’ is as de algemien Nederlânske. Benammen it sifer fan de dichtkeunst jout ús it rjocht ta dy konklúzje. Ek wat de algemiene boekeproduksje oanbelanget (dus wittenskiplik wurk, skoalboeken, muzyk, ensafuorthinne meirekkene) jout it Frysk net sa'n min byld. Oan nije útjeften is der oer dy fjouwer jier yn it Nederlânsk ferskynd in totaal fan 24161. Dêrneffens soe it Frysk opsmite moatten hawwe: 690 wurken. Der binne 428, dat is 62%. Lang gjin ûngeunstige ferhâlding as men yn 't each hâldt hoefolle wurken der by dy 24161 binne dêr't it ienfâldich gjin sin fan hawwe soe om se yn it Frysk te skriuwen. Noch ien rychje sifers. It tal Fryske útjeften is oer dizze fjouwer jier oanwûn fan resp. 59 op 91 op 138 op 140. Foar it lêste jier, 1949, dêr't foar Nederlân noch gjin sifers oer bekend binne, is der yn Fryslân wer in delgong te konstatearjen nei 106, dy't lichtwol ekonomysk ferklearre wurde moat. It soe my gjin nij dwaan as aanst in selde delgong ek oer hiele Nederlân waar te nimmen falt. Dit binne in mannich feiten dy't it Frysk-literêre apparaat oanjouwe sa't it foar ús leit. Hjir kinne wy it algemiene byld út ôflêze: in bloei, dy't yn algemien-Nederlânske ferhâldingen net ûngeunstich bylket. Wat is der mei dit apparaat te begjinnen? De earste fraach dy't him opdocht is dizze: is dy Fryske literatuer, dêr't ik de kwantitative omtrekken fan sketst haw, lyts en begrinzge as se is nei it taal- en ôfsetgebiet, dochs yn harsels ôfrûne, in gehiel? Mei oare wurden: jildt har begrinzging nei it taalkundige ek foar it psychologyske? Is de Fryske minske psychologysk ryk genôch om der de wielde fan in ôfrûne, komplete literatuer op te bouwen? Dizze fraach moatte wy yn twaën spjalte, nei de eksterne en de ynterne kant fan dy mooglike kompletens. Earst it eksterne. It antwurd is dan: nee, kompleet en yn harsels in organysk gehiel foarmjend is dy Fryske literatuer net, - ôfsjoen fan de frage hoenear't en | |
[pagina 187]
| |
oft überhaupt ea in literatuer ‘kompleet’ neamd wurde kin. It is in kompleks mei gâns hiaten en swakke steeën. Hiaten nei de tiid: tusken Gysbert Japiks' dea yn 1666 en it opkommen fan de Fryske romantisi mear as hûndertfyftich jier letter, is sa goed as neat skreaun dat mear as allinne filologysk de muoite wurdich is. Hiaten nei de ynhâld: it dramatyske is wol kwantitatyf sterk - dat blykt út de sifers dy't ik nyskes jûn haw -, mar kwalitatyf tige swak fertsjintwurdige. Yn wêzen leit it terrein fan dit Frysk folkstoaniel meastepart bûten de literatuer. It epyske sjenre yn de dichtkeunst kin ek gjin sprekken lije fergelike by de lyryk. Fan kompletens nei de psychyske ynhâld is likemin sprake. Neffens de Italjaanske literatuer-histoarikus dr. Giacomo Prampolini, ien fan de inkelden dy't har mei de problematyk fan de minoriteite-literatuer ynlitten hawwe, brekt yn in nij literatuergebiet it nije alderearst troch yn de lyrykGa naar eind5. Dêrneffens is ek fan alle literatuersoarten de lyryk yn it Frysk it ‘kompleetst’. Dy't hjir it hear oersjocht, merkbyt gâns ferskaat: fan blierhertige, sjongsume, folksaardige ferskes (it tal doarps- en gea-poëten is yn Fryslân noch altyd grut) oant de meast subjektive, yndividualistysk-ferfine utering, fan de djipste religieuze toanen oant it meast bittere synisme. Protestantsk-kristlike, roomske, sosjalistyske, humanistysk-boargerlike tendinsjes, om in wat útbrûkte yndieling oan te hâlden, binne fertsjintwurdige. Lykwols jout it gehiel in byld fan ûnfolsleinens. It tal kollaboranten bliuwt útsoarte lyts. It lêzerstal likegoed. Party uteringen sykje miskien wol om in útwei, mar kinne, behalve yn 'e tydskriften, ienfâldich kommersjeel net oan it wurd komme. It grutte probleem dan is: de oansluting oan it Europeeske net. Lit ús dêrby net bekfjochtsje oer de presize wearde fan it motto ‘Europeesk nivo’. As algemien kritearium stiet it swak, as men it krekt definiearje wol. Dat nimt net wei, dat elkenien wol sawàt wit wat it ynhâldt: literatuer fan in sadanige ynstelling, dat it de kulturele mei-Europeaan wat seit, dat it de kultuersituaasje fan dit âld kontinint op 'e ien of oare wize rekket, dat it rikt nei in algemien-minsklike problematyk (sûnder de psyche fan it eigen folk alhiel te ferliezen), dat it himsels úttilt bûten en boppe de eigen lytse mienskip nei it algemiene. De lêste fyftich jier hat foaral de Fryske lyryk har geandewei mear suvere fan it al te smoute, folksaardige en provinsjale. It ‘Fryslân en de Wrâld’ is mear as in lege formule, hat sûnt 1915 wol deeglik ynhâld krige. Maklik is dit net gien. It is in moedsum proses dat noch gjin ein, gjin foltôging fûn hat. En hjir yn 't earste plak fine wy, psychologysk sjoen, de hiaten. In streaming as it lite- | |
[pagina 188]
| |
rêr ekspressionisme fan nei de earste wrâldoarloch hat yn Fryslân net folle oanklang fûn. Soe it bestien hawwe - mar men kin it jin yn de Fryske situaasje fan tritich jier tebek net maklik yntinke - dan soe it foar Fryslân a fortiori west hawwe wat it foar Hollân ek mear as in bytsje west hat: in ymportprodukt. Miskien stjitte wy hjir yndied op beskate grinzen fan it Fryske folkskarakter. ‘De Friesche aard is benepen, En uit zich niet groot, weegt en wikt’, seit Slauerhoff en al seit er it dan yn in gedicht, der sit in poarsje wierheid yn. Foar it ‘grootsch en meesleepend wil ik leven’ fan Marsman is yn sa'n situaasje net gau plak. Mooglik hawwe ek sosjale omstannichheden - dy't by it ekspressionisme nammers noch al sterk ynwurke hawwe - yn it Fryske lân mei syn agraryske struktuer en ôfwêzichheid fan grut-yndustry en stedsproletariaat, ek in tsjinkear foarmeGa naar eind6. Eigenaardich is lykwols, dat de yntellektualistyske rjochtingen - de ‘Forum’-poëzy soe men sizze wolle - yn Fryslân wol wer ynwurke hawwe, mar dêrby is it eksperimint mei de fersfoarm wer minder sterk. Yn alle gefallen: it foarmeksperimint hat yn de jongere Fryske dichtkeunst - en sterker noch jildt dat foar it proaza en it toaniel - in navenant lyts plak ynnommen. In Fryske Paul van Ostaijen is net oan te wizen - in ‘Hollânsken ien’ trouwens ek net. Fansels binne der party dy't dit ûntbrekken fan it foarmeksperimintele sjogge as in teken fan sûnens, - mar men kin it ek sjen as in gemis, in tekoart. Hoe dan ek, ien ding moat hjirby beleaven net fergetten wurde: de kwestje fan it taalmateriaal. Wat hûndert jier lyn noch net folle mear wie as in boeretaal, wie net yn in flok en in sucht tsjinstber te meitsjen oan de ferfine, subjektive, yntellektuele utering. In taal moat dichterlik en yntellektueel ryp makke wurde. Dat nimt tiid, dêr hat it Nederlânsk ek jierren oer dien. Yn wêzen hat dêrom de Fryske lyryk de jierren troch folle mear eksperiminteel west as 't like. Men ferjit, yn jins fertroud wêzen mei de linigens en bûchsumens fan it Hollânsk, sa maklik hoe ûneindige swierder de striid mei de Fryske taalmatearje is. Yn it Frysk, noch lang net oerkultivearre, deaeksperimintearre, is ta in hichte elts gedicht in soarte fan eksperimint. Dat dêrby de nuansearringen fakentiden sa fyn net binne, de tematyk en de sfear minsken dy't yn de Hollânske literatuer trochkrûpt binne, wat ienfâldich en tradisjoneel oandogge, seit himsels. Mar yn syn klankrykdom is it Frysk sûnder mis in reed foar. En boppedat: ek yn dit opsicht is de Fryske literatuer, om mei dr. Prampolini te praten, ‘de la littérature en marche’. En de omstannichheid dat de kulturele utering op 'e folkstaal befochten wurde moat, bringt mei-iens mei dat dichters taal ticht by it folk stiet, dat dus yn Fryslân de kleau tusken folk en dichtsjende intelli- | |
[pagina 189]
| |
gentsia sa wiid net is, al bestiet er fansels yn prinsipe hjirre like goed as rûnom op 'e wrâld dêr't kultuer en primitiviteit mei elkoar yn 'e slach binne.
Folle mear noch as de dichtkeunst wurdt it Frysk proaza behearske fan de skieding lektuer/literatuer. Men kin der oer stride oft soks prinsipieel needsaaklik of winsklik is. Eins, leau ik, moast dy antyteze net bestean. Yn wêzen binne der allinne mar goede en minne skriuwers. Dat nimt net wei, dat yn it stadium dêr't Fryslân yn ferkeart, boppeneamde skieding reële en praktyske wearde hat. Botte suver is de saak nearne: ek yn Hollân wurde Anne de Vries en Jo van Ammers-Küller yn de literatuerboekjes byset en kriget it lêsfoer syn fêst plakje yn 'e hânboeken. Der moat net fergetten wurde, dat yn Fryslân in net op in grut lêzerspublyk ynsteld boek kommersjeel lytse kânsen hat: it útjouwersrisiko is by in roman noch gâns heger as by in dichtbondel. De grutte fraach dy't alles behearsket, is dan ek net: oft it bestean fan al dy twadde- en tredderangsboeken rjochtfeardige is út in eachpunt fan folksopfieding en taaldidaktyk wei, mar wol: stiet dy massale oanfier fan lêsfoer it opkommen fan in ferantwurde skriuwerij net yn 'e wei? Is der in lêzersrûnte te finen foar in literatuer dy't, sûnder no daliks masterwurken foar de wrâldliteratuer op te smiten, dochs ús lantsje draachlik op 'e wrâld fertsjintwurdigje kin? Yn lêste ynstânsje giet it hjir dus om de foarming fan in soarte fan elite boppe de grutte mannichte út. It bestean fan sa'n elite is in feit, de fraach is mar: kin se grutter wurde, sterker geastlike macht ynnimme sûnder in al te grutte antyteze mei de mannichte te skeppen? De ferkochte oplagen fan inkelde Fryske boeken jouwe ús min of mear in ynsjoch yn de grutte fan dy elite op dit stuit. Op grûn fan betroubere gegevens doar ik it tal te stellen tusken de 750 en 1000. Foar de jierren foar de oarloch skat ik it op 400 à 500. Yn hoefier't dizze groei him fuortsette sil, leit ferskûl yn it tsjuster fan in ûnwisse en benammen sosjaal-ekonomysk twivelige takomst. Mar de winst is in feit en de frage is no mar: kin dizze elite fan tusken de 750 en 1000 minsken it fuortbestean fan in ferantwurde Fryske romanliteratuer garandearje? Yn 't foarste plak is dêrfoar nedich in koördinaasje en sadwaande in finansjeel sûner basis foar de fersnipele Fryske útjouwerij. In soarte fan koöperaasje-orgaan fan Fryske útjouwers soe it útjaan fan minder leanjende boeken oanpakke kinne. Yn 't twadde plak sil útjefte fan literêr wurk yn de besteande ferhâldingen leanjend wêze kinne as dêrneist in behoarlik kwantum | |
[pagina 190]
| |
lêsfoer ôflevere wurdt. Gjin kritikus kin uteraard yn 'e praktyk beswier hawwe tsjin it bestean fan lêsfoer. As de Fryske krityk dan ek de lêste jierren net mijen west hat yn de striid tsjin dat lêsfoer, dan is dat boppe-al in taktyske aksje, dy't in berop dwaan wol op dy lêzers dy't yn har wurdearring oer de streek te lûken binne, elitefoarming dus. Boppedat is de twadde funksje fan in strange en ûnmeilydsume krityk de needsaak om dat lêsfoer, as it der dan dochs wêze moat, dan ek sa goed mooglik op 'e merk te bringen. Yn wêzen is dy striid in striid net tsjin it lêsfoer, mar tsjin it al te apert en faak pynlik ferskil tusken lêsfoer en literatuer. It is net nedich in boek ‘foar it folk’ te skriuwen yn in minne taal en styl, op al te simpele en tradisjonele motiven, en ivich en altyd te appellearjen oan al te sentimintele en groubonkige gefoelens by it folk. Dizze striid giet foar taalkundige en morele hygiëne en yn it besef dat ‘foar it folk’ de dingen net gau goedernôch binne. Oer de algemiene funksje fan de krityk: it liedingjaan, it ta tinken aktivearjen, it suverjen fan de begripen oer literêre saken, hoech ik fierder net te praten. Dy is yn Fryslân like nedich as oeral yn 'e wrâld. In kritysk orgaan dêr't in frisse, foarútstribjende geast troch waait, is yn dit stik absolút nedich. In faktor fan grutte betsjutting is dêrby it gearbinen fan de fêste lêzers, net allinne troch printwurk, mar ek troch it sprutsen wurd. In feit is dat de Fryske skriuwer yn 't algemien tige kontakt mei syn lêzers hat. Op dit punt wurdt der yn Fryslân gâns wurk ferset dat net sa ta de bûtenwacht trochkringt. Oer hiele Fryslân, ek mei troch it apparaat fan de Fryske beweging, bestiet in net fan organisaasjes dy't soargje foar lêzingen oer nije en âldere boeken, útstallingen en oare manifestaasjesGa naar eind7. Op grûn fan al dizze feiten meie wy ferûnderstelle, dat ek in Fryske romanliteratuer fan wearde beskate kânsen hat. Wy moatte dêrby kwantitatyf net te hege easken stelle. In boekemerk is gau oerfuorre, de beheinde produksje faak in foardiel foar in sûne literêre kultuer. Wy meie bliid wêze as der yn 'e takomst yn it jier trije, fjouwer of fiif goede Fryske romans komme dy't de fergeliking mei it bûtenlân draachlik trochstean kinne. Dy't dit te min achtet om de Fryske boekeproduksje te rjochtfeardigjen, soe ik freegje wolle: wêrfoar is de literatuer der, foar de literatuer of foar de lêzer? In oare fraach - en foar 't stuit wichtiger - is: kin de Fryske skriuwer it opbringe en leverje in kwalitatyf ferantwurde produkt ôf, ek al is der op 'e merk plak foar? Sil men net te gau stjitte op 'e grinzen fan it befiemings- en konsepsje-fermogen by de skriuwer? Is de Fryske wrâld net te lyts foar de grutte geast? Gefaar | |
[pagina 191]
| |
foar it dearinnen yn de tradisjonele problematyk, foar in wurkjen mei fêste, útkôge motiven is der sûnder mis. Boererampen, stânsferskil, ûnechte bern en alles wat dêrmei mank is, foarmje it faak al te ientoanich stramyn dêr't in grut part ek fan de behóarlike Fryske skriuwerij op borduerd is. De boere- en streekroman hat ek yn Fryslân sa linkelytsen syn tiid hân, de Fryske ko is útmolken en de fraach is no mar: wêr oare stoffe te finen dy't in romanliteratuer drage kin? Ik leau dat wy hjir net te gau ferlegen sitte sille. Nammers it fermidden dêr't in ferhaal yn spilet, is wat oars as it tema dêr't it oer giet. It miljeu sil wol meast it Fryske plattelân bliuwe, salang't de realistyske en naturalistyske streamingen oerhearskje, ek al hat Fryslâns ferline en hjoed nije miljeu's genôch dy't ta eftergrûn tsjinje kinne. It hinget der nammers mar fan ôf wêr't de klam leit. In roman dy't (tafallich) ûnder boeren spilet, is wat oars as in boereroman. De psychologyske betsjutting fan in romanfiguer hoecht net a priori ôfhinklik te wêzen fan it fak dat er beoefenet of fan it fermidden dêr't er yn libbet. De psychology nammers steurt har net oan miljeugrinzen. Flaubert syn Madame Bovary koe in grut boek wurde, al spilet it yn in Frânsk doarpke. Wêrom soe hjoed of moarn in Fries of Friezinne, dêrta begenedige, net yn it Frysk dwaan kinne wat Emily Brontë, waans wrâld dochs grif net safolle grutter west hawwe sil as Fryslân, mei har Wuthering Heights wol koe? Is dat by einsluten wat oars as in streekroman, yn 'e konsepsje fan in sjeny útgroeid ta in konsintrearre en machtich masterwurk? Wêrom, soe ik freegje wolle, kin Fryslân net in kosmopolityske roman opleverje dy't de muoite wurdich is? Wêrom soe in Fries wol in roman spylje litte meie en kinne yn Skettens en Longerhou en net yn Los Angeles of Manilla? It mei dan hûndert kear wier lykje wat Jacques den Haan yn it maart-nûmer (1950) fan Podium hawwe wol, dat in wierliken grut skriuwer allinne ûntstean kin yn in grut lân mei in romme geast, dat men jin Gide net berne tinke kin yn Klazinafean, Huxley net yn Lúksemburch, Hemingway net yn Delfsyl. Mar Den Haan stiet al net sa sterk mear, as er dy teory befêstigje wol oan de figuer fan Henry Miller, in auteur dy't syn boeken net útjûn krige yn syn eigen lân, dat neffens ynwennerstal yn gruttens fan geast dochs wol boppe-oan stean moatte soe. Ek in grut gebiet frijwarret net sa fan hypokrisy en lange teannen. En boppedat, as allinne grutte skriuwers oer de wearde fan de kultuer te kedizen hiene, koene wy lichtwol mei in tweintich grutten ta, en 95% fan alle literêre printwurk yn 'e parse smoare. In literatuer wurdt beskaat troch har hichtepunten, wis, mar net minder troch har trochsneed, troch har yntinsiteit, har ‘tichtens’. | |
[pagina 192]
| |
Ik wit wol, ik praat hjir al mear oer de takomst as oer it hjoed. It Fryske folk sil út gâns loaiens en laksens opwekke wurde moatte ear't it yn steat wêze sil de potinsjes dy't der yn him libje ta it uterste te spannen. In Fries aventoeret himsels net gau, benammen as 't net perfoarst nedich is. Talinten fan wearde hawwe mar al te gau oanstriid it eigen lân en de eigen taal farwol te sizzen foar in lukrativer skriuwerskip yn Amsterdam. Ik wit ek, dat foaral op ûnderwiisgebiet Fryslân in stik beskaving ynhelje moat dat hast net yn te heljen liket. Ik wit dat de nivellearringstendinzen yn de wrâld har al mar mear útwreidzje oer dit lytse lân. Mar ik wit ek dat de geast waait dêr't er wol, en dat de ropping in sterke driuw wêze kin, ek al is de drager fan dy ropping him dy driuw mar amper bewust. As de Ingelske dichter Eliot yn syn boek Notes towards the Definition of Culture fan betinken is, dat de Welshmen allinne in kleare en wichtige bydrage leverje kinne ta de kultuer fan Grut-Brittanje as se Welshmen bliuwe, en it ferdwinen fan sokke perifeare kultueren in ramp foar Ingelâns kultuer wêze soe, dan jildt wat hjir fan Wales sein wurdt ek foar Fryslân yn syn ferhâlding ta Nederlân. It giet om mear: de Fryske kultuer is der net allinne om Nederlân foar in ramp te bewarjen, mar foaral om in besteand ferlet te sêdzjen en sa goed mooglik te sêdzjen, - om in lyts folk, dat twatûzen jier syn eigenheden sa goed as it koe bewarre hat, foar de ûndergong yn de ynternasjonale raantsjettel te hoedzjen, en boppedat om, lykas in freon fan my it ris formulearre: dit lytse Fryslân, sa lang as Europa noch bestiet, in rol meispylje te litten, dat lettere beskavingen net sizze kinne: dy Friezen hawwe it it earst sitte litten. Dit mei wat apokalyptysk hearre - it hinget der fierder mar fan ôf hoe't men de Europeeske takomst besjocht. Fryslân kin Europa net rêde. Mar in folk dat wat te sizzen hat, sil net swije, al is it lyts. En wurdt dat folk it swijen oplein troch it al of net mei opset sin in eigen plak ûnder de sinne te ûntkearen, - wel, hawwe wy dêr tsjintwurdich yn resolúsjes, rapporten en hantfesten net sa'n moai wurd foar, as it oer Negers en Yndianen giet? De Fryske saak is net in taalsaakje, mar in rjochtlik ferset tsjin genoside, tsjin de folkemoard. Tusken moaie leuzen en politike praktyk yn gniist noch altyd in brede kleau. Miskien dat Nederlân ienris ferstean sil dat dy kleau ticht moat. Tsjin dy tiid hoopje ik foar jimme te sprekken oer in mear spesjalistysk ûnderwerp en my te ferstekken yn wittenskiplike geheimtaal sa't dy past op in Filologekongres.
[Trijerisom (1950), 63-76] |
|