gelokkige fynst. Fjouwer bledsydsjes mear yn dit skrale bondeltsje hiene net allinne gelegenheid jûn ta in ynhâld-opneaming, mar teffens behinderje kinnen dat soms op ien side twa fersen ôfprinte waarden, in ek út Sjoerd Spanninga syn Kymgong bekend sunichheidsprosedee, dat de autonomy fan ‘it’
gedicht skea docht en it lêzen minder noflik makket.
Goed, goed, dit binne dingen dy't mei de essinsje fan de poëzy neat (leaver: net it measte) te krijen hawwe: de goede lêzer lêst dêr wol oer- en trochhinne. En ik wol it de oan dit boekje mandélige firma Tjitte Piebenga/Bauke de Jong ek net al te swier oanrekkenje, dat harren Asyl-rige nûmer ien net folle uterlik moais meikrige hat. It is alteast wàt - by it jammerdearlik syktebyld dat de Reiddomp-rige sa út en troch (mar ek wer mei tuskenskoften) fertoant. De ynhâld, it wêzen dus:
Guon kritisi hawwe der noed mei hân dat Agger by Jolm gjin foarútgong sjen lit en dat ien en oar in bulte hat fan in ‘neilêzing’, in sammeljen fan wat eartiids by Jolm útskifte waard. Ik haw dêr doe wol wat mei anneks west, mar it fine fan de saak is my trochgien - wa hat skifte, de dichter? Of de Reiddomp-redaksje? Of ien of twa fan harren?
Mar yndied: in fundaminteel ferskil tusken beide bondels is net te jaan, of it moast wêze, dat in ‘objektyf’ (ik bedoel: los fan de persoanlike problematyk fan de dichter Visser steand) fers as De forlerne soan, in fers dat ek Jan Piebenga ûntkommen liket te wêzen doe't er, yngreven religieus man as er oars wêze mei, Jolm omskreau as ‘in bewiis fan de dichterlike eksploitaasje fan in ferfaltiid’, hjirre net mear foarkomt. It is hjir allegear Gerben Visser-sec, al hat syn hyper-romantysk gefoelskiezen foar de Fryske nasjonale saak dan in fear litte moatten, as men acht-slacht op in leafdesferklearring oan ‘Hollân’ en op in solidariteitsdito (sa kin it sein wurde) mei de stêd Amsterdam. Nammers,
miskien hat dy Forlerne soan yn wêzen minder objektyf west as it like. En wol men dat tema leaver sjen as net typearjend foar Visser, dan noch bliuwt it in feit dat syn toan en syn trukaazje yn dit fers dochs wol folslein oanwêzich binne.
Yn Agger oerhearsket, justjes mear as yn Jolm, de toan fan bittere irony en de tematyk fan erotyk, mislearring en iensumheid. Ik achtsje dizze fersen yn trochsneed nei har minsklike ynhâld net minder as dy fan Jolm. It byld is befêstige - al soe men likegoed graach witte wolle hokker fan dizze gedichten út de jierren 1936-1950 no krekt fan nèi Jolm binne - en wat ferwachtet men fan