ting mist hat en dy't dus besykje moast om him yn it literêre ‘earne oars’ te rêden, dan is dat faaks dúdlik genôch. Lykas yn Hollân ek dúdlik genôch it tydskrift Podium fan Fokke Sierksma c.s. belies jaan moast tsjin it ‘nije’ Podium fan Lucebert c.s. Wa't Hans Andreus syn roman Valentijn
lêzen hat, sil witte hoe grut as foar de ‘Pauliniërs’ (folgelingen fan Paul van Ostaijen) de ôfstân wie ta de ‘Perromennonieten’, de oanhingers fan Du Perron en Menno ter Braak, dy't de geast joegen oan Forum en nei harren dea ynspirearren ta it (âlde) Podium.
Miskien hat Freark Dam ek foar in part dy oansluting mist, as men sjocht nei it lyts tal fersen dat er nei syn earste bondel Under fjouwer eagen skreaun hat. Syn dichterskip hat ek net it eruptive en wrâldferoverjende dat de eksperimintelen gauris fertoane. It driuwt mear op klassike foarm en technysk raffinemint. Lykwols stiet Dam troch syn hiele persoanlikheid frijer en iepener en ûnbefongener foar de literatuer oer as guon fan syn generaasjegenoaten, en as 't my net mist binne der yn syn wurk eleminten dy't him by de jongeren net alhiel yn it ferdomhoekje pleatse.
Beskieden hat de toan fan Dam altyd west, beskieden, mar earlik en minsklik. Dat is ek sa bleaun yn Sa sydlings. Lykwols is der yn de tuskenlizzende fjirtjin jier in oare toan yn syn wurk kommen, in grutter ripens, in krêftiger oanpak, in sterker raffinemint yn it technyske, benammen yn it rymkeunstige, dat soms oan it fantastyske grinzget, mar ek in inkelde kear as oerlading steurt.
Fan dy technyske fernimstichheid mei it rym jouwe yn dizze bondel treflike foarbylden de masterlike oersettingen fan Akky's balladen, dy't Dam ferline jier levere by syn oersetting fan Friedrich Dürrenmatt syn toanielstik Ein Engel kommt nach Babylon (opfierd op 'e Sweach). Yn dizze fjouwer balladen hat Freark Dam, yn in folsleine ienwurding mei de tinkwrâld fan de Switserske auteur (al binne it dan ‘frije bewurkingen’),
syn gâle útspijd oer ûnderskate minsklike en maatskiplike nuverichheden dy't fan âlds mei it hâlden en dragen op ús âld planeet anneks west hawwe - by ús krekt like goed as yn it âlde Babylon.
Mar ek yn it oarspronklike wurk fan Dam is in oare toan te fernimmen. Boppe-al in sterker aksint. Minsklike bitterheid of bittere minsklikheid, mar dochs ek iderkear wer opheind troch fleagen fan irony, lykas yn dat gedicht Drachten 1957, dêr't it wrantelich akkoard mei de moderne boustyl sa machtich moai útbalansearre wurdt yn 'e sinistere wurdspiling fan ‘katten yn in Hûnesteech’.
Der rint foar myn fielen troch dizze samling wol in dúdlike skieding yn kwaliteit. Nei de ûntsteanstiid sjoen konsintrearje de fer-