Earder komt it fuort, liket my ta, út it feit dat al dit dichtwurk skreaun is út in isolearre, yndividuele geast wei, in geast fan folsleine allinneheid, dy't amper of net beynfloeding út de bûtenwrâld wei talit. It dichterskip as geastlik isolemint hat hjir, yn dizze Fryske dichter, syn suverste foarm fûn. Dêrom is syn wrâld sa ienlik, sa ûntagonklik. Dit dichterskip fynt syn ynspiraasjeboarne net yn de mannichfâldichheid, mar yn de grutte, absolute ientoanichheid fan de Skepping, yn de ivige herhelberheid fan de romte en de tiid. Nearne hat de dichter dúdliker útsprutsen wat him beweecht as yn dat begjinfers fan Finzen en frij:
As men efter it wurd net de romte fielt
en it weagjen fan de seeën en it waaien fan de winen,
hoe sil it ea de wjokslach krije fan de fûgels,
berne út de stoarmen en de wetters?
It útgongspunt fan dit dichtwurk is foar myn fielen de Skepping, net iens sasear faaks de bekende earbied foàr en ferwûndering oèr de skepping en ek net mei in regelrjochte tankbetsjûging oan de Skepper,
mar de skepping sels, as proses, as oanrin ta it bestean, as libbensbegjin en -begjinsel. De romte, it weagjen fan de seeën, it waaien fan de winen, it bosk, de streamen, de stjerren, de wyldernis, dat binne de suvere ûnoantaastberheden dy't efter it wurk te rieden en te finen binne. Wurden as: welle, boarne, saad, streame,
ûntspringe, blinkend, klear, de typyske trefwurden fan syn poëzy, dat binne de oantsjuttingen fan in skeppingsbarren dat yn dit ferswurk sintraal stiet.
Ek it faak foarkommen fan it berte- en it moarntiidsmotyf is der karakteristyk foar, al soe men it jûnmotyf en in inkelde kear dat fan hjerst en ûndergong der foaroer sette kinne, mar dan noch: binne dy mear as in tydlike ynbrek op it skeppingsbarren, binne se net earder in ‘stjerren inkeld ta ferrizenis’?
Sa wurdt dit dichterskip net samar in weromferlangjen nei it ferlerne paradys. Want it paradys is net ferlern foar dizze dichter, it is ek net ‘regained’, net weròmwûn. It is der. It is ien sykjen en taasten nei de oarsprong fan it libben, wjerspegele yn de suvere skiente fan see en stjerrehimel, yn de kristallene sfear fan it hielal. It is it belibjen fan ‘in skimering fan oerbesef’, it libbensbegjinsel ‘formearre út ierde en fjoer’.
Hiel dit dichtwurk is te sjen as ien grutte, ûntsachlike stream, in grut ûndergean fan de geheimsinnige krêften yn it hielal, in harkjen en sjen en fielen fan alles wat libbet en ammet en swijt. Miskien