belibbe as in ynbrek op, as de oantaasting fan it minsklik rjocht op yndividueel lok, dan as in fersteuring fan de wrâldoarder, fan in universeel minskheidsgelok.
Hy is fan datoangeande besibbe oan in Hollânske dichtersgroep, út it Amsterdam fan om 1939 hinne, dy't har by it wanken fan de grutte wrâldramp weromloek op de romantyk fan it lytse lok, op it bastion fan de eigen persoanlikheid, op it smelle, betroude fermidden, binnen de sirkel fan it yntym deistich bestean, fier fan de grutte wrâld en syn ûndraachlike spanningen. Ik bedoel de groep dêr't Vasalis, Hoornik, Han Hoekstra ta hearden en dy't it dichterlik wurd fan de earste: ‘Eerbied voor de gewoonste dingen’ ta rjochtline naam.
Dêrnjonken kin men ynfloed oanwize fan de Flaamske ‘dichters van Het Fonteintje’ (Roelants, Minne) en fan dy oare Flaming Jan van Nijlen. Yn Fryske ferhâldingen besjoen is Sikkema fan syn oarlochsgeneraasje wierskynlik de meast tradisjonele bleaun, dy't nei geast en ferstechnyk nea folslein mei de Jongfriezen brutsen hat.
Sadwaande toant syn ferswurk net it wiidfiemjende, frije assosjative fan de nijere poëzy, noch it skerpe, markante,
brutale en yntellektualistyske fan de út de jierren tritich stammende ‘Forumpoëzy’. Syn wurk lit in beskate ûnwissens sjen, wurdt faak droegen fan in sweevjende lyryske toan, dy't mar in inkelde kear ta flymjende irony, skrillens of wanhope ferskerpet. Net foar neat komt yn dy earste poëzy sa faak it wurdsje ‘miskien’ foar. De sjarme fan dit wurk leit benammen yn de tsjinstelling tusken de klassike foarmfêstens en de faak wat elegysk-wankele, taastende ynhâld dy't yn dy foarm besletten leit. Twa grûntema's behearskje dat dichtwurk: in idyllysk natuergelok (ûnderdûkerstiid op it Fryske boerelân) en oan 'e oare kant in eangstme om dy geloksidylle te ferliezen troch machten fan bûtenút, de oarloch dan benammen.
De leafdesfersen, foaral yn Stjerrerein, steane mei dy natueridylle yn nau ferbân, mar ek it stipe sykjen by en de solidariteit mei in mannich goede maten, as tsjinwicht tsjin de kweade machten. De toan is meast yn mineur, mei trefwurden as: feal, tryst, skier, reinich, mist, damp, dize. Mar dêrtrochhinne spilet de glimlaits fan in lyts, koart en rimpen lok: in goede dei mei sinneskyn, in stikje boerewurk, in freonepetear. Lok en fertriet, mar net apart,
net bar om bar, mar faak mei-elkoar ferweve, yn elkoar teraand - lykas ek by Van Nijlen - dat is it byld dat jin fan dizze fersen it sterkst bybliuwt. Melankoly en lytse freugden floeie yn elkoar gear