Men moat in útjefte as dizze mear sjen as in besykjen en mear acht slaan op it doel as op it resultaat. Want yn ûnderdielen skôge kin it boekje lang net oeral besjen en beharkjen lije. Dat komt wol ik leauwe yn haadsaak meidat de redaksje derop út west hat benammen wurk op te nimmen dat noch nearne earder publisearre wie. It hie tinkt my better west in kar te dwaan út àl earder ferskynd wurk, omdat krekt dàt faaks mear represintatyf achte wurde kin foar wat der yn de jierren 1950-'60 bard is, it desennium dêr't de ôfslutende ynlieding har op beropt.
Wy sjogge no nammentlik it nuvere ferskynsel, dat wurk fan Freark Dam ûntbrekt - gjin eksperiminteel pur-sang miskien, mar dochs ien dy't yn syn sterke ekspressiviteit oan de nije rjochting tige besibbe is, en dat men ek omdôch siket om wurk fan de man yn waans poëzy it eksperimintele it earst en dúdlikst ta utering kommen is, ik bedoel Jan Wybenga, fan wa't nammers ek wol resint net-publisearre wurk te besetten west hie. Dat se Jan Wybenga weilitten hawwe,
achtsje ik wol it slimste tekoart fan de gearstallers.
En dat, wylst se oan 'e oare kant wol plak ynromme hawwe foar de net te daaien retoryk fan immen dy't him ‘H.
Andela’ neamt en waans ballade (bls. 13) ek yn de dagen fan Douwe Kalma skreaun wurde kind hie.
Breklik ûnderskiedingsfermogen? Freontsjepolityk? Of beide?
Yn alle gefallen, op fjouwer winen jout fan de ôfrûne tsien jier Fryske poëzy-yn-eksperimint net in folslein en betrouber byld. It is ek neffens de wòl opnommen bydragen in healslachtich gehiel wurden, dat it steile wurd fan de ynlieding-efterôf net wiermeitsje kin. Der binne net folle hichtepunten oan te wizen. It heechst steane by my notearre: fan Tiny Mulder it boartlike frou mei paraplu,
in pear fersen fan Jelle de Jong, earlik yn har kealens en neakenens, en dúdlik los-fan-it-ferline, en dan fan Hessel Miedema it in memoriam. Dizze trije alteast hawwe humor en net folle lêst fan ferbale swierwichtichheid.
It profetysk swier geskut fan Durk van der Ploeg ûntspoart ryklik faak, mar liedt ek op guon plakken (de ein fan oh bloei fan forline) ta in sterke en oarspronklike suggestiviteit. Ella Wassenaer, nei de jierren minder as nei de geast ta de jonge dichters hearrend, docht net folle mear as wat systematysk retoryk begûchelje, en ek Tjitte Piebenga glydt, behâldens yn in mannich rake passaazjes yn hjerstich hûs, meastal sûnder kantroeren by syn poëtyske bedoelingen lâns. Beskieden en pretinsjeleas, mar ek net