pretaasje efterôf. Boppedat is de ‘tried’ dy't troch dizze fersen hinne rint, fier fan sterk.
De leafdesfersen oan Marida beslane twa ôfdielingen: Yntocht mei 8, Delgong mei 13 fersen. Botte symmetrysk is dat al net. Einliks soe men ek earder in trijedieling ferwachtsje: opgong - hichtepunt -
delgong. Faaks hat de dichter by syn twadieling in doel hân. Ommers yn it earste part hat de beskreaune leafde al wat fan ûntbining en delgong yn har. It is nammers in leafde dy't mar selden toevet op 'e hege hichten fan de ekstaze:
‘wy moatte ús / stadich wer / allinne meitsje’, seit ien fan de begjinfersen al. En ek it lêste gedicht fan dy ôfdieling, de ûre, is in fers fan iensumheid, sûnder regelrjocht ferbân mei de leafde, dat al hinnewiist nei de lettere delgong.
Yn de twadde ôfdieling hawwe inkelde fersen yndied oerhearskjend de leafdesekstaze, mar dochs ek al net sûnder wankende tekens fan ûntmoediging en teloarstelling. Der kin dan ek gjin praat wêze fan in grutte,
beslissende leafdesûnderfining, fan in himmelhoch Jauchzen. Earder is der in foarsichtich, estetysk bemantele benaderjen fan de leafde sûnder folle konkrete ynhâld.
Ut de measte fan dizze gedichten kriget men de yndruk dat Piebenga syn dichterlike ekspressy ynearsten foaral útgiet nei it ferfine klank-spul, nei in soarte fan klankberûzing, sa't men dy ek yn earder tiden, mar op folle smeller wurdbasis, by de Jongfriezen fûn. Melodieuzens oerhearsket en fan in sterke byldzjende plastyk is net folle te fernimmen. Tekenjend is dat Piebenga graach wurket mei ‘fokalizen’, it type klank-gedicht, klank en net oars as klank, dat Jan Engelman destiids skreau. Dat is bygelyks it gefal yn nivera. De fersklank is it dan dy't it eigen ‘sizzen’ ferhoalen hâldt.
Wat de foarm oanbelanget is Piebenga hjir noch sykjend en taastend. It langere fers pas encore stiet mei syn stribjen nei moderne gedachte- en byldassosjaasjes noch it tichtst by it wurk fan de saneamde eksperimintelen, mar it is te Lang rutsen en mist in beskate obsessy, sadwaande meitsje de herhellingen wat in ‘deade’ yndruk. Yn de twadde ôfdieling oppenearret him it ferlet fan fêster foarmen, fan mear konstruktive bining. Hjir fynt men in soarte fan sonnetten, al hawwe de rigels foar suvere sonnetten meast ien of twa fersfuotten te min. Tagelyk besiket de dichter hjir de wat sweevjend-melodieuze gefoelens in mear konkrete taalfoarm te jaan. Yn 'e earste fjouwer gedichten fan dizze rubryk komt er foar myn fielen dan ek ta in treflik evenwicht tusken taalmuzyk en konkreet byldzjen, en hjir fynt men ek, bygelyks yn har reade rôk, de hichtepunten fan de bondel.