It wurd fan ljocht en heil
Durk van der Ploeg, Lok op eachlingte.
Drachten 1959.
Durk van der Ploeg is net in dichter dy't it, mei help fan wat ferskundige handichheid, op it rammeljen fan de dichterlike pels oankomme lit. Hy stribbet, gebrûk meitsjend fan de nije poëtyske middels: selsstannige byldfoarming, frije komposysje, weilitten fan lêstekens en noch sa'n nustje, nei it grutte, it wide, it streamende. Wat dat oanbelanget is er noch it bêst te plak te bringen earne by Sjoerd Spanninga, by wa't men ek sa'n spande oandacht fynt foar de grutte idee dy't oan de skepping ta grûnslach leit, dy't ek dy skeppingsidee gauris tapast op eigen dichterlike wurksumheid en dy't ek in foarleafde hat foar it frjemde, eksoatyske wurd, dat fuortkomt út in nij wurd-belibjen, in lichaamlik wurdbelibjen om sa te sizzen.
Yn technysk opsicht is der fierder nochal wat ferskil. Spanninga, oars lang net fij fan it eksperimint en ek gauris mei in foarkar foar it swierich en breed útwaaiende frije fers, is dochs, foaral yn syn koartere gedichten, meastal út op in hechte bûne fersfoarm. Van der Ploeg, beseten troch de spanning tusken gaos en kosmos, siket mear frijheid en iepenheid. No is dy frijheid in slim betreklik ding. By Van der Ploeg is se faak mear skyn as wêzen, krekt oarsom as by Spanninga, waans foarmfêstens faak mear skyn as wêzen is.
Van der Ploeg syn fersrigels litte har gauris sûnder lijen gearbine ta meidielingsienheden yn folslein grammatikale sinnen, ek al ûntbrekke de lêstekens: ûnder de frije foarm is de bûne sinsstruktuer dan ek dúdlik werom te finen. It moderne sit by him meastepart yn de byldfrijheid.
No is dat fan dy lêstekens in saak dêr't gâns goedwollende lêzers lijen mei hawwe. Mar de moderne dichter is, folle mear as syn kollega fan tritich, fjirtich jier ferlyn, in dichter fan ‘it wurd’. It wurd en net de fraze of de folsin, is de dichterlike ienheid dêr't er yn tinkt, de poëtyske boustien dêr't er mei wurket. It wurd hat in isolearre funksje, it moat belibbe en trochlibbe wurde: it wurd as skeppingsdied,
as berte, it wurd yn syn suvere, oarspronklike wêzen. Om dat wurd giet it en minder om it ferbân fan dat wurd yn it gehiel. In sin-bouwer ken wearde ta oan in haadletter of in komma, omdat er dêryn de stipen, de brêgebôgen fan syn bouwurk sjocht.
De moderne poëzy is, as ik dat byld fan de brêge noch efkes oanhâlde mei, gjin tradisjonele brêge, dy't mei pylders fêst yn 'e grûn