sizzen hat, kjizzich wurdt fan dizze ‘moaie’ poëzy, der fan yrritearre wurdt en wrantelich oergiet ta de flok fan de dei. Ik kin it sa net ûndergean.
Wol haw ik it beswier tige sterk field, ek mei bewust-wêzen fan it histoarysk aspekt, dat de dichter Brouwer,
útsoarte al gjin paadsljochter, earder in man fan de rjochte midden, ien sûnder demony, as dichter in wat tè oerbewuste ferskining west hat, dy't te goed fan himsels wiste dat er ‘poëzy makke’, dat er,
om mei de ferneamde Poelhekke te praten, in makker fan ‘moaie dingen’ wie. It dichterlike fan dizze fersen is wolris te neidruklik en te bewust en te allinne-mar-dichterlik. It binne fersen sûnder wryt of slyt en dat is harren poëtyske krêft en tagelyk har ‘minsklike’ swakheid.
Wat bygelyks is de ‘minsklike’ eftergrûn fan in strofe as dizze:
No brieken hommels wide himels strieljend iepen
Wy swimme hymjend troch it ljocht allyk in floed,
De wyn bliest oer ús holle in jûchjende fanfare
En nei de waarme wangen slacht it dûnsjend bloed?
Dit ‘minsklik tekoart’, dat it ús gjin dúdlike, konkrete situaasje oan 'e hân docht,
dat ús gjin ‘feite-oanbod’ ferskaft, kin men ek oantreffe yn de earste fersen fan Douwe Kalma en guon oare Jongfriezen (Fedde Schurer, mear libbensbeskoulik ‘beskaat’, hat him der frij gau fan losmakke) en it hinget op 'en nausten gear mei it yn 'e jierren om 1920 hinne needsaaklike estetisisme, dat rêste op 'e fassinearjende ûntdekking fan de Fryske taal as dichterlik medium op artistyk nivo. Sjoch hjir wêr't dy Fryske boeretaal ta yn steat is! Sjoch hjir de ynliving yn it ryk fan de skientme fan in tal wurden dy't fûnkelje as klear kristal! Dy ûntdekking, dy dronkenskip fan it simpel-poëtyske wurd frege sà de dichterlike oandacht, dat der foar konkreet-minsklike situaasjes gjin plak wie: dy tsjinnen inkeld as oerboarne fan it poëzy-ûntstean, net as doel, as stoffe, as dichterlik gegeven-sels. It hie gjin doel en gean nei wêròm't de minske lokkich,
fertrietlik, weemoedich, ryk is, it folstie mei de dichterlike bewurdingen foar it lok, it fertriet, de weemoed, de rykdom.
Leafde, freonskip, natuer, it Fryske lânskip joegen sfear yn oerfloed oan 'e hân, de minske sels bleau dêrby op in distânsje.
Der is yn dit dichtwurk in rykdom fan poëtyske glinstering, fan lûdeffekt, fan fernimstichheden dy't party fersen makket ta