redenearje moat tsjin lju dy't sizze ‘dat se der neat fan begripe’, al of net mei de tafoeging dat se der wol te ‘stom’ of te ‘âlderwetsk’ foar wêze sille. Want men kin nea mei de stikken bewize dat men it wòl begrypt en der dus nèt te stom of te âlderwetsk foar is. En de beskiedenheid easket ek dat men sa'n bewiis net besiket te jaan. It iennichste dat men dwaan kin is, neist in besykjen om efter dichter's bedoeling te kommen, foarop te setten, dat in keunstner der no ienris altyd op út is (of wêze moat) nije ekspressymooglikheden te sykjen en dat in dichter sadwaande maklik belânet yn dat eigenaardich grinsgebiet dêr't men de taal net mear as in fêstige en yn eksakte begripen ferankere útdrukkingsmiddel sjen kin. De dichter, de moderne dichter benammen, libbet no ienkear yn it grinsgebiet tusken wurd en net-wurd, tusken meidieling en útdrukking fan emoasjes. En yn dat nimmenslân is it noedlik toevjen. Dy't him dêrsa as ‘gids’ ferhiere wol, moat wol witte wat er docht. Fan de hûndert fragen sil er miskien tsien nei genoegen beantwurdzje kinne, en dan mei er noch bliid ta wêze.
Alderearst dan de omslachtekening fan út 'e pas fan Joazum Walstra. Der wurdt sein, it is net te sjen wat it foarstelle moat. Ik kin nimmen út 'e dream helpe, ik kin allinne sizze dat dizze krasseen taasteboel, dit gaotysk takkebosk, yn myn each de poëzy fan Jelle de Jong tige raak karakterisearret. Dy is nammentlik krekt sa:
rûch, stikelich, wjerstribbich, tsjin 'e tried, sûnder dúdlik ferbân, en dêrby fan in suver barbaarsk primitive ynslach.
Sûnder mis: wa't bewend is ta de streamline en glêde, yn klassike foarmen getten poëzy fan de âlderen, wurdt kjel fan dizze, neamt har tizerich, ûnsjoch, takkeboskeftich. Jelle de Jong begjint nearne. Hy nimt syn oanrin net by Vondel of Gysbert Japiks, net by de Tachtigers of de Jongfriezen, net by de ekspressionisten of by Douwe Tamminga. Sels net by de Hollânske eksperimintelen, al hat er dêr dingen mei mien. Hy begjint út it ‘neat’, yn de absolute leechte, mei-iens de meast benearjende en ôfstjittende gaos.
De titel is dêrby wat dûbelsinnich: út 'e pas kin betsjutte dat de dichter,
kommende, meimarsjearende út in reglemintearre oarder wei, de pas kwytrekke is en no hompeljend en strompeljend fierdergiet. It kin ek betsjutte, dat er, kommende út it neat, noch nearne in pas fûn hat of in mjitte dêr't er syn stap neffens rjochtsje kinne soe. En ta in hichte is dat syn grutskens en syn triomf, al sil ek syn dichtsjen wol, lykas alle dichtsjen, ûntstien wêze út in striid om de gaos te oerwinnen, te bannen, yn boeiens te slaan en te parsjen yn de hiërargike oarder fan it bestean.